Star Wars: Episode I – The Phantom Menace

(Trochferwiisd fan Mos Espa)

Star Wars: Episode I – The Phantom Menace is in Amerikaanske science fiction-film út 1999 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy en it fjirde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op 'e trije dielen fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy (1977-1983). Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard regissearre troch George Lucas mei yn 'e haadrollen Liam Neeson, Ewan McGregor en Natalie Portman. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering I – De Ungrypbere Bedriging".

Star Wars: Episode I
The Phantom Menace
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur George Lucas
produsint Rick McCallum
útfierend
   produsint
George Lucas
senario George Lucas
kamerarezjy David Tattersall
muzyk John Williams
filmstudio Lucasfilm
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Liam Neeson
Ewan McGregor
Natalie Portman
byrollen Jake Lloyd
Ian McDiarmid
Ahmed Best
Frank Oz
Samuel L. Jackson
Ray Park
Silas Carson
Kenny Baker
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 maaie 1999
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk (ek guon optochte talen)
spyltiid 133 minuten (op dvd 136 min.)
budget en resultaten
budget $115 miljoen
opbringst $1.027,1 miljoen
prizen 2 × Saturn Award
1 × Young Artist Award
filmsearje
filmsearje Skywalker Saga
● foarich diel Star Wars: Episode VI – Return
   of the Jedi
● folgjend diel Star Wars: Episode II – Attack
   of the Clones

De film spilet 32 jier foàr de foarfallen yn 'e earste Star Wars-film, Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). De plot folget de Jedi-master Qui-Gon Jinn en syn padawan Obi-Wan Kenobi as hja troch kânselier Finis Valorum nei de planeet Naboo stjoerd wurde om in konflikt mei de machtige en korrupte Hannelsfederaasje út te praten. Wat se net witte, is dat de krisis mei opsetsin beävensearre is troch de boasaardige Darth Sidious, yn waans opdracht de lieders fan 'e Hannelsfederaasje hannelje. Ynstee fan in diplomatike oplossing te finen, binne se twongen om mei Padmé Amidala, de fjirtjinjierrige keninginne fan Naboo, de wyk te nimmen nei Coruscant, dêr't de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk fêstige is. By in tuskenstop op 'e woastynplaneet Tatooine komme se yn 'e kunde mei Anakin Skywalker, in njoggenjierrige slavejonge dy't ûnnatuerlike sterk yn de Krêft is, en krije se teffens te stellen mei de mysterieuze weromkear fan 'e âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, de Sith.

Star Wars: Episode I – The Phantom Menace krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 1999 en de op ien nei meast opbringende film aller tiden. Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard nominearre foar trije Oscars, twa BAFTA's en in Grammy en wûn twa Saturn Awards. In folgjend diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy kaam yn 2002 út ûnder de titel Star Wars: Episode II – Attack of the Clones.

De machtige en korrupte Hannelsfederaasje, in ynterstellêre koepelorganisaasje fan rike ûndernimmings, stelt yn protest tsjin 'e ferheging fan tol op wichtige hannelsrûtes yn 'e Galaktyske Republyk in blokkade yn fan 'e planeet Naboo. Kânselier Finis Valorum stjoert, yn in besykjen om 'e him ôftekenjende krisis yn 'e kym te smoaren, twa persoanlike gesanten nei Naboo ta, om it skeel op te lossen troch diplomasy. De gesanten binne de Jedi-master Qui-Gon Jinn en syn hast follearde padawan Obi-Wan Kenobi. Qui-Gon ferwachtet Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e troch de Neimoïden dominearre Hannelsfederaasje, maklik mei wurden oer te kinnen, sadat de problemen ienfâldich út 'e wrâld te helpen binne.

Wat hy lykwols net wit, is dat de aksjes fan 'e Hannelsfederaasje oanstjoerd wurde troch de skimige Darth Sidious, in master fan 'e boasaardige Sith, de âlde aartsfijanen fan 'e Jedi, dy't lang lyn útrûge west hawwe soene. As Gunray, syn plakferfanger Rune Haako en de kaptein fan syn flaggeskip Daultay Dofine kontakt opnimme mei Sidious, oarderet dy harren om 'e beide Jedi fuortendaliks te fermoardzjen. Dêrnei moatte se úteinsette mei de ynvaazje fan Naboo mei harren legermacht fan oarlochsandroïden, de Nabooaanske haadstêd Theed ynnimme en de Nabooaanske keninginne Padmé Amidala twinge en ûndertekenje in ferdrach dat de besetting fan Naboo troch de Hannelsfederaasje legitimearret.

De Jedi litte har lykwols net sa maklik út 'e wei romje, en hoewol't se inkeld mei syn beiden binne, witte se op in hier nei troch te kringen op 'e brêge fan it flaggeskip om mei Gunray-en-dy ôf te weven. Op it lêste momint moatte se lykwols de wyk nimme foar ferneatigingsandroïden dy't tarist binne mei plofferkanonnen en enerzjyskylden. Se reizgje as fersteklingen mei oan board fan 'e lâningsskippen fan 'e Hannelsfederaasje, dy't op in plak yn 'e wyldernis fan Naboo harren androïdeleger oan 'e grûn sette. Wylst de ynvaazje yn folle gong is, rêdt Qui-Gon it libben fan 'e ynboarling Jar Jar Binks. Dat is in lid fan it op Naboo lânseigen amfibyske ras fan bûtenierdske wêzens fan 'e Gunganen. Hy is sa knoffelich dat er omreden fan syn ûnopsetlike fernielsucht út syn wenplak ferballe is. Qui-Gon bepraat him der lykwols fan dat it feiliger is om him en Obi-Wan nei syn ferburgen thús te lieden as om ôf te wachtsjen wat de oarlochsandroïden fan 'e Hannelsfederaasje mei him dwaan sille as se him te pakken krije.

Sadwaande nimt Jar Jar syn beide nije selskipslju mei nei Otoh Gunga, in stêd dy't ûnder wetter boud is op 'e boaiem fan 'e Paongamar. By in audiïnsje by de Gungaanske lieder, baas Nass, slagget it Qui-Gon net en oertsjûgje dyselde fan it gefaar dat de ynvaazje troch de Hannelsgeneraasje foar de Gunganen ynhâldt. Baas Nass beskôget de oarloch as in konflikt tusken de Hannelsfederaasje en de minsklike Nabooanen, dêr't de Gunganen part noch diel oan hawwe. Troch gebrûk te meitsjen fan 'e magyske 'ferstânstrúk' dy't Jedi ynsette om lju meiwurkje te litten, kriget Qui-Gon de Gungaanske lieder wol safier dat dy him en Obi-Wan in lytse ûnderseeboat lient, wêrmei't se troch de fan grotten trochsingele kearn fan 'e planeet nei Theed reizgje kinne. Op syn fersyk draacht baas Nass fierders Jar Jar oan him oer om as gids te tsjinjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei in reis troch de djipten wêrby't in kear de oandriuwing fan 'e ûnderseeboat útfallen is, en de reizgers twaris op in hier nei troch in reuseftige rôffisk ferslynd binne, arrivearje de beide Jedi mei Jar Jar yn Theed, dêr't se ûntdekke dat de stêd al yn 'e hannen fan 'e Hannelsfederaasje fallen is. De fjirtjinjierrige keninginne Padmé Amidala, gûverneur Sio Bibble, de kommandant fan har paleiswacht Quarsh Panaka en de jonge hofdames Sabé, Rabé, Saché, Eirtaé en Yané binnen finzen nommen. Gunray en Haako hawwe har yntrek yn it keninklik paleis nommen. Mei't de keninginne (eins Sabé dy't út feilichheidsomtinkens mei Padmé fan plak wiksele is), wegeret harren ferdrach te ûndertekenjen, stjoere se har mei har gefolch nei in finzenekamp. Se binne derfan oertsjûge dat de keninginne meitiid fan gedachten feroarje sil troch it lijen fan har ûnderdienen.

As Padmé en har gefolch troch de stêd ûnderweis binne nei it finzenekamp, wurde se lykwols rêden troch Qui-Gon en Obi-Wan, dy't handich ôfweve mei de oarlochsandroïden dy't it selskip bewekje. Wylst Bibble en de hofdames Saché en Yané op Naboo efterbliuwe om te besykjen in fersetsbeweging op te rjochtsjen, sette Padmé, Panaka en de oare trije hofdames ûnder beskerming fan 'e beide Jedi ôf yn it keninklik romteskip om help te sykjen. Ek Jar Jar Binks jout him by dy groep. It plan is om nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op 'e planeet Coruscant te reizgjen, dêr't Padmé har saak foarlizze wol oan 'e Galaktyske Senaat en oan kânselier Valorum.

By it trochbrekken fan 'e blokkade fan 'e Hannelsfederaasje rekket it romteskip lykwols slim skansearre. Hoewol't ien fernimstige en moedige astromeganiênrobot, R2-D2, mei in provisoaryske oplossing de ûntsnapping fan it romteskip yn 'e hyperromte mooglik makket, kinne se Coruscant net berikke om't de hyperoandriuwing foar flugger-as-ljochtreizgjen stikken is. Qui-Gon stelt in tuskenstop foar op 'e tinbefolke woastynplaneet Tatooine, dy't bûten de ynfloedssfear fan 'e Hannelsfederaasje leit om't de misdiesyndikaten fan 'e Hutts der foar master opslane, en dy duldzje gjin konkurrinsje fan oaren. Underwilens nimt Gunray kontakt op mei Darth Sidious om te bekennen dat keninginne Padmé Amidala him troch de fingers glûpt is. Sidious kundiget oan dat er syn learling Darth Maul stjoere sil om 'e keninginne op te spoaren. Dyselde ûntdekt al rillegau dat de keninginne en har gefolch útwykt binne nei Tatooine.

It romteskip fan 'e keninginne lânet op Tatooine by de delsetting Mos Espa. Obi-Wan bliuwt by it skip, wylst Qui-Gon mei Jar Jar en R2-D2 op sleeptou derop útgiet om in T14-hyperoandriuwing te sykjen. Padmé jout hat yn 'e momkape fan ien fan har hofdames ek by Qui-Gon, sabeare om't de keninginne nijsgjirrich is nei Tatooine en in persoanlik ferslach hawwe wol. Yn Mos Espa fynt Qui-Gon in winkel yn twaddehâns ûnderdielen fan romteskippen dêr't in T14-hyperoandriuwing te keap is. De eigner, Watto, is lykwols in Toydariaan en dêrom ymmún foar de ferstânstrúk fan 'e Jedi. Hy wegeret de Galaktyske krediten fan Qui-Gon te akseptearjen, mei't dy op Tatooine neat wurdich binne. Underwilens komt Padmé yn 'e winkel yn 'e kunde mei de njoggenjierrige minsklike jonge Anakin Skywalker, dy't har fertelt dat hy en syn mem Shmi slaven fan Watto binne. As it selskip troch de wegereftigens fan Watto sûnder wat bedijd te hawwen ôfdrippe moat, stekt der in sânstoarm op. Anakin, dy't wol foar it ferstân hat dat dizze útlanners net beseffe hoe gefaarlik sok waar wêze kin, nimt harren mei nei de wente fan syn mem en himsels om dêr te oernachtsjen.

By him thús lit Anakin oan Padmé en R2-D2 de protokolandroïde sjen dy't er eigenhandich út losse ûnderdielen boud hat, C-3PO. Anakin blykt ek in talintearre piloat te wêzen, dy't foar Watto ferskate kearen meidien hat oan saneamde podraces troch de woastyn. Qui-Gon wurdt yn 'e jonge in sterke oanwêzigens fan de Krêft gewaar en test temûk syn bloed. It docht bliken dat Anakin syn nivo fan 'midi-glorianen', in mjitte fan Krêftpontinsjeel, it heechste is dat ea metten is. As Shmi him fertelt dat se fan Anakin yn ferwachting rekke is sûnder dat se seksuele omgong mei in man hân hie, rekket Qui-Gon derfan oertsjûge dat de jonge nimmen oars is as de 'Utkarde' dy't de Krêft yn lykwicht bringe sil, immen dêr't yn 'e âlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan makke wurdt. As Anakin heart oer de swierrichheden fan syn nije freonen om oan it juste ûnderdiel te kommen om harren romteskip mei te reparearjen, biedt er oan om foar harren mei te dwaan oan in race, sadat se mei de gokferslaafde Watto in weddenskip ôfslute kinne op 'e útkomst. Shmi giet dêr mei tsjinnichheid mei akkoart, want se is wis dat de podraces Anakin syn dea nochris wurde sille.

De oare deis manipulearret Qui-Gon Watto ta it oannimmen fan 'e weddenskip: as Anakin de podrace fan dy deis wint, kriget Qui-Gon de T14-hyperoandriuwing fergees. Mar as er him ferliest, kriget Watto it hiele romteskip fan 'e keninginne. Qui-Gon riddenearret dat it romteskip foar harren gjin wearde hat sûnder it missende ûnderdiel; Padmé wiist derop dat de keninginne it dêr net mei iens wêze sil, mar Qui-Gon antwurdet dat de keninginne, dy't hjir net is, him har fertrouwen jûn hat. Hy past syn weddenskip mei Watto oan troch ek de frijheid fan Anakin deryn te beheljen. Watto is der wis fan dat Anakin de race ferlieze sil om't de Dug Sebulba meidocht, de bêste podracer dy't der is. De snoade Sebulba sabotearret foarôfgeande oan 'e wedstryd de podracer fan Anakin, mar nettsjinsteande dat wit Anakin him op 't langelêst te ferslaan. Watto is opsternaat en fermoedet dat Qui-Gon him op 'e iene of oare manear bedragen hat, al wit er net hoe. Hy bynt lykwols gau yn as de Jedi-master foarstelt om harren skeel foar te lizzen oan Jabba de Hutt en syn rivale Gardulla de Hutt, gangsters dy't oan it haad steane fan 'e pleatslike misdiesyndikaten.

Neitiid lit Qui-Gon de ferfangende hyperoandriuwing yn it romteskip ynstallearje wylst Anakin mei tsjinnichheid ôfskie nimt fan syn mem. Qui-Gon hat besocht ek Shmi yn syn weddenskip mei Watto te beheljen, mar dêr trape de winkelman net yn, dat hja bliuwt yn slavernij op Tatooine efter. Se is lykwols bliid dat Anakin frij is en nei in plak giet dêr't er feilich wêze sil. Qui-Gon ûnthjit har dat er derfoar soargje sil dat har soan oplaat wurdt ta in Jedi. Underweis nei it romteskip komt Darth Maul it selskip oer it mad. Nei in koart gefjocht mei de ljochtsabels tusken Qui-Gon en dizze foar him mysterieuze oanfaller, witte de Jedi en harren selskipslju yn it reparearre romteskip te ûntkommen.

Se ferfolgje harren reis nei Coruscant. Dêr oankommen wurde keninginne Padmé Amidala en har gefolch gastfrij ûnthelle troch kânselier Valorum en Sheev Palpatine, de senator foar Naboo. Underwilens rapportearje Qui-Gon en Obi-Wan harren befinings oan 'e Hege Jedi Ried, dy't ûnder lieding stiet fan master Mace Windu en grutmaster Yoda. De konklúzje fan Qui-Gon dat syn mysterieuze oanfaller op Tatooine ien fan 'e al in milennium lyn útrûge waande Sith wêze moat, wol harren suver net oan, mar wa útsein Jedi en Sith fjochtet der mei in ljochtsabel? Qui-Gon bringt ek it fersyk foar de Ried om Anakin ta Jedi op te lieden, hoewol't er dêr mei njoggen jier eins fiersten te âld foar is. De Ried stimt deryn ta om dat fersyk yn omtinken te nimmen, mar as Anakin letter foar de Ried ferskynt, wurde Yoda en master Ki-Adi-Mundi gâns eangstme yn him gewaar, dy't ferbân hâldt mei syn yn noed sitten om syn mem. Yoda wiist derop dat út eangst lulkens fuortkomt, wat ta hate liedt en sa úteinlik ta lijen. Op syn oanrieden beslút de Ried en wiis Qui-Gon syn fersyk ôf. Dêrom nimt dyselde him foar om Anakin sels op te lieden, sadree't Obi-Wan ta Jedi-ridder beneamd is.

Underwilens leit senator Palpatine oan Padmé út dat kânselier Valorum troch burokratyske regels oan hannen en fuotten bûn is en Naboo net helpe kin, likemin as de korrupte en oant op it bien ferdielde Galaktyske Senaat. It bêste soe it noch wêze, sa skúnt er har yn, om yn 'e Senaat in moasje fan wantrouwen tsjin Valorum yn stimming te bringen, sadat der in nije, kompetintere kânselier keazen wurde kin. As de sitewaasje mei Valorum krekt sa blykt te wêzen as Palpatine sein hat, en de kânselier troch de tsjinwurking fan Lott Dod, de senator foar de Hannelsfederaasje, inkeld oanbiede kin om in kommisje yn te stellen dy't de beskuldigings fan Naboo tsjin 'e Hannelsfederaasje ûndersykje moat, beslút Padmé te dwaan wat Palpatine foarslein hat. Hja bringt in moasje fan wantrouwen yn stimming, wêrby't Valorum ûnder fuotten helle wurdt. Mei't it noch moannen duorje sil ear't de nije kânselier keazen is, wol Padmé dêr net op wachtsje. Ynstee beslút se werom te gean nei Naboo om, sa't se seit, it lot fan har folk te dielen. De Hege Jedi Ried hjit Qui-Gon en Obi-Wan mei har te gean om it bestean fan 'e Sith te ûndersykjen, dy't op Tatooine dúdlik efter de keninginne oan siet. Ek Anakin, dy't Qui-Gon by him hâldt, giet wer mei.

Op Naboo hawwe de Gunganen út Otoh Gunga har ûnderwilens weromlutsen op in hillich plak dat djip ferburgen yn 'e sompen leit. Qui-Gon hat nammentlik gelyk krigen: de Hannelsfederaasje wegeret ûnderskie te meitsjen tusken minsklike Nabooanen en Gunganen, dat it androïdeleger hat ek de ûnderwetterstêden fan 'e Gunganen beset. De keninginne en har gefolch wurde troch Jar Jar Binks nei it hillige plak ta laat, dêr't se baas Nass en de oare Gungaanske lieders treffe. Nei milennia fan wantrouwen oer en wer tusken harren folken freget de keninginne fan Naboo (eins op 'e nij de hofdame Sabé) no de Gunganen om help. Midden ûnder de moeting komt Padmé nei foarren en makket harsels (ta in beskate alteraasje fan Qui-Gon en Obi-Wan) bekend as de wiere keninginne, in die fan fertrouwen dêr't se de goedgeunstigens fan 'e Gunganen mei wint. De Nabooanen en Gunganen slute in militêr bûnsgenoatskip tsjin 'e Hannelsfederaasje, en baas Nass stelt Jar Jar, om him te earjen foar de rol dy't er dêrby spile hat, oan ta generaal.

Neitiid tsjogge de Gunganen, dy't oars as de Nabooanen oer in steand leger beskikke, út 'e sompen wei op yn 'e rjochting fan Theed. Dêrmei lokje se fierwei it meastepart fan 'e oarlochsandroïden fan 'e Hannelsfederaasje út 'e haadstêd wei. Op 'e flakten fan Naboo geane de Gunganen in iepen fjildslach oan mei de androïden, dy't letter bekend komme sil te stean as de Slach op 'e Gerzige Fjilden. Dêrby wurdt Jar Jar, dy't yn namme it befel oer it Gungaanske leger fiert, bystien troch kaptein Roos Tarpals, dy't ferstân hat fan oarlochfiering. Underwilens ynfiltrearje Padmé en har gefolch Theed, oanfolle mei leden fan 'e Nabooaanske fersetsbeweging dy't ûnder har ôfwêzigens staljûn is. In fierdere ôfliedingsmaneuver fan in oare groep makket it foar harren mooglik om it keninklik paleis binnen te kringen. It doel is om Nute Gunray kriichsfinzen te nimmen, dy't syn haadkertier op Naboo yn 'e troanseal fêstige hat.

Qui-Gon seit tsjin Anakin dat er in feilich plak sykje moat en him dêr beskûl hâlde. Padmé-en-dy berikke de keninklike hangaar, dêr't se de piloaten fan it Nabooaanske Stjerrejagerskorps befrije. Dyselden bejouwe har daliks nei harren tastellen en sette ôf om it flaggeskip fan 'e Hannelsfederaasje oan te fallen, yn 'e hope dat se troch de ferneatiging dêrfan it androïdeleger deäktivearje kinne. Anakin docht wat Qui-Gon him hjitten hat, troch mei R2-D2 wei te krûpen yn 'e cockpit fan in stjerrejager wêrfan't de piloat troch in oarlochsandroïde deasketten is. Sabé en in diel fan 'e groep geane út 'e hangaar wei de iene kant út, en Padmé en de oaren sille in oare kant út. Se wurde lykwols opwachte troch Darth Maul. Qui-Gonn en Obi-Wan begjinne in gefjocht mei de ljochtsabels mei de Sith en de groep fan Padmé komt yn 'e hangaar fêst te sitten troch de oankomst fan inkele ferneatigingsandroïden.

Anakin besiket de knop te finen fan 'e plofferkanonnen fan syn stjerrejager, om dêrmei de ferneatigingsandroïden út te skeakeljen, wat him úteinlik slagget. Tsjin dy tiid hat er troch syn gedruk op knopkes lykwols de autopiloat aktivearre, mei as gefolch dat syn tastel út himsels fan it plak komt, opstiget en de romte yngiet. R2-D2 wit de autopiloat út te skeakeljen, sadat Anakin de stjerrejager sels bestjoere kin. Syn ûnderfining as piloat by de podraces op Tatooine komt him goed fan pas yn it gefjocht mei de androïdejagers fan 'e Hannelsfederaasje. Hy bedarret lykwols by fersin yn 'e hangaar fan it flaggeskip fan 'e Hannelsfederaasje, dêr't er de raketwerpers fan syn tastel brûkt om 'e androïden út te skeakeljen dy't him tenei komme wolle. Dy wapens binne lykwols sa swier dat se oeral trochhinne batse en de reäktorkearn fan it skip reitsje. Der ûntstiet in keatlingreäksje dy't ta de totale ferneatiging fan it flaggeskip liedt. Op 'e flakten fan Naboo, dêr't de moedige Gunganen krekt de ûngelikense striid tsjin it androïdeleger opjaan moatten hawwe, falle alle androïden ynienen út.

Underwilens lokket Darth Maul de beide Jedi mei nei de enerzjyreäktor ûnder it keninklik paleis, dêr't er op slûchslimme wize Qui-Gon fan Obi-Wan wit te skieden. Yn in gefjocht fan ien tsjin ien wit er Qui-Gon deadlik te ferwûnjen. In breinroere Obi-Wan hout dêrnei op him yn, mar Darth Maul wit him yn in reäktorskacht falle te litten. Obi-Wan rekket syn ljochtsabel kwyt, mar hy brûkt de Krêft om út 'e skacht te springen en tagelyk de fallen ljochtsabel fan Qui-Gon nei him ta fleane te litten. Hy komt Darth Maul oer it mad en slacht him yn ien floeiende beweging by de mul midstwa, wêrnei't de Sith yn twa dielen yn 'e reäktorskacht kneppelet. Obi-Wan hastiget him nei syn master Qui-Gon ta, dy't him mei syn lêste siken freget om te ûnthjitten dat er Anakin opliede sil ta Jedi. Obi-Wan ûnthjit him dat, wêrnei't Qui-Gon yn syn earms ferstjert.

Padmé en kaptein Panaka en harren groep kringe djipper it paleis yn, mar reitsje besingele troch oarlochsandroïden. Se wurde finzen nommen en nei de troanseal brocht, dêr't Nute Gunray en Rune Haako harren opwachtsje. As Sabé en har groep by de doarren fan 'e troanseal lâns drave, mient Gunray dat sy de wiere keninginne is en Padmé mar in hofdame dy't by wize fan ôfliedingsmaneuver as de keninginne ferklaaid is. Hy stjoert dêrom it meastepart fan 'e oarlochsandroïden dy't yn 'e troanseal oanwêzich binne, efter de groep fan Sabé oan. Padmé makket fan 'e it algemiene trelit gebrûk troch nei de troan ta te glûpen, in geheim kompartimint yn 'e earmlining te iepenjen en twa ploffers foar 't ljocht te heljen. Tegearre mei Panaka skeakelet se dêrmei fluch de oerbleaune oarlochsandroïden út, wêrnei't se Gunray en Haako finzen nommen wurde kinne.

Nei ôfrin fan 'e Slach om Naboo arrivearret Palpatine op 'e planeet, dy't ûnderwilens troch de Senaat keazen is ta de nije kânselier fan 'e Galaktyske Republyk. Gunray en Haako wurde oerdroegen oan autoriteiten fan 'e Republyk, om berjochte te wurden op Coruscant. Master Yoda, dy't mei Palpatine kommen is, befoarderet Obi-Wan ta Jedi-ridder en akseptearret mei tsjinnichheid Obi-Wan syn foarnimmen om Anakin as syn padawan te trainen. Der wurdt in plechtige kremaasjeplechtichheid foar Qui-Gon holden. Yoda en Mace Windu, dy't ek oanwêzich is, beriddenearje dêre dat der noch in Sith wêze moat, om't der altyd twa binne: in master en in learling. Mar, sa freegje se har ôf, hokker fan beiden is troch Obi-Wan deade: de master of de learling? De deis nei de kremaasje wurdt der in oerwinningsparade holden, wêrby't it Gungaanske leger troch de strjitten fan Theed marsjearret en lûd tajûchheid wurdt troch in útsinnige mannichte Nabooanen. Foar it keninklik paleis langet keninginne Padmé de Fredesglobe oer oan baas Nass, ta teken fan duorjende freonskip tusken de Nabooanen en de Gunganen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Liam Neeson yn 2012.
 
Ewan McGregor yn 2012.
 
Natalie Portman yn 2015.
 
Ian McDiarmid yn 2020.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                    
Jedi-master Qui-Gon Jinn Liam Neeson
padawan Obi-Wan Kenobi Ewan McGregor
keninginne Padmé Amidala fan Naboo Natalie Portman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Anakin Skywalker Jake Lloyd
senator Sheev Palpatine / Darth Sidious Ian McDiarmid
Jar Jar Binks Ahmed Best (motion-capture en stim)
Jedi-master Yoda Frank Oz¹ (poppespul en stim)
Jedi-master Mace Windu Samuel L. Jackson
Darth Maul Ray Park (fysyk) en Peter Serafinowicz (stim)
Nute Gunray, ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje Silas Carson
R2-D2 Kenny Baker
Shmi Skywalker Pernilla August
C-3PO Anthony Daniels
kaptein Quarsh Panaka Hugh Quarshie
gûverneur Sio Bibble Oliver Ford Davies
baas Rugor Nass Brian Blessed (stim)
Rune Haako, plakferfangend ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje Jerome St. John Blake (fysyk) en James Taylor (stim)
Watto Andy Secombe (stim)
Sebulba Lewis MacLeod (stim)
kânselier Finis Valorum Terence Stamp
Sabé Keira Knightley
Rabé Tonsort Cristina da Silva
Saché Adova Sofia Coppola
Eirtaé Ballory Friday (Liz) Wilson
Yané Candice Orwell
Lott Dod, senator foar de Hannelsfederaasje Silas Carson (fysyk) en Toby Longworth (stim)
kaptein Roos Tarpals Steve Speirs
Daultay Dofine, kaptein fan it flaggeskip fan 'e Hannelsfederaasje Alan Ruscoe (fysyk) en Chris Sanders (stim)
Ric Olié, piloat fan it Nabooaanske keninklik romteskip Ralph Brown
TC-14 John Fensom (fysyk) en Lindsay Duncan (stim)
Fode & Beed (twakoppige kommentator by race) Greg Proops, resp. Scott Capurro
Jabba de Hutt Scott Schumann (stim)
Jedi-master Ki-Adi-Mundi Silas Carson
senator Orn Free Taa Jerome St. John Blake
Mas Amedda, fise-foarsitter fan 'e Galaktyske Senaat Jerome St. John Blake
Bib Fortuna, de majordomo fan Jabba de Hutt Matthew Wood
Jedi-master Eeth Koth Hassani Shapi
Jedi-master Adi Gallia Gin Clarke
Jedi-master Saesee Tiin Khan Bonfils
Jedi-master Oppo Rancisis Jerome St. John Blake
Jedi-master Plo Koon Alan Ruscoe
Jedi-master Yarael Poof Michelle Taylor
Jedi-master Even Piell Michaela Cottrell
Jedi-master Depa Billaba Dipika O'Neill Joti
Jedi-master Yaddle Phil Eason (poppespul)
Jira (âldere ferkeapster) Margaret Towner
Kitster Banai Chiruv Chanchani
Wald Warwick Davis
Amee Katie Lucas²
Melee Megan Udall
Seek Oliver Walpole
gesachfierster kruser Republyk Bronagh Gallagher
piloat kruser Republyk Silas Carson
Nabooaanske piloat Bravo-5 Celia Imrie
Nabooaanske piloat Bravo-2 Benedict Taylor
Nabooaanske piloat Bravo-3 Clarence Smith
luitenant Gavyn Sykes (Bravo-6) Christian Simpson
Sei Taria (assistinte fan kânselier Valorum) Kamay Lau
Aurra Sing Michonne Bourriague
senator Yarua fan Kashyyyk John Coppinger
Mawhonic Danny Wagner

¹) assistearre troch Kathy Smee, Don Austen en David Greenaway
²) dochter fan George Lucas, op 'e ôftiteling fermeld ûnder de skûlnamme Jenna Green

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Foarskiednis

bewurkje seksje

Doe't er yn 'e 1970-er jierren oan it senario foar de earste Star Wars-film wurke, kaam George Lucas al rillegau ta de konklúzje dat er fiersten tefolle materiaal hie foar ien film. Uteinlik krige er it idee om in "trilogy fan trilogyen" te produsearjen. Dat makke er yn 1978 by in fraachpetear mei it tydskrift Time bekend, en yn 1981, nei't de twadde film, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, yn 'e bioskopen kommen wie, befêstige er dat er yn grutte halen it ferhaal foar noch sân oare films klear hie.

It eigentlike produksjeproses fan 'e films fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy foel Lucas lykwols ôf. Fan alle stress en de swierrichheden dy't it meitsjen fan 'e fillms oprôpen, waard er fysyk min en krige er in fierstente hege bloeddruk. Dêrom besleat er ein 1981 om mar ôf te sjen fan fierdere films. Foarútgong fan technyk, benammen op it mêd fan special effects, oertsjûge him der yn 'e iere 1990-er jierren lykwols fan dat it no mooglik wêze moast om 'e films te meitsjen sa't se him oarspronklik foar eagen stien hiene. Yn 1997 waarden de films fan 'e oarspronklike trilogy op 'e nij yn 'e bioskoop brocht, nei't se remastere wiene mei itselde slach special effects dat Lucas foar de twadde trilogy brûke woe. Dêrnjonken murk er troch de populariteit fan 'e Thrawn Trilogy fan auteur Timothy Zahn en de nije Star Wars-strips fan útjouwerij Dark Horse Comics dat de belangstelling foar nije Star Wars-aventoeren noch sa libben as in hart wie.

 
Star Wars-betinker George Lucas.

Om't Lucas foar de films fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy de eftergrûn fan alle personaazjes útwurke hie, wied er fassinearre troch it idee om in prequeltrilogy te meitsjen, wêryn't er dy eftergrûn mei it publyk diele koe. Yn 1993 waard yn û.m. it tydskrift Variety oankundige dat de prequelfilms op kommendeweis wiene. Op 1 novimber 1994 sette Lucas útein mei it skriuwen fan 'e senario's fan 'e trije prequelfilms. De wurktitel fan it earste diel fan 'e prequeltrilogy wie lange tiid The Beginning, en dat waard pas koart foar it foltôgjen fan 'e film feroare yn The Phantom Menace ("De Ungrypbere Bedriging"), wat ferwiist nei it ferbergjen troch de wichtichste antagonist fan syn wiere identiteit fan 'e boasaardige Sith-master Darth Sidious efter de fasade fan 'e freonlike en sympatike senator Palpatine.

Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard regissearre troch George Lucas sels nei in senario dat er ek hielendal eigenhandich skreaun hie. It wie eins de bedoeling fan Lucas om, sa't er ek dien hie mei de beide lêste films fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, sels as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje te hâlden, wylst er de rezjy oan in oar oerliet. Yn novimber 2015 befêstige Ron Howard dat Lucas him, Robert Zemeckis en Steven Spielberg dêr mids 1990-er jierren foar frege hie. Neffens Howard hiene se alle trije tsjin Lucas sein dat er de film sels regissearje moast.

As produsint wie Rick McCallum by it projekt belutsen foar Lucas syn filmstudio Lucasfilm. Foar Star Wars: Episode I – The Phantom Menace wie in budget beskikber fan $115 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Tattersall, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams, dy't ek de soundtracks foar de trije films fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy makke hie.

Foar de rol fan Jedi-master Qui-Gon Jinn woe regisseur George Lucas eins in Amerikaanske akteur hawwe, mar doe't Liam Neeson, in Noardier, audysje die, besleat er fan syn eardere foarnimmen ôf te stappen. Lucas omskreau Neeson as in "masterlik akteur, dêr't oare akteurs nei opsjogge". Foar de rol fan Obi-Wan Kenobi waard in Britske akteur socht dy't wol wat wei hie fan in jonge Alec Guinness. Mei't dyselde de rol fan Obi-Wan fertolke hie yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, moast de jongere Obi-Wan op him lykje om it spul oannimlik te hâlden. Ewan McGregor waard keazen út in shortlist mei fyftich nammen. Hy waard traind troch in logopedist om syn eigen stimlûd en útspraak sa ticht mooglik by dy fan Guinness te bringen. Ek bestudearre er it aktearjen fan Guinness, sawol út syn iere wurk as yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977).

 
It Plaza de España yn Sevilla, dat yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace fungearre as it sintrale plein yn Theed, de haadstêd fan 'e planeet Naboo.

De Amerikaansk-Israelyske aktrise Natalie Portman waard keazen foar de rol fan 'e fjirtjinjierrige keninginne Padmé Amidala fan Naboo. George Lucas naam dat beslút op basis fan har aktearprestaasjes yn 'e aksjefilm Léon (1994) en de komeedzjedramafilm Beautiful Girls (1996), dêr't er fan ûnder de yndruk wie. Portman wie ûnbekend mei Star Wars op it stuit dat se foar de rol cast waard, mar wie entûsjast oer it spyljen fan in personaazje wêrfan't se ferwachte dat it in rolmodel foar famkes wurde soe. De Ingelske aktrise Keira Knightley spile de rol fan Sabé, de hofdame dy't yn gefaarlike omstannichheden it plak fan Padmé ynnimt. Har âldelju wiene gjin foarstanner fan in rol foar har yn in Star Wars-film, mar Knightley sette har sin troch om't se in fan fan 'e mediafranchise wie. Hja waard cast yn 'e rol fan Sabé om't se sa'n opmerklike protte op Natalie Portman liek, dat har mem en Portman harres (neffens Knightley) de beide famkes net útinoar hâlde koene.

Foar de rol fan 'e jonge Anakin Skywalker diene hûnderten jonge akteurs út 'e Feriene Steaten, Kanada, it Feriene Keninkryk en Ierlân audysje, foar't Lucas en filmprodusint Rick McCallum foar de Amerikaan Jake Lloyd keazen, dy't earder yn 'e krystkomeedzje Jingle All the Way (1996) spile hie. Ian McDiarmid hie de rol fan keizer Palpatine spile yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). It kaam foar him as in ferrassing doe't George Lucas him sechstjin jier letter frege om foar Star Wars: Episode I – The Phantom Menace op 'e nij yn 'e hûd fan Palpatine te krûpen, mei't er oannommen hie dat foar de prequelfilms in jongere akteur útsocht wurde soe. Ek Anthony Daniels, as C-3PO, en Kenny Baker, as R2-D2, spilen fannijs deselde rollen dy't se yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy ek hân hiene.

Itselde gou foar poppespiler Frank Oz, dy't de rol fan Yoda wer op him naam. Yoda is yn 'e oarspronklike ferzje fan 'e film foar it meastepart in marionet, hoewol't dy bylden foar de blu-ray-útjefte yn 2011 ferfongen waarden troch special effects. In kompjûtergenerearre Yoda is yn 'e oarspronklike ferzje yn twa shots út 'e fierte te sjen, en yn 'e sêne wêryn't er Obi-Wan ta Jedi-ridder befoarderet, wurdt Yoda spile troch de akteur mei dwerchgroei Warwick Davis yn in kostúm. (Davis hie yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi de rol fan 'e Ewok Wicket spile, en figurearre yn The Phantom Menace fierders as Wald, de Rodiaanske freon fan Anakin op Tatooine.)

 
Ien fan 'e jurken fan Padmé Amidala út Star Wars: Episode I – The Phantom Menace.

Ahmed Best waard oannommen foar de rol fan 'e knoffelige Gungaan Jar Jar Binks nei't castingdirector Robin Gurland in optreden fan him seach yn San Francisco. It wie oarspronklik de bedoeling dat er inkeld de motion-capturebylden fersoargje soe, mar syn oanbod om ek de dialooch fan it personaazje yn te sprekken, waard akseptearre. Op 'e filmset wie Best klaaid yn in pak fan skomrubber en lateks mei in kap, wêrmei't it uterlik fan Jar Jar benei kommen waard sadat de oare akteurs in idee hiene wêr't se sjen en rikke moasten. Best waard letter út 'e bylden wiske en ferfongen troch in op basis fan 'e motion-capturegegevens mei fisuele effekten oanmakke foarm fan Jar Jar.

Yn 'e rol fan Anakin syn mem Shmi waard Pernilla August cast, in feteraan út 'e Sweedske filmyndustry. Hja wie bang om fanwegen har aksint ôfwiisd te wurden, mar nei't se mei Liam Neeson audysje dien hie, foel de kar op har. Nei't akteur fan namme Samuel L. Jackson belangstelling blike litten hie foar in rol yn Star Wars, frege castingdirector Gurland him om Jedi-master Mace Windu te spyljen. Sofia Coppola, de dochter fan Lucas syn goede freon Francis Ford Coppola, dy't yn 1999 oan it begjin stie fan har eigen karriêre as filmmakster, frege Lucas, dy't se nei eigen sizzen "as in omke" beskôge, oft se him net nei de filmset beselskipje mocht om 'e keunst ôf te sjen. Hy bea har de rol fan Saché Adova oan, ien fan 'e hofdames fan keninginne Padmé, en sy akseptearre dy "om't it my in goed útsjochpunt ta liek om alles yn 'e gaten te hâlden sûnder dat ik de filmcrew foar de fuotten rûn."

Ray Park, in fjochtsportkampioen mei ûnderfining yn turnjen en skermjen, wie oarspronklik as stuntman by The Phantom Menace behelle. Stuntkoördinator Nick Gillard brûkte him om syn idee te demonstrearjen fan hoe't in gefjocht mei ljochtsabels derút sjen moast. Lucas en produsint McCallum wiene sa fan Park ûnder de yndruk, dat se him de rol fan Darth Maul taparten nei't Benicio del Toro, dy't de rol earst fertolkje sillen hie, opstapt wie doe't hast alle dialooch fan Darth Maul út it senario skrast waard. Om't de stim fan Park te piipjend wêze soe, waard yn 'e postproduksje it bytsje dialooch dat noch oer wie, neisyngronisearre mei it stimlûd fan Peter Serafinowicz.

 
De oerbliuwsels fan 'e filmset fan Mos Espa yn 'e Tunezyske woastyn by Nafta.

De bekende Ingelske akteur Brian Blessed die audysje foar de rol fan gûverneur Sio Bibble, mar waard ôfwiisd om't er "te lûdroftich" wie. Castingdirector Gurland bea him ynstee oan om 'e dialooch yn te sprekken foar baas Nass, de Gungaanske foaroanman, om't dat in "grutter as libbensecht" personaazje wie mei "in bekaat bravado". Silas Carson die oarspronklik audysje foar it lytse roltsje fan 'e piloat fan it romteskip dat de beide Jedi ôfleveret oan board fan it flaggeskip fan 'e Hannelsfederaasje, dy't omkomt as Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, it lytsere romteskip ferneatigje lit. Hy waard ek oannommen foar de rol fan Gunray doe't de akteur dy't dêrfoar cast wie it kostúm te ûnkomfortabel fûn. Carson spile ek noch twa oare lytse rollen: dy fan Lott Dod, de fertsjintwurdiger fan 'e Hannelsfederaasje yn 'e Senaat, en fan master Ki-Adi-Mundi, in lid fan 'e Hege Jedi Ried. In oare akteur mei ferskate rollen wie Jerome St. John Blake, dy't Gunray syn ûnderbefelhawwer Rune Haako spile, lid fan 'e Hege Jedi Ried Oppo Rancisis, Twi'lek-senator Orn Free Taa en de Chagriaanske fise-foarsitter fan 'e Senaat Mas Amedda.

De opnamen foar Star Wars: Episode I – The Phantom Menace setten op 26 juny 1997 útein en duorren oant en mei 30 septimber fan dat jier. De measte binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Leavesden Film Studios by Watford, yn it Ingelske greefskip Hertfordshire, wylst guon filme waarden yn 'e Fox Studios Australia yn Sydney. Inkeld de sênes yn it keninklik paleis fan Naboo waarden op lokaasje filme yn it Paleis fan Caserta, by Napels, yn Itaalje, dat foar de opnamen fjouwer dagen lang foar it publyk sletten waard. Sênes mei ûntploffings yn it paleis waarden op replikasets yn 'e Leavesden Studios filme. De sênes yn it wâld op Naboo waarden opnommen yn Cassiobury Park yn Watford. De sênes op Tatooine waarden filme yn 'e woastyn fan Tuneezje, dêr't by Nafta, yn 'e neite fan Tozeur, de delsetting Mos Espa neiboud waard.

Postproduksje

bewurkje seksje

De filmmontaazje fan Star Wars: Episode I – The Phantom Menace naam twa jier yn beslach. Paul Martin Smith sette dêrmei útein yn Ingelân en lei him dêrby benammen ta op 'e dialoochswiere sênes. Ben Burtt, dy't ek de lûdseditor fan 'e film wie, montearre letter yn 'e Feriene Steaten de aksjesênes ûnder it tafersjoch fan George Lucas persoanlik. Yn 'e postproduksje waarden ek likernôch 1.950 shots mei special effects tafoege. De sêne wêryn't de Hannelsfederaasje de beide Jedi besiket om te bringen troch gifgas nei binnen te pompen yn it fertrek dêr't hja sitte te wachtsjen, is de iennichste yn 'e hiele film dêr't gjin inkel fisueel effekt oan tafoege is. De special effects dy't foar Star Wars: Episode I – The Phantom Menace brûkt waarden, wiene baanbrekkend foar harren tiid.

 
It Paleis fan Caserta yn Itaalje tsjinne yn 'e film as it ynterieur fan it keninklik paleis fan Naboo.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 16 maaie 1999 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 19 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 4 maaie 1999 by platemaatskippij Sony Classical Records.

Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard op 4 april 2000 útbrocht as VHS-keapfideo. Op 16 oktober 2001 ferskynde de film op dvd yn in ferzje mei in spyldoer fan 136 minuten, wylst de bioskoopferzje 133 minuten duorre. De dvd-ferzje waard op 4 novimber 2008 op 'e nij útbrocht yn in boxset mei de beide oare dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Op 16 septimber 2011 kaam Star Wars: Episode I – The Phantom Menace foar it earst út op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: Episode I – The Phantom Menace mingde resinsjes. Yn in artikel dat ôfprinte waard op 'e foarside joech de Los Angeles Daily News de film 31/2 fan 4 stjerren en neamde him "behoarlik goed" yn totaal en "treflik wat in protte ûnderdielen oangiet". De New York Daily News wie minder posityf en parte Star Wars: Episode I – The Phantom Menace 21/2 fan 4 stjerren ta. Yn it tydskrift Entertainment Weekly krige de film fan Owen Gleiberman in 8 op in skaal fan 1 oant en mei 10. Hy hie benammen bewûndering foar de aksjesênes en it aktearjen fan Liam Neeson as Qui-Gon Jinn.

De teloarstelling dy't in diel fan sawol de kritisy as it bioskooppublyk fielde, wie, sa skreau Todd McCarthy yn it tydskrift Variety, ek net alhiel foar te kommen, mei't it "de meast nei útsjoene en ta hype makke film fan 'e moderne tiid" wie. Hy fûn it lykwols spitich dat de film (neffens him) op safolle ferskillende nivo's faalde en dat er "noch ta de ferbylding sprekkend, noch meislepend" wie. De foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli wie it dêr foar in part mei iens. Hy somme in stikmannich dingen op oan Star Wars: Episode I – The Phantom Menace, dy't neffens him flaters wiene, mar heakke dêroan ta dat de film (neffens him) noch altyd "in dúdlike ferbettering" wie yn ferhâlding mei de foargeande Star Wars-film, Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Teffens skreau er (letter) dat de reputaasje fan Star Wars: Episode I – The Phantom Menace te lijen hân hie ûnder "it ûnfermogen [fan 'e film] om te foldwaan oan ûnreedlike ferwachtings."

Ien fan 'e eleminten fan 'e film dêr't in protte krityk op kaam, wie de tafoeging fan Jar Jar Binks, dy't troch in protte âldere Star Wars-fans beskôge waard as bernich en mear in gimmick foar merchandising as in serieus personaazje. Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times omskreau Jar Jar as "in grutte miskleun, in personaazje dat foar de komyske noat soargje moat mar earlik sein net grappich is." Drew Grant fan 'e webside Salon skreau: "Faaks dat de absolute kreätive frijheid dy't regisseur George Lucas genoat doe't er de komyske noat foar de film optocht – sûnder belutsenens fan studiobazen of folle akteurs mei in selsstannich tinkfermogen – wol in paad is dat nei de tsjustere kant liedt."

 
Foar it personaazje Darth Maul waard ynspiraasje put út tradisjonele foarstellings fan de duvel.

In hiel oare miening wie de foaroansteande filmkritikus Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times tagedien. Hy joech Star Wars: Episode I – The Phantom Menace yn syn resinsje 31/2 fan 4 stjerren en neamde it "in ferbjusterjende prestaasje op it mêd fan fantasijfol filmmeitsjen". Dêr foege er oan ta "Lucas fertelt in goed ferhaal." Ebert skreau ek: "As guon fan 'e personaazjes minder oansprekke as oaren, is dat miskien wol ûntsjinkearber," om't it de iepeningsfilm fan in nije rige wie. Hy besleat syn artikel mei de bewearing dat er "transparante ûnderwetterstêden en ûnbidige bolfoarmige holle senaten altyd leaver" hawwe soe as Star Trek-films.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: Episode I – The Phantom Menace in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 233 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Belêstge mei útlizzerigens en befolke troch stereotype personaazjes giet de Star Wars-prequeltrilogy mei The Phantom Menace hobbelich – sij it fisueel tûzelsinnich – fan start." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: Episode I – The Phantom Menace in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 36 resinsjes.

Nei de premiêre fan Star Wars: Episode I – The Phantom Menace ûntstie om 'e film hinne wat kontroverse troch lju dy't der krityk op hiene om't se der rasistyske dingen yn sjen woene. Sa beskôgen Joe Morgenstern fan The Wall Street Journal en Patricia J. Williams fan The Nation Jar Jar Binks as in rasistysk stereotype fan in domme, knoffelige en leffe neger, wat benammen feroarsake liket te wêzen troch de lange, ôfhingjende earen fan it personaazje, dy't ynterpretearre waarden as ferbastere dreadlocks, en de pidgintaal dy't er brûkt, dy't skynber tinken die oan Jamaikaansk-Kreoalsk. Michael Eric Dyson, in heechlearaar Afro-Amerikaanske stúdzjes oan 'e Universiteit fan Georgetown, fûn sels dat it hiele bûtenierdske ras fan 'e Gunganen "suggestyf liket foar in primitive Afrikaanske stamme", mei baas Nass ôfskildere as "in grou, knoffelich […] karikatuer fan in stereotype Afrikaanske haadman."

J. Hoberman fan The Village Voice, Bruce Gottlieb fan Slate en Patricia J. Williams fan The Nation fûnen fierders dat de Toydariaanske keapman Watto in antysemitysk stereotype wie fanwegen oerienkomsten tusken him en de stereotype Joad. Dêrby gie it benammen om 'e grutte kromme noas (by Watto eins in slurfke), lytse kraaleagen, in suterich burd en in tige ynklauwerich karakter. En fierders waarden de Neimoïden dy't de Hannelsfederaasje dominearje (lykas Nute Gunray) troch guon kritisy opfet as rasistyske stereotypen dy't basearre wiene op Eastaziaten, lykas Japanners en Sinezen. Star Wars-betinker George Lucas hat al dy oantigings fan rasisme yn syn film fersmiten; ynstee utere er krityk op 'e Amerikaanske mainstream-media foar it bringen fan gearspanningsteory-eftige mienings op it ynternet as betroubere nijsferslaggen. Dêr heakke er oan ta dat sokke mienings mear sizze oer it rasisme fan 'e lju dy't se op it aljemint bringe as oer syn film.

Star Wars: Episode I – The Phantom Menace brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $474,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $552,5 miljoen. Dêrby binne de ynkomsten út 2012 meirekkene, doe't de film yn 3D-foarm nochris yn 'e bioskoop brocht waard. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.027,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $115 miljoen betsjut dat in winst fan $912,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Star Wars: Episode I – The Phantom Menace wie de meast opbringende film fan 1999 en (doedestiden) de op ien nei meast opbringende film aller tiden (nei Titanic).

Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard yn 2000 nominearre foar trije Oscars, yn 'e kategoryen bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste fisuele effekten, dy't lykwols allegear wûn waarden troch The Matrix. De film waard ek nominearre foar twa BAFTA's (foar bêste lûd en special effects) en foar de Grammy Award foar bêste soundtrack foar fisuele media. Teffens wiene der nominaasjs foar de Teen Choice Awards foar favorite dramafilm, favorite filmsmjunt en favorite simmerfilm. Star Wars: Episode I – The Phantom Menace wûn de Saturn Awards foar bêste kostúmûntwerp en bêste special effects, wylst de aktearprestaasje fan Jake Lloyd as de njoggenjierrige Anakin Skywalker bekroane waard mei in Young Artist Award. Ek wûn de film de MTV Movie Award foar bêste aksjesêne.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)