Star Wars: Resistance

Star Wars: Resistance is in Amerikaanske tekenfilmsearje foar bern dy't rûn fan 2018 oant en mei 2020. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan militêre science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Star Wars: Resistance waard basearre op 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. De searje kin as sadanich sjoen wurde as in ferfolch op 'e eardere tekenfilmsearjes Star Wars: The Clone Wars en Star Wars: Rebels. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: It Ferset". De searje folget Kazuda Xiono, in jonge romtepiloat fan 'e Nije Republyk, dy't troch it Ferset rekrutearre wurdt om 'e faksistyske Earste Oarder te bespionearjen, dy't in oanboazjende bedriging foar de frede en demokrasy yn it Stjerrestelsel foarmet. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: Resistance pleatst wurde krekt foàr en ûnder de films fan 'e ferfolchtrilogy. Yn totaal waarden der 40 ôfleverings makke. Star Wars: Resistance waard troch de tillefyzjekritisy mei positive resinsjes ûntfongen en wûn yn 2019 in Saturn Award.

Star Wars: Resistance
tillefyzjesearje
makkers
ûntwikkele troch Dave Filoni
produsint Jack Liang (2018-2019)
Daisy Fang (2019-2020)
útfierend
   produsint
Dave Filoni
Athena Yvette Portillo
Justin Ridge
Brandon Auman
basearre op de Star Wars-ferfolchtrilogy
muzyk Michael Tavera
tillefyzjestudio Lucasfilm
Lucasfilm Animation
Polygon Pictures
distribúsje Disney-ABC Domestic TV
spilers
haadrollen Christopher Sean
Scott Lawrence
Josh Brener
Suzie McGrath
Donald Faison
Myrna Velasco
Jason Hightower
Nazneen Contractor
Liam McIntyre
Sumalee Montano
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre militêre science fiction,
fantasy, aksje, aventoer
seizoenen 2
jierren 20182020
tal ôfl. 40
spyltiid (ôfl.) 22 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen 1 × Saturn Award
webside www.starwars.com/tv-shows/star-wars-resistance
besibbe searjes Star Wars: The Clone Wars
Star Wars: Rebels
Star Wars: The Bad Batch

Star Wars: Resistance waard oankundige op 26 april 2018, om yn 'e hjerst fan dat jier foar it earst op 'e tillefyzje te kommen. De searje waard ûntwikkele troch Dave Filoni op basis fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Filoni wie yn in jier earder, yn 2017, haad fan 'e tekenfilmstudio Lucasfilm Animation wurden en sei dat er him by de skepping fan Star Wars: Resistance ynspirearje litten hie troch Japanske anime en troch de ûnderfinings fan syn eigen pake yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Jack Liang wie fan 2018 oant 2019 as tillefyzjeprodusint by it projekt belutsen foar Lucasfilm, dochterûndernimming Lucasfilm Animation, en Polygon Pictures, en fan 2019 oant 2020 naam Daisy Fang dy funksje fan him oer. Star Wars: Resistance waard eins produsearre troch Polygon, dat in diel fan it wurk útbestege oan in ûnderoannimmer, de Sineeske tekenfilmstudio CGCG Inc., in dochterûndernimming fan Wang Film Productions.

Yn 'e mande mei Athena Yvette Portillo, Justin Ridge en Brandon Auman hie Filoni as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. De titelmuzyk en de soundtrack wiene it wurk fan Michael Tavera, dy't dêrfoar gebrûk makke fan tema's út 'e filmmuzyk dy't John Williams komponearre hie foar de films fan 'e Skywalker Saga. De distribúsje fan Star Wars: Resistance waard fersoarge troch Disney-ABC Domestic Television. De searje waard útstjoerd op 'e tillefyzjestjoerders The Disney Channel en Disney XD. Star Wars: Resistance rûn twa seizoenen, fan oktober 2018 oant en mei jannewaris 2020. Der waarden yn totaal 40 ôfleverings makke fan elts 22 minuten. Beide seizoenen fan Star Wars: Resistance binne útbrocht op dvd, en se binne ek te sjen op 'e streamingtsjinst Disney+.

Utgongspunt fan 'e plot

bewurkje seksje

Star Wars: Resistance folget de aventoeren fan Kazuda "Kaz" Xiono (Christopher Sean), in romtepiloat út 'e striidkrêften fan 'e Nije Republyk, dy't troch Poe Dameron (Oscar Isaac), in foaroanman fan it Ferset, rekrutearre wurdt om 'e faksistyske Earste Oarder te bespionearjen. De lieders fan it Ferset binne nammentlik bang dat de Earste Oarder út is op it ferdylgjen fan 'e demokrasy yn it Stjerrestelsel, dy't tritich jier earder mei grutte muoite weromwûn waard doe't it Rebelleferbûn de diktatuer fan it Galaktysk Keizerryk ûnder fuotten helle.

Dameron pleatst Kaz as monteur op 'e Colossus, in ûnbidich grut tankskip foar stjerrejagers by de oseaanplaneet Castilon. De bêste piloaten fan it Stjerrestelsel kloftsje dêr gear, en Kaz moat útsykje wa fan harren ûnder ien tekken skûlje mei de Earste Oarder. Hy wurket oan board fan 'e Colossus by in bedriuw dat spesjalisearre is yn it reparearjen fan romteskippen. Dat is eigendom fan Jarek Yeager (Scott Lawrence), in freon fan Dameron. Kaz komt yn 'e kunde mei Neeku Vozo (Josh Brener), in talintearre Nikto-technikus; Tam Ryvora (Suzie McGrath), in monteur dy't piloate wurde wol; Hype Fazon (Donald Faison), de lieder fan it Ace Squadron dat de Colossus beskermet; Imanuel Doza (Jason Hightower), de kaptein fan 'e Colossus; en dy syn dochter Torra Doza (Myrna Velasco), in piloate by it Ace Squadron. Oare haadpersoanen út 'e searje binne Synara San (Nazneen Contractor), in romtepirate fan 'e Kriichsfûgelbinde; kommandant Pyre (Liam McIntyre), in heechpleatste ofsier binnen de Earste Oarder; en agint Tierney (Sumalee Montano), dy't wurket foar de feilichheidstsjinst fan 'e Earste Oarder.

Star Wars: Resistance set útein likernôch in healjier foarôfgeande oan 'e foarfallen út 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. Yn ôflevering 17 fan seizoen 1 hellet de searje dy film yn.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise          
Kazuda "Kaz" Xiono Christopher Sean
Jarek Yeager Scott Lawrence
Neeku Vozo Josh Brener
Tamara "Tam" Ryvora Suzie McGrath
Hype Fazon Donald Faison
Torra Doza Myrna Velasco
kaptein Imanuel Doza Jason Hightower
Synara San Nazneen Contractor
kommandant Pyre Liam McIntyre
agint Tierney Sumalee Montano


weromkearende byrollen
personaazje                 akteur/aktrise
Poe Dameron Oscar Isaac
BB-8 lûdseffekten
Orka Bobby Moynihan
Flix Jim Rash
Muoike Z Tovah Feldshuh
R1-J5 Justin Ridge
Freya Fenris Mary Elizabeth McGlynn
Griff Halloran Dave Filoni
Bo Keevil Stephen Stanton
Jace Rucklin Elijah Wood
kaptein Kragan Gorr Gary Anthony Williams
Drell David Shaughnessy
majoar Elrik Vonreg Lex Lang
luitenant Galek Christine Dunford
Kel Antony Del Rio
Eila Nikki SooHoo
Venisa Doza Tasia Valenza
Jak Sivrak Greg Poops
Bolza Grool Fred Tatasciore
Grevel Dee Bradley Baker
Jooks Mary Elizabeth McGlynn
Garma Greg Poops
Glem Dee Bradley Baker


gastrollen
personaazje akteur/aktrise                           
kaptein Phasma Gwendoline Christie (seiz. 1)
Ellen Dubin (seiz. 2)
generaal Hux Domhnall Gleeson (seiz. 1)
Ben Prendergast (seiz. 2)
C-3PO Anthony Daniels
prinsesse Leia Organa Carolyn Hennesy
senator Hamato Xiono Tzi Ma
alle Chelidae Frank Welker
Ello Asty Matthew Wood
Ax Tagrin Joe Manganiello
de keninginne fan 'e Aeosianen Lucy Lawless
Vranki de Blauwe John DiMaggio
Hugh Sion Sam Witwer
Mia Gabon Cherami Leigh
Lin Gaava Rachael MacFalane
Mika Grey Tudi Roche
Norath Kev Daveed Diggs
Leoz Steve Blum
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 21 7 oktober 2018 17 maart 2019 The Disney Channel & Disney XD
2 19 6 oktober 2019 26 jannewaris 2020

Untfangst en resultaat

bewurkje seksje

Star Wars: Resistance krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy. Sa skreau William Hughes fan The A.V. Club dat de searje "oan 'e ein fan ['e dûbellange pilotôflevering] oangenaam fol liket te sitten mei potinsjeel". Hy parte de rige in 8 ta op in skaal fan 1 oant 10. Brian Lowry fan CNN murk op dat Star Wars: Resistance dúdlik rjochte wie op in jonger publyk. Hy skreau ek dat, hoewol't de searje "kleuret mei in folle ljochter, kleurriker palet", der dochs "alteast yn 't earstoan" keazen waard foar "blekere personaazjes en sitewaasjes – it soarte dat net fuortendaliks suggerearret dat dit de tekenfilmsearje is dy't jo sykje."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat seizoen 1 fan Star Wars: Resistance in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 13 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It streamline ferhaal fan Star Wars: Resistance makket alles ree foar spannende aventoeren – en liket op it punt te stean om in kanvas te ferkennen dat foltroppe is mei fuortendaliks werkenbere personaazjes en potinsjeel by 't folop."

Star Wars: Resistance waard yn 2019 en 2020 nominearre foar de Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan tillefyzje, yn 'e kategory bêste berneprogramma. De searje wûn yn 2019 de Saturn Award foar bêste tekenfilmsearje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)