In berneprogramma is tradisjoneel in telefyzjeprogramma, of soms in radioprogramma, dat útstjoerd wurdt foar de doelgroep bern oant likernôch tolve jier. Sûnt it begjin fan 'e ienentweintichste iuw wurde berneprogramma's lykwols ek in protte útstjoerd (en besjoen) oer it ynternet. As berneprogramma's de foarm oannimme fan in fiktyf ferfolchferhaal, sprekt men oer it algemien fan in bernesearje of bernerige. Programma's foar tiners fan tolve jier ôf wurde yn 'e regel gjin berneprogramma's, mar jeugdprogramma's neamd.

Meneer de Uil, ien fan 'e personaazjes út De Fabeltjeskrant.

Op 'e tillefyzje wurde berneprogramma's ornaris moarns en middeis útstjoerd, as (jonge) bern wekker binne. Foarhinne fûnen sokke útstjoerings ek wol plak op 'e iere jûn, mar sûnt likernôch 2010 binne tillefyzjestjoerders en omroppen dêrfan ôfstapt, om't se dy primetime leaver oan in keapkrêftiger publyk besteegje, sadat se mear ynkomsten út 'e dan útstjoerde reklame helje kinne.

Yn Nederlân wiene de earste berneprogramma's om 'e midden fan 'e tweintichste iuw op 'e radio te beharkjen: Kleutertje Luister, dat om 10.00 oere moarns útstjoerd waard, en Paulus de Boskabouter, om 19.00 oere jûns, krekt foar it op bêd gean. Foarbylden fan bekende Nederlânske bernesearjes út 'e begjintiid fan 'e tillefyzje wiene Pipo de Clown, Swiebertje en Dappere Dodo. Yn 'e 1960-er jierren folge it tige populêre De Fabeltjeskrant. Lettere searjes wiene û.m. De Berenboot, Bassie en Adriaan en Floris.

Ut oare lannen kamen berneprogramma's as Flipper en Lassie (Feriene Steaten), Skippy (Austraalje) en Teletubbies (Ingelân). Yn 'e ienentweintichste iuw wiene yn Nederlân fral Sesamstraat, Tik Tak en Het Klokhuis populêre berneprogramma's.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.