Paulus de Boskkabouter

(Trochwiisd fan Paulus de Boskabouter)
Byld fan Paulus yn Arnhim

Paulus de Boskkabouter (yn it oarspronklike Nederlânsk: Paulus de Boskabouter) is in skepping fan de Nederlânske striptekener Jan van Oort dy't yn 1946 ûnder pseudonym fan Jean Dulieu (= Frânske oersetting fan syn namme) it earste Paulustekentelsje makke yn Het Vrije Volk. De rige waard al rillegau in súkses en waard ek as boek publisearre. Letter kaam der ek in radioharkspulsearje en in telefyzjepopperige.

De boekjes waarden ûnder oaren yn it Dúts, Ingelsk, Sweedsk en Japansk oerset. Yn 2018 ferskynde der in oersetting fan in ferhaal fan Paulus de Boskkabouter, mei as titel Et Ynstroeperke, yn it Skylgerske dialekt fan it Frysk.[1]

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Veltman, Melle, Boskabouter Paulus: "W-w-wot wosto?", yn: de Ljouwerter Krante, 23 july 2018, s. 22.