Obi-Wan Kenobi (telefyzjesearje)

Obi-Wan Kenobi is in Amerikaanske minysearje út 2022, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De titel ferwiist nei de haadpersoan. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer, en kin yn 'e ynterne gronology fan 'e franchise pleatst wurde tusken de films Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith en Star Wars: Episode IV – A New Hope yn. Tsien jier nei de machtsoername troch de boasaardige keizer Palpatine hâldt de Jedi-master Obi-Wan Kenobi op 'e planeet Tatooine noch altyd trou de wacht oer de jonge Luke Skywalker. Hy wurdt út syn deistige sleur skuord as prinsesse Leia troch it Galaktysk Keizerryk ûntfierd wurdt. Syn rêdingsmisje rint út op in konfrontaasje mei syn ta it kwea ferfallen eardere learling Darth Vader. Obi-Wan Kenobi waard troch de tillefyzjekritisy mei tige positive resinsjes ûntfongen. De minysearje wûn trije Saturn Awards.

Obi-Wan Kenobi
tillefyzjesearje
makkers
produsint Thomas Hayslip
Katterli Frauenfelder
útfierend
   produsint
Deborah Chow
Ewan McGregor
Kathleen Kennedy
Michelle Rejwan
Joby Harold
regisseur(s) Deborah Chow
senario Hossein Amini
Stuart Beattie
Hannah Friedman
Joby Harold
Andrew Stanton
basearre op Star Wars: Episode IV – A New
   Hope
en de
   Star Wars-prequeltrilogy
   fan George Lucas
kamerarezjy Chung-hoon Chung
muzyk John Williams (titelmuzyk)
William Ross (titelmuzyk)
Natalie Holt (soundtrack)
tillefyzjestudio Lucasfilm
distribúsje Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen Ewan McGregor
Rupert Friend
Moses Ingram
Vivien Lyra Blair
Kumail Nanjiani
Hayden Christensen
Indira Varma
O'Shea Jackson jr.
skaaimerken
foarm live-action-minysearje
sjenre science fiction, fantasy, aksje,
aventoer
seizoenen 1
jierren 2022
tal ôfl. 6
spyltiid (ôfl.) 36-53 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk (ek guon fiktive talen)
prizen 3 × Saturn Award
webside disneyplusoriginals.disney.com/ show/obi-wan-kenobi
besibbe searjes Star Wars: The Clone Wars
Dizze side giet oer de tillefyzjesearje Obi-Wan Kenobi. Foar it personaazje út Star Wars, sjoch: Obi-Wan Kenobi.

Yn febrewaris 2013, koart nei de oername fan filmstudio Lucasfilm troch The Walt Disney Company, kundige Bob Iger, de algemien direkteur fan Disney, oan dat der ferskate op harsels steande spin-off-films makke wurde soene yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise. Doe't it tydskrift The Hollywood Reporter yn augustus 2016 in opinypeiling ûnder syn lêzers hold, die bliken dat it publyk mei in oerweldigjende mearderheid in film oer it personaazje fan Jedi-master Obi-Wan Kenobi sjen woe. Tsjin dy tiid hie de Skotske akteur Ewan McGregor, dy't de rol fan Kenobi fertolke hie yn 'e Star Wars-prequeltrilogy, al oanjûn dat er ree wie om op 'e nij yn 'e hûd fan it personaazje te krûpen.

Yn 2017 sette sadwaande de tarieding fan in film oer Obi-Wan Kenobi útein, dy't Obi-Wan Kenobi: A Star Wars Story komme soe te hjitten. Doe't yn 2018 de spin-off-film Solo: A Star Wars Story, oer it personaazje Han Solo, yn 'e bioskopen teloarstellend prestearre, waarden fierdere spin-off-films lykwols op 'e lange baan skood. Dat waard yn augustus fan dat jier befêstige troch McGregor. Yn dyselde snuorje sette Disney syn eigen streamingtsjinst op, Disney+, sadat de klam foarearst kaam te lizzen op it produsearjen fan orizjinele tillefyzjesearjes dy't fia it nije platfoarm oanbean wurde koene. Doe't The Mandalorian, de earste live-actionsearje fan Star Wars dy't fan ein 2019 ôf fia Disney+ ferspraat waard, in reuseftich súkses wie, waard besletten om 'e film oer Kenobi te feroarjen yn in minysearje.

Obi-Wan Kenobi waard ûntwikkele op basis fan 'e foarfallen yn 'e foarôfgeande Star Wars-prequeltrilogy en de (gronologysk) neikommende film Star Wars: Episode IV – A New Hope, beide fan George Lucas. Thomas Hayslip en Katterli Frauenfelder wiene foar Lucasfilm as tillefyzjeprodusinten by it projekt belutsen. Deborah Chow, Kathleen Kennedy, Michelle Rejwan, Joby Harold en haadrolspiler Ewan McGregor hiene as útfierend produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje.

De opnamen foar Obi-Wan Kenobi fûnen plak op 'e MBS Media Campus yn Manhattan Beach (Kalifornje). Behalven McGregor yn 'e titelrol kearden ek Hayden Christensen, James Earl Jones, Joel Edgerton, Bonnie Piesse, Jimmy Smits, Ian McDiarmid, Anthony Daniels en Temuera Morrison werom yn harren âlde rollen út eardere Star Wars-films. Liam Neeson hie yn flashbacks in cameo yn syn rol as Jedi-master Qui-Gon Jinn.

De rezjy oer Obi-Wan Kenobi wie yn 'e hannen fan Deborah Chow, dy't wurke op basis fan senario's skreaun troch Joby Harold, Hossein Amini, Stuart Beattie, Hannah Friedman en Andrew Stanton. Chung-hoon Chung fierde de kamerarezjy. Foar de opnamen waard gebrûk makke fan 'e troch special effects-bedriuw Industrial Light & Magic (ILM) foar The Mandalorian ûntwikkele StageCraft-technology, wêrby't firtuele filmsets brûkt wurde tsjin 'e eftergrûn fan in fideowand fan 360° om 'e setting fan 'e searje te kreëarjen.

De soundtrack fan Obi-Wan Kenobi waard makke troch Natalie Holt, wylst de titelmuzyk in adaptaasje wie fan 'e hân fan William Ross op basis fan it wurk fan John Williams foar de oarspronklike Star Wars-trilogy. De distribúsje fan 'e searje waard útfierd troch Disney Platform Distribution. Obi-Wan Kenobi bestie as minysearje út 6 ôfleverings mei in spyldoer fan elts 36 oant 53 minuten. Dy kamen fan 27 maaie oant 22 juny foar it earst beskikber fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney.

Tsien jier nei de steatsgreep fan 'e boasaardige keizer Palpatine, de fal fan 'e Galaktyske Republyk, de Grutte Suvering fan 'e Jedi en it ferfallen ta de tsjustere kant fan de Krêft troch Anakin Skywalker, libbet in ferbittere Jedi-master Obi-Wan Kenobi ûnderdûkt as klúzner yn 'e woastyn op 'e planeet Tatooine. Dêr hâldt er noch altyd trou de wacht oer de jonge Luke Skywalker, de soan fan syn eardere learling Anakin, dy't grutbrocht wurdt troch syn pleechâlden (eins syn styfomke en -muoike) Owen en Beru Lars. Om't Owen Lars in hekel oan Kenobi hat, kin er Luke inkeld út 'e fierte wei yn 'e rekken hâlde. Kenobi hat syn bân mei de Krêft ferlern, sadat er net mear kommunisearje kin mei syn eardere master Qui-Gon Jinn, dy't no in geast yn 'e Krêft is. Ynstee wurdt er tramtearre troch nachtmerjes oer it ferline.

De Ynkwisiteurs, in kloft Krêftgefoeligen dy't troch keizer Palpatine ta wurktúch makke binne by it opspoaren fan 'e lêste oerlibjende Jedi, binne op Tatooine op 'e siik nei in Jedi dy't Nari hjit. Dyselde besiket help te krijen fan Kenobi, mar wurdt ôfstegere. Letter krije de Ynkwisiteurs him te pakken en wurdt er ophongen. Reva Sevander, de Trêde Suster fan 'e Ynkwisiteurs, hat in obsesje opfetten foar it opspoaren fan Kenobi, fan wa't se fermoedet dat er him ek op Tatooine befynt, hoewol't rûnom oannommen wurdt dat er al lang dea is. Om te besykjen him út syn skûle te lokjen, hiert se preemjejagers yn om prinsesse Leia Organa fan Alderaan te ûntfieren, net wittende dat it fanke de dochter fan Anakin Skywalker en de twillingsuster fan Luke is. Nei't Leia har pleechheit, senator Bail Organa, him opsiket, stimt Kenobi deryn ta om te besykjen it fanke te rêden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de tillefyzjesearje beskreaun.
As jo de searje sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Kenobi folget it spoar fan Leia en har ûntfierders nei de planeet Daiyu, dêr't er help kriget fan Haja Estree, in oplichter dy't him foardocht as in Jedi. Dyselde wiist Kenobi troch nei it plak dêr't Leia fêstholden wurdt. Kenobi ferslacht de ûntfierders en rêdt it fanke, mar de lieder fan 'e Ynkwisiteurs, de grutynkwisiteur, lit de stêd fan 'e bûtenwrâld ôfslute. Kenobi en Leia wurde efterfolge troch preemjejagers, mar witte in skoft mei it gebrûk fan de Krêft te ûntkommen. Uteinlik wurde se ynsletten, mar as de grutynkwisiteur sels fanwegen komt om Kenobi finzen te nimmen, wurdt er troch Reva delstutsen mei har ljochtsabel. Kenobi en Leia ûntkomme, mar net foar't Reva útbrocht hat dat de deawaande Anakin Skywalker noch libbet yn 'e foarm fan Darth Vader. Earnewêr oars komt Vader op dat stuit by yn in regeneraasjetank.

Yn syn fêsting op Mustafar ûnthjit Vader oan Reva it grutynkwisiteurskip as it har slagget om Kenobi op te spoaren. Op 'e planeet Mapuzo wurde Kenobi en Leia ûntdutsen troch Keizerlike Stoarmtroepers. Se ûntkomme lykwols fannijs mei help fan 'e desyllúzjonearre Keizerlike ofsier Tala Durith, dy't belutsen is by It Paad, in ûndergrûnsk netwurk dat dissidinten en Jedi helpt om út 'e klauwen fan 'e trewanten fan keizer Palpatine te bliuwen. Vader reizget nei Mapuzo, dêr't er Kenobi twingt om foar it ljocht te kommen troch ûnskuldige boargers kwea te dwaan. By de folgjende konfrontaasje wurdt Vader Kenobi oermânsk, mar mei help fan Tala wit Kenobi wer te ûntkommen. Leia wurdt lykwols finzen nommen troch Reva.

Neitiid wurdt Leia meinommen nei Fort Inquisitorius, it haadkertier fan 'e Ynkwisiteurs, dêr't se troch Reva ûnderfrege wurdt oer It Paad. Kenobi en Tala ynfiltrearje it fort en befrije Leia, mar wurde op in hier nei sels ek ynrekkene. Se wurde rêden troch de guerrilja's fan Kawlan Roken. Darth Vader is poer en driget Reva te fermoardzjen foar har falen, mar hy kalmearret en betinkt him as se him fertelt dat se in folchstjoerderke fêstmakke hat oan Leia har robot Lola. Dêrtroch kinne Kenobi-en-dy ienfâldichwei folge wurde nei de planeet Jabiim. Reva, no befoardere ta grutynkwisiteur, belegeret dêre de basis fan It Paad. Om tiid te rekken begjint Kenobi in petear mei har en troch har út te kloarkjen komt er ta it besef dat Reva op 'e hichte is fan 'e wiere identiteit fan Darth Vader trochdat se tsjûge wie fan syn massamoard op 'e Jedi-jongelingen yn 'e timpel op Coruscant (sjoch: Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith) doe't se sels noch lyts wie en in Jedi-jongeling yn 'e timpel. Reva jout ta dat se Vader syn fertrouwen winne wol om him út wraak foar dy skanddie deadzje te kinnen.

As Keizerlike Stoarmtroepers de basis binnenkringe, offeret Tala harsels op om it libben fan Kenobi te rêden. Hy beseft dat er dit gefjocht net winne kin en jout him oer oan Reva, dy't er bepraat om Vader te deadzjen as se himsels by Vader bringt. Troch tadwaan fan Leia kinne de leden fan It Paad út 'e basis ûntsnappe. As Vader arrivearret, besiket Reva him oer it mad te kommen en om hals te bringen, mar hy sjocht har oankommen en nei in koart duël trochstekt er har mei syn ljochtsabel. Kenobi wit yn 'e gaos wer fuort te glûpen. Reva wurdt foar dea efterlitten as de oarspronklike grutynkwisiteur arrivearret en syn âlde funksje wer ynnimt. Op 'e stjoerder fan Kenobi fynt se neitiid it boadskip fan Bail Organa, dêr't se de lokaasje fan Luke op Tatooine út opmakket.

Reva reizget nei Tatooine om Luke te finen, wylst Vader en de Ynkwisiteurs drok dwaande binne mei de útrûging fan It Paad. Kenobi beslút úteinlik om allinnich de konfrontaasje mei Vader oan te gean. Nei't er syn folsleine bân mei de Krêft weromwûn hat, skeakelet er Vader út. Hy lit syn eardere learling foar wat er is en jout him yn drôvens ôf as er foar it ferstân kriget dat Anakin him mei ham en gram oerjûn hat oan syn nije identiteit as Darth Vader. Underwilens arrivearret Reva op 'e pleats fan 'e Lars-famylje, dêr't se Owen en Beru oermasteret en Luke efterfolget, de woastyn yn. Nei't se him fongen hat, beslút se lykwols dat se net lykas Anakin Skywalker wêze wol troch bern te fermoardzjen, dat ynstee bringt se him werom op 'e pleats.

As Kenobi dêr oankomt, lokwinsket er har mei it oerwinnen fan 'e tsjustere kant fan de Krêft. Op Mustafar jout Vader ûnderwilens de syktocht nei Kenobi op nei't keizer Palpatine fraachtekens pleatst hat by wat er as in obsesje beskôget. Leia wurdt op Alderaan weriene mei har pleechâlden en fynt in nij libbensdoel yn har plichten as prinsesse en lid fan 'e opposysje. Kenobi praat syn skeel mei Owen Lars út troch ta te sizzen dat er in 'gewoan' libben foar Luke net yn 'e wei stean sil. Hy giet werom nei syn skûlplak yn 'e woastyn om syn wachthâlden wer op te nimmen. Mei't er frede mei himsels en syn ferline fûn hat, kin er no einlings wer kommunisearje mei de geast fan Qui-Gon Jinn.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Ewan McGregor.
personaazje                                                    akteur/aktrise
Jedi-master Obi-Wan Kenobi Ewan McGregor
de grutynkwisiteur Rupert Friend
Reva Sevander / de Trêde Suster Moses Ingram
prinsesse Leia Organa Vivien Lyra Blair
Haja Estree Kumail Nanjiani
Anakin Skywalker / Darth Vader Hayden Christensen
James Earl Jones (stim fan Darth Vader)
Tala Durith Indira Varma
Kawlan Roken O'Shea Jackson jr.

Wichtichste byrollen

bewurkje seksje
personaazje akteur/aktrise                    
Nari Benny Safdie
Owen Lars Joel Edgerton
Beru Lars Bonnie Piesse
keninginne Breha Organa fan Alderaan Simone Kessell
preemjejager Vect Nokru Flea
senator Bail Organa Jimmy Smits
Nyche Horn Marisé Álvarez
de Fjirde Suster Rya Kihlstedt
Freck Zach Braff (stim)
Sully Maya Erskine
keizer Palpatine Ian McDiarmid
Jedi-master Minas Velti Ming Qiu
Luke Skywalker Grant Feely
C-3PO Anthony Daniels
kloansoldaat Temuera Morrison
Tetha Grig Esther-Rose McGregor
NED-B Dustin Ceithamer
Jedi-master Qui-Gon Jinn Liam Neeson (cameo)
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 6 27 maaie 2022 22 juny 2022 Disney+

Untfangst en resultaat

bewurkje seksje

Fan 'e tillefyzjekritisy krige Obi-Wan Kenobi oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Brian Truitt fan 'e krante USA Today de searje 3 fan 4 stjerren, wylst Matt Purslow fan IGN de searje in 8 op in skaal fan 1 oant 10 taparte. Purslow omskreaun Obi-Wan Kenobi as "in ferrassende emosjoneel haadstik yn 'e gruttere Star Wars-saga". Tillefyzjekritisy hiene fral lof foar de plot, de karakterûntwikkeling fan it titelpersonaazje, de soundtrack en de fisuele estetyk fan 'e kamerarezjy, mar der wie krityk op it trage tempo.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Obi-Wan Kenobi in heech goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 297 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dit sil grif net de Obi-Wan Kenobi wêze dêr't guon sjoggers om sykje, mar de ferheft sentimintele aktearprestaasje fan Ewan McGregor en in stikmannich ferfrissende draaiïngs yn it ferhaal meitsje it ta in befredigjende – sij it omslachtige – oanfolling op 'e Star Wars-saga." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Obi-Wan Kenobi in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 19 resinsjes.

Obi-Wan Kenobi waard yn 2022 by de Saturn Awards nominearre foar prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste akteur yn in streamde tillefyzjesearje (Ewan McGregor) en bêste jongere akteur yn in streamde tillefyzjesearje (Vivien Lyra Blair). De searje wûn 3 Saturn Awards, foar bêste minysearje (streaming), bêste byrol fan in aktrise yn in streamde tillefyzjesearje (Moses Ingram) en bêste gastoptreden yn in streamde tillefyzjesearje (Hayden Christensen). Obi-Wan Kenobi waard fierders ek nominearre foar 3 People's Choice Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)