In nachtmerje is in tige benearjende dream mei in ynhâld dy't by de dreamer in sterke emosjonele reäksje opropt, meastal op it mêd fan eangst, mar mooglik ek oangeande wanhope, noed of fertriet. In nachtmerje wurdt ek wol oantsjut as in boaze dream. De psychology makket lykwols ûnderskie tusken de beide beneamings, mei't de dreamer (úteinlik) wekker skrikt fan in nachtmerje, mar by in boaze dream trochsliept. Nachtmerjes dogge har yn 'e regel ûnder de REM-sliep foar, en kinne mank gean mei fysike bewegings troch de dreamer. Der komme faak ûnoangename sitewaasjes yn foar, dy't de dreamer skrikke litte of sels yn in steat fan panyk bringe. Fan gefolgen kin it wêze dat de slieper langere tiid nei it wekker skrikken út in nachtmerje net mear yn 'e sliep komme kin.

De Nachtmerje, in skilderij fan Johann Heinrich Füssli út 1781.

Oant yn 'e achttjinde iuw waarden nachtmerjes faak as it wurk fan demoanen beskôge. Dy waarden ûndersteld op it boarst te sitten fan dejinge dy't de nachtmerje hie, en mei opsetsin, út kweadaardigens, de dream te feroarsaakjen. As alternative útlis waarden ek betsjoenings en demoanyske besetting wol oandroegen. Yn 'e njoggentjinde iuw waard benammen yn Jeropa wol ûndersteld dat nachtmerjes feroarsake wurde koene troch in ferkeard diëet. Tsjintwurdich wit men dat nachtmerjes eins troch fysiologyske of psychologyske redens komme. Sa kinne in ûnnoflike sliephâlding of hege koarts ta it hawwen fan nachtmerjes liede, en kinne se ek feroarsake wurde troch in trauma of troch stress. Ek swier iten koart foar't men op bêd giet, kin ta it hawwen fan nachtmerjes liede, mei't it fertarringsproses gruttere harsensaktiviteit opwekket. It út en troch foarkommen fan nachtmerjes is normaal, mar it oanhâldend hawwen fan nachtmerjes, faak oer in weromkearend ûnderwerp, en mei sliepeleazens of eangst om te sliepen ta gefolch, kin oanlieding wêze om 'e help fan in psycholooch of psychiater te sykjen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.