Andor (telefyzjesearje)

Andor is in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Andor is in spin-off en prequel fan 'e film Rogue One: A Star Wars Story út 2016, dy't sels in prequel wie fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. De titel ferwiist nei de haadpersoan, Cassian Andor, in ofsier by en spion foar it Rebelleferbûn, dat yn 'e Galaktyske Boargeroarloch ferwikkele is mei it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. De searje folget Andor yn 'e fiif jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Rogue One. It earste seizoen fan Andor kaam yn it neijier fan 2022 beskikber fia de streamingtsjinst Disney+. De ferwachting is dat it twadde en lêste seizoen yn it neijier fan 2024 útkomme sil.

Andor
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Jared Busch
ûntwikkele troch Tony Gilroy
produsint Kate Hazell
David Meanti
útfierend
   produsint
Tony Gilroy
Sanne Wohlenberg
Kathleen Kennedy
Diego Luna
Toby Haynes
Michelle Rejwan
regisseur(s) Toby Haynes
Susanna White
Benjamin Caron
Ariel Kleiman
Janus Metz
Alonso Ruizpalacios
senario Tony Gilroy
Dan Gilroy
Stephen Schiff
Beau Wllimon
basearre op Rogue One: A Star Wars Story
kamerarezjy Adriano Goldman
Frank Lamm
Damián García
Jonathan Freeman
muzyk Nicholas Britell
tillefyzjestudio Lucasfilm
distribúsje Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen Diego Luna
Kyle Soller
Adria Arjona
Fiona Shaw
Stellan Skarsgård
Denise Gough
Genevieve O'Reilly
Faye Marsay
Varada Sethu
Elizabeth Dulau
skaaimerken
foarm live-action-ferfolchsearje
sjenre science fiction, fantasy, aksje,
aventoer
seizoenen 2
jierren 20222024
tal ôfl. 24
spyltiid (ôfl.) 38-57 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk (ek guon fiktive talen)
webside www.disneyplus.com/series

Yn novimber 2017 makke Bob Iger, de algemien direkteur fan The Walt Disney Company, bekend dat Disney en syn dochterûndernimming Lucasfilm dwaande wiene mei de ûntwikkeling fan ferskate live-actiontillefyzjesearjes. Dy soene útbrocht wurde fia de nije streamingtsjinst Disney+. Ien fan dy tillefyzjesearjes wie, sa die in jier letter bliken, in prequel fan 'e Star Wars-film Rogue One: A Star Wars Story (2016), dy't sels wer in prequel wie fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. De searje moast it eftergrûnferhaal fertelle fan it personaazje Cassian Andor, in ofsier by it Rebelleferbûn dy't ek aktyf is as spion.

Andor waard yn 't earstoan ûntwikkele troch Jared Busch, foar't Tony Gilroy it wurk fan him oernaam. Kate Hazell en David Meanti wiene as tillefyzjeprodusinten by it projekt belutsen foar filmstudio Lucasfilm. Yn 'e mande mei Sanne Wohlenberg, Kathleen Kennedy, Toby Haynes, Michelle Rejwan en haadrolspiler Diego Luna hie Gilroy as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Haynes, Susanna White en Benjamin Caron regissearren elts in stikmannich ôfleverings, wylst de senario's skreaun waarden troch Tony Gilroy, Dan Gilroy, Stephen Schiff en Beau Wllimon. It earste seizoen fan 'e searje bestie út fjouwer min ofte mear op harsels steande 'blokken' fan trije ôfleverings.

De opnamen foar Andor fûnen plak yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Dêrnjonken waard op lokaasje filme yn oare dielen fan Buckinghamshire en op ferskate plakken yn Lancashire, Dorset, Derbyshire en Londen yn Ingelân en yn Perthshire en by de Cruachandaam yn Skotlân. De kamerarezjy waard fersoarge troch Adriano Goldman, Frank Lamm, Damián García en Jonathan Freeman. De titelmuzyk en de soundtrack fan Andor wiene it wurk fan komponist Nicholas Britell. De distribúsje fan 'e searje waard fersoarge troch Disney Platform Distribution. Andor waard, fan septimber 2022 ôf, útslutend beskikber makke fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney. It earste seizoen fan 'e searje omfieme 12 ôfleverings mei in spyldoer fan 38 oant 57 minuten it stik.

De opnamen fan in twadde seizoen, dat ek 12 ôfleverings hawwe sil, setten op 21 novimber 2022 útein. Dy sille nei ferwachting duorje oant yn augustus 2023. It twadde seizoen sil ek wer út fjouwer 'blokken' fan elts trije ôfleverings bestean, wêrby't elts 'blok' de searje in jier tichter by it begjin fan 'e film Rogue One: A Star Wars Story bringt. Regisseurs sille Ariel Kleiman, Janus Metz en Alonso Ruizpalacios wêze, wêrby't Kleiman twa 'blokken' fan trije ôfleverings foar har rekken nimt en de oare beide elts ien 'blok'. Oannommen dat de postproduksje fan it twadde seizoen, krekt as dy fan it earste, likernôch in jier yn beslach nimt, kin it twadde seizoen fan Andor yn it neijier fan 2024 ferwachte wurde. Der is al bekendmakke dat it twadde seizoen naadleas oanslute sil op Rogue One, wêryn't it personaazje fan Cassian Andor omkomt; der sille dus gjin fierdere seizoenen fan 'e searje makke wurde.

Utgongspunt fan 'e plot

bewurkje seksje

Fiif jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e films Rogue One: A Star Wars Story (2016) en Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) is Cassian Andor in dief dy't troch it Stjerrestelsel doarmet nei't syn thúsplaneet, Kenari, ferwoastge is by in mislearre eksperiminteel mynbouprojekt fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. It earste seizoen fan Andor folget syn ûntwikkeling fan in synyske krimineel dy't neat fan it ferset tsjin 'e Keizerlike autoriteiten hawwe moat, ta de herststochtlikste fersetsman fan it Rebelleferbûn, dy't ree is om syn libben op te offerjen om it Stjerrestelsel te rêden. It twadde seizoen folget Andor by mear aventoeren en ferbynt seizoen 1 mei de sitewaasje oan it begjin fan 'e film Rogue One.

Rolferdieling

bewurkje seksje
personaazje                     akteur/aktrise
Cassian Andor Diego Luna
Syril Karn Kyle Soller
Bix Caleen Adria Arjona
Maarva Andor Fiona Shaw
Luthen Rael Stellan Skarsgård
Dedra Meero Denise Gough
Mon Mothma Genevieve O'Reilly
Vel Sartha Faye Marsay
Cinta Kaz Varada Sethu
Kleya Marki Elizabeth Dulau
 
Diego Luna.

Weromkearende byrollen

bewurkje seksje
personaazje akteur/aktrise
de jonge Cassian Andor Antonio Viña
Brasso Joplin Sibtain
Timm Karlo James McArdle
kommissaris Hyne Rupert Vansittart
sersjant Linus Mosk Alex Ferns
Clem Andor Gary Beadle
Eedy Karn Kathryn Hunter
Perrin Fertha Alastair Mackenzie
majoar Partagaz Anton Lesser
Karis Nemik Alex Lawther
luitenant Gorn Sule Rimi
Arvel Skeen Ebon Moss-Bachrach
Taramyn Barcona Gershwyn Eustache jr.
kommandant Jayhold Beehaz Stanley Townsend
Tay Kolma Ben Miles
Kino Loy Andy Serkis
Ruescott Melshi Duncan Pow
Saw Gerrera Forest Whitaker
Davo Sculdun Richard Dillane
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 12 21 septimber 2022 23 novimber 2022 Disney+
2 12 noch net bekend noch net bekend

Untfangst en resultaat

bewurkje seksje

Fan 'e tillefyzjekritisy krige Andor oer it algemien hiel positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de searje in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 580 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "As in rou aventoer ferteld út it grûnperspektyf wei ûnder it bewâld fan it Galaktysk Ryk is Andor in útsûnderlik folwoeksen en polityk ûnderdiel fan 'e Star Wars-saga, en ien fan 'e bêsten oant no ta." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Andor in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 31 resinsjes.

Andor waard yn 2023 nominearre foar de Golden Globe foar bêste tillefyzje-akteur yn in dramasearje (Diego Luna) en teffens foar de Critics' Choice Awards foar bêste dramasearje en bêste akteur yn in dramasearje (Diego Luna).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)