Mon Mothma is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan George Lucas. Hja is in politika en ien fan 'e lieders fan it Rebelleferbûn.

Mon Mothma
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt politika
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Bail Organa
prinsesse Leia
admiraal Ackbar
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1983

Mon Mothma waard spile troch Caroline Blakiston yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) en troch Genevieve O'Reilly yn 'e films Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en Rogue One: A Star Wars Story (2016) en de tillefyzjesearje Andor. Har dialooch waard yn tekenfilmsearjes ynsprutsen troch Kath Soucie yn Star Wars: The Clone Wars en troch Genevieve O'Reilly yn Star Wars: Rebels.

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Foar de steatsgreep fan kânselier Palpatine, it ynstoarten fan 'e demokratyske Galaktyske Republyk en it ferfangen dêrfan troch de diktatuer fan it Galaktysk Keizerryk is Mothma in senator foar de planeet Chandrila. Mothma is temûk ien fan 'e lieders 'e opposysje yn 'e Galaktyske Senaat tsjin it him ta-eigenjen fan almar mear foech troch Palpatine. Nei de steatsgreep wit se har posysje te behâlden troch in uterlik fertoan fan hearrigens oan Palpatine yn syn nije hoedanichheid as keizer, hoewol't se efter de skermen, yn 'e mande mei Bail Organa fan Alderaan, yn 'e folgjende jierren behelle is yn 'e ierste organisaasje fan wapene ferset tsjin it Keizerryk.

Yn 2 f.Sl.Y. ûntkomt Mothma oan in oanslach op har libben troch Keizerlike aginten, nei't se it troch it Keizerryk oanrjochte Bloedbad fan Ghorman feroardiele hat. Se dûkt ûnder en bringt de ûnderskate fersetsgroepen gear ûnder in feriene lieding, in feit dêr't se in formele proklamaasje, de Ferklearring fan Opstân, oer útgean lit. Dat is de formele oprjochting fan it Rebelleferbûn. Under de Galaktyske Boargeroarloch tsjinnet Mothma as de polityk lieder fan it Rebelleferbûn.

Nei de oerwinnings fan 'e rebellen yn 'e Slach by Endor en de Slach by Jakku ûnderhannelet Mothma mei de Keizerlike grutfizier Mas Amedda oer de kapitulaasje fan 'e Keizerlike Striidkrêften. Neitiid is se oant har pinsjonearring de earste kânselier fan 'e Nije Republyk. Yn dy hoedanichheid hat se in protte ynfloed op 'e ferhuzing fan 'e Galaktyske haadstêd fan Coruscant nei oare planetestelsels dy't om bar gasthear foar it regear en de Senaat wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono