Raymus Antilles
Raymus Antilles (útspr.: [ˈɹeːmʌs ænˈtɪliːz], likernôch: "ree-mus en-til-liiz") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in tsjinner fan it Keninklik Hûs Organa fan Alderaan en de kaptein fan 'e korvet de Tantive IV, dy't omkomt by in misje foar it Rebelleferbûn. Raymus Antilles waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), wêryn't er oan it begjin koart te sjen is. It persoanaazje waard yn dy film spile troch Peter Geddis, yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) troch Rohan Nichol en yn Rogue One: A Star Wars Story (2016) troch Tim Beckmann.
Raymus Antilles personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske (Alderaansk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | kaptein, piloat | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Bail Organa C-3PO R2-D2 prinsesse Leia | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1977 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeEftergrûn
bewurkje seksjeRaymus Antilles wurdt berne op 'e rike en freedsume planeet Alderaan, as telch út it ynfloedrike Hûs Antilles. Hy wurdt oplaat yn diplomasy en leart dêrnjonken foar piloat fan romteskippen. Meitiid komt er foar it Keninklik Hûs Organa te wurkjen, dêr't er in liedingjaande posysje bemachtiget yn 'e stêf fan senator Bail Organa, de man fan 'e Alderaanske keninginne Breha Organa. Hy is de kaptein fan efterinoar de CR70-korvetten de Tantive III en de Tantive IV.
Yn Revenge of the Sith
bewurkje seksjeYn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), it trêde en ôfslutende diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, is Antilles oanwêzich as Bail Organa de Jedi-masters Yoda en Obi-Wan Kenobi rêdt en meismokkelet nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op 'e planeet Coruscant, nei't se oan 'e dea ûntsnapt binne by de troch kânselier Palpatine orkestrearre Grutte Suvering fan 'e Jedi. Nei it ferstjerren fan senator Padmé Amidala fan Naboo en de berte fan har twillingbern Luke en Leia draacht Organa de beide robots fan Padmé, C-3PO en R2-D2, oan 'e soargen fan Antilles oer.
Yn Rogue One
bewurkje seksjeNei't Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten helle en ferfongen hat troch it Galaktysk Keizerryk mei him sels oan it haad as autokratysk regearjend keizer, rekket Antilles fia syn master Bail Organa belutsen by it Rebelleferbûn, dat yn 'e Galaktyske Boargeroarloch yn iepen ferset komt tsjin it skrikbewâld fan Palpatine. Njoggentjin jier nei de steatsgreep fan Palpatine stelle de rebellen yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016) op 'e planeet Scarif de blaudrukken fan 'e Deadsstjer, it nije romtestasjon en massaferneatigingswapen fan it Keizerryk.
De ynformaasje wurdt trochjûn oan Organa syn oannommen dochter, prinsesse Leia, dy't yn 'e Tantive IV, mei Antilles as kaptein, útpykt rjochting har thúswrâld Alderaan, dêr't har heit de blaudrukken trochspylje kin oan 'e lieding fan it Rebelleferbûn. Leia jout Antilles letter opdracht om fan 'e koers ôf te wiken nei de planeet Tatooine, dêr't se de âlde Jedi-master Obi-Wan Kenobi hopet te rekrutearjen foar it Rebelleferbûn.
Yn A New Hope
bewurkje seksjeOan it begjin fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy, wurdt de Tantive IV by Tatooine efterhelle troch in stjerreslachskip ûnder lieding fan Darth Vader, de neiste hantlanger fan keizer Palpatine, dy't de korvet troch syn stoarmtroepers interje lit. De wjerstân fan 'e soldaten fan 'e Alderaanske Konsulêre Wacht wurdt gau de kop yndrukt, en Antilles en syn mannen wurde, ynsafier't se de striid oerlibbe hawwe, finzen nommen. By ûnderfreging troch Darth Vader hâldt Antilles fol dat de Tantive IV in konsulêr skip op in diplomatike misje is. Vader smoart him dêrop mei de Krêft oant er it bestjert.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |