Korvet
In korvet is in lyts type oarlochsskip. It is tradisjoneel de lytste klasse fan oarlochsskippen dy't de status fan skip hawwe. Yn dat ferbân wie de korvet histoarysk in slach lytser as it fregat en in slach grutter as de oarlochssloep. Hjoeddeistige skipstypen dy't lytser binne as in korvet, binne kustpatrûljeboaten, raketboaten en flugge-oanfalsboaten. Korvetten wurde hjoed de dei ornearre tusken 500 en 2.000 ton te weagjen. Guon resinte ûntwerpen fan hast 3.000 ton, dat eins fregatten binne, wurde soms om politike redens ek wol oantsjut as korvetten. Etymologysk komt it wurdt 'korvet' fan it Midfrânske corvette, in ferlytsingsfoarm fan it Nederlânske lienwurd korf ("koer"), dat oarspronklik fan it Latynske corbis (mei deselde betsjutting) komt.
Skiednis
bewurkje seksjeYn it sylfearttiidrek (16e oant 19e iuw) wie de korvet in type oarlochsskip dat mar kwealk grutter wie as de oarlochssloep, en dat mar ien geskutdek hie. Korvetten waarden yn dy tiid brûkt as patrûljeskippen en, yn oarlochssitewaasjes, foar it ûnderstypjen fan gruttere oarlochsskippen. De earste skippen dy't korvetten neamd waarden, waarden koart nei 1670 yn gebrûk nommen troch de Frânske Marine. Meitiid groeiden de Frânske korvetten út ta skippen mei tweintich kanonnen, dy't min ofte mear ekwifalint wiene oan Britske postskippen. De Britske Keninklike Marine begûn de term 'korvet' pas yn 'e 1830-er jierren te brûken.
De korvet yn syn modern foarm waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch ûntwikkele as in maklik te bouwen oarlochsskip foar patrûljes en ek foar it begelieden fan konfoaien keapfardijskippen, ûnder mear oer de Noardlike Iissee nei de Russyske havenstêd Moermansk, op it Kola-skiereilân. Sokke skippen wiene seeweardich en manûvrearber, mar de libbensomstannichheden oan board wiene op lange reizen oer de oseaan abominabel. De skippen wiene eins net boud foar konfoaibegelieding, mei't se te lichtbewapene wiene foar beskerming tsjin loftoanfallen en te traach wiene foar beskerming tsjin dûkboaten. Oan 'e ein fan 'e oarloch waarden de Britske korvetten dan ek ferfongen troch fregatten.
Hjoeddeistige sitewaasje
bewurkje seksjeLannen dy't anno 2019 noch korvetten yn aktive marinetsjinst hawwe, binne û.m. Argentynje, Bangladesj, Brazylje, Bulgarije, Dútslân, Egypte, de Filipinen, Yndia, Yndoneezje, Iraan, Israel, Itaalje, Maleizje, Noarwegen, Pakistan, Poalen, Portegal, Roemeenje, Ruslân, Sina, Singapoer, Súd-Koreä, Sweden en Turkije. De Keninklike Marine fan Nederlân brûkte tusken 1954 en 1984 korvetten (formeel omskreaun as 'lytse fregatten') fan 'e Roofdierklasse foar patrûljetaken op 'e Noardsee. Korvetten binne benammen geskikt as patrûljeskippen yn binnenseeën, lykas de Eastsee, de Swarte See, de Adriatyske See, de Reade See, de Perzyske Golf en de seeën tusken de eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel.
Korvetkaptein
bewurkje seksjeGuon marines (lykas dy fan Argentynje, Belgje, Dútslân, Frankryk, Itaalje, Kroaasje, Sily en Spanje) kenne de militêre rang fan korvetkaptein (Frânsk: capitaine de corvette; Dútsk: Korvettenkapitän; Italjaansk: capitano di corvetta). Dat is in rang dy't oerienkomt mei dy fan majoar by de lânstriidkrêften. De ekwifalinte rang by de Nederlânske Keninklike Marine is luitenant-op-see 1e klasse.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|