Watto (útspr.: [ˈwɔtoʊ], likernôch: "ûot-too") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is sjegrinige, ynklauwerige (bûtenierdske) Toydariaan en de útbater fan in winkel yn twaddehâns technologysk guod. Ek is er de eigner fan 'e slavejonge Anakin Skywalker en syn mem Shmi. Watto waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard folslein makke troch it gebrûk fan fisuele effekten, wylst syn dialooch ynsprutsen waard troch stimakteur Andy Secombe. Watto soarge nei de premiêre fan 'e film foar wat kontroverse om't er "in antysemitysk stereotype" wêze soe.

Watto
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Toydariaan
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt hanneler yn twaddehâns
   technologysk guod
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Anakin Skywalker
Shmi Skywalker
Padmé Amidala
Qui-Gon Jinn
Cliegg Lars
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

It uterlik fan Watto waard troch ûntwerper Doug Chiang gearstald út ferskate ûnderdielen fan eardere ûntwerpen fan mooglike bûtenierdske wêzens, wêrûnder in grou pappegaai-eftich wêzen fan Terryl Whitlatch, in fjouwerearmich wêzen mei in sigaar fan Iain Craig en in nea brûkt ûntwerp foar in Neimoïde troch Chiang sels mei in slurfke en bryk steande tosken. Dêr foege er de wjukken fan in kolibry en in arkgurdle om 'e mul oan ta. Doe't er it oan George Lucas sjen liet, frege dy him om swimfluezzen tusken de teannen ta te foegjen, wêrnei't er it goedkarde.

Yn The Phantom Menace

bewurkje seksje

Watto waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Dêryn libbet er yn 'e delsetting Mos Espa, op 'e planeet Tatooine, dêr't Toydarianen lykas hy net lânseigen binne. Hy is de eigner fan in winkel yn twaddehâns guod, benammen technologyske ûnderdielen, en fan 'e slavejonge Anakin Skywalker en syn mem Shmi. Watto wurdt yn 'e film ôfskildere as in ynklauwerich stik sjegryn mei in gokferslaving.

Under de Nabookrisis reizget keninginne Padmé Amidala fan Naboo fan har thúswrâld, dy't beset is troch de Hannelsfederaasje, nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant om dêr stipe te sykjen by de Galaktyske Senaat en kânselier Finis Valorum. By it trochbrekken fan 'e blokkade dy't de Hannelsfederaasje om Naboo hinne ynsteld hat, rint it romteskip fan 'e keninginne lykwols averij op, sadat in tuskenstop op Tatooine nedich is. De Jedi-master Qui-Gon Jinn, dy't yn it gefolch fan Padmé reizget, giet der mei de knoffelige Gungaan Jar Jar Binks, de androïde R2-D2 en wat er mient dat in hofdame fan 'e keninginne is (mar eins Padmé sels is) op út om in ferfangend ûnderdiel foar it romteskip te sykjen.

Hja bedarje yn Mos Espa yn 'e winkel fan Watto, dêr't Qui-Gon ûntdekt dat Toydarianen ymmún binne foar de 'ferstânstrúk fan 'e Jedi', in technyk wêrmei't se ornaris maklik lju oertsjûgje kinne fan harren gelyk. Qui-Gon besiket dat tsjin Watto te brûken, mei't er de priis net opbringe kin dy't de keapman freget foar it ûnderdiel dêr't er ferlet fan hat. Wylst er him beriedt oer wat no, wurdt Qui-Gon de njoggenjierrige Anakin gewaar. Hy merkt daliks dat dy tige 'sterk yn de Krêft' is, en in bloedtest bringt oan it ljocht dat syn nivo fan 'midi-glorianen', in mjitte fan Krêftpontinsjeel, it heechste is dat ea metten is. Qui-Gon rekket derfan oertsjûge dat Anakin de 'Utkarde' is, dêr't de âlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje.

As Qui-Gon foar it ferstân kriget dat Watto in gokker is dy't geregeldwei weddenskippen ôfslút op 'e útkomst fan saneamde podraces, dêr't er Anakin oan meidwaan lit, sjocht er in manear om twa miggen yn ien klap te slaan. De Boontajûnklassiker, in wichtige podrace, is oansteande. Qui-Gon stelt in weddenskip mei Watto foar: as Anakin wint, kriget er it ûnderdiel foar syn romteskip, dêr't er ferlet fan hat, fergees, en mei er boppedat Anakin meinimme om him te trainen as in Jedi. As Anakin ferliest, kriget Watto it hiele romteskip fan 'e keninginne fan Naboo. Watto giet akkoart, mei't de Dug Sebulba oan 'e race meidocht, yn wa't er mear fertrouwen hat as yn Anakin.

Yn 'e race wit Anakin it lykwols tsjin alle ferwachtings yn te winnen fan Sebulba. Neitiid is Watto alhiel opsternaat en hâldt er út dat Qui-Gon him bedragen hat, al wit er net krekt hoe. As Qui-Gon foarstelt en lis harren skeel foar oan 'e Hutts, dy't op Tatooine foar master opslane, bynt Watto lykwols gau yn en draacht er it ûnderdiel en Anakin oan 'e Jedi oer.

Yn Attack of the Clones

bewurkje seksje

Yn 'e ferfolchfilm Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), dy't tsien jier nei de foarfallen yn The Phantom Menace spilet, keart de no folwoeksen Anakin werom nei Tatooine om syn mem Shmi te sykjen. Hy hat Padmé op sleeptou, dy't er eins as liifwacht beskermje moat, mar op wa't er yn it geheim fereale rekke is. Yn Mos Espa treffe hja Watto by syn winkel. Anakin en syn eardere eigner begroetsje inoar min ofte mear freonskiplik, wêrnei't Watto fertelt dat Shmi in stikmannich jierren lyn frijkocht is troch de boer Cliegg Lars, mei wa't se neitiid troud is. Op fersyk fan Anakin siket er yn syn boekhâlding it krekte wenplak fan Lars op.

Oare ferskinings

bewurkje seksje

Yn oare ûnderdielen fan 'e Star Wars-franchise, lykas romans en strips, wurdt de eftergrûn fan Watto fierder beljochte. Sa wurdt dêryn ferhelle oer syn jonkheid op syn thúswrâld Toydaria, de reden wêrom't er him op Tatooine fêstige (hy wie in oarlochsflechtling) en hoe't er syn talint foar hannel fierder oanskerpe hat troch by de Jawa's yn 'e lear te gean. Yn (it sûnt 2014 net mear as kanonyk beskôge) stripalbum Star Wars: Visionaries wurdt Watto deade troch de Sith Darth Maul wannear't dy op Tatooine syn âlde fijân Obi-Wan Kenobi op it spoar is.

Nei de premiêre fan Star Wars: Episode I – The Phantom Menace yn 1999 ûntstie der wat kontroverse om it figuer fan Watto hinne fanwegen de oerienkomsten dy't guon kritisy seagen tusken him en de stereotype Joad. Dy wurdt nammers foarsteld mei in grutte kromme noas, kraaleagen en in suterich burd, en teffens as tige ynklauwerich, allegear eigenskippen dy't ek fan tapassing wiene op Watto. J. Hoberman neamde him yn The Village Voice "it meast skamteleaze etnyske stereotype" fanwegen de kromme noas, hoewol't Watto eins gjin kromme noas hat mar in slurfke. Yn it tydskrift Slate skreau Bruce Gottlieb dat Watto as slave-eigner it antysemityske idee fersprate dat "it Joadske ras efter de slavehannel sit". Yn The Nation neamde Patricia J. Williams it personaazje Watto "alomfetsjend antysemitysk – sawol anty-Arabysk as anty-Joadsk."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono