Cliegg Lars
Cliegg Lars (útspr.: [ˈkliːɡ ˈlɑːɹz], likernôch: "kliik laarz") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in boer op 'e planeet Tatooine, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). De rol fan Cliegg waard fertolke troch akteur Jack Thompson.
Cliegg Lars personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske (Tatooinysk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | boer | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Owen Lars Shmi Skywalker Beru Lars | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2002 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeCliegg Lars wurdt berne op 'e planeet Tatooine, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel, as de soan fan Lef en Gredda Lars. Hy hat in broer dy't Edern hjit, mar dy komt mei fjirtjin jier om by in ûngemak mei in lânglider. As Cliegg folwoeksen wurdt, nimt er de pleats fan syn âldelju oer yn 'e neite fan 'e delsetting Anchorhead en wurdt er fochtboer, lykas syn heit foar him. Hy trout mei in frommeske dat Aika hjit en kriget mei har in soan, dy't se Owen neame. Likernôch fyftjin jier letter komt Aika te ferstjerren en wurdt Cliegg widner.
Inkele jierren letter komt Cliegg by in besyk oan 'e delsetting Mos Espa yn 'e kunde mei de slavinne Shmi Skywalker, dy't yn 'e winkel wurket fan Watto, in Toydariaanske keapman yn twaddehâns technologyske ûnderdielen. Hja reitsje fereale en Cliegg keapet har frij, wêrnei't se trouwe. Fia Shmi moetet Cliegg syn soan Owen syn lettere frou Beru Whitesun, dy't mei Shmi befreone is.
In jier as sân, acht nei't sy en Cliegg troud binne, wurdt Shmi op in dei ûntfierd by in oerfal troch in groep Tusken-kapers. Cliegg sammelet in kloft fan tritich boeren en set ôf de woastyn yn om syn wiif te rêden. Hja rinne lykwols yn in mûklaach fan 'e Tusken-kapers en der keare mar fjouwer fan harren libben werom. Cliegg is ien fan dy fjouwer; hy ferliest by it treffen in skonk, wat fierdere sykaksjes fan him behinderet. As de Jedi Anakin Skywalker by him oan 'e doar ferskynt, dy't de foarsoan fan Shmi is, fertelt Cliegg him dat it gjin sin mear hat om efter syn mem oan te gean, mei't har ferdwining no in moanne lyn is.
Anakin slacht de goerie fan syn styfheit yn 'e wyn. Troch oanwizings dy't er fan guon Jawa's kriget en syn fermogens as Jedi wit er syn mem yndie op te spoaren, mar tsjin dy tiid is Shmi sa slim mishannele, dat se yn syn earm ferstjert. Yn razernij rûget Anakin de hiele clan Tusken-kapers út dy't foar de dea fan syn mem ferantwurdlik is, de froulju en bern ynbegrepen, wat in grutte stap is op syn delgong nei de tsjustere kant fan de Krêft. Neitiid nimt er it stoflik omskot fan syn mem mei nei de pleats fan 'e famylje Lars, dêr't Shmi begroeven wurdt njonken Cliegg syn âlden en broer.
Koarte tiid letter komt Cliegg Lars te ferstjerren, mei't er troch it ferlies fan Shmi de wil om te libjen kwytrekke is. Syn pleats giet dêrnei oer op Owen en Beru.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |