Sabine Wren is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja is in lid fan it Rebelleferbûn yn de boargeroarloch tsjin it Galaktysk Keizerryk en ien fan 'e haadpersoanen út 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018). De geastlike heit fan it personaazje wie Dave Filoni, de betinker fan 'e searje, dy't har nei eigen sizzen ferneamde nei de Sabynske fammen út 'e Romeinske skiednis. De rol fan Sabine waard ynsprutsen troch stimaktrise Tiya Sircar. Yn 'e live-action-tillefyzjesearje Ahsoka waard de rol fan Sabine spile troch aktrise Natasha Liu Bordizzo.

Sabine Wren
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske (Mandaloriaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt rebel
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Kanan Jarrus
Hera Syndulla
Ezra Bridger
Ahsoka Tano
geastlike heit Dave Filoni
ûntstean 2014

Fiktive biografy bewurkje seksje

Sabine Wren is in minsklike frou fan it folk fan 'e Mandalorianen, dy't hikke en tein is op 'e planeet Mandalore yn 'e lêste jierren fan 'e Galaktyske Republyk. Hja is in lid fan Clan Wren fan it Hûs Vizsla. Har mem Ursa Wren, is it haad fan Clan Wren en as lid fan 'e terroristyske Deadewacht in swarde fijân fan 'e regearjende hartoginne Satine Kryze.

Nei de steatsgreep fan kânselier Palpatine, wêrby't dyselde de Republyk ûnder fuotten hellet en ferfangt troch it Galaktysk Keizerryk mei himsels as autokratysk hearskjend keizer, giet Sabine nei de Keizerlike Akademy fan Mandalore. Dêr ûntwerpt se nije wapens, wêrfan't se, nayf genôch, ferwachtet dat dy brûkt wurde sille om 'e frede yn it Stjerrestelsel te bewarjen. As har wapenreau ynstee tsjin 'e Mandalorianen sels ynset wurdt, giet se, tramtearre troch skuldgefoelens, yn ballingskip, wêrnei't se op har thúswrâld as in ferriedster beskôge wurdt troch sawol de Keizerlike autoriteiten as har eigen mem.

Neitiid fertsjinnet Sabine de kost as preemjejagerinne, wêrby't se gearwurket mei har freondinne Ketsu Onyo, oant dyselde op in stuit sa ynklauwerich wurdt dat se Sabine oanfalt foar har part fan in koarby ine preemje. Ketsu lit de bestellen en ferwûne Sabine foar dea efter. Op har sechstjinde jout Sabine har op 'e planeet Lothal, dêrta oanset troch de bloedige ûnderdrukking fan 'e Mandalorianen troch de Keizerlike autoriteiten, by de rebellegroep fan 'e Twi'lek Hera Syndulla, dy't in âld frachtskip, de Ghost, as mobile basis brûkt. As lid fan 'e bemanning fan 'e Ghost rekket se goed befreone mei Hera, de Jedi-ridder Kanan Jarrus, dy syn padawan Ezra Bridger, de Lasat-kriger Garazeb Orrelios en de robot C1-10P, byneamd Chopper.

Mei de oare leden fan har groep, dy't him op in stuit oanslút by it bredere Rebelleferbûn, fiert Sabine in grut tal fersetsdieden tsjin it Keizerryk út. Hja is tige keunstsinnich en har keunstwurken komme in wichtige boarne fan ynspiraasje te foarmjen foar de oare rebellen. As se yn 2 f.Sl.Y. op jacht is nei de gangster en eardere Sith-ridder Darth Maul, fynt Sabine op 'e planeet Dathomir de Dûnkersabel werom, in ljochtsabel dy't in tradisjoneel erfstik fan 'e hearsker fan Mandalore is. Hoewol't se dêr earst neat mei te krijen hawwe wol, betinkt se har nei't Kanan en de Mandaloriaan Fenn Rau op har ynpraat hawwe. Dy beiden wolle dat sy de Dûnkersabel opnimt, sadat se de Mandalorianen ferienje en harren yn in opstân tsjin it Keizerryk liede kin.

Sabine keart dêrop werom nei Mandalore, dêr't se har famylje derfan oertsjûget dat de Mandalorianen troch de Keizerlike autoriteiten ferret binne. Ek is se belutsen by de eliminaasje fan Gar Saxon, de Keizerlike ûnderkening fan Mandalore. Nei't se Clan Wren holpen hat yn 'e dêropfolgjende Mandaloriaanske Boargeroarloch, giet Sabine werom nei Lothal om har wer by it Rebelleferbûn te jaan. Om dyselde snuorje hinne komt Kanan om, mar it slagget Sabine en de oare leden fan 'e bemanning fan 'e Ghost om Lothal te befrijen fan 'e Keizerlike oerhearsking. De priis fan 'e oerwinning is lykwols heech as Ezra by de klimaktyske konfrontaasje mei de Keizerlike grutadmiraal Thrawn spoarleas mei it stjerreslachskip de Chimaera yn 'e hyperromte weiwurdt. Nei de definitive fal fan it Galaktysk Keizerryk troch de nederlaach yn 'e Slach by Jakku sette Sabine en de eardere Jedi-ridder Ahsoka Tano ôf op in syktocht om harren freon Ezra te finen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono