Boba Fett is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, betocht troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Mandaloriaanske preemjejager klaaid yn in metalen wapenris "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Boba Fett ferskynde foar it earst yn 'e Star Wars Holiday Special (1978), mar waard it bekendst út 'e films Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Yn dy lêste film falt er yn 'e sarlacc en liket dêrmei oan syn ein te kommen, mar út lettere wurken fan 'e Star Wars-franchise docht bliken dat er it oerlibbet. Yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) komt syn oarsprong oan it ljocht as kloan en oannommen soan fan Jango Fett, in oare Mandaloriaanske preemjejager. Yn 2021 kaam de live-actiontillefyzjesearje The Book of Boba Fett, dy't om him draait, beskikber fia de streamingtsjinst Disney+.

Boba Fett
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Mandaloriaan)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt preemjejager
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Jango Fett
Jabba de Hutt
Han Solo
Darth Vader
Din Djarin
attributen wapenris
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1978

Untwikkeling

bewurkje seksje

Star Wars-betinker George Lucas skoep it personaazje Boba Fett yn april 1978, doe't er wurke oan 'e earste ferzje fan it senario fan 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back. Boba Fett moast gau in fêste foarm krije, om't Lucas dermei ynstimd hie dat it personaazje yn it neijier fan 1978 in rol spylje soe yn 'e Star Wars Holiday Special. Hy griep dêrfoar werom op syn iere ideeën foar in oar Star Wars-personaazje, Darth Vader, dy't oarspronklik mear in lossleine preemjejager wurde moatten hie. Doe't er letter stal krige as in soarte fan swarte ridder, ferlear er de skaaimerken fan in preemjejager. Dy wiene sadwaande beskikber om oernommen te wurden troch Boba Fett, dat yn 'e wurden fan Lucas "in like gemien" mar "minder opfallend" personaazje waard. Lucas helle datoangeande in diel fan syn ynspiraasje út it personaazje fan 'e Man sûnder Namme (spile troch Clint Eastwood) út 'e Dollars-trilogy fan westernfilms fan Sergio Leone.

Artdirector Norman Reynolds en syn meiwurkers ûntwurpen de ikoanyske lichems- en gesichtsbedekkende wapenris en helm fan Boba Fett, dy't oarspronklik bedoeld west hie foar 'supertroepers'. Yn 't earstoan wie de wapenris hielendal wyt, mar dêr wie men net tefreden oer. Uteinlik kriget er in grize kleur, wêrmei't Boba Fett tusken de stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk, yn harren wite wapenrissen, en de yn it swart klaaide Darth Vader yn pleatst waard. De grize kleur hie it bykommend foardiel dat dy ek de dizenige noarmen en wearden fan it personaazje wjerspegele. Boba Fett waard yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi spile troch Jeremy Bulloch, dy't foar de rol cast waard op basis fan it feit dat de wapenris fan Boba Fett him paste as wied er foar him makke. De stim fan Boba Fett waard lykwols ynsprutsen troch Jason Wingreen.

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Star Wars Holiday Special

bewurkje seksje

Boba Fett waard yn 1978 yntrodusearre yn it animearre segmint fan 'e Star Wars Holiday Special, ynsprutsen troch Don Francks. Dêryn dûkt er op as in mysterieus figuer dat Luke Skywalker, de Wookiee Chewbacca en de androïden R2-D2 en C-3PO rêdt fan in meunster. Neitiid blykt er lykwols in preemjejager te wêzen yn 'e tsjinst fan 'e Darth Vader, de foarnaamste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine.

Oarspronklike Star Wars-trilogy

bewurkje seksje

Op it wite doek makke Boba Fett syn debút yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), it twadde diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983). Dêryn is er ien fan seis preemjejagers oan wa't troch Darth Vader in rynske beleanning ûnthjitten wurdt as se de bemanning fan it romteskip de Millennium Falcon opspoare en/of finzen nimme kinne. Fett is de iennichste fan it sekstet dy't súkses hat; hy wit út te figelearjen wêr't de Millennium Falcon wêze moat en folget it skip nei de Stêd yn 'e Wolkens, op 'e planeet Bespin, dêr't Vader troch de ynformaasje dy't er fan Fett kriget in falstrik opsette kin foar de bemanning. Sa wit er Han Solo, Chewbacca, prinsesse Leia en de androïde C-3PO yn 'e hannen te krijen.

Vader lit Han martelje en dêrnei ynfrieze yn (de fiktive stof) karbonyt, om te testen oft er op dy wize súksesfol immen finzen hâlde kin (hy is ntl. fan doel om itselde mei de jonge Jedi Luke Skywalker te dwaan). Mei't er fierders gjin belang mear by de beferzen Han hat, jout er him oan 'e Boba Fett. Dyselde nimt Han yn syn romteskip, de Slave I, mei nei de planeet Tatooine, dêr't er him ôfleveret by de gangster Jabba de Hutt. Dy hat Han nammentlik in hege preemje op 'e holle set om't Han, dy't smokkelder is, (foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope troch oermacht) in lading smokkelwaar fan him kwytrekke is.

De film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) begjint mei in sekwinsje fan sênes wêryn't de freonen fan Han Solo him besykje te befrijen. Earst komme de androïden R2-D2 en C-3PO by it haadkertier anneks paleis fan Jabba de Hutt oan 'e doar, letter folge troch prinsesse Leia yn 'e momkape fan in preemjejager dy't Bloushh hjit mei in 'finzen nommen' Chewbacca op sleeptou, en úteinlik ferskynt de Jedi Luke Skywalker op it toaniel. Boba Fett hat him yn dy sênes om ûndúdlike redens by it gefolch fan Jabba jûn. Mooglik is er troch de gangster as hierling ynhierd, want hy hâldt en draacht him as in soarte fan liifwacht. As 'Bloushh' Jabba bedriget mei in termale detonator, rjochtet Fett syn ploffer op har. Fett is in stille taskôger by de finzenname fan Leia troch Jabba, nei't se harsels ferret hat troch Han Solo te ûntteien út it karbonyt, en by it gefjocht fan Luke mei Jabba syn reuseftige húsdier, in rancor. De remastere special edition fan Return of the Jedi, út 1997, befettet in ekstra sêne wêryn't Fett it besiket oan te lizzen mei ien fan Jabba syn Twi'lek-dûnseressen.

As Jabba neitiid Luke, Han en Chewbacca ta de deastraf feroardielet troch oan in sarlacc opfuorre te wurden, reizget Fett mei Jabba-en-dy op it swevende plezierjacht fan 'e gangster nei it Grutte Gat fan Carkoon, in lokaasje yn 'e woastyn fan Tatooine dêr't de sarlacc libbet. Op dat plak arrivearre, docht lykwols bliken dat Lando Calrissian, in oare freon fan Han, mei súkses as in liifwacht de entoeraazje fan Jabba ynfiltrearre hat, wylst R2-D2 yn syn binnenste Luke syn ljochtsabel ferburgen hat, dy't er Luke op in beslissend momint tasmyt. De finzenen komme yn opstân en meitsje koart wurk fan Jabba syn trewanten, wylst prinsesse Leia, dy't klaaid yn in metalen bikiny as slavinne mei in keatling oan 'e troan fan Jabba fêstlein is, Jabba ombringt troch him te smoaren mei it keatling. As de slaanderij begjint, fljocht Fett, dy't tarist is mei in jetpack, nei de finzenen ta en bynt de striid oan mei Luke. Chewbacca warskôget Han, dy't noch blyn is nei in jier yn karbonyt beferzen west te hawwen, dat Fett deunby is. Han skuort himsels skrokken yn 'e rûnte om Fett te sykjen en rekket by fersin Fett syn jetpack, dy't stikken giet. Dêrtroch rekket Fett stjoerleas en knoffelet er yn 'e mûle fan 'e sarlacc.

Yn 'e remastere special edition út 1997 fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) waard in earder fuortknipte sêne tafoege wêryn't Han en Jabba inoar moetsje foar't Han en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon mei Obi-Wan Kenobi en Luke Skywalker as passazjiers ôfsette nei de planeet Alderaan. Yn dy sêne is op 'e eftergrûn hiel koart Boba Fett ek eefkes te sjen. Op it stuit dat dy film makke waard, bestie it personaazje noch net iens, dat it waard foar de edysje fan 1997 mei fisuele effekten op 'e filme bylden út 1976 plakt.

Star Wars-prequeltrilogy

bewurkje seksje

Yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), it twadde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005), is Boba Fett as jonkje te sjen (spile troch Daniel Logan). Dêrby komt oan it ljocht dat er eins in kloan en de oannommen soan is fan 'e Mandaloriaanske preemjejager Jango Fett. Dyselde tsjinnet op 'e planeet Kamino as it sjabloan foar de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk, en as ûnderdiel fan syn priis dêrfoar hat er de kreaasje fan Boba betinge. Boba helpt syn heit om te ûntkommen oan 'e Jedi Obi-Wan Kenobi en beselsskippet him nei de planeet Geonosis, dêr't er tsjûge is fan syn heite dea as er yn it earste militêr treffen fan 'e Kloane-oarloggen mei de ljochtsabel ûnthalze wurdt troch de Jedi-master Mace Windu. Oan 'e ein fan 'e film is te sjen hoe't Boba Fett om it ferlies fan syn heit rouwet en syn heite helm opnimt, wêrmei't foarútwiisd wurdt nei syn eigen lettere karriêre as preemjejager yn syn heite wapenris.

Star Wars: Droids

bewurkje seksje

Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Droids (1985) wie it personaazje fan Boba Fett (krekt as yn 'e Star Wars Holiday Special ynsprutsen troch stimakteur Don Francks) te sjen yn 'e ôflevering A Race to the Finish. De searje spilet yn 'e ynterne gronology fan Star Wars foarôfgeande oan Star Wars: Episode IV – A New Hope, mar waard nei de oername fan filmstudio Lucasfilm troch The Walt Disney Company yn 2012 út 'e kanon fan 'e mediafranchise skrast. Yn A Race to the Finish wurdt Boba Fett ynhierd om wraak te nimmen tsjin 'e eigners fan 'e androïden R2-D2 en C-3PO, mar as dat net slagget, nimt er der genoegen mei om syn opdrachtjouwers út te leverjen oan Jabba de Hutt.

Star Wars: The Clone Wars

bewurkje seksje

Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) ferskynt de jonge Boba Fett yn 'e beide lêste ôfleverings fan seizoen 2, R2 Come Home en Lethal Trackdown. Dêryn ynfiltrearret er it romteskip fan 'e Jedi-master Mace Windu, dy't syn heit Jango Fett deade hat, en besiket dyselde te fermoardzjen. As dat net slagget, sabotearret er it romteskip en lit it delstoarte op in planeet. Hy en de preemjejagers dy't syn meistanners binne, nimme dan leden fan 'e bemanning yn gizeling om Mace Windu nei harren ta te lokjen. Fett komt sekuer foar om geweld tsjin syn mei-kloanen te brûken, mar syn mentor Aurra Sing hat net sokke skrupules en fermoardet Windu syn ûnderbefelhawwer. Uteinlik wurde Fett-en-dy opspoard troch Plo Koon en Ahsoka Tano. Fett bedarret yn it tichthûs op Coruscant, dêr't er spyt betsjûget foar de deaden en ferwûnen dy't syn aksjes (mei) feroarsake hawwe, mar tagelyk swart dat er net rêste sil ear't er Mace Windu deamakke hat.

Yn 'e ôflevering Deception, út seizoen 4, ûntsnapt Boba Fett út it tichthûs, wêrnei't er in eigen preemjejagerienheid oprjochtet, dy't Krayts Klau komt te hjitten. Yn 'e ôflevering Bounty wurdt Krayts Klau ynhierd om in pakket ôf te leverjen oan in diktator. As de preemjejagers ûntdekke dat it pakket eins in jonge frou befettet dy't bestimd is foar in twongen houlik mei de tiran, lit har lot Boba Fett kâld en wol er de opdracht gewoan útfiere. Dat is lykwols bûten de tsjustere Jedi Asajj Ventress rekkene, dy't in tydlik lid fan Krayts Klau is. Alhiel breinroer smoart se Fett mei de Krêft, bynt him fêst en knevelet him en stoppet him dan yn it krat om yn it stee fan 'e jonge frou by de perpleks steande diktator besoarge te wurden.

The Mandalorian

bewurkje seksje

De earste hint foar de oanwêzigens fan it personaazje Boba Fett yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian (fan 2019 ôf) kaam oan 'e ein fan 'e ôflevering Chapter 5: The Gunslinger, út it earste seizoen, dy't einiget as op 'e planeet Tatooine in mysterieus figuer yn learzens en wat in cape liket te wêzen, tarint op it deade of bewusteleaze lichem fan 'e hiermoardneresse Fennec Shand. Yn maaie 2020 waard bekendmakke dat de Nijseelânske akteur Temuera Morrison yn it twadde seizoen fan The Mandalorian meispylje soe as Boba Fett. Mei't The Mandlorian fiif jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi spilet, waard dêrmei dúdlik dat Fett syn fal yn 'e sarlacc oerlibbe hawwe moast.

Hy doek fuortendaliks op yn 'e earste ôflevering fan seizoen 2, Chapter 9: The Marshal, wêryn't útlein waard dat de wapenris fan Boba Fett út 'e sarlacc burgen wie troch Jawa's, dy't it ding neitiid ferkocht hiene oan Cobb Vanth (in personaazje dat earder yntrodusearre wie yn 'e Star Wars: Aftermath-romantrilogy). Dyselde hie de wapenris brûkt om it doarp Mos Pelgo op Tatooine te beskermjen tsjin ferskate bedrigings. Yn Chapter 9: The Marshal draacht Vanth de wapenris úteinlik oer oan 'e Mandaloriaan út 'e searjetitel, in preemjejager dy't Din Djarin hjit, om't er it ding weromjaan wol oan 'e Mandalorianen, dy't it makke hawwe. As Djarin ôfset mei de wapenris, wurdt er út 'e fierte wei yn 'e rekken holden troch in mei groeden oerdutsen Boba Fett.

De earste folslein ferskining fan Boba Fett yn The Mandalorian wie yn Chapter 14: The Tragedy. Yn dy ôflevering wurdt útlein dat Fennec Shand yn Chapter 5: The Gunslinger noch libbe, mar dat se libbensgefaarlik ferwûne wie. Hja bettere op troch fersoarging troch Boba Fett, oan wa't se neitiid in libbensskuld ôfbetelje moast. Fett en syn nije partner Fennec folgje Djarin nei de planeet Tython, dêr't se him oansprekke. Fett leit út dat de wapenris sines is, urven fan syn heit Jango, en dat er it ding weromhawwe wol. Yn ruil dêrfoar biedt er oan om 'e feilichheid fan Grogu te garandearjen, in jong bûtenierdsk bern dêr't de restanten fan it Galaktysk Keizerryk it op foarsjoen hawwe, mar dat Djarin adoptearre hat as syn soan.

As de stoarmtroepers fan moff Gideon de groep oanfalle, docht Fett syn wapenris oan en slacht dan it meastepart fan 'e soldaten dea. Nettsjinsteande dat wurdt Grogu úteinlik dochs troch Gideon syn trewanten ûntfierd. Dêrop hâldt Fett út dat hy en Fennec by Djarin yn 'e skuld bliuwe sille oant Grogu rêden is. Neitiid stypje se syn krewearjen om it bern frij te krijen yn Chapter 15: The Believer en Chapter 16: The Rescue, wêryn't Fett toand wurdt yn in wapenris dy't himmele en op 'e nij ferve is. Yn Chapter 16: The Rescue rekket Fett deilis mei Bo-Katan Kryze, de eardere regearjend hartoginne fan harren thúswrâld Mandalore en ien fan 'e bûnsgenoaten dy't Djarin om him hinne sammele hat foar de rêdingsmisje. Sy fynt it omreden fan syn oarsprong as kloan in skande dat er in Mandaloriaanske wapenris draacht. Dochs witte se harren skeel oan 'e kant te setten foar Grogu.

Nei de rêding fan it bern fljocht Boba Fett mei Fennec Shand yn syn romteskip de Slave I de hyperromte yn en wurdt der neat mear fan him fernommen oant in sêne dy't folget nei de ôftiteling, wêryn't hy en Fennec weromkeare nei Tatooine en it haadkertier fan Jabba de Hutt silger binnenkringe. Fett fermoardet Bib Fortuna, Jabba syn majordomo, dy't sûnt Jabba syn dea de macht oernommen hat. Dêrnei plantet er himsels op 'e troan fan Jabba, wylst Fennec har njonken him opstelt.

The Book of Boba Fett

bewurkje seksje

The Book of Boba Fett (fan 2021 ôf) is in spin-offsearje fan The Mandalorian. Yn dizze searje wurde de aventoeren fan Boba Fett en Fennec Shand folge as se nei de (hjirboppe beskreaune) foarfallen yn it twadde seizoen fan The Mandalorian úteinsette mei de weropbou fan it misdiesyndikaat fan Jabba de Hutt op Tatooine.

Oare tillefyzjesearjes

bewurkje seksje

Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Bad Batch (fan 2021 ôf) komt yn 'e ôflevering Bounty Lost oan it ljocht dat de oarspronklike koadenamme fan Boba Fett as kloan "Alpha" wie, en dat Omega, in froulike kloan dy't har nei de opkomst fan it Galaktysk Keizerryk by Kloanienheid 99 jûn hat, eins in twadde ûnferoare replikaasje fan Jango Fett is, en dus Boba syn suster. Yn 'e animesearje Star Wars: Visions ferskynde Boba Fett (ynsprutsen troch Temuera Morrison) yn 'e twadde ôflevering, Tatooine Rhapsody.

Boba Fett waard nei syn ferskining yn 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy al rillegau ien fan 'e populêrdere personaazjes fan 'e franchise, en doek sadwaande neitiid ek yn gâns oare wurken op, fan strips en fideospultsjes oant romans. Nei't filmstudio Lucasfilm fan Star Wars-betinker George Lucas yn 2012 oernommen wie troch The Walt Disney Company, waard it meastepart fan dy oanfoljende wurken út 'e Star Wars-kanon retcond om't Disney foar de Star Wars-ferfolchtrilogy in hiele oare kant út woe mei de ferhaalline. Yn april 2014 waarden alle skraste ferhaallinen omneamd ta Star Wars Legends, "leginden", dy't dus net wier bard wiene.

Ien fan syn ynteressantste ferskinings fan Boba Fett yn 'e literatuer komt foar yn it koarte ferhaal A Barve Like That: The Tale of Boba Fett, fan Daniel Keys Moran ûnder it pseudonym J.D. Montgomery (ferskynd yn 'e ferhalebondel Tales from Jabba's Palace, út 1996, û. red. f. Kevin J. Anderson). Dêryn wurdt ferteld hoe't Fett yn 'e mage fan 'e sarlacc fan it Grutte Gat fan Carkoon fierhinne tsjin fertarring beskerme wurdt troch syn wapenris en hoe't er yn hallusinaasjes kommunisearret mei de sarlacc. Dy sprekt by him yn 'e holle mei de stim fan Susejo, in bûtenierdsk wêzen dat er fjouwertûzen jier earder ferslynd hat. Uteinlik lit Fett syn jetpack ûntploffe en brûkt er in skokgranaat om himsels út 'e sarlacc te befrijen. Yn it koarte ferhaal Payback: The Tale of Dengar fan Dave Wolverton, út deselde bondel, wurdt ferteld hoe't de preemjejager Dengar Boba Fett nei syn ûntsnapping út 'e sarlacc swierferwûne yn 'e woastyn fan Tatooine oantreft en him ferpleecht oan er opbetteret.

Letter moetet Fett de troch him oan Jabba de Hutt útlevere Han Solo yn it koarte ferhaal The Last One Standing: The Tale of Boba Fett, dat fyftjin jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi spilet. Noch in desennium letter fjochtsje Fett en Han Solo side oan side yn 'e roman The New Jedi Order: The Unifying Force (2003), wêryn't Fett en oare Mandalorianen in krúsjale rol spylje by it ferslaan fan 'e ynvaazje fan 'e Yuuzhan Vong, in ras fan bûtenierdske wêzens fan bûten it Stjerrestelsel. Yn 'e romansearje Legacy of the Force (2006-2008), dy't 35 jier nei Return of the Jedi spilet, wurdt Boba Fett troch Jaina, de dochter fan Han en prinsesse Leia, frege om har te trainen en te helpen har troch de tsjustere kant fan de Krêft korrumpearre twillingbroer Jacen te ferslaan.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

bewurkje seksje
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt, útsein in koart byld op 'e eftergrûn yn 'e special edition fan 1997)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back Jeremy Bulloch (fysyk), Jason Wingreen (stim)
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi Jeremy Bulloch (fysyk), personaazje hat gjin dialooch
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones Daniel Logan
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens
2016 Rogue One: A Star Wars Story
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono