Star Wars Holiday Special

De Star Wars Holiday Special is in Amerikaanske tillefyzjespecial út 1978 yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise. Neffens de spyldoer fan oardel oere rekkene, is it eins in tillefyzjefilm. De produksje stie ûnder rezjy fan Steve Binder, en hie yn 'e haadrollen Harrison Ford, Peter Mayhew, Patty Maloney en Mickey Morton. De titel betsjut "Feestdagespecial fan Star Wars". De plot giet alle kanten út en omfiemet sels in animearre segmint, mar yn 'e sintrale ferhaalline dy't alles byinoar hâldt, besykje Han Solo en syn freon, de Wookiee Chewbacca, op 'e tiid de planeet Kashyyyk te berikken, de thúswrâld fan 'e Wookiees, foar de fiering fan in hjeldei dy't Libbensdei hjit. Fertsjintwurdigers fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk sitte harren lykwols op 'e hakken.

Star Wars Holiday Special
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steve Binder
produsint Joe Layton
Jeff Starsh
Ken Welch
Mitzie Welch
útfierend
   produsint
Gary Smith
Dwight Hemion
senario Pat Proft
Leonard Ripps
Bruce Vilanch
Rod Warren
Mitzie Welch
George Lucas (tekenfilm)
basearre op Star Wars fan George Lucas
muzyk Ian Fraser (soundtrack)
John Williams (Star Wars-tema)
Ken Welch (lieten)
Mitzie Welch (lieten)
filmstudio Smith-Hemion Productions
Winters Hollywood
Entertainment Holdings Corp.
The Star Wars Corporation
20th Century Fox Television
Nelvana (animearre segmint)
distribúsje 20th Century Fox Television
spilers
haadrollen Harrison Ford
Peter Mayhew
Patty Maloney
Mickey Morton
byrollen Mark Hamill
Carrie Fisher
Anthony Daniels
James Earl Jones
Art Carney
Beatrice Arthur
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 17 novimber 1978
foarm tillefyzjespecial
sjenre science fiction
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
filmsearje
filmsearje Star Wars
● foarich diel Star Wars: Episode IV – A
   New Hope
● folgjend diel Star Wars: Episode V – The
   Empire Strikes Back

De foarfallen út 'e Star Wars Holiday Special binne yn 'e ynterne gronology fan 'e Star Wars-franchise pleatst tusken de films Star Wars: Episode IV – A New Hope en Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back yn. De special waard op 17 novimber 1978, yn it ramt fan Thanksgiving en de oankommende kryst, útstjoerd troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS. De special is berucht om 'e ekstreem negative resinsjes dy't er krige fan sawol de tillefyzjekritisy as de fans fan Star Wars. De Star Wars Holiday Special is dêrom neitiid nea wer útstjoerd en is ek nea útbrocht op VHS, dvd of blu-ray. Mei't de iennichste ferzjes yn omrin partikuliere opnamen binne fan 'e iennichste tillefyzje-útstjoering, dy't klandestyn ferhannele wurde, hat de special meitiid in wat legindaryske status krigen mank Star Wars-fans.

De smokkelder en rebel Han Solo reizget mei syn ko-piloat en freon, de Wookiee Chewbacca, yn harren romteskip de Millennium Falcon nei de planeet Kashyyyk, de thúswrâld fan 'e Wookiees, sadat Chewbacca de hjeldei Libbensdei yn it selskip fan syn famylje trochbringe kin. Nei't se ôfset binne fan Tatooine, wurde se efterfolge troch twa stjerreslachskippen fan 'e striidkrêften fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. Han wol omkeare, mar Chewbacca bepraat him om fierder te gean, en se ûntkomme troch nei de hyperromte te springen.

Underwilens wachtsje op Kashyyyk Chewbacca syn frou Malla (koart foar Mallatobuck), syn soan Lumpy (Lumpawarrump) en syn heit Itchy (Attichitcuk) syn oankomst senuweftich ôf wylst se yn harren wente heech yn 'e beammen risselwearje foar de fiering fan Libbensdei. As Lumpy ûnrêstich wurdt, lit syn pake Itchy him in fideo sjen fan in sirkusact (dy't yn syn gehiel yn 'e special opnommen is). As se de ôfwask fan it middeismiel oan kant hat en Chewbacca noch altyd net opdaagjen komme is, trochsiket Malla fia de kompjûter de neite fan Kashyyyk op romteskippen dy't Millennium Falcon hjitte, mar dat smyt gjin resultaten op. Dan nimt se kontakt op mei Luke Skywalker, dy't mei de robot R2-D2 oan syn X-wjukjager wurket. Hy kin har net fertelle wêr't Chewbacca en Han úthingje, mar hy besiket hat gerêst te stellen dat harren lettens nei alle gedachten neat te betsjutten hat.

Dêrop siket Malla kontakt mei Saun Dann, in minsklike keapman op Kashyyyk en in freon fan 'e famylje, dy't belutsen is by it Rebelleferbûn. Hy betsjinnet op dat stuit krekt in Keizerlike militêr, dy't úteinlik mei syn produkt de winkel útrint sûnder te beteljen. Hy kin Malla dêrom inkeld te wurd stean yn termen dy't foar mearderlei útlis fetbet binne, en op dy wize fertelt er dat Chewbacca en Han ûnderweis binne en mei gauwens arrivearje moatte soene. Underwilens rapportearret oan board fan in stjerreslachskip in Keizerlik ofsier oan 'e Sith-ridder Darth Vader dat der in kordon om Kashyyyk hinne ynsteld is en dat úteinset is mei in syktocht nei de rebellen Han Solo en Chewbacca. Vader jout him te kennen troch te gean mei it sykjen, sels al soe de planeet hûs foar hûs trochsocht wurde moatte.

Malla begjint mei de risselwaasje foar it jûnsmiel, dat bestiet út banthakont. Dêrfoar besiket se om 'e nocht de ynstruksjes te folgjen fan 'e eksintrike fjouwerearmige kokkinne Gormaanda, dy't in itensiedersprogramma hat op 'e pleatslike tillefyzje. Yn 'e romte komt de Millennium Falcon op dat stuit by Kashyyyk út 'e hyperromte. As Han en Chewbacca sûnder euvelmoed de planeet benei komme, wurdt se oanfallen troch fjouwer TIE-jagers fan it kordon. Der ûntjout him in efterfolging wêrby't Han de TIE-jagers útskeakelet mei syn laserkanon. Underwilens arrivearret Saun Dann by de famylje fan Chewbacca oan 'e doar mei Libbensdeikado's, wêrûnder in virtual realityprogramma fan 'e sjongster Mermeia foar Itchy. Om't Han en Chewbacca der noch altyd net binne, nimt Malla kontakt op mei prinsesse Leia, dy't mei de androïde C-3PO earne mei dwaande is. Leia kin har lykwols ek neat mear fertelle as dat se al wit.

Han en Chewbacca geane de atmosfear fan Kashyyyk binne op in ûnbewekke diel fan 'e planeet yn 'e noardlike poalstreek. Nei't Han opmurken hat dat it in lang ein kuierjen wurdt as se dêr lânje, beslute se om ûnder de radar nei it wenplak fan Malla-en-dy te fleanen. Lumpy heart it âljen fan 'e motors fan 'e Millennium Falcon, en alle oanwêzigen drave nei de doar. As Malla iependocht, steane der lykwols twa stoarmtroepers op 'e stoepe, mei dêrefter in pear Keizerlike ofsieren. Dat fjouwertal kringt it hûs yn om in hûssiking út fieren. Wylst se dêrmei dwaande binne, besykje Saun en de oaren harren ôf te lieden mei it iten dat Malla tamakke hat en mei in muzykfideodoaze mei in hologram fan in band. Mar as de muzyk ophâldt, jout de befelfierend ofsier opdracht om 'e hûssiking te ferfetsjen. Hy oarderet Malla om Lumpy dwaande te hâlden wylst se de keamer fan 'e jonge trochsykje, dat Malla jout Lumpy in byldskerm dêr't se him in tekenfilm fan syn heite aventoeren op sjen lit.

Op in syktocht nei in talisman stoart de Millennium Falcon mei Han en Chewbacca deryn del op in moanne yn it planetestelsel Panna. Op in basis fan it Rebelleferbûn sitte Luke, Leia, C-3PO en R2-D2 yn noed om't Han en Chewbacca net op 'e ôfsprutsen tiid weromkeard binne. Dat, Luke en de robots geane yn in Y-wjukjager op 'e siik en fine de delstoarte Millennium Falcon op 'e moanne. As se lânje, wurde se oanfallen troch in reuseftich meunster dat de Y-wjukjager begjint op te fretten. In man yn in metalen wapenris ferskynt, ridend op in noch grutter wêzen, en jaget de Y-wjukfretter op 'e flecht. Luke syn rêder stelt himsels foar as Boba Fett en seit dat er in sympatisant fan 'e rebellen is. Wylst it hiele selskip him nei de Falcon bejout, warskôget C-3PO Luke om Fett net te fertrouwen.
By de Falcon oankommen, docht bliken dat Han ynfektearre rekke is mei in sliepfirus feroarsaken troch de talisman. Luke rint frijwol daliks itselde firus op. Fett en Chewbacca geane nei it tichtstbye plak ta om in antygif oan te skaffen, mar de stêd is yn 'e hannen fan Keizerlike troepen, dat Chewbacca moat him oan 'e râne beskûlhâlde, wylst Fett allinnich fierder giet. Sadree't er út it sicht fan Chewbacca is, nimt Fett lykwols kontakt op mei Darth Vader, en yn harren petear komt oan it ljocht dat Fett eins in preemjejager is dy't foar de Keizerlike oerheid wurket. Harren transmisjes wurde lykwols opfongen troch C-3PO en R2-D2, dy't oan board fan 'e Millennium Falcon foar Han en Luke soargje. Fett en Chewbacca ûntrinne de stoarmtroepers út 'e stêd en keare by it romteskip werom mei it antygif. Sadree't Han en Luke wer wekker binne, bringe de beide robots út wat se heard hawwe. Foar't se him gripe kinne, brûkt Boba Fett syn jetpack om te ûntsnappen, dêrby de bedriging uterjend dat se inoar wol wer treffe sille. Chewbacca, Han, Luke en de robots sette ôf fan 'e moanne yn 'e Millennium Falcon.

As de tekenfilm út is, pakt Lumpy it kado út dat er fan Saun Dann krigen hat. It is in portofoan, dy't de jonge begjint om te bouwen ta in fertaalapparaat sadat er in falsk berjocht nei de stoarmtroepers en ofsieren ferstjoere kin dy't de hûssiking útfiere. Om te learen hoe't er dat dwaan moat, besjocht er in fideohânlieding wêryn't in ynkompetinte Amorphiiaanske humanoïde mei stûkjende motoaryske kontrôle oer syn eigen lidden útlis jout. Underwilens trochsykje de stoarmtroepers en ofsieren de wenkeamer, dêr't op it byldskerm it berjocht ferskynt dat op Tatooine no in jûnsklok fan krêft is om't dêr "subfersive krêften" aktyf binne. De fideo dy't dêrnei folget, mei de titel "Libben op Tatooine", wurdt oankundige as ferplichte om te besjen foar alle personiel fan 'e Keizerlike Striidkrêften, dat de stoarmtroepers en ofsieren ûnderbrekke de hûssiking om der foar sitten te gean.

Der wurde bylden yn toand fan 'e delsetting Mos Eisley, wêrnei't de fokus ferlein wurdt nei de Mos Eisley Cantina, in skobberige kroech. Dêr stiet de froulike barkeeper, Ackmena, bleat oan in oanhâldend besykjen om har te fersieren fan in fereale bûtenierdsk wêzen, Krelman. De hiele sitewaasje is blykber ûntstien troch in misferstân, mei't hy eat dat se koartby tsjin him sein hat, misbegrepen hat. Op it byldskerm yn 'e kroech ferskynd it berjocht dat der in jûnsklok ynsteld is en dat eltsenien sjen moat dat er thús komt. De skokte Ackmena besiket om 'e kroechgongers derút te bonsjoeren, mar se wegerje fuort te gean. Dêrop jout se in rûntsje fan 'e saak. Wylst de oanwêzigen dat opdrinke, sjongt Ackmena in liet en docht se in dûnske, en dêrnei jouwe de klanten har einlings ôf, útsein Krelman, dy't in nij besykjen weaget om har foar him te winnen.

As de fideo ôfrûn is, grypt Lumpy de kâns om syn plan yn wurking te setten troch in oprop te ferfalskjen oan 'e hûssykjende militêren om werom te kearen nei harren basis. Dyselden binne fernuvere troch de oprop, mar nei't dy in pear kear werhelle is, beslute se der dochs gehoar oan te jaan. De befelfierend ofsier oarderet lykwols ien fan 'e stoarmtroepers efter te bliuwen. As de oprop op 'e nij klinkt as de oaren al fuort binne, beseft de efterbleaune stoarmtroeper dat se te fiter nommen binne, mei't der no gjin ûntfangers mear binne dêr't de oprop him troch berikke kin. Hy folget it lûd fan 'e oprop nei de keamer fan Lumpy en ûntdekt de jonge dy't yn it Shyriiwook, de taal fan 'e Wookiees, it berjocht yn syn portofoan ynsprekt, wêrnei't it fertaalapparaat de tekst klinke lit yn it Basaalsk, de lingua franca fan it Stjerrestelsel. De stoarmtroeper pakt Lumpy de portofoan ôf en smyt dy stikken, wêrnei't er de jonge efterfolget nei bûten ta.

Krekt op dat stuit arrivearje Chewbacca en Han. Chewbacca besiket syn soan te beskermjen. As de stoarmtroeper syn ploffer op him rjochtet, beslûpt Han him fan efteren en slacht him del. De beide mannen reitsje ferwikkele yn in wrakseling, dy't abrupt einiget as Han de stoarmtroeper stroffelje lit, sadat er troch de reling fan it rinpaad fljocht, út 'e beam falt en fier ûnder harren te pletter falt. Chewbacca giet mei Lumpy yn 'e hûs, dêr't er weriene wurdt mei Malla en Itchy. Han komt der ek yn, mar leit út dat er net bliuwe kin, om't er deroer ynsit dat immen de Millennium Falcon fine sil. Hy winsket alle oanwêzigen in noflike Libbensdei en set wer ôf.

Op it byldskerm ferskynt in oprop fan 'e Keizerlike Striidkrêften, dy't mank giet mei bedrigings, om ynformaasje oer in missende stoarmtroeper, B4711. Saun Dann reägearret dêrop troch te sizzen dat de efterbleaune stoarmtroeper it jûnsmiel stellen hat en dêrnei útpykt is. Dat bedroch wurket, en de ofsier mei wa't Dann praat, seit dat der nei de deserteur socht wurde sil. Mei it gefaar ôfkeard, risselwearje Chewbacca en syn famylje foar it feest by de Libbensbeam. Se hâlde elts in gloeiend kristal beet, wêrnei't se klaaid yn reade kladen yn 'e romte ferskine. Mei in protte oare Wookiees sammelje se har om 'e Libbensbeam hinne, dêr't ek Han, Luke, Leia, C-3PO en R2-D2 binne. Leia hâldt in koarte taspraak en sjongt in liet, wylst Chewbacca weromtinkt oan ferskate aventoeren dy't er mei syn freonen belibbe hat. As de seremoanje einiget, sitte Chewbacca, Malla, Lumpy en Itchy wer om 'e tafel hinne yn har eigen hûs, dêr't se de holle foardel bûge en har nei in momint fan stilte oan it miel sette.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Harrison Ford yn 2017.
 
Peter Mayhew yn 2015.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                                        
Han Solo Harrison Ford
Chewbacca Peter Mayhew
Lumpy (Lumpawarrump) Patty Maloney
Malla (Mallatobuck) Micky Morton


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Luke Skywalker Mark Hamill
prinsesse Leia Carrie Fisher
C-3PO Anthony Daniels
R2-D2 himsels*
Darth Vader James Earl Jones (stim)
keapman Saun Dann Art Carney
Ackmena Bea Arthur
Itchy (Attichitcuk) Paul Gale
Boba Fett Don Francks (stim)
hologram fan Mermeia Diahann Carroll
holografyske band Jefferson Starship
Krelman Harvey Korman
kok Gormaanda Harvey Korman en Mickey Morton (2e pear earms)
Keizerlik ofsier #1 Jack Rader
stoarmtroeper #1 Michael Potter
Tork Mickey Morton
ringmaster Yuichi Sugiyama
Amorphiiaanske ynstrukteur Harvey Korman
Keizerlik ofsier #2 Claude Woolman
stoarmtroeper #2 Lev Mailer
inkeld op argyfbylden út Star Wars: Episode IV – A New Hope
Darth Vader David Prowse (fysyk)
Obi-Wan Kenobi Alec Guinness
Keizerlik ofsier #3 Leslie Schofield
Rycar Ryjerd Marcus Powell

*) Kenny Baker, dy't de robot R2-D2 yn 'e films fan 'e Skywalker Saga spile, wie net belutsen by de produksje fan 'e Star Wars Holiday Special. Ynstee waard R2-D2 yn 'e special folslein radiografysk bestjoerd troch Mick Garris (de resepsjonist fan George Lucas). Yn 'e ôftiteling wurdt fan R2-D2 sein dat er "himsels" spilet.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

It idee foar de Star Wars Holiday Special kaam neffens Charles Lippincott fan it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS. Lippincott wie ein 1970-er jierren it haad marketing fan The Star Wars Corporation, in dochterûndernimming fan 'e filmstudio Lucasfilm fan George Lucas. Eltsenien wie it deroer iens dat in tillefyzjespecial in goed idee wie om 'e fans nei it súkses fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) waarm te hâlden oant de premiêre fan it folgjende diel fan 'e Skywalker Saga, te witten: Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980). It idee foar it ferhaal kaam fan Lucas sels, dy't al in skoftke omrûn mei de gedachte om in film te meitsjen "allinne mar oer Wookiees en nearne oars oer." Senarioskriuwer Bruce Vilanch hie soargen oer in film oer in ras fan bûtenierdske wêzens dat inkeld gromt en âlet sûnder dat der ûndertiteling tastien wie, mar Lucas hold foet by stik.

Yn in fraachpetear sei Gary Kurtz, dy't doedestiden as filmprodusint oan Lucasfilm ferbûn wie, oer de Star Wars Holiday Special:

"It begûn al folle better [mei in oar skript]. We hiene fiif of seis gearkomsten mei de tillefyzjestudio dy't [de special] makke. Op 't langelêst krigen we foar it ferstân dat we der gjin tiid foar hiene, om't we drok wiene mei de promoasje fan Star Wars en de tarieding foar de folgjende film. Dat, we lieten it oan harren oer en kamen út en troch ris mei harren gear en joegen harren tagong ta de rekwisiten en de akteurs, en dat wie it."

CBS fisualisearre de úteinlik 98 minuten duorjende Star Wars Holiday Special as in soarte fan revu. As regisseur waard earst David Acomba oanlutsen, dy't mei George Lucas yn 'e klasse sitten hie op 'e USC School of Cinematic Arts. Hy wie lykwols ûnbekend mei it wurkjen mei ferskate kamera's en koe min mei de produsinten, dat hy naam inkeld de sêne yn 'e Mos Eisley Cantina en it optreden fan 'e band Jefferson Starship op, wêrnei't er de produksje farwol sei. Syn plak waard ynnommen troch Steve Binder, waans iennichste kontakt mei Lucasfilm de "Wookiee-bibel" wie, in boekwurk dat beskreau hoe't Wookiees derút seagen en hoe't se har holden en droegen.

Binder wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Pat Proft, Leonard Ripps, Bruce Vilanch, Rod Warren en Mitzie Welch. As produsinten wiene Joe Layton, Jeff Starsh, Ken Welch en Mitzie Welch by it projekt belutsen foar de studio's Smith-Hemion Productions, Winters Hollywood, de Entertainment Holdings Corporation, 20th Century Fox Television en de The Star Wars Corporation (dy't lykwols mar sydlings by it spul belutsen wie). Gary Smith en Dwight Hemion hiene as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje.

De filmmuzyk waard fersoarge troch Ian Fraser, dy't dêrfoar gebrûk makke fan it Star Wars-tema dat John Williams foar Star Wars: Episode IV – A New Hope komponearre hie. De lieten waarden skreaun troch Ken en Mitzie Welch. Der sitte fjouwer lieten yn 'e special:

Komyk Harvey Korman soarge foar komeedzje yn trije fan 'e segminten fan 'e Star Wars Holiday Special. Yn 'e sêne yn 'e Mos Eisley Cantina spile er in bûtenierdsk wêzen dat drinkt troch in gat yn syn krún en hopeleas fereale rekke is op barkeeper Ackmena, dy't er oan ien wei troch fergees it hof makket. Korman spile ek de kokkinne Gormaanda (bedoeld as in fjouwerearmige parody op 'e ferneamde Amerikaanske tillefyzjekok Julia Childs). De wichtichste grap is dêr dat Gormaanda troch de fjouwer earms folle flugger itensiede kin as dat Malla byhâlde kin. En ta einbeslút spile Korman ek de mei in problematyske motoryk oanhelle Amorphiiaanske humanoïde yn 'e ynstruksjefideo dy't Lumpy besjocht.

Wylst it wurk fan Korman winliken los stie fan 'e haadferhaalline, makken de bydragen fan in oare komyk, Art Carney, dêr wol diel fan út. Carney spile Saun Dann, in minsklike keapman op Kashyyyk, dy't in sympatisant fan it Rebelleferbûn is en in freon fan 'e famylje fan Chewbacca. Syn bydragen wiene lykwols foar it meastepart ek humoristysk bedoeld. Dêrûnder wie in sêne mei in ferwizing nei Carney syn personaazje Ed Norton, út 'e komeedzjesearje The Honeymooners.

It tekenfilmsegmint, dat bekendstiet as The Faithful Wookiee ("De Trouwe Wookiee") wurdt ornaris beskôge as fierwei it bêste part fan 'e Star Wars Holiday Special. It wie teffens de earste offisjele foarm fan Star Wars-animaasje. It waard makke troch de Kanadeeske tekenfilmstudio Nelvana, út Toronto, nei in senario dat troch George Lucas sels skreaun wie. Nelvana soe letter ek de earste Star Wars-tekenfilmsearjes meitsje: Star Wars: Droids en Ewoks. Foar The Faithful Wookiee sprieken de fêste akteurs de dialooch fan harren personaazjes yn. De tekenfilm is fierders opmerklik om't it personaazje fan 'e preemjejager Boba Fett deryn yntrodusearre waard. Dyselde soe letter weromkeare yn 'e live-actionfilms Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) en groeide út ta ien fan 'e populêrste figueren út 'e hiele mediafranchise.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan 'e Star Wars Holiday Special waard fersoarge troch 20th Century Fox Television. De special gie op freed 17 novimber 1978 yn premiêre, in wike foarôfgeande oan 'e hjeldei Thanksgiving, doe't er foar de earste en iennichste kear yn syn folsleinens op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard troch it tillefyzjenetwurk CBS.

De special waard dyselde jûns ek útstjoerd troch CTV yn Kanada. Op 'e lokale stjoerder CFTO-TV yn Toronto begûn de útstjoering eins al om 19.00 oere, in oere earder as yn 'e Feriene Steaten. De Star Wars Holiday Special waard fierders útstjoerd yn Austraalje, Nij-Seelân; yn in yn it Frânsk neisyngronisearre ferkoarte ferzje fan 72 minuten yn Frankryk op 1 jannewaris 1979; yn Sweden op 31 maaie 1979; yn Ierlân op earste krystdei 1979; en yn Hondoeras en Brazylje op earste krystdei 1981.

De hiele Star Wars Holiday Special wie neitiid, omreden fan 'e ekstreem negative ûntfangst, nea wer op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen en ûntjoech him krekt troch syn ûnbeskikberens foar fans fan 'e Star Wars-franchise ta in soarte fan cultklassiker. Om't de special ek nea útbrocht waard op VHS, dvd of blu-ray, binne de iennichste ferzjes dy't derfan yn omrin binne, partikuliere opnamen fan 'e iennichste tillefyzje-útstjoering, dy't klandestyn ferhannele wurde. De beskikberens waard justjes better doe't it ynternet ûntstie en dêr yllegale ferzjes op upload waarden.

It tekenfilmsegmint

bewurkje seksje

It iennichste part fan 'e Star Wars Holiday Special dat letter wól op thúsmedia útbrocht waard, wie de tekenfilm The Faithful Wookiee, dy't yn 2011 as in easter egg tafoege waard oan 'e blu-rayboxset Star Wars: The Complete Saga. De tekenfilm kaam op 2 april 2021 ek beskikber fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan The Walt Disney Company, dy't yn 2012 Lucasfilm oernommen hie. Dêr hat it filmke de titel The Story of the Faithful Wookiee.

Untfangst troch kritisy

bewurkje seksje

Fan tillefyzjekritisy, mar ek troch it algemiene tillefyzjepublyk en fans fan 'e Star Wars-franchise, krige de Star Wars Holiday Special rûnom ekstreem negative reäksjes. Sa omskreau Jerry Buck de special yn novimber 1978 yn in artikel foar it parseburo Associated Press as "kaugom foar de harsens". Nathan Rabin fan The A.V. Club skreau: "Ik kin my noch altyd net oan 'e yndruk ûntlûke dat de special úteinlik skreaun en regissearre wie troch in selsbewust pûdsje kokaïne." Hy neamde it tekenfilmsegmint apart yn ferhâlding ta de rest fan 'e special yn 'e sin dat it "gjin hypnoatysk kranksinnige aberraasje" wie.

Yn 2004 parte David Hofstede, de skriuwer fan What Were They Thinking? The 100 Dumbest Events in Television History, oan 'e Star Wars Holiday Special it earste plak ta op syn ranglist. Hy omskreau de special as "de minste twa oeren tillefyzje aller tiden". (Twa oeren wie de spyldoer mei reklameblokken meirekkene.) Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de Star Wars Holiday Special in leech goedkarringspersintaazje fan 27%, basearre op 15 ûnderskate resinsjes.

Reäksjes fan Lucas en de cast

bewurkje seksje

George Lucas wie, útsein wat de tekenfilm oanbelange, amper by de special belutsen. Hy wie net bliid mei it resultaat. Yn 2005 seid er oer de Star Wars Holiday Special:

Moatst begripe, dy special út 1978 hie eins net folle mei ús te krijen. Ik kin my net tebinnenbringe hokker netwurk it op wie, mar it wie in programma dat sy makken. En wy lieten dat min ofte mear ta. It waard makke troch… Ik soe sa net iens mear witte hokker bedriuw dat wie, mar it wiene progammamakkers dy't revu's diene. Wy stiene ta dat se de personaazjes en sa dêrfoar brûkten en dat wie wierskynlik net it fernimstichste dat we ea dien hawwe, mar sokke ûnderfinings leare je fan."

Doe't akteur Harrison Ford (Han Solo) yn 2006 yn it praatprogramma fan Conan O'Brien op 'e Amerikaanske tillefyzje befrege waard oer de Star Wars Holiday Special, hold er út dat er dy nea sjoen hie en wegere er sels mar te befêstigjen dat der sa'n programma bestien hie. Yn 2010 waard Carrie Fisher (prinsesse Leia) yn it programma Times Talk troch David Carr, in kollumnist fan The New York Times, oer de special ûnderstien. Sy sei dat se Lucas min ofte mear twongen hie om in eksimplaar fan 'e Star Wars Holiday Special foar har te regeljen yn ruil foar har it opnimmen fan har kommentaar by de oarspronklike Star Wars-trilogy. Se woe de special graach hawwe, sei se, om't se dan wat hie om op feesten by har thús sjen te litten as it let wie en se woe dat de gasten opsokkeballen. Yn 2018 sei Mark Hamill (Luke Skywalker) dat er de Star Wars Holiday Special noch nea yn syn gehiel sjoen hie.

Plak yn 'e Star Wars-kanon

bewurkje seksje

Nettsjinsteande syn ympopulariteit behold Lucasfilm de Star Wars Holiday Special krapoan 35 jier lang as ûnderdiel fan 'e offisjele Star Wars-kanon, wêrby't de special healwei tusken Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) pleatst waard. Wol waard de Star Wars Holiday Special ornearre ta in nivo fan 'e kanon te hearren, dat ûndergeskikt wie oan 'e films fan 'e Skywalker Saga. Nei't Lucasfilm yn 2012 oernommen waard troch The Walt Disney Company, waard yn 2014 besletten om 'e offisjele Star Wars-kanon te beheinen ta de Skywalker Saga en de tekenfilmsearjes te begjinnen mei Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020). Guon eleminten dy't yn 'e Star Wars Holiday Special yntrodusearre waarden, binne lykwols beholden bleaun, lykas it personaazje Boba Fett en de planeet Kashyyyk, dy't letter yn films fan 'e Skywalker Saga opnommen waarden, wylst oaren nei 2014 reyntrodusearre waarden, lykas de Wookiee-hjeldei Libbensdei, dêr't nei ferwiisd wurdt yn 'e pilotôflevering fan 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian (2019).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)