Y-wjukjager-bommesmiter

(Trochferwiisd fan Y-wjukjager)

Y-wjukjager-bommesmiter (Ingelsk: Y-wing fighter-bomber) is de oantsjutting foar in rige fan besibbe modellen lytse militêre romteskippen út 'e Star Wars-franchise. Sokke tastellen kinne ynset wurde as jagers en as bommesmiters. Se tankje harren namme oan it feit dat se der fan boppen en ûnderen min ofte mear útsjogge as de haadletter Y, mei de cockpit foarop en dêrefter twa oandriuwingsienheden njonken inoar. Y-wjukjager-bommesmiters hawwe in bemanning fan in piloat, in boardskutter en in astromeganisiên-robot. De oanwêzigens fan 'e boardskutter is opsjoneel. It tastel is 23.04 m lang mei in breedte fan 8.54 m, en in hichte fan 2.44 m. Y-wjukjager-bommesmiters binne net inkeld geskikt om har mei stadiger-as-ljochtfaasje troch de romte fuort te bewegen, mar kinne ek brûkt wurde foar sawol atmosfearysk fleanen as ynterstellêr flugger-as-ljochtreizgjen. Yn 'e atmosfear hawwe se in topfaasje fan 1.000 km/o.

In Y-wjukjager-bommesmiter.

De Y-wjukjager-bommesmiter waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Y-wjukjager-bommesmiters wurde yn it Star Wars-universum produsearre troch de Koensayr Manufacturing. Yn 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy binne sokke tastellen yn gebrûk by it Rebelleferbûn yn syn striid tsjin it Galaktysk Keizerryk. Se komme prominint yn byld yn 'e Slach by Yavin yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) en yn 'e Slach by Endor yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy wurde se, yn 'e foarm fan in nijer model, ynset troch it Ferset tsjin 'e Earste Oarder.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.