Fleanen
Fleanen of flecht is it proses wêrby't in organisme of foarwerp him fuortbeweecht sûnder kontakt te meitsjen mei de grûn. Der besteane twa haadfoarmen fan fleanen: natuerlik en keunstmjittich. Natuerlik fleanen wurdt dien troch beskate bisten, yn 't bysûnder fûgels, flearmûzen en ynsekten. Keunstmjittich fleanen is in útfining fan 'e minske en wurdt dien mei hjitteluchtballonnen, loftskippen, fleanmasines, helikopters en raketten. Fierders wurdt der ek ûnderskie makke tusken oandreaune foarmen fan fleanen en sweefflecht. Organismen kinne inkeld yn 'e atmosfear fleane, mar minsklike útfinings dogge it sawol yn 'e atmosfear (loftfeart) as yn it fakuum fan 'e romte (romtefeart).
Natuerlike foarmen fan fleanen
bewurkje seksjeBisten dy't gebrûk meitsje fan oandreaune foarmen fan fleanen binne fûgels (útsein flechtleaze fûgels), flearmûzen (in skift fan 'e sûchdieren) en de measte soarten ynsekten. Ek de no útstoarne pterosauriërs, dat reptilen wiene, beweegden har op dy manear troch de loft fuort. Alle neamde soarten bisten hawwe (of hiene) wjukken dy't se op en del bewege om fleanen mooglik te meitsjen. Fûgels, flearmûzen en pterosauriërs beskikke (of beskikten) oer twa wjukken, mar in soad ynsekten (bgl. libellen en wetterjuffers) hawwe der fjouwer. By wringedieren (fûgels, sûchdieren en reptilen) binne de wjukken allegearre oanpassings fan 'e foarpoaten, mar likegoed ferskille se tusken de ûnderskate groepen sterk yn struktuer. By ynsekten is de gongbere teory dat de wjukken sterk oanpaste foarmen binne fan 'e kiuwen dy't by oare groepen lidpoatigen foarkomme.
Hoewol't flearmûzen de iennichste sûchdieren binne dy't omheech fleane of oer langere ôfstân op deselde hichte bliuwe kinne, komt (stadich omleech geande) sweefflecht by mear sûchdieren foar. Dêrby giet it om bisten mei hûdflappen tusken de foar- en efterpoaten dy't strak lutsen wurde kinne om as wjukken te tsjinjen. Foarbylden binne fleanende iikhoarntsjes, hûdfleaners en sûkeriikhoarntsjes (in subgroep fan 'e bûdeldieren). Fleanende kikkerts brûke har fergrutte poaten mei swimfluezzen tusken de teannen as wjukken, wylst fleanende hagedissen en fleanende slangen harren mobile ribben brûke om har lichem ôf te platsjen ta in aerodynamyske foarm. Fleanende fisken hawwe tige lange finnen dy't se as wjukken brûke. Beskate groepen lidpoatigen, lykas spinnen, spynmiten en rûpen spinne of weve in reachtrie wêroan't se op 'e wyn meifierd wurde.
-
de brune biter, in libel
-
de swartpoatbeamkikkert is in foarbyld fan in fleanende kikkert
Keunstmjittige foarmen fan fleanen
bewurkje seksjeKeunstmjittige foarmen fan fleanen binne útfûn troch de minske. Dêrfan besteane ferskate foarmen:
- Sweefflecht. Ek by keunstmjittige foarmen fan fleanen komt sweefflecht foar, lykas by paragliders, deltafleaners en sweeffleantugen.
- Driuwflecht. By hjitteluchtballonnen wurdt hjitte lucht yn in ballon pompt dy't dêrnei opstiget om't hjitte lucht no ienris boppe kâlde lucht útstiget. De ballon fan in loftskip wurdt folpompt mei in gas dat lichter is as lucht (bgl. helium), sadat it ek opstiget.
- Meganyske flecht. Fleanmasines meitsje gebrûk fan grutte faasje, sadat de aerodynamyske foarm fan 'e beide fêste wjukken it fermogen kriget om 'e masine yn 'e loft te hâlden. By helikopters soarget de tige flugge draaiende beweging fan rotors foar itselde effekt.
- Ballistyske flecht. Guon dingen wekje gjin of frijwol gjin aerodynamysk draachfermogen op en fleane inkeld en allinne troch harren momint (begjinfaasje) yn kombinaasje mei de wurking fan 'e swiertekrêft en de wriuwing fan 'e lucht. Dat is sa mei ballen en stiennen dy't goaid wurde, mar ek mei pylken en kûgels dy't ôfsketten wurde. Itselde prinsipe jildt foar raketten, mei it ferskil dat dy ornaris in eigen oandriuwing hawwe, dy't harren ballistyske flecht tige by tige ferlinget. Se kinne dêrtroch sels hielendal oan 'e swiertekrêft fan 'e Ierde ûntsnappe en romtefearen yn in baan om 'e planeet bringe.
-
in deltafleaner
-
in loftskip
-
in helikopter
-
in raket
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|