Flugger-as-ljochtreizgjen

Flugger-as-ljochtreizgjen is it ferfier fan ynformaasje, elektromagnetyske strieling of matearje mei faasje dy't heger leit as de fluggens fan it ljocht. Dit konsept komt rûnom foar yn 'e science fiction, om it reizgjen oer de ûnwitten grutte ôfstannen tusken ferskillende planetestelsels oannimlik te meitsjen. Synonimen binne it Ingelske faster-than-light, de dêroan ûntliende ôfkoarting FTL, en superluminale faasje. De faasje fan it ljocht bedraacht 299.792.458 m/sek. of 299.792,5 km/sek. of 1.079.252.848,8 km/h.

Neffens de spesjale relativiteitsteory fan Einstein is it yn prinsipe ûnmooglik dat eat in guttere fluggens berikke kin as de faasje fan it ljocht, om't in dieltsje dat úteinset mei in legere faasje ûneinige enerzjy nedich is om te fersnellen ta de faasje fan it ljocht. De teory ferbiedt lykwols net it bestean fan dieltsjes dy't altyd al in fluggens hiene dy't heger wie as de ljochtfaasje; sokke (hypotetyske) dieltsjes wurde tachyons neamd. Mar neffens de hjoeddeiske natuerkunde binne der yn begjinsel teoretysk wol deeglik mooglikheden foar oare dieltsjes as tachyons om in superluminale faasje te berikken. Dat berêst op it hypotetyske bestean fan 'ferwrongen' regio's yn it tiid-romtekontinuum dy't meitsje kinne dat matearje in fiere lokaasje earder berikt as it ljocht trochdat it in koartere wei ôflizze kin, bygelyks troch in saneamd wjirmgat (wêrfan't it bestean op dit stuit ek folslein hypotetysk is).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.