Star Wars: Rebels

Star Wars: Rebels is in Amerikaanske tekenfilmsearje foar bern dy't rûn fan 2014 oant en mei 2018. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan militêre science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Star Wars: Rebels waard basearre op 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. De searje wie in ferfolch op 'e eardere tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars út 2008-2014 en 2020. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Rebellen". De searje bringt in nuodlike tiid foar it Stjerrestelsel "lang ferlyn en fier, fier fuort" yn byld, wannear't it diktatoriale Galaktysk Keizerryk de lêste Jedi opjaget en útrûget, wylst tagelyk it jonge Rebelleferbûn úteinset mei syn striid foar frijheid. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: Rebels pleatst wurde tusken de films Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith en Star Wars: Episode IV – A New Hope yn. Yn totaal waarden der 75 ôfleverings en 4 koarte tillefyzjespecials makke. Star Wars: Rebels wûn twa kear in Saturn Award.

Star Wars: Rebels
tillefyzjesearje
makkers
ûntwikkele troch Simon Kinberg
Dave Filoni
Carrie Beck
produsint Kiri Hart
Athena Yvette Portillo
Carrie Beck
útfierend
   produsint
Simon Kinberg
Dave Filoni
Greg Weisman (seiz. 1)
basearre op de oarspr. Star Wars-trilogy
muzyk Kevin Kiner
tillefyzjestudio Lucasfilm
Lucasfilm Animation
distribúsje Disney-ABC Domestic TV
spilers
haadrollen Taylor Gray
Vanessa Marshall
Freddie Prinze jr.
Tiya Sircar
Steven Blum
Dave Filoni
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre militêre science fiction
fantasy
aksje
aventoer
seizoenen 4
jierren 20142018
tal ôfl. 75 (ynkl. 4 2-dielige pilotôfl.)
+ 4 koarte tillefyzjespecials
spyltiid (ôfl.) ±22 min. (specials koarter)
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen Saturn Award
webside www.starwars.com/tv-shows/star-wars-rebels
besibbe searjes Star Wars: The Clone Wars
Star Wars: Resistance

Star Wars: Rebels wie de earste Star Wars-tillefyzjesearje dy't makke waard nei't filmstudio Lucasfilm fan Star Wars-betinker George Lucas yn 2012 oernommen wie troch Disney. De searje waard ûntwikkele troch Simon Kinberg, Dave Filoni en Carrie Beck, dy't har dêrfoar ynspirearje lieten troch de oarspronklike Star Wars-trilogy. Beck, Kiri Hart en Athena Yvette Portillo wiene as tillefyzjeprodusinten by it projekt belutsen foar Lucasfilm en dochterûndernimming Lucasfilm Animation, wylst Kinberg, Filoni en, yn it earste seizoen, Greg Weisman as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje hiene. De titelmuzyk en de soundtrack wiene it wurk fan Kevin Kiner, dy't dêrfoar gebrûk makke fan tema's út 'e filmmuzyk dy't John Williams komponearre hie foar de films fan 'e Skywalker Saga.

De distribúsje fan Star Wars: Rebels waard fersoarge troch Disney-ABC Domestic Television. De searje waard útstjoerd op 'e tillefyzjestjoerder Disney XD. Uteinlik rûn Star Wars: Rebels fjouwer seizoenen lang, fan 2014 oant en mei 2018. Der waarden yn totaal 75 ôfleverings makke fan elts likernôch 22 minuten. De dûbellange pilotôfleverings dêr't elts seizoen mei iepene waard, telle dêrby mei foar twa ôfleverings. Dêropta waarden foarôfgeande oan seizoen 1 fjouwer koarte tillefyzjespecials útstjoerd op it Disney Channel, dy't net ta it seizoen rekkene wurde: The Machine in the Ghost, Art Attack, Entanglement en Property of Ezra Bridger. De pilotôflevering fan seizoen 1 wie Spark of Rebellion, dat op 3 oktober 2014 op Disney XD útstjoerd waard. It twadde seizoen iepene op 20 juny 2015 mei de dûbellange ôflevering The Siege of Lothal, it trêde seizoen op 24 septimber 2016 mei de dûbellange ôflevering Steps into Shadow en it fjirde en lêste seizoen op 16 oktober 2017 mei de dûbellange ôflevering Heroes of Mandalore. De alderlêste ôflevering fan seizoen 4 waard útstjoerd op 5 maart 2018. Alle fjouwer seizoenen fan Star Wars: Rebels binne útbrocht op dvd en blu-ray, en se binne ek te sjen op 'e streamingtsjinst Disney+.

Utgongspunt fan 'e plot

bewurkje seksje

Star Wars: Rebels spilet fjirtjin jier nei de Fal fan 'e Galaktyske Republyk en de Grutte Suvering fan 'e Jedi, wêrby't de boasaardige kânselier Palpatine de macht griep en it Galaktysk Keizerryk útrôp mei himsels as autokratysk regearjend keizer. Yn dy snuorje, fiif jier foarôfgeande oan 'e Slach by Yavin sa't dy yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope sjen litten wurdt, lit keizer Palpatine syn trewanten jacht meitsje op 'e lêste Jedi. Troch dyselden út te rûgjen, wol er syn hearskippij oer it Stjerrestelsel absolút meitsje. Tagelyk kloftsje frijheidsstriders gear ta it Rebelleferbûn, dat it yn 'e Galaktyske Boargeroarloch opnimt tsjin 'e Keizerlike autoriteiten.

Sa foarmet in groep opstannelingen mei tige ferskate eftergrûnen de bemanning fan it romteskip de Ghost, in licht frachtskip dat se as mobile basis foar harren fersetsdieden brûke. Hja binne benammen aktyf op en yn 'e buert fan 'e planeet Lothal. Haadpersoan is Ezra Bridger, in opslûpen jonge dy't oant no ta oerlibbe hat as oplichter. Hy wurdt as learling oannommen troch Kanan Jarrus, foarhinne bekend as Caleb Dume, in padawan fan 'e Jedi Oarder dy't de útfiering fan Oarder 66 en de Grutte Suvering fan 'e Jedi oerlibbe hat troch de selsopoffering fan syn master Depa Billaba. De lieder fan 'e rebellesel oan board fan 'e Ghost is de Twi'lek-piloate Hera Syndulla, de dochter fan 'e frijheidsstrider Cham Syndulla fan Ryloth. Oare leden fan 'e bemanning binne Sabine Wren, in jonge Mandaloriaanse mei in obsesje foar keunst; Zeb Orrelios, in Lasat dy't foarhinne earewacht wie en wraak siket op it Galaktysk Keizerryk foar it ta slaaf meitsjen fan syn ras; en Chopper, de domdryste astromeganisiênrobot fan Hera.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise        
Ezra Bridger Taylor Gray
Hera Syndulla Vanessa Marshall
Kanan Jarrus Freddie Prinze jr.
Sabine Wren Tiya Sircar
Garazeb "Zeb" Orrelios Steven Blum
Chopper Dave Filoni


weromkearende byrollen
personaazje                                       akteur/aktrise
yntrodusearre yn seizoen 1
agint Kallus David Oyelowo
admiraal Kassius Konstantine Dee Bradley Baker (seiz. 1–3)
Yogar Lyste Liam O'Brien (seiz. 1–3)
Ahsoka Tano Ashley Eckstein (seiz. 1–2, 4)
Darth Vader James Earl Jones (seiz. 1–2, 4)
Cikatro Vizago Keith Szarabajka (seiz. 1–2, 4)
senator Bail Organa Phil LaMarr (seiz. 1, 3–4)
grut-moff Wilhuff Tarkin Stephen Stanton (seiz. 1, 3–4)
de Grutynkwisiteur Jason Isaacs (seiz. 1–2)
Maketh Tua Kath Soucie (seiz. 1–2)
Jai Kell Dante Basco (seiz. 1, 4)
kommandant Cumberlayne Aresko David Shaughnessy (seiz. 1)
taakmaster Myles Grint David Shaughnessy (seiz. 1)
yntrodusearre yn seizoen 2
Ryder Azadi Clancy Brown (seiz. 2–4)
Hondo Ohnaka Jim Cummings (seiz. 2–4)
Fenn Rau Kevin McKidd (seiz. 2–4)
kaptein Rex Dee Bradley Baker (seiz. 2–4)
Darth Maul Sam Witwer (seiz. 2–3)
AP-5 Stephen Stanton (seiz. 2–3)
luitenant-kolonel Sato Keone Young (seiz. 2–3)
Ketsu Onyo Gina Torres (seiz. 2, 4)
keizer Palpatine Sam Witwer (seiz. 2)
Ian McDiarmid (seiz. 4)
de Fyfde Broer Philip Anthony-Rodriguez (seiz. 2)
de Sânde Suster Sarah Michelle Gellar (seiz. 2)
yntrodusearre yn seizoen 3
generaal Jan Dodonna Michael Bell (seiz. 3–4)
Wedge Antilles Nathan Kress (seiz. 3–4)
Mart Mattin Zachary Gordon (seiz. 3–4)
Mon Mothma Genevieve O'Reilly (seiz. 3–4)
gûverneur Arihnda Pryce Mary Elizabeth McGlynn (seiz. 3–4)
grutadmiraal Thrawn Lars Mikkelsen (seiz. 3–4)
de Bendu Tom Baker (seiz. 3)
yntrodusearre yn seizoen 4
Rukh Warwick Davis (seiz. 4)
opmerklikste gastrollen
personaazje akteur/aktrise                              
C-3PO Anthony Daniels
Lando Calrissian Billy Dee Williams
Saw Gerrera Forest Whitaker
prinsesse Leia Organa Julie Dolan
generaal Kalani Gregg Berger
alle oarlochsandroïden Matthew Wood
Obi-Wan Kenobi James Arnold Taylor
Stephen Stanton
Derek "Hobbie" Klivian Trevor Devall
Bo-Katan Kryze Katee Sackhoff
ûnderkening fan Mandalore Gar Saxon Ray Stevenson
Anakin Skywalker Matt Lanter
Cham Syndulla Robin Atkin Downes
Ursa Wren Sharmila Devar
Yoda Frank Oz
kolonel Wullf Yularen Tom Kane
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant dûbellange pilotôfl. netwurk
specials 4 11 augustus 2014 1 septimber 2014 n.f.t. Disney Channel
1 15 3 oktober 2014 2 maart 2015 Spark of Rebellion Disney XD
2 22 20 juny 2015 30 maart 2016 The Siege of Lothal
3 22 24 septimber 2016 25 maart 2017 Steps into Shadow
4 16 16 oktober 2017 5 maart 2018 Heroes of Mandalore

Untfangst en resultaat

bewurkje seksje

Star Wars: Rebels waard troch de tillefyzjekritisy goed ûntfongen. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, krige it earste seizoen in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 13 ûnderskate resinsjes. De folgjende trije seizoenen hiene sels in skoare fan 100%, al wie dat te tankjen oan it lytse tal resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet it earste seizoen fan Star Wars: Rebels in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 4 resinsjes.

Star Wars: Rebels waard fjouwer kear nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske priis foar tillefyzjeprogramma's. De searje waard ek fjouwer kear nominearre foar in Annie Award, de wichtichste Amerikaanske priis foar animaasje. Star Wars: Rebels wûn twaris in Saturn Award, yn 2017 en 2018, beide kearen yn 'e kategory bêste animearre searje of film op 'e tillefyzje. Fierders waard de searje ek nominearre foar twa Critics' Choice Television Awards en in Teen Choice Award.

Besibbe searjes

bewurkje seksje

Star Wars: Rebels is eins in ferfolchsearje op Star Wars: The Clone Wars, in tekenfilmsearje dy't oer de Kloane-oarloggen gie, it tiidrek dat yn 'e Star Wars-gronology oan 'e Galaktyske Boargeroarloch foarôfgiet. Star Wars: The Clone Wars waard fan 2008 oant en mei 2014 útstjoerd, mar moast doe wike foar Star Wars: Rebels. De searje kaam neitiid werom foar in lêste seizoen yn 2020. In nije tekenfilmsearje, Star Wars: Resistance, dy't min ofte mear in ferfolch op Star Wars: Rebels wie, waard fan 2018 oant en mei 2020 makke.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)