Militêre science fiction
Militêre science fiction is in subsjenre fan science fiction wêrby't it ferhaal him (benammen) taleit op it gebrûk fan science fiction-technology, yn it bysûnder wapentechnology, foar militêre doelen, wylst de wichtichste personaazjes leden fan in militêre organisaasje binne dy't belutsen binne of reitsje by militêre aktiviteiten. Sokke ferhalen kinne plakfine yn 'e romte, mar ek op 'e grûn op ferskate (fiktive) planeten. In detaillearre beskriuwing fan it oangeande militêre konflikt heart ek ta de skaaimerken fan militêre science fiction. Yn 'e ferhalen binne fierders faak ferwizings werom te finen nei wiere oarloggen út it ferline of it hjoed, wêrby't it plak fan lannen ynnommen is troch planeten of stjerreriken, wylst seeskippen ferfongen binne troch romteskippen.
De klam leit yn 'e militêre science fiction yn 'e regel op tradisjonele wearden, lykas moed, plichtsbesef, selsopoffering en freonskip tusken soldaten. De militêre operaasjes wurde ornaris beskreaun fanút it eachpunt fan in soldaat, ofsier of ûnderofsier. De technology is in stik mear avansearre as tsjintwurdich, en wurdt faak oant yn detail beskreaun. Yn guon militêre science fiction-ferhalen binne der gjin grutte feroarings op it mêd fan 'e technology, mar binne krekt oare aspekten fan 'e hjoeddeiske maatskippij feroare; bgl. dat froulju akseptearre wurde as folslein gelikens oan manlju, ek yn militêre gefjochtsrollen.
In diel fan 'e militêre science fiction, wêryn't har grutskalige romteslaggen mei futuristyske romteskippen foardogge, oerlapet mei in oar subsjenre fan 'e science fiction, de saneamde space opera. It wichtichste ûnderskie tusken militêre science fiction en space opera's is dat by dat lêste subsjenre de haadpersoanen gjin leden fan militêre organisaasjes binne, mar boargers of mooglik paramilitêren. Fierders fynt militêre science fiction net altyd plak yn 'e romte en/of op ferskate planeten, wat mei space opera's wol sa is.
Foarbylden fan militêre science fiction binne The Lost Fleet-rige, fan Jack Campbell; de Vatta's War-searje fan Elizabeth Moon en de Valor-rige fan Tanya Huff. Ek de roman The Vor Game en de novelle The Borders of Infinity, fan Lois McMaster Bujold, kinne ta militêre science fiction rekkene wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |