Underkening

(Trochferwiisd fan Ûnderkening)

In ûnderkening is in soarte fan regint of lânfâd dy't út namme fan in monarch oer in diel fan in ryk regearret, lykas in koloanje of in provinsje. Sa'n gebiet hjit in ûnderkeninkryk, en in froulike ûnderkening is in ûnderkeninginne. Soms wurdt ek de frou fan in ûnderkening sa neamd. De amtstitel 'ûnderkening' ymplisearret dat der in kening of keizer boppe sa'nent stiet; yn in lân mei in presidint as steatshaad sil immen mei itselde soarte funksje earder in gûverneur of gûverneur-generaal neamd wurde. Ek ymplisearret it amt fan ûnderkening dat it gebiet dêr't hy it bewâld oer fiert, grut of tichtbefolke genôch is om sa'n hege titel nedich te meitsjen.

Yn it iermoderne Keninkryk Spanje bestiene ferskate ûnderkeningen. Sa waarden oer de mânske koloanjes yn Amearika ûnderkeningen oansteld: yn 1535 oer Nij-Spanje (it lettere Meksiko), yn 1542 oer Perû (doe noch ynkl. Bolivia), yn 1717 oer Nij-Granada (no Kolombia, Fenezuëla en Ekwador) en yn 1776 oer Rio de la Plata (no Argentynje en Oerûguay). Mar ek yn 'e Jeropeeske dielen fan Spanje waarden ûnderkeningen oansteld, te witten oer de keninkriken Aragon, Falinsia, Kataloanje, Sardynje, Sisylje en Napels. De Nederlannen, dy't ek diel útmakken fan it Spaanske Ryk, mar dy't gjin apart keninkryk foarmen, waarden lykwols net bestjoerd troch in ûnderkening, mar troch in lânfâd.

It Keninkryk Portegal, dat fan 1580 oant 1640 sels regearre waard troch in Spaanske ûnderkening, stelde ûnderkenings oan oer Portegeesk-Ynje (sûnt 1505) en oer Brazylje (sûnt 1763). It Keninkryk Frankryk stelde tusken 1541 oant 1672 ûnderkenings oan oer Nij-Frankryk, de Frânske koloanje yn Noard-Amearika. Letter, fan 1858 oant 1947, waarden ek de gûverneurs-generaal fan Britsk-Ynje ûnderkening fan Ynje neamd (Ingelsk: Viceroy of India). Nei de Italjaanske ferovering fan Etioopje, yn de Twadde Abessynske Oarloch, hiene de bestjoerders fan Italjaansk East-Afrika fan 1936 oant 1941 de titel fan 'ûnderkening en gûverneur-generaal'. Ek yn it besette Albaanje stelden de Italjanen tusken 1939 en 1944 ûnderkenings oan.

Yn it moderne Nederlân tsjut men de fise-foarsitter fan 'e Rie fan Steat ynformeel wol oan as de 'ûnderkening fan Nederlân'.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Sources en Further reading, op dizze side.