Ryk (steatkundige ienheid)

(Trochferwiisd fan Ympearium)

In ryk, ek wrâldryk of ympearium (fan it Latynske imperium), is in soevereine steat dy't geografysk opboud is út ferskate lannen en territoaria, en wêrfan't de befolking bestiet út in mingsel fan ûnderskate etnyske groepen. Sa'n ryk kin útslutend bestean út opinoar oanslutende gebieten, lykas it Perzyske Ryk of it Russyske Ryk, mar it is ek mooglik dat it bestiet út in memmelân oanfolle troch fierôf lizzende koloanjes, lykas it gefal wie mei it Spaanske Ryk of it Britske Ryk. Ut en troch is de term 'ryk' ek brûkt foar saneamde seerepubliken of talassokrasyen, lykas it âlde Atene en de Republyk Feneesje.

It Romeinske Ryk yn 'e tiid fan syn grutste omfang, by it ferstjerren fan keizer Trajanus yn 117 n.Kr.

Histoarysk waarden riken yn 'e regel bestjoerd troch in monarch (bgl. in kening, hege kening of keizer), of troch in oligargy, in klyk fan machtige en rike famyljes út 'e maatskiplike hegerein (sa't it gefal wie by de Romeinske Republyk). It geografyske oerflak fan in ryk is almeast grutter as dat fan oare steaten. In protte fan 'e grutste histoaryske riken, lykas it Romeinske Ryk, it Mongoalske Ryk en it Britske Ryk, waarden karakterisearre troch oanhâldende oarlochfiering, feroverings, kolonisaasje, plonderings en ûnderwerping fan grutte oantallen lytsere steaten en folken, allegearre yn it foardiel fan hearsker en ekonomyske elite fan it ryk.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.