Parten

(Trochferwiisd fan Partyske Ryk)

De Parten wienen in Yndo-Iraansk folk yn de Aldheid.

Ryk fan de Parten (60 f.Kr.)

Skiednis bewurkje seksje

Foarskiednis bewurkje seksje

Nei de roerige tiden fan de brânkatastrofe krong in oantal Yndo-Europeeske folken it hjoeddeiske Iran binnen lykas de Meden en de Perzen. De Iraanse Partava bleauwen lykwols yn Sintraal-Aazje wenjen, mar krongen letter troch yn it noardeasten fan it hjoeddeiske Iran.

Om 585 f.Kr. ferklearre de foarst fan Partsje him ta fazal fan Syaksares fan Medië en letter wienen de foarsten fan Partsje fazallen fan Syrus en syn opfolgers en fan Aleksander de Grutte en syn opfolger Seleukus.

Untstean en opkomst fan it Partyske ryk bewurkje seksje

Om 250 f.Kr. ferovere Arsakes I it gebiet fan Partsje en ferklearre it ûnôfhinklik fan de Seleusiden. Arsakes stifte de dynasty fan de Arsasiden, dy't salang it Partyske ryk bestie, de keningsdynasty bliuwe soenen. Folgjende keningen, benammen Priapitius en Mitridates I de Grutte wreiden it ryk fierder út en krongen de Seleusiden hieltiten fierder werom. Mitridates' opfolgers wienen net yn steat alle ferovere gebieten fêst te hâlden, mar wol waard yn 126 Babyloanje oan it Partyske ryk tafoege. Mitridates II de Grutte (124-88) brocht it ryk opnij ta grutte bloei. Hy ferovere in soad gebieten en wreide it Partyske ryk út oant de rivier de Eufraat, dêr't hy as earste Partyske foarst yn oanrekking kaam mei de Romeinen.

Tsjustere perioade bewurkje seksje

Oer de perioade nei Mitridates II is by bebrek oan boarnen net folle bekend. Wol is dúdlik dat der ferdieledens wie yn it ryk en dat ferskillende troanpretendinten elkoar bestriden. Dêrneist lijt Partsje ûnder de driging fan it yn dizze perioade sterke Keninkryk Armeenje ûnder Tigranes II. Pas sûnt it regear fan Praates III Theos (70-57) werstelt it Partyske ryk him.

Striid mei de Romeinen bewurkje seksje

Under it regear fan Orodes II (57-38) lutsen de Romeinen, ûnder oanfiering fan Krassus, Partsje binnen. Orodes' generaal Surenas brocht de Romeinen yn de Slach by Carrhae lykwols in swiere nederlaach ta (53), dy't sa'n effekt hie dat de Romeinen oant it begjin fan de twadde iuw nei Kr. de Partyske legers frezen. Orodes syn soann en beëage opfolger Pakorus I wist om 40 f.Kr. sels grutte dielen fan Syria, Judea en Sisylje te feroverjen op de Romeinen. Dy slaggen der lykwols al gau yn om de Parten wer oer de Eufraat te driuwen. Ek ûnder de folgjende keningen bleau der sprake fan in sterk Partsje, dat op spande foet sdtie mei Rome.

Keningen fan de Parten bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje