Peter Mayhew
Peter Mayhew (folút: Peter William Mayhew; Barnes (Ingelân), 19 maaie 1944 – Boyd (Teksas), 30 april 2019) wie in Britsk-Amerikaansk akteur. Hy waard bekend troch syn fertolking fan 'e rol fan it personaazje fan 'e Wookiee Chewbacca yn 'e Star Wars-filmsearje. Hy spile dy rol yn alle live-actionoptredens fan 'e oarspronklike film Star Wars, út 1977, oant en mei Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, út 2015.
Peter Mayhew | ||
akteur | ||
Peter Mayhew yn 2015. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Peter William Mayhew | |
nasjonaliteit | Britsk Amerikaansk | |
berne | 19 maaie 1944 | |
berteplak | Barnes (Ingelân) | |
stoarn | 30 april 2019 | |
stjerplak | Boyd (Teksas) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
jierren aktyf | 1976 – 2019 | |
offisjele webside | ||
Peter Mayhew op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeMayhew waard yn 1944 berne yn Barnes, in bûtenwyk fan 'e Britske haadstêd Londen yn it Ingelske greefskip Surrey. Hy litte oan it syndroom fan Marfan (en net gigantisme, sa't wolris sein wurdt). Dêrtroch hied er in útsûnderlik grutte lingte, fan úteinlik 2.21 m. Mayhew folge in oplieding ta ferpleechkundige, en fûn neitiid wurk as sealfeint op 'e ôfdieling radiology fan it Londenske King's College Hospital.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeSyn earste ûnderfining as akteur die Mayhew op doe't er yn 1976 ûntdutsen waard troch de filmprodusinten fan 'e film Sinbad and the Eye of the Tiger, dy't in tige lange man sochten foar de rol fan 'e minotaurus. Se kamen him op it spoar troch in krante-artikel oer manlju mei grutte fuotten.
Doe't de Amerikaanske filmmakker George Lucas minder as in jier letter in lange akteur socht om 'e rol fan 'e hierrige Wookiee Chewbacca te spyljen yn 'e earste film fan 'e Star Wars-rige, tocht er ynearsten oan 'e 1.98 m lange David Prowse, mar dy keas der lykwols foar om 'e rol fan 'e antagonist Darth Vader te spyljen. Sadwaande moast Lucas op 'e nij op 'e sneup, en doe ûntdiek er Mayhew, dy't noch altyd yn it sikehûs wurke. Lucas soe tsjin him sein hawwe, dat er foar de tekstleaze rol fan Chewbacca, wêrfoar't er ûnwerkenber ferklaaid wêze soe yn in hierrich pak, inkeld by steat wêze moast om te stean en te rinnen.
Mayhew sels fertelde letter yn in fraachpetear dat er lucht krigen hie fan in audysje foar Star Wars dy't yn Londen holden waard, en dat er doe foar de aardichheid besleat dêr ris del te gean. Sadree't Lucas deryn kaam en Mayhew stean gie om mei him te fûstkjen, krige er doe de rol fan Chewbacca taparte. Mayhew fertelde ek dat er foar syn earste optreden as Chewbacca de manear fan bewegen neibearde fan bisten dy't er yn dieretunen observearre hie.
Uteinlik soe Mayhew de rol fan Chewbacca yn fiif films spylje: de oarspronklike film Star Wars (1977), dy't letter mei weromwurkjende krêft omneamd waard ta Star Wars: Episode IV – A New Hope, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015). Dêrnjonken spile er deselde rol ek yn 'e tillefyzjespecial Star Wars Holiday Special (1978), yn 'e mockumentary Return of the Ewok (1982) en yn it filmke dat by de ferdivedaasjeparkattraksje Star Tours yn Disneyland yn Anaheim (Kalifornje) hearde (1987). As stimakteur wurke Mayhew mei oan 'e ôflevering Wookiee Hunt fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars.
Los fan 'offisjeel' aktearwurk spile Mayhew de rol fan Chewbacca ek in grut tal kearen bûten de Star Wars-films, bygelyks yn reklamespotsjes en yn in ôflevering fan The Muppet Show út 1980, mar ek by optredens yn sikehuzen foar sike bern. Yn 1997 waard er, as Chewbacca, op 'e útrikking fan 'e MTV Movie Awards eare mei in oeuvrepriis. Fanwegen minder wurdende sûnens wie Mayhew by de films Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) en Solo: A Star Wars Story (2018) inkeld belutsen yn in adivsearjende rol. Yn in diel fan 'e sênes fan Star Wars: Episode VII – The Force Awakens en yn alle lettere Star Wars-films waard de rol fan Chewbacca oernommen troch Joonas Suotamo.
Njonken syn optredens as Chewbacca spile Mayhew ek yn 'e horrorfilm Terror, út 1978. Yn 'e Ingelsk neisyngronisearre ferzje fan Dragon Ball GT: A Hero's Legacy, út 2004, liende er syn stim oan it personaazje Susha. Yn 2008 spile er yn Yesterday Was a Lie, en syn lêste filmrol hied er yn 2016 yn Killer Ink.
Skriuwwurk
bewurkje seksjeMayhew skreau en publisearre twa berneboeken dy't basearre wiene op syn eigen ûnderfinings as ûngewoan lang bern. Yn Growing Up Giant lei er út dat oars wêzen as oaren in foardiel is ynstee fan in neidiel. En My Favorite Giant giet oer narjen en wat men dêrtsjin dwaan kin.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn 1999 troude Mayhew mei de Amerikaanse Mary Angelique Luker (ropnamme Angie), mei wa't er him nei wenjen sette yn Boyd, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Se krigen trije bern, en Mayhew sette in eigen bedriuw op. Yn 2005 liet er him by in seremoanje yn Arlington (Teksas) naturalisearje ta Amerikaansk steatsboarger. Yn in fraachpetear mei de Fort Worth Star-Telegram makke er it grapke dat er by dy seremoanje ek al gjin medalje krige (in ferwizing nei de sêne oan 'e ein fan 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope wêrby't Luke Skywalker en Han Solo in medalje krije, mar Chewbacca net). Yn 2013 krige Mayhew twa keunstknibbels, en yn jannewaris 2015 lei er koart yn it sikehûs doe't er longûntstekking oprûn hie. Yn july 2018 twittere er dat er mei súkses in fierders net spesifisearre operaasje oan syn rêchbonke ûndergien hie.
Ferstjerren
bewurkje seksjePeter Mayhew kaam op 30 april 2019 thús yn Boyd, yn 'e âlderdom fan 74 jier, te ferstjerren oan 'e gefolgen fan in hertoanfal.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1977 | Sinbad and the Eye of the Tiger | Minoton | net fermeld op 'e ôftiteling |
1977 | Star Wars: Episode IV – A New Hope | Chewbacca | oarspronklik útbrocht as Star Wars |
1978 | Terror | de monteur | |
1980 | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back | Chewbacca | oarspronklik útbrocht as The Empire Strikes Back |
1982 | Return of the Ewok | Chewbacca | mockumentary |
1983 | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi | Chewbacca | oarspronklik útbrocht as Return of the Jedi |
1987 | Star Tours | Chewbacca | koarte film by de attraksje Star Tour yn Disneyland; net fermeld op 'e ôftiteling |
2004 | Comic Book: The Movie | himsels | |
2005 | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith | Chewbacca | |
2008 | Yesterday Was a Lie | deade man | |
2009 | Fanboys | himsels | net fermeld op 'e ôftiteling |
2015 | Star Wars: Episode VII – The Force Awakens | Chewbacca | rol dield mei Joonas Suotamo |
tillefyzje | |||
1977 | Donny & Marie | Chewbacca | te gast yn in praatprogramma |
1978 | Star Wars Holiday Special | Chewbacca | tillefyzjespecial |
1980 | The Muppet Show | Chewbacca | gastrol; ôfl. The Stars of Star Wars |
1981 | Dark Towers | de Lange Ridder | minysearje |
1985 | The Kenny Everett Television Show | ferskaat | gastoptreden; ôfl. #3.3 |
2004 | Dragon Ball GT: A Hero's Legacy | Susha (Gettō) | as stimakteur yn 'e Ingelsktalige neisyngronisearring; tillefyzjespecial |
2011 | Star Wars: The Clone Wars | Chewbacca | as stimakteur; gastrol; ôfl. Wookiee Hunt |
2011 | Glee | Chewbacca | gastrol; ôfl. Extraordinary Merry Christmas |
2012 | Breaking In | himsels | gastrol; ôfl. Episode XIII |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Peter Mayhew op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Peter Mayhew yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|