In bûtenwyk is in wyk fan in stêd dy't oan 'e râne fan dy stêd leit. Faak is in bûtenwyk relatyf nij, benammen foar de binnenstêd oer, en ornaris grinzget er net oan it stedssintrum, mar sitte dêrtuskenyn noch ien of mear lagen fan oare wiken. Oer it algemien is de romte tusken de wenten yn bûtenwiken grutter as yn 'e binnenstêd of âldere wiken, mei't bûtenwiken faak út leechbou besteane, almeast yn 'e foarm fan huzen mei tunen. Dochs kin it ek wol dat bûtenwiken in protte heechbou hawwe, sa't it gefal in mei Amsterdam-Súdeast (oftewol de 'Bylmermar'), in bûtenwyk fan Amsterdam.

In strjitte yn Selwert, in bûtenwyk fan Grins.

Guon oare bekende foarbylden fan bûtenwiken binne The Bronx, in bûtenwyk fan New York, en Hollywood en Chatsworth, dat bûtenwiken fan Los Angeles binne. Yn Fryslân soe men bgl. Suderbuorren, Aldlân, Nijlân, Westein, Bilgaard en fral ek Camminghabuorren oantsjutte kinne as bûtenwiken fan Ljouwert.

Yn stêdekloften geane bûtenwiken en foarstêden faak suver naadleas yninoar oer. It ferskil is lykwols dat bûtenwiken ta de sintrale stêd fan sa'n agglomeraasje hearre, wylst foarstêden bestjoerlik selsstannich binne. Yn 'e Feriene Steaten wurdt meastal gjin ûnderskie makke tusken foarstêden en bûtenwiken, en wurde allebeide oantsjut as suburbs, dat letterlik "hast-stêden" of "minder-as-stêden" betsjut. Yn it ferlingde dêrfan slacht de term suburbia op it meastal as saai en griis beskôge bestean yn 'e bûtenwiken en foarstêden, dêr't it in deadse boel wêze soe yn ferhâlding ta it libbene stedssintrum. Yn Frankryk steane bûtenwiken bekend ûnder de namme banlieue, en binne se berucht om 'e grutte getto-eftige mienskippen fan allochtoanen dy't der wenje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Notes en Bibliography, op dizze side.