Carrie Fisher
Carrie Fisher (folút: Carrie Frances Fisher; Beverly Hills, 21 oktober 1956 – Los Angeles, 27 desimber 2016) wie in Amerikaansk aktrise, skriuwster en komediënne fan mingd Ingelsk, Joadsk en Ulstersk etnysk komôf. Se waard yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren wrâldfeneamd as prinsesse Leia yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, in rol dy't har har hiele fierdere libben efterfolge, lang net altyd ta har eigen fernoegen. Njonken har aktearkarriêre wie Fisher ek aktyf as skriuwster fan in stikmannich semy-autobiografyske romans, in pear toanielstikken, ferskate senario's en twa autobiografyen. Hja wraksele mei manysk-depressiviteit en in ferslaving oan medisinen en drugs, en wûn op lettere leeftyd rûnom respekt troch dêr iepentlik oer te fertellen. Ein 2016 kaam Fisher mei sechstich jier te ferstjerren oan 'e gefolgen fan in hertoanfal.
Carrie Fisher | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Carrie Frances Fisher | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 oktober 1956 | |
berteplak | Beverly Hills (Kalifornje) | |
stoarn | 27 desimber 2016 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Ingelsk Joadsk Ulstersk | |
jierren aktyf | 1969 – 2016 | |
offisjele webside | ||
www.carriefisher.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeCarrie Fisher waard yn 1956 berne yn Beverly Hills, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de dochter fan sjonger Eddie Fisher (1928-2010) en aktrise Debbie Reynolds (1932-2016). Har pake en beppe oan heitekant wiene Joadske ymmigranten út Ruslân, wylst har mem fan Ingelsk en Ulstersk (d.w.s. Noardiersk-protestantsk) komôf wie. Doe't Fisher twa jier wie, skieden har âlden nei't har heit in relaasje begûn wie mei aktrise Elizabeth Taylor, in goede freondinne fan Fisher har mem, dy't sels de widdo wie fan har heit syn bêste freon Mike Todd. It jiers dêrop wertroude Fisher har mem mei Henry Karl, de eigner fan in keatling skuonwinkels, dy't temûk al Reynolds har sparjild ferpankoekbakte.
Fisher socht beskûl yn boeken, en brocht har jonkheid troch mei it lêzen fan literêre klassikers en it skriuwen fan poëzij. Se waard troch har mem protestantsk grutbrocht, as lid fan 'e Church of the Nazarene, mar besocht doe en ek letter yn har libben geregeldwei de synagoge mei joadske freonen. Oant har fyftjinde gie se nei de Beverly Hills High School, mar doe't se yn 1973 har earste rol as aktrise krige, as debutante yn 'e Broadway-musical Irene, dêr't har mem ek yn spile, makke se de middelbere skoalle nea ôf. Ynstee liet se har datselde jiers noch ynskriuwe oan 'e Central School of Speech and Drama yn 'e Ingelske haadstêd Londen, dêr't se oardel jier lang aktearjen studearre, mar ek dy oplieding makke se net ôf doe't se yn 1977 trochbriek mei har rol yn 'e film Star Wars.
Karriêre
bewurkje seksjeFisher makke har debút as filmaktrise yn 1975 yn 'e komeedzje Shampoo, mei û.o. Warren Beatty, Julie Christie en Goldie Hawn, yn 'e rol fan in ierripe ferliedster. Yn 1977 krige se ien fan 'e haadrollen, as prinsesse Leia, yn 'e science fiction-film Star Wars, fan regisseur George Lucas, dy't letter omneamd waard ta Star Wars: Episode IV – A New Hope. Dêrby hie se as tsjinspilers Mark Hamill en Harrison Ford. Fisher fûn it senario fantastysk, mar ferwachte net dat in protte minsken dat mei har iens wêze soene. Doe't de film útkaam, waard it lykwols in trochslaand súkses, wêrmei't har aktearkarriêre yn ien kear fêstige wie. Neitiid spile Fisher yn 1978 mei Ringo Starr yn 'e tillefyzjefilm Ringo, mei John Ritter yn 'e tillefyzjefilm Leave Yesterday Behind, en mei Laurence Olivier yn 'e tillefyzje-adaptaasje fan it toanielstik Come Back, Little Sheba, fan William Inge. Yn novimber 1978 wie se ek as prinsesse Leia te sjen yn 'e Star Wars Holiday Special, wêrby't se yn 'e lêste sêne song.
Yn 1980 hie Fisher in lyts roltsje yn 'e film The Blues Brothers, as Jake syn wraaksuchtige eks-minneresse (op 'e ôftiteling stiet se fermeld as Mystery Woman). Wylst se yn Chicago wie om dy film op te nimmen, waard Fisher har libben rêden troch de Kanadeeske akteur Dan Aykroyd, dy't de Heimlich-maneuver by har útfierde doe't se har ûnder it iten ferslokte yn in sprútsje en suver kaam te stikken. Ek yn 1980 wie Fisher wer op Broadway te sjen yn it stik Censored Scenes from King Kong, en datselde jiers naam se rol fan prinsesse Leia wer op foar it twadde diel fan 'e earste Star Wars-trilogy, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back. Yn 1982 spile se yn 'e Broadway-produksje fan Agnes of God, en yn 1983 fertolke se fannijs de rol fan prinsesse Leia yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, it slútstik fan 'e earste Star Wars-trilogy. Dêrby wie Fisher te sjen yn 'e metalene bikiny fan prinsesse Leia, wêryn't se ek posearre foar de filmposter en letter foar de omslach fan it tydskrift Rolling Stone. Hja waard legindarysk yn dat ikoanyske stik klean, en ûntjoech har dêrmei tsjin wil en tank ta in sekssymboal.
Fisher spile yn 1986 mei û.m. Barbara Hershey en Mia Farrow yn 'e film Hannah and Her Sisters, fan regisseur Woody Allen. It jiers dêrop publisearre se har earste roman, it semy-autobiografyske Postcards from the Edge, wêryn't se wierbarde saken fiksjonalisearre en satirisearre, lykas har relaasje mei har mem en har eigen drugsferslaving oan 'e ein fan 'e 1970-er jierren. It boek waard in bestseller, dêr't Fisher de Los Angeles Pen Award mei wûn, yn 'e kategory bêste debútroman. Trije jier letter, yn 1990, kaam de ferfilming fan Postcards from the Edge út, wêrfoar't Fisher sels it senario skreaun hie, mei yn 'e haadrollen Meryl Streep, Shirley MacLaine en Dennis Quaid.
Yn 'e tuskentiid spile Fisher yn 1987 yn 'e Australyske film The Time Guardian. Yn 1989 hie se in byrol yn When Harry Met Sally... as de bêste freondinne fan it personaazje fan Meg Ryan, en spile se mei Tom Hanks yn The 'Burbs. Yn 'e 1990-er jierren wie Fisher te sjen yn films as Drop Dead Fred (1991), This Is My Life (1992) en Austin Powers: International Man of Mystery (1997). Yn datselde desennium skreau se ek de romans Surrender the Pink (1990) en Delusions of Grandma (1993). Fierders waard se fan 'e njoggentiger jierren ôf beskôge as ien fan 'e bêste 'skriptdokters' fan Hollywood: ien dy't senario's fan oare skriuwers byskaafde of omwurke ta in foarm dêr't de filmprodusinten wat yn seagen. Sa wie se belutsen by de tastânkomming fan 'e senario's fan 'e films Lethal Weapons 3 (wêryn't se in diel fan 'e dialooch fan Rene Russo skreau), Outbreak, The Wedding Singer en de ûnderskate dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, mar ek fan 'e tillefyzjesearje The Young Indiana Jones Chronicles.
Yn 2000 wie Fisher yn 'e horrorfilm Scream 3 te sjen yn 'e rol fan in âld-aktrise, en datselde jiers hie se in gastrol yn in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Sex and the City. Yn 2001 spile se in non yn 'e komeedzje Jay and Silent Bob Strike Back en yn 2003 hie se in cameo as mem-oerste yn 'e aksjekomeedzje Charlie's Angels: Full Throttle. Ek wurke se mei oan it senario fan 'e tillefyzjefilm These Old Broads (2001), wêryn't de haadrollen spile waarden troch har mem Debbie Reynolds, Elizabeth Taylor, Joan Collins en Shirley MacLaine. Yn 2004 publisearre se it boek The Best Awful There Is, in ferfolch op Postcards from the Edge. Fan 2005 oant 2016 wie Fisher as stimaktrise belutsen by de tekenfilmsearje Family Guy, wêryn't se yn tweintich ôfleverings Angela spile, de baas fan haadpersoan Peter Griffin. Fierders wie se sûnt 2007 as kommentatrise behelle yn 'e filmrubryk The Essentials, fan presintator Robert Osborne, dy't op 'e sneontejûnen op 'e tillefyzjestjoerder Turner Classic Movies útstjoerd waard.
Dêrnjonken skreau Fisher it toanielstik Wishful Drinking, mei mar ien rol, dy't se sels fan novimber 2006 oant jannewaris 2007 spile by opfierings yn Los Angeles. Neitiid stie se dêr ek mei op 'e planken yn û.m. San Jose, Boston, Seattle en New York. Yn 2008 skreau se in autobiografy, dy't ek de titel Wishful Drinking krige, en dy't foar in part basearre wie op it toanielstik. Yn 2009 waard de audioboekferzje fan Wishing Drinking nominearre foar in Grammy Award. Yn 2007 fertolke Fisher in gastrol yn 'e ôflevering Rosemary's Baby, fan 'e tillefyzjesearje 30 Rock, wêrfoar't se nominearre waard foar in Emmy Award. Yn 2008 die se mei oan 'e kwis Deal or No Deal, en hie se in cameoroltsje yn 'e om Star Wars draaiende komeedzje Fanboys.
De stjoerder Comedy Central stjoerde yn 2012 de roast fan aktrise Roseanne Barr út, wêrby't Fisher as komediënne ien fan 'e lju wie dy't Barr op 'e hak namen. Presintatrise Jane Lynch grapte dat Fisher oanwêzich wie om perspektyf te jaan oan Barr har wrakseling mei obesitas en drugs. Wayne Brady, ien fan 'e oare roasters, besloech Fisher har karriêre mei de gek troch har foar te hâlden dat se de iennichste Hollywood-aktrise wie wa har action figure mear wurdich wie as sysels. Yn 2013 siet Fisher yn 'e faksjuery fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, en yn 2015 hie se ien fan 'e haadrollen yn 'e Britske minysearje Catastrophe.
Datselde jiers kaam krekt foar de kryst it langferwachte earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy út, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, wêryn't Fisher op 'e nij prinsesse Leia spile, en wêrfoar't se weriene waard mei Mark Hamill, Harrison Ford, Peter Mayhew, Anthony Daniels en de rest fan 'e cast fan 'e oarspronklike trilogy. Foar dy rol waard se yn 2016 nominearre foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. Se publisearre yn novimber 2016 in twadde autobiografy, mei as titel The Princess Diarist, dy't basearre wie op 'e deiboeken dy't se byholden hie ûnder de produksje fan 'e oarspronklike trije Star Wars-films. Omtrint dyselde tiid foltôge Fisher de opnamen foar Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi. Yn 'e Star Wars-film Rogue One'', dy't oan 'e ein fan dat jier útkaam, wie in jonge prinsesse Leia te sjen, mei't dy film in prequel fan 'e oarspronklike Star Wars-films is. Fisher hie oan 'e produksje part noch diel, mei't dizze prinsesse Leia poere kompjûteranimaasje is. Fanwegen Fisher har hommels ferstjerren, koarte tiid letter, waarden fraachtekens pleatst by de rol fan prinsesse Leia yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, wêrfan't de opnamen doe noch net úteinset wiene. De makkers fan dy film besleaten om net brûkte opnamen foar Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi te brûken om Fisher postúm dochs in lyts roltsje te jaan.
Priveelibben
bewurkje seksjeLeafdeslibben
bewurkje seksjeYn har autobiografy The Princess Diarist makke Fisher yn 2016 bekend dat se yn 1976, ûnder de opname fan Star Wars: Episode IV – A New Hope, in fearnsjier lang in geheime românse ûnderhold mei har tsjinspiler Harrison Ford, dy't op dat stuit noch troud wie mei Mary Marquardt. Fan 1977 oant 1983 gie se om mei sjonger Paul Simon, mei wa't se ek op 'e set fan earste Star Wars-film yn 'e kunde kommen wie. Yn 1980 wie se in hoartsje ferloofd mei de Kanadeeske akteur Dan Aykroyd, dy't har op 'e set fan Blues Brothers frege om mei him te trouwen. Uteinlik briek Fisher de ferloving lykwols ôf doe't sy en Simon op 'e nij wat krigen. Yn augustus 1983 troude se ek mei Simon, mar dat houlik rûn al binnen in jier, yn july 1984, op in skieding út. Under har houlik wurke Fisher mei oan 'e fideoklip fan Simon syn nûmer Rene and Georgette Magritte with Their Dog after the War. Simon syn liet Hearts and Bones giet oer syn relaasje mei Fisher.
Nei har skieding hie Fisher fan 1991 ôf in jierrenlange relaasje mei ympressario Bryan Lourd, de direkteur fan it Creative Artists Agency. Mei him krige hja in dochter, Billie Catherine Lourd, dy't berne waard op 17 july 1992. Hoewol't Fisher Lourd omskreau as har 'twadde man', wie der nea sprake fan in formeel houlik. Uteinlik ferliet Lourd har om in relaasje mei in man te begjinnen. Yn 2003, doe't Fisher nau gearwurke mei de Britske sjonger James Blunt oan in album fan dyselde mei as titel Back to Bedlam, waard der yn 'e rabbersparse oer spekulearre dat sy beiden in ferhâlding hawwe soene, eat dat Fisher ûntstried.
Op 6 febrewaris 2005 waard de lobbyist R. Gregory Stevens dea by Fisher thús oantroffen. By de lykskôging waard fêststeld dat de man ferstoarn wie oan gebrûk fan kokaïne en medisinen yn kombinaasje mei in net-fêststelde hertkrupsje. Yn 'e media waard sprutsen fan in "oerdoazis", mar dat wurd kaam net foar yn it offisjele lykskôgingsrapport. De dea fan Stevens griep Fisher slim oan, en letter sei se yn in fraachpetear dat se leaude dat de geast fan Stevens yn har filla omspûke. Troch de stress dy't dat opsmiet, ferfoel se wer ta drugsgebrûk.
Manysk-depressiviteit en drugsferslaving
bewurkje seksjeYn lettere jierren spriek Fisher ferskate kearen frij-út en yn it iepenbier oer har manysk-depressiviteit en har drugsferslaving, eat dêr't se rûnom lof foar taweaun krige. Sa wie se te sjen yn in ôflevering fan 'e praatprogramma 20/20, op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder ABC, en teffens wurke se mei oan 'e dokumintêresearje The Secret Life of the Manic Depressive, fan 'e Britske presintator, akteur en komyk Stephen Fry, dy't sels ek mei manysk-depressyf is. Fisher lei yn dy programma's út dat har misbrûk fan drugs en medisinen in foarm fan selsmedikaasje wie om 'e skerpe kantsjes fan it manyske aspekt fan har krupsje ôf te heljen. Deselde ûnderwerpen kamen ek oan bod yn har autobiografy Wishful Drinking, út 2008.
Yn 2008 sei Fisher yn it praatprogramma Today, op 'e stjoerder NBC, tsjin presintator Matt Lauer dat se de rol fan prinsesse Leia ôfslein hawwe soe, as se foar it ferstân hân hie dat se dêrtroch krekt like ferneamd wurde soe as har âlden, wylst se sjoen hie hoe dreech oft dat harren libbens makke. Itselde jiers ferskynde se ek yn The Late Show, dêr't iepenhertich fertelde oer de elektroshockterapy dy't se yn dy snuorje om 'e seis wiken ûndergie om "it semint yn myn harsens op te blazen". Yn in oar fraachpetear bychte se op dat se ûnder de opnamen fan Star Trek: Episode V – The Empire Strikes Back oan 'e kokaïne wie. "Stadichoan," sa sei se, "begûn ik te beseffen dat ik wat langer wat mear drugs brûkte as oare lju en dat ik myn frije kar om al of net te brûken oan it ferliezen wie." Yn 1985, doe't se moannenlang net brûkt hie, naam se by fersin in oerdoazis troch foarskreaune medisinen mei slieptabletten te kombinearjen. Fisher waard doe mei de ambulânse nei it sikehûs ôffierd, en de neisleep fan dat foarfal foarme fierhinne de basis foar har roman Postcards from the Edge. Doe't har letter frege waard wêrom't se sels yn 'e ferfilming fan dat boek net de rol fan 'e haadpersoan Suzanne spile hie, antwurde se: "Ik hie Suzanne alris spile."
Ferstjerren
bewurkje seksjeOp 23 desimber 2016 kaam Fisher werom fan in toernee troch it Feriene Keninkryk om har nijste boek, The Princess Diarist, oan te priizgjen, doe't se oan board fan in ferkearsfleantúch fan United Airlines ûnderweis fan Londen nei Los Angeles in kertier foar de lâning in hertoanfal krige. De passazjier dy't njonken har siet, murk dat se ophold mei sykheljen en warskôge it kabinepersoniel. In oare passazjier tsjinne hertmassaazje en mûle-op-mûlebeäzeming ta oant it fleantúch lâne wie en ambulânsepersoniel arrivearre om 'e behanneling oer te nimmen. Fisher waard ôffierd nei it Ronald Reagan UCLA Medical Center, in akademysk sikehûs, dêr't se oan in beäzemingsapparaat lein waard.
Carrie Fisher kaam net mear by bewustwêzen, en ferstoar fjouwer dagen letter, op 27 desimber, om 8.55 oere moarns te Los Angeles, yn 'e âlderdom fan 60 jier. Har mem Debbie Reynolds krige de deis dêrop in oerhaal wylst se Fisher har begraffenis oan it regeljen wie. Se waard nei it sikehûs brocht, dêr't se yn 'e âlderdom fan 84 jier ferstoar. It nijs fan Fisher har ûntidich ferstjerren fersprate him as diggelfjoer fia it ynternet ûnder de hûnderten miljoenen Star Wars-fans, en rôp skokte reäksjes op.
Mei't Fisher gjin eigen stjer hie op 'e Hollywood Walk of Fame, makken har fans in eigen tinkteken troch in blanko-stjer te brûken. (Yn juny 2021 waard oankundige dat Fisher yn 'e rin fan 2022 dochs noch in eigen stjer op 'e Walk of Fame krije soe). Yn har autobiografy Wishful Drinking hie Fisher skreaun dat se woe dat yn har nekrology skreaun waard dat se "ferdronken wie yn 'e moanneskyn, smoard troch myn eigen beha," en sadwaande ferskynde dy omskriuwing yn ferskate stjerberjochten. Op 5 jannewaris 2017 waard foar Fisher en Reynolds yn besletten fermidden in miensiplike routsjinst holden. Fisher har stoflik omskot waard kremearre, wêrnei't in diel fan 'e jiske yn it grêf fan har mem pleatst waard op it Forest Lawn Memorial Park yn Hollywood. De rest hawwe har djipdrôven op 'e noed en wurdt neffens de berjochten bewarre yn in urne yn 'e foarm fan in reuseftige Prozac-antydepressivapil.
Bibliografy
bewurkje seksje- romans
- 1987 – Postcards from the Edge
- 1990 – Surrender the Pink
- 1993 – Delusions of Grandma
- 2004 – The Best Awful There Is
- toanielstikken
- 2006 – Wishful Drinking
- 2008 – A Spy in the House of Me
- senario's
- 1990 – Postcards from the Edge
- 2001 – These Old Broads
- 2007 – E-Girl
- non-fiksje
- 2008 – Wishful Drinking
- 2011 – Shockaholic
- 2016 – The Princess Diarist
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1959 | A Visit with Debbie Reynolds | lyts famke | net fermeld op 'e ôftiteling |
1969 | Debbie Reynolds and the Sound of Children | paadfynster | tillefyzjefilm |
1970 | Life with Linkletter | harsels | ôfl. Debbie Reynolds, Carrie Fisher, Todd Fisher, Mark Russell |
1977 | Come Back, Little Sheba | Marie | tillefyzjefilm |
1977–2016 | Today | harsels | gastpresintatrise; 5 ôfl. |
1978 | Ringo | Marquine | tillefyzjefilm |
1978 | Leave Yesterday Behind | Marnie Clarkson | tillefyzjefilm |
1978 | Saturday Night Live | harsels | as presintatrise; 2 ôfl. |
1978 | Star Wars Holiday Special | prinsesse Leia | tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e oankommende krystdagen |
1980 | Saturday Night Live | leperkaan | gastrol; ôfl. Paul Simon, James Taylor & David Sanborn; net fermeld op 'e ôftiteling |
1982 | Laverne & Shirley | Cathy | gastrol; ôfl. The Playboy Show |
1983 | Classic Creatures: Return of the Jedi | harsels | presintaasje en voice-over; dokumintêre |
1983 | From Star Wars to Jedi: The Making of a Saga | harsels | dokumintêre |
1983–1990 | Late Night with David Letterman | harsels | te gast yn in praatprogramma; 4 ôfl. |
1984 | Faerie Tale Theatre | Thumbelina | gastrol; ôfl. Thumbelina |
1984 | Frankenstein | Elizabeth | tillefyzjefilm |
1985 | Happily Ever After | Alice Conway | as stimaktrise; tillefyzjefilm |
1985 | From Here to Maternity | Veronica | koarte tillefyzjefilm |
1985 | George Burns Comedy Week | Mitzi | gastrol; ôfl. The Couch |
1985 | A Girl Named Alida | Alice Conway | as stimaktrise; tillefyzjefilm |
1986 | Liberty | Emma Lazarus | tillefyzjefilm |
1986 | Sunday Drive | Franny Jessup | tillefyzjefilm |
1987 | Amazing Stories | Laurie McNamara | gastrol; ôfl. Gershwin's Trunk |
1988 | Good Morning America | harsels | te gast yn in praatprogramma; 1 ôfl. |
1989 | Alida's Problem | Alice Conway | as stimaktrise; tillefyzjefilm |
1989 | Trying Times | Enid | gastrol; ôfl. Hunger Chic |
1990 | Sweet Revenge | Linda | tillefyzjefilm |
1991 | Wogan | harsels | te gast yn in praatprogramma; ôfl. #11.11 |
1991 | Movie Memories with Debbie Reynolds | harsels | dokumintêre |
1991 | Saturday Night Clive | harsels | te gast yn in praatprogramma; ôfl. #4.3 |
1991–1996 | Showbiz Today | harsels | te gast yn in praatprogramma; 3 ôfl. |
1994 | Clive Anderson Talks Back | harsels | te gast yn in praatprogramma; ôfl. #9.12 |
1994 | Science Fiction: A Journey Into the Unknown | harsels | dokumintêre |
1994–1998 | The Tonight Show with Jay Leno | harsels | te gast yn in praatprogramma; 3 ôfl. |
1994–2009 | Late Night with Conan O'Brien | harsels | te gast yn in praatprogramma; 3 ôfl. |
1995 | Frasier | Phyllis | as stimaktrise; gastrol; ôfl. She's the Boss |
1995 | Ellen | harsels | gastrol; ôfl. The Movie Show |
1997 | Gun | Nancy | gastrol; ôfl. The Hole |
1997–1999 | Ruby | harsels | te gast yn in praatprogramma; 7 ôfl. |
1998 | Dr. Katz, Professional Therapist | Roz Katz | as stimaktrise; gastrol; ôfl. Thanksgiving |
1998–2003 | Intimate Portrait | harsels | te gast yn in praatprogramma; 4 ôfl. |
1999 | It's Like, You Know... | harsels | gastrol; ôfl. Arthur 2: On The Rocks |
1999–2000 | So Graham Norton | harsels | te gast yn in praatprogramma; 2 ôfl. |
2000 | Sex and the City | harsels | gastrol; ôfl. Sex and Another City |
2000–2010 | Biography | harsels | te gast yn in praatprogramma; 3 ôfl. |
2001 | These Old Broads | prostituee | tillefyzjefilm; ek senarioskriuwster en útfierend produsinte |
2002 | A Nero Wolfe Mystery | Ellen Tenzer | gastrol; ôfl. Motherhunt |
2002–2004 | Conversations from the Edge with Carrie Fisher | harsels | as presintatrise; 4 ôfl. |
2003 | Good Morning, Miami | Judy Silver | gastrol; ôfl. A Kiss Before Lying |
2003–2004 | Dinner for Five | harsels | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2004 | Jack & Bobby | Madison Skutcher | gastrol; ôfl. The First Lady |
2004 | The Rutles 2: Can't Buy Me Lunch | harsels | tillefyzjefilm |
2005 | Smallville | Pauline Kahn | gastrol; ôfl. Thirst |
2005 | Romancing the Bride | Edwina | tillefyzjefilm |
2005–2014 | The Late Late Show with Craig Ferguson | harsels | te gast yn in praatprogramma; 14 ôfl. |
2005–2016 | The Ellen DeGeneres Show | harsels | te gast yn in praatprogramma; 4 ôfl. |
2005–2017 | Family Guy | Angela | as stimaktrise; weromkearende rol; 25 ôfl. |
2006 | Friendly Fire | Chanteuse | tillefyzjefilm |
2007 | Odd Job Jack | dokter Finch | gastrol; ôfl. The Beauty Beast |
2007 | Weeds | abbekate fan Celia | gastrol; ôfl. The Brick Dance |
2007 | On the Lot | harsels | as sjuerylid; 11 ôfl. |
2007 | Side Order of Life | dokter Gilbert | gastrol; ôfl. Funeral for a Phone |
2007 | 30 Rock | Rosemary Howard | gastrol; ôfl. Rosemary's Baby nom. Emmy Award bêste gastrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje |
2008 | Robot Chicken: Star Wars Episode II | prinsesse Leia oare stimmen |
tillefyzjespecial |
2008 | Bring Back... Star Wars | harsels | dokumintêre |
2009 | The Bonnie Hunt Show | harsels | te gast yn in praatprogramma; 1 ôfl. |
2009 | Celebrity Ghost Stories | harsels | ôfl. Carrie Fisher/John Waters/Rue McClanahan/Federico Castelluccio |
2009 | Charlie Rose | harsels | te gast yn in praatprogramma; 1 ôfl. |
2009 | Late Night with Jimmy Fallon | harsels | te gast yn in praatprogramma; 1 ôfl. |
2010 | Entourage | Anna Fowler | gastrol; ôfl. Tequila and Coke |
2010 | Wright vs. Wrong | Joan Harrington | pilotôflevering |
2012 | The Comedy Central Roast of Roseanne | harsels | as roaster; tillefyzjespecial |
2012 | It's Christmas, Carol! | Eve | tillefyzjefilm |
2014 | The Big Bang Theory | harsels | gastrol; ôfl. The Convention Conundrum |
2014 | Legit | Angela McKinnon | gastrol; ôfl. Licked |
2014–2016 | Girlfriends' Guide to Divorce | Cat | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2015 | Good Morning America | harsels | te gast yn in praatprogramma; 1 ôfl. |
2015 | Jimmy Kimmel Live! | harsels | te gast yn in praatprogramma; ôfl. The Cast of Star Wars: The Force Awakens |
2015 | Crackanory | harsels | as fertelster; ôfl. Uncivil War & Dread and Breakfast |
2015–2017 | Catastrophe | Mia Norris | weromkearende rol; 5 ôfl. nom. bêste gastrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje (foar ôfl. #3.6) |
2017 | Urban Myths | harsels | gastrol; ôfl. Elizabeth, Michael and Marlon |
films | |||
1975 | Shampoo | Lorna Karpf | |
1977 | Star Wars: Episode IV – A New Hope | prinsesse Leia | oarspronklik útbrocht as Star Wars nom. Saturn Award foar bêste aktrise |
1980 | The Blues Brothers | ferloofde fan Jake | |
1980 | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back | prinsesse Leia | oarspronklik útbrocht as The Empire Strikes Back |
1981 | Under the Rainbow | Annie Clark | |
1983 | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi | prinsesse Leia | oarspronklik útbrocht as Return of the Jedi nom. Saturn Award foar bêste aktrise |
1984 | Garbo Talks | Lisa Rolfe | |
1985 | The Man with One Red Shoe | Paula | |
1986 | Hannah and Her Sisters | April | |
1986 | Hollywood Vice Squad | Betty Melton | |
1987 | Amazon Women on the Moon | Mary Brown | segmint Reckless Youth |
1987 | The Time Guardian | Petra | |
1988 | Appointment with Death | Nadine Boynton | |
1989 | The 'Burbs | Carol Peterson | |
1989 | Loverboy | Monica Delancy | |
1989 | She's Back | Beatrice | |
1989 | When Harry Met Sally... | Marie | |
1990 | Sweet Revenge | Linda | |
1990 | Sibling Rivalry | Iris Turner-Hunter | |
1991 | Drop Dead Fred | Janie | |
1991 | Soapdish | Betsy Faye Sharon | |
1991 | Hook | tútsjende frou op brêge | net fermeld op 'e ôftiteling |
1992 | This Is My Life | Claudia Curtis | |
1997 | Austin Powers: International Man of Mystery | psycho-terapeut | cameo; net fermeld op 'e ôftiteling |
2000 | Scream 3 | Bianca | cameo |
2000 | Lisa Picard Is Famous | harsels | cameo |
2001 | Heartbreakers | frou Surpin | |
2001 | Jay and Silent Bob Strike Back | non | cameo |
2002 | A Midsummer Night's Rave | mem fan Mia | cameo |
2002 | The Rutles 2: Can't Buy Me Lunch | harsels | |
2003 | Charlie's Angels: Full Throttle | mem-oerste | cameo |
2003 | Wonderland | Sally Hansen | |
2004 | Stateside | frou Dubois | |
2005 | Undiscovered | Carrie | |
2005 | The Aristocrats | harsels | dokumintêre |
2006 | The Wubbulous LIVE | Alexis La Sound | |
2007 | Suffering Man's Charity | ferslachjouster | cameo |
2007 | Cougar Club | Glady Goodbey | |
2008 | The Women | Bailey Smith | |
2009 | White Lightnin’ | Cilla | |
2009 | Fanboys | dokter | cameo |
2009 | Sorority Row | frou Crenshaw | |
2010 | Wishful Drinking | harsels | dokumintêre nom. Emmy Award (mei oaren) foar bêste fariëtee-, muzyk- of komeedzjespecial |
2014 | Maps to the Stars | harsels | cameo |
2015 | Star Wars: Episode VII – The Force Awakens | prinsesse Leia | nom. Saturn Award foar bêste aktrise |
2016 | Bright Lights: Starring Carrie Fisher and Debbie Reynolds | harsels | dokumintêre |
2017 | Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi | prinsesse Leia | postúm útbrocht Teen Choice Award foar favorite fantasy-aktrise nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise |
2019 | Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker | prinsesse Leia | postúm produsearre mei net brûkte opnamen foar Star Wars: Episode VIII: The Last Jedi |
2020 | Have a Good Trip: Adventures in Psychedelics | harsels | postúm útbrocht dokumintêre |
2022 | Wonderwell | Hazel | filme yn 2016; postúm útbrocht |
fideospultsjes | |||
2012 | Dishonored | nijslêzeresse | as stimaktrise |
2014 | Family Guy: The Quest for Stuff | Angela | as stimaktrise |
2016 | Lego Star Wars: The Force Awakens | prinsesse Leia | as stimaktrise |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Carrie Fisher
- (in) Folsleine filmografy fan Carrie Fisher yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|