Ferloving

(Trochferwiisd fan Ferloofd)

In ferloving is it troch beide partijen jaan fan in ûnthjit om te trouwen. It feit dat men in ferloving oangien is, kin lykwols net brûkt wurde om in persoan te ferplichtsjen om it dêrmei ûnthjitten houlik ek wier-wier te sluten. Ferlovings jouwe dus gjin rjochtsfoardering ta it oangean fan in houlik, noch jouwe se rjocht op skeafergoeding as ien fan 'e partijen fan it foarnommen houlik beslút ôf te sjen. Sadwaande is it oangean fan in ferloving in ynformeel barren, dêr't gjin offisjele hannelings foar ferrjochte hoege te wurden.

It wurd 'ferloving' is as it derop oankomt eins net alhiel geef Frysk, al is it tsjintwurdich hielendal ynboargere en wurdt it troch eltsenien brûkt. It is in lienwurd út it Nederlânsk, dat yn it Frysk oarspronklik sjoen waard (en troch guon strange puristen noch wol) as in hollanistyske ynterferinsje. (Lykwols stie it al yn 'e âlde fertaalwurdboeken Frysk-Nederlânsk en Nederlânsk-Frysk, en wurdt it ek fernijd yn it Frysk Hânwurdboek.) De âlde foarm 'jin fersizze oan' (foar 'jin ferloovje mei') is Frysker, mar yn lang net alle sinskonstruksjes gaadlik, om't de ferbûging ta in haadwurd ("fersizzing") net bestiet. It Frysk Wurdboek (Nederlânsk-Frysk) jout ek noch de argayske foarm 'boask' (foar 'ferloving') en 'boaskje oan' (foar 'jin ferloovje mei'), mar dy foarmen kinne ek 'houlik', resp. 'trouwe mei' betsjutte, sadat men dêr net folle mei opsjit.

Ferlovingsperioade

bewurkje seksje

De perioade wêryn't in pearke tawurket nei in houlik wurdt de ferlovingsperioade neamd. Yn Nederlân fynt yn dat tiidsbestek de ferplichte ûndertrou (houliksoanjefte) plak. Oant yn 'e 1970-er jierren wie it oangean fan in ferloving as tarieding op it sluten fan in houlik frij algemien, benammen yn 'e stêden. Tsjintwurdich wurdt de ferloving faker oerslein, al wurdt der yn relaasjes ek faker hielendal net troud.

De ferloving is bedoeld om publyklik tynge te dwaan fan it feit dat men fan doel is om te trouwen. In troudatum hoecht by it oangean fan in ferloving lykwols noch net bekend te wêzen. Soms giet it sluten fan in ferloving mank mei it útwikseljen fan ferlovingsringen. Sokke ringen wurde ornaris oan 'e ringfinger droegen, tradisjoneel oan 'e lofterhân, behalven by roomsen, dy't de ferlovingsring oan 'e rjochterhân hearre te dragen. Ofhinklik fan it budget en oare omtinkens wurdt de ferlovingsring by it sluten fan it houlik befoardere ta trouring of ferfongen troch in trouring. Dêrby ferhuzet er nei de ringfinger fan 'e rjochterhân (foar roomsen nei dy fan 'e lofterhân).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.