In toernee (fan it Frânske tournée) is in rûnreis fan artyst, yn 'e regel út 'e muzykyndustry, mei as doel om in rige foarstellings te jaan, meast yn 'e foarm fan konserten. Benammen yn 'e hjoeddeiske popmuzyk kinne sokke toernees útwaakse ta ûndernimmings dêr't miljoenen euro's mei muoid binne en dêr't per konsert soms wol tsientûzen fans of mear mei betsjinne wurde. Ek yn 'e klassike muzyk sprekt men fan toernees, mar de ynteine binnendoarfoarstellings fan in klassyk orkest hawwe net folle gemien mei de útskroevene iepenloftkonserten fan popstjerren. Toernees duorje ornaris minimaal in pear wiken, mar meastal in pear moannen oant in healjier of noch langer. De redens om 'op toernee te gean', rinne útinoar. Guon artysten dogge it poer foar harren keunst, nammentlik om't se har muzyk mei harren fans diele te wolle. It komt lykwols faak foar dat [ promosjonele en kontraktuële ferplichtings of kommersjele doelen in rol spylje (dy't rjochte binne op it beheljen fan 'e maksimale omset út it ferkeapjen fan kaartsjes). Soms giet men ek wol op toernee foar it goede doel.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.