Sir Alec Guinness de Cuffe (Londen, 2 april 1914 - Midhurst, West Susseks, 5 augustus 2000) wie in Ingelsk akteur. Hy wie ien fan de meast populêre akteurs fan syn generaasje. Hy spile in grut tal ferskate rollen yn in protte films, dêr't klassiker ûnder binne sa as The Bridge on the River Kwai en Star Wars: Episode IV – A New Hope.

Alec Guinness
akteur
Alec Guinness (1973)
Alec Guinness (1973)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sir Alec Guinness de Cuffe
nasjonaliteit Britsk
berne 2 april 1914
berteplak Londen
stoarn 5 augustus 2000
stjerplak Midhurst
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf 1934-1996

Alec Guinness waard berne yn 1914 yn Londen as ûnwettich bern; synheit hat er net kend. Hy begûn as tekstskriuwer yn de reklame en doet er it jild dêrfoar hie gie er nei Fay Compton School of Acting. De grutte akteur Sir John Gielgud seach syn talint en joech him twa rollen yn syn ferzje fan Hamlet út 1934. Fan 1936 ôf spile er foar fêst yn Gielgud syn Old Vic Company, dêr't er de klassikers spyljen learde.

Dat jier troude er ek mei de keunstnaresse, toanielskriuwster en aktrise Merula Salaman. Sy krigen in soan, Matthew, yn 1940.

Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne Guinness by de Royal Navy, yn dy tiid wie er fan doel om Anglikaans pryster te wurden. Nei de oarloch krige er syn twadde filmrol oanbean (1934 hie er in lytse rol yn de film Evensong). De Britske regisseur David Lean hie Guinness yn 1939 op it toaniel spyljen sjoen yn de rol fan Herbert Pocket yn de toanielbewurking fan Great Expectations fan Charles Dickens. Yn 1946 spile er Herbert Pocket wer, doe op it wite doek. Twa jier letter briek er troch as Fagin yn Leans ferzje fan Oliver Twist fan Dickens.

Yndernasjonale ferneamdens kaam yn 1949 mei de film Kind Hearts and Coronets, dêr't er acht ferskillende rollen yn hie en oare Ealing-komeedzjes sa as The Lavender Hill Mob (1951), The Man in the White Suit ('51) en The Ladykillers (1955). Foar syn rol yn The Lavender Hill Mob krige er in Oscarnominaasje foar Bêste Akteur.

Yn 1954 hie er de rol fan Father Brown yn de film The Detective. Under de opnames fan dy film bekearde er him ta it katolisisme. Hy soe syn libben lang trou oan de Tskerke bliuwe.

Yn 1957 kaam er werom by David Lean. Foar syn rol as kolonel Nicholson yn The Bridge on the River Kwai waard er beleane mei in Golden Globe en in Oscar foar Bêste Akteur. It jier dêrnei waard er wer nominearre foar in Oscar, datkear foar Bêste Skript foar de film The Horse's Mouth.

Nei syn bekearing ta it katolisisme waard er op 5 oktober 1958 yn privee-audiïnsje troch paus Pius XII ûntfongen. It soe de lêste audiïnsje fan dy paus wurde, fjouwer dagen letter wie er ferstoarn.[1]

Yn de jierren sechtich spile er yn in grut tal films, mar syn byrollen yn inkelde grutte epics fan Lean, as Prins Feisal yn Lawrence of Arabia en de broer fan Dr. Zhivago út de film mei deselde namme uit 1965, foelen it meast op.

Yn 1977 berikte Guinness in hiel nij publyk, troch syn rol as Obi-Wan Kenobi yn de súksesfolle science fiction-film Star Wars: Episode IV – A New Hope fan George Lucas. It smiet him in Oscarnominaasje op, mar Guinness hie it grou oan dy rol.

Yn de jierren tachtich wie er meast op telefyzje te sjen. In Oscarnominaasje foar de film Little Dorrit, ien fan syn lêste films folge yn 1988. Al yn 1980 hie Guinness in eare-Oscar foar syn folsleine oeuvre krige.

Yn 1955 waard er beneamd ta Kommandeer yn de Order of the British Empire (CBE) foar syn bydrage oan de keunsten; 1959 waard er riddere, Knight Bachelor en yn 1994 waard er opnaam yn de Order of the Companions of Honour.

Guinness stoar op 5 augustus 2000 oan leverkanker. Hy is 86 jier wurden.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1946 Great Expectations Herbert Pocket
1948 Oliver Twist Fagin
1949 Kind Hearts and Coronets Guinness spile njoggen ferskillende personaazjes.
1950 The Mudlark Benjamin Disraeli
1951 The Lavender Hill Mob Henry Holland
1951 The Man in the White Suit Sidney Stratton
1953 The Captain's Paradise Capt. Henry St. James
1955 The Ladykillers Professor Marcus
1955 The Prisoner De kardinaal
1957 The Bridge on the River Kwai Col. Nicholson
1958 The Horse's Mouth Gulley Jimson
1960 Our Man in Havana Jim Wormold
1960 Tunes of Glory Maj. Jock Sinclair
1962 Lawrence of Arabia prins Faisal
1964 The Fall of the Roman Empire Markus Aurelius
1965 Doctor Zhivago Lieutenant General Jevgraf Andrejevitsj Zjivago
1970 Scrooge Jacob Marley's geast
1976 Murder by Death Jamesir Bensonmum
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope Obi-Wan Kenobi
1980 Raise the Titanic John Bigalow
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back Obi-Wan Kenobi
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi Obi-Wan Kenobi
1984 A Passage to India Professor Godbole
1988 A Handful of Dust Mr. Todd
1988 Little Dorrit William Dorrit
1994 Mute Witness The Reaper
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Obi-Wan Kenobi Postume rol; argyf audio

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Francis A. Burkle-Young, Passing the Keys. Modern Cardinals, Conclaves and the Election of the next Pope New York, Oxford, 1999 ISBN 1-56833-130-4, 75