Ahsoka (telefyzjesearje)

(Trochferwiisd fan Ahsoka (tillefyzjesearje))

Ahsoka is in oankommende Amerikaanske minysearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Ahsoka grypt benammen werom op 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en de Star Wars-prequeltrilogy, beide fan George Lucas, en teffens op 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars spilet de searje fiif jier nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. De titel ferwiist nei de haadpersoan, Jedi-ridder Ahsoka Tano, wa har rol fertolke wurdt troch aktrise Rosario Dawson. De searje is in spin-off fan The Mandalorian en is ek ûnderling ferbûn mei The Book of Boba Fett en Star Wars: Skeleton Crew. De ferwachting is dat Ahsoka yn 'e rin fan 2023 beskikber komme sil fia de streamingtsjinst Disney+.

Ahsoka
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Dave Filoni
ûntwikkele troch Jon Favreau
Dave Filoni
útfierend
   produsint
Jon Favreau
Dave Filoni
Kathleen Kennedy
regisseur(s) Dave Filoni
Peter Ramsey
senario Dave Filoni
basearre op ● de Star Wars-trilogy en
● de Star Wars-prequeltrilogy
   fan George Lucas
tillefyzjestudio Lucasfilm
distribúsje Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen Rosario Dawson
Natasha Liu Bordizzo
Hayden Christensen
Eman Esfandi
skaaimerken
foarm live-action-minysearje
sjenre science fiction, fantasy, aksje,
aventoer
seizoenen 1
jierren 2023
tal ôfl. ?
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk (ek guon fiktive talen)
webside www.starwars.com/series/
ahsoka
besibbe searjes The Mandalorian
The Book of Boba Fett
Star Wars: Skeleton Crew

Yn desimber 2020 kundige film- en tillefyzjestudio Lucasfilm de oankommende produksje oan fan ferskate spin-offs fan 'e súksesfolle Star Wars-searje The Mandalorian. Dêrûnder wiene The Book of Boba Fett en Ahsoka. It is de bedoeling dat de spin-offsearjes njonken The Mandalorian besteane en fia ûnderling ferbûne ferhaallinen opbouwe nei in klimaktysk barren. In trêde, letter oankundige searje, Star Wars: Skeleton Crew, waard dêr ek yn behelle. Ahsoka moast him neier talizze op it populêre personaazje fan 'e Jedi-ridder Ahsoka Tano, dat troch Davi Filoni betocht wie foar de lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008) en de dêropfolgjende tekenfilmsearje mei deselde namme. Hja waard, foarútrinnend op 'e eigen searje, yn 2020 reyntrodusearre yn it twadde seizoen fan The Mandalorian.

Ahsoka kaam út 'e koker fan tillefyzjeprodusint Dave Filoni, dy't oarspronklik ek de geastlike heit wie fan it personaazje Ahsoka Tano. It is in minysearje, dy't ûntwikkele waard troch Filoni y.g.m. Jon Favreau, de produsint fan The Mandalorian en The Book of Boba Fett. Behalven dy beide mannen wie ek Lucasfilm-baas Kathleen Kennedy as útfierend produsint by de produksje fan 'e searje belutsen. It senario waard skreaun troch Filoni. De rezjy waard dien troch Filoni en Peter Ramsey. De opnamen foar Ahsoka setten op 9 maaie 2022 útein yn 'e MBS Media Campus yn Manhattan Beach (Kalifornje) ûnder de opsetlik misliedende wurktitel Stormcrow. De distribúsje fan Ahsoka wurdt fersoarge troch Disney Platform Distribution. De searje sil útslutend beskikber komme fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney, nei ferwachting yn 'e rin fan 2023.

Utgongspunt fan 'e plot

bewurkje seksje

Neffens Dave Filoni sil Ahsoka in minysearje wêze, dy't de foarm hat fan in ferfolchsearje, dus net mei op harsels steande ôfleverings. Yn 'e searje, dy't nei ferwachting in los triedsje ôfkomstich út 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018) ôfhechtet, binne Jedi-ridder Ahsoka Tano en lid fan it Rebelleferbûn Sabine Wren op jacht nei grutadmiraal Thrawn, ien fan 'e heechst pleatste ofsieren út ynstoarte Galaktysk Keizerryk dy't fiif jier nei de oprjochting fan 'e Nije Republyk noch op frije fuotten is. Dyselde is oan 'e ein fan 'e Galaktyske Boargeroarloch spoarleas ferdwûn mei de jonge rebel Ezra Bridger, in freon fan Ahsoka en Sabine.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Rosario Dawson.
personaazje akteur/aktrise
Jedi-ridder Ahsoka Tano Rosario Dawson
Sabine Wren Natasha Liu Bordizzo
Anakin Skywalker Hayden Christensen
Ezra Bridger Eman Esfandi
grutadmiraal Thrawn Ray Stevenson

Oare, noch ûnbekende rollen sille spile wurde troch Ivana Sakhno en Mary Elizabeth Winstead.

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 ? noch ûnbekend noch ûnbekend Disney+

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)