Adopsje is in wetlik proses wêrby't in persoan it âlderskip op him of har nimt fan in oare persoan, dat yn 'e regel in bern is. Dêrby wurdt de (wetlik jildige) famyljebân tusken it oangeande bern en syn/har biologyske âlden ferbrutsen en ferfongen troch in nije wetlik jildige famyljebân tusken de adopsje-âlden en it adoptearre bern, mei alle yn 'e wet fêstleine rjochten en plichten dy't dêrby hearre. De adopsje-âlden nimme dat bern dan oan as wie it harren eigen, en it adoptearre bern wurdt sadwaande ek wol in oannommen bern neamd. Sa'n bern kriget bygelyks de efternamme fan 'e adopsje-âlden, en dielt yn it erfrjocht sûnder ûnderskie mei eventuële biologyske bern.

Sûnt 2024 is ynterlanlike adopsje yn Nederlân ferbean.

Skiednis bewurkje seksje

Histoarysk giet it ferskynsel 'adopsje' werom oant yn 'e iere Aldheid. Yn dy snuorje waarden de rjochten en plichten oangeande dit ûnderwerp bygelyks fêstlein yn 'e Koade fan Hammûraby yn it Aldbabyloanyske Ryk en yn 'e Kodeks Justinianus yn it Romeinske Ryk. Yn 'e Aldheid wie adopsje in folslein oar fenomeen as hjoed de dei, en draaide it net om 'e opfang fan bern, mar om 'e fuortsetting fan 'e (bernleaze) geslachten fan ynfloedrike pommeranten. As in rike famylje dus gjin manlike erfgenamt hie, koe men gewoan ien adoptearje om útstjerren fan 'e famylje foar te kommen. Dejingen dy't dêrby adoptearre waarden, wiene ornaris jongfeinten dy't al folwoeksen wiene. Sa wie de Romeinske keizer Trajanus de adoptearre soan fan syn foargonger Nerva, en naam er letter sels syn opfolger Hadrianus oan as soan. Dêrtroch waard in juridysk wettertichte erfopfolging regele dy't derfoar soarge dat de macht freedsum oerdroegen wurde koe.

It oannimmen fan minderjierrige bern wie yn 'e Aldheid seldsum, mei't wezen of yn 'e steek litten bern doedestiden gewoan troch famyljeleden grutbrocht waarden sûnder dat dêr wetlike regels oan te pas kamen, of oars ta slaaf makke waarden. Adopsje as in maatregel ta beskerming fan bern is in resint ferskynsel, dat yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw yn 'e measte Westerske lannen wetlik regele waard. Yn Nederlân barde dat yn 1956, en yn dat ramt rûn Nederlân yn Jeropa echt efteroan. Foarhinne kaam it yn 'e Westerske wrâld (en ek yn Nederlân) net selden foar dat jonge froulju dy't swier rekke wiene sûnder troud te wêzen, ûnder druk set waarden om harren bern ôf te stean foar adopsje. Sokke memmen holden dêr faak har hiele libben lang lêst fan troch gefoelens fan ferlies, ûnmacht, depresjes, ûnwissichheid en in lege selswurdearring.

Moderne tastân bewurkje seksje

Tsjintwurdich wurdt adopsje yn 'e regel sjoen as in ferskynsel dat twa problemen tagelyk oplost. Bern dy't gjin âlden hawwe, wurde âlden jûn, en âlden sûnder bern mar mei in bernewinsk sjogge dy winsk yn ferfolling gean. Ut ûndersyk is bleken dat it foar bern better is om oannommen te wurden as om op te groeien yn in bernetehûs. Dêrby is it wol oan te rieden om bern as jong mooglik te adoptearjen, om't har yn dit ramt by âldere bern hechtingsswierrichheden foardwaan kinne, benammen as it bern út in oar lân en in oare kultuer komt as de adopsje-âlden.

De measte adopsjebern kamen no út ûntwikkelingslannen, dêr't de âlden se (as alles neffens de regels giet) frijwillich opjoegen foar adopsje, ornaris om't se te earm binne om se in goede takomst biede te kinnen. Net selden wurde bern yn ûntwikkelingslannen ek wol ôfstien om't der wat stigmatisearjends mei harren is, lykas in sykte, in lichaamlike beheining of om't se simpelwei fan it ferkearde geslacht binne. Yn 2004 waarden wrâldwiid rom 45.000 bern ynterlanlik adoptearre, wêrfan't 25% út Sina kaam en 50% yn 'e Feriene Steaten bedarre. Nederlân ûntfong dat jiers 1.307 ynternasjonaal adoptearre bern (3% fan it totaal). Yn 2007 waarden noch mar 37.000 bern op dy wize adoptearre en de ferwachting is dat it oantal stadichoan fierder belúnje sil, benammen troch ferbetterjende libbensomstannichheden yn in protte ûntwikkelingslannen. Njonken de wetlik legale adoptaasjeprosessen bestiet der ek in yllegale bernehannel, mei bern dy't foar in part út 'e âlderlike soarch ûntfierd binne.

Sûnt 1967 oant 2021 binne likernôch 40.000 bern út 80 ferskillende oare lannen nei Nederlân kommen.

Ferbod ynterlanlike adopsje yn Nederlân bewurkje seksje

Ut in ûndersyksrapport út 2021 fan 'e kommisje-Joustra die bliken dat der grutte misstannen yn 'e ynternasjonale adopsje wiene. Oanlieding foar in ûndersyk wie in Wet iepenbierheid fan bestsjoer WOB-fersyk fan in adoptearre, dy't mear witte woe oer syn yllegale adopsje út Brazylje. It ministearje trof by de beantwurding argyfstikken oan, dy't wiisden op 'e belutsenens fan oan Nederlân ferbûne persoanen by yllegale adopsjes út Brazylje yn 'e jierren 1970 en 1980. It bleau net by dat iene fersyk en al gau folgen mear fersiken dy't betrekking hiene op misstannen.

Om't de Nederlânske oerheid mooglik bekend wie mei de misstannen en belutsen wie, waard op 18 april 2019 in ûnôfhinklike kommisje ynsteld om ûndersyk te dwaan nei misstannen yn it ferline by ynterlanlike adopsje. Ut dat ûndersyk die bliken dat der sprake fan fraude en twang wie, dat de ynformaasje net altiten doge of ferfalske wie, dat der ôfstammingsgegevens ûntbrieken en bern yllegaal nei Nederlân helle waarden.[1]

Nei oanlieding fan it rapport waarden alle adopsjes út it bûtenlân begjin 2021 troch it regear stop set, mar al yn 2022 waarden der ûnder strange betingsten wer beheinde adopsjes tastien, nei 't letter bliken die om 't D66 is net iens wie mei it stopsetten fan ynterlanlike adopsje.[2][3]

Yn april 2024 krige in útstel fan Michiel van Nispen (SP) stipe fan PVV, VVD, BBB, KristenUny, PvdD, FvD en JA21 om de adopsje út it bûtenlân ôf te bouwen. Minister Weerwind (D66) riede de moasje ôf en woe leaver in nij stelsel ynfiere.[4]

Op 21 maaie 2024 makke it demisjonêre kabinet Rutte IV dochs noch bekend dat ynterlanlike adopsje yn Nederlân tenei ferbean is.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes