Palpatine

(Trochferwiisd fan Sheev Palpatine)

Keizer Palpatine (Ingelske útspr.: [ˈpælpətiːn], likernôch: "pel-puh-tiin"), berne as Sheev Palpatine en gauris simpelwei oantsjut as de keizer, is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Syn skûlnamme as Sith is Darth Sidious. Palpatine is de wichtichste antagonist yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, de lêste film fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), en teffens yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) en yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, de lêste film fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019). Dêrby wurdt syn rol hieltyd fertolke troch de akteur Ian McDiarmid. Palpatine begjint as senator foar Naboo en klaut himsels omheech fia it amt fan kânselier nei it keizerskip fan it Galaktysk Keizerryk "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Hy is lykwols net samar in politikus mei ambysje, mei't er yn it geheim as Sith-master direkt of yndirekt ferantwurdlik is foar alle tsjinrampen dy't de haadpersoanen oerkomme. Palpatine waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film.

keizer Palpatine
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Sheev Palpatine
Darth Sidious
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Sith, keizer
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Darth Vader
Darth Maul
greve Dooku
Kylo Ren
Rey
Snoke
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Oarspronklik stie it personaazje goed tritich jier bekend as koartwei 'Palpatine'. De foarnamme 'Sheev' waard betocht foar de nea makke tillefyzjesearje Star Wars: Underworld, en waard foar it earst bekendmakke yn 'e roman Star Wars: Tarkin, fan James Luceno, út 2014.

 
De Romeinske keizer Augustus yn it klaad fan 'e pontifex maximus. De klaaiïng fan Palpatine as keizer waard hjir sterk op basearre.

Foar it personaazje fan Palpatine en syn opkomst en gryp nei de macht liet Star Wars-betinker George Lucas him ynspirearje troch keizer Augustus, Adolf Hitler en Richard Nixon.

Krekt as de Romeinske keizer Augustus legitimisearret Palpatine syn autoritêre bewâld troch te stellen dat de korrupsje yn 'e senaat it regearjen troch it steatshaad behindere. Fierders sette Augustus, krekt as Palpatine, de senaat ûnder druk om him bûtengewoan foech ta te kennen yn in tiid fan krisis, wêrby't er sûnder it te mienen bewearde dat er dat foech weromjaan soe sadree't de krisis besward wie. Ek it klaad dat Palpatine as keizer draacht, is ûntliend oan 'e dracht fan Augustus yn syn hoedanichheid fan pontifex maximus (oftewol hegepreester fan it Romeinske heidendom).

Hitler waard begjin 1933, krekt as Palpatine, min ofte mear ta kânselier keazen (al wie it kânselierskip yn 'e Weimarrepublyk in amt dêr't men yn beneamd waard), yn acht nommen dat syn partij, de NSDAP, yn 1932 twa kear op rige de ferkiezings wûn hie. Doe't er ienris kânselier wie, begûn Hitler himsels almar mear macht ta te eigenjen oant er, it kânseliersamt as opstapke brûkend, himsels ta Führer beneamde.

De Amerikaanske presidint Richard Nixon en it Watergateskandaal wiene ek fan ynfloed op hoe't Palpatine en syn opkomst yn 'e Star Wars-prequeltrilogy werjûn waarden. Lucas sei dêr letter yn in fraachpetear oer: "[It presidintskip fan Nixon] makke dat ik begûn nei te prakkesearjen oer hoe't demokrasyen histoarysk feroarje yn diktatueren. Want demokrasyen wurde net ûnder fuotten helle; se wurde weijûn."

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Oarspronklike Star Wars-trilogy

bewurkje seksje

Yn 'e earste beide films fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983) is net Palpatine, mar syn foarnaamste hantlanger Darth Vader de wichtichste antagonist. Yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) wurdt Palpatine allinne mar neamd (troch grutmoff Tarkin, as "de keizer"). Yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) ferskynt er wol, mar inkeld as hologram, as Vader mei him oerleit oer hoe't se de talintearre jonge Jedi Luke Skywalker oerhelje kinne nei de tsjustere kant fan de Krêft, sadat er in brûkbere trewant foar harren wurdt.

De earste kear dat Palpatine (spile troch Ian McDiarmid) in wichtige rol kriget, is yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), wêryn't er persoanlik delkomt om tafersjoch te hâlden oer de bou fan 'e twadde Deadsstjer en teffens om it Rebelleferbûn yn in mûklaach te lokjen. Hy bewissiget Vader derfan dat se Luke, fan wa't ûnderwilens bekend wurden is dat er Vader syn soan is, tegearre ferliede sille om him by harren te jaan. Eins is er lykwols fan doel om Vader om te bringen en him troch Luke te ferfangen. Vader hat ûnderwilens it plan opfet om 'e keizer ûnder fuotten te heljen en tegearre mei Luke it bewâld oer it Stjerrestelsel oer te nimmen.

 
Cosplay fan keizer Palpatine (sittend), sa't er derút seach yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, en in lid fan syn liifgarde, de Reade Wacht.

Wannear't Vader Luke foar Palpatine bringt, besiket de keizer him te ferlieden om oer te kommen nei de tsjustere kant fan 'e Krêft troch yn te spyljen op 'e noed dy't de jonge Jedi hat oer de feilichheid fan syn freonen. Dat liedt ta in duël mei de ljochtsabel tusken Luke en Vader, wêrby't Luke syn heit ferslacht en hast deadet. De keizer fiteret him oan om troch te setten en Vader om te bringen, mar Luke stegeret him ôf. Yn razernij falt Palpatine dêrnei Luke oan mei Krêftwjerljocht, dêr't er him mei begjint te marteljen troch elektrokúsje. As Luke dan noch net om lyk wol, risselwearret Palpatine om him te fermoardzjen, mar ear't er dat dwaan kin, keart Vader him tsjin him. Hy pakt Palpatine op en smyt him yn in reäktorskacht, dêr't er yn 'e djipte te pletter falt, dat er it bestjert.

Star Wars-prequeltrilogy

bewurkje seksje

Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005), dy't 32 foàr de foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope úteinset, komt it publyk yn 'e kunde mei in jongere Palpatine (dy't no foar it earst sa neamd wurdt). Hy wurdt ôfskildere as in senator dy't ôfkomstich is fan 'e planeet Naboo, in garismatyske en skynber goedmienende beropspolitikus yn syn middeljierren. Hy hat lykwols in tsjuster alter ego as de boasaardige Sith-master Darth Sidious, dy't yntrigearret en konkelfoezet om 'e allinnehearskippij oer it hiele Stjerrestelsel te bemachtigjen.

 
Waaksen bylden fan Darth Vader (l.) en Luke Skywalker (rj.) ferwikkele yn in gefjocht mei ljochtsabels, mei op 'e eftergrûn it tasjende figuer fan keizer Palpatine. Tafriel út 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.

Yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) bewurkmasteret er as Darth Sidious de blokkade dy't de ynklauwerige Hannelsfederaasje ynstelt tsjin syn eigen thúswrâld Naboo. De fjirtjinjierrige Nabooaanske keninginne Padmé Amidala ûntflechtet dêrnei mei de help fan 'e Jedi Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi de planeet en arrivearret yn 'e Stêd fan 'e Republyk op Coruscant, de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk, om 'e Galaktyske Senaat te bewegen ta maatregels tsjin 'e Hannelsfederaasje. Hja wurdt dêr hoask en gastfrij ûntfongen troch Palpatine. As de sittende kânselier, Finis Valorum, har net helpe kin om't er oan hannen en fuotten bûn is troch de lochheid fan 'e burokrasy, wurdt Padmé troch Palpatine manipulearre om in moasje fan wantrouwen yn te tsjinjen. Dêrtroch wurdt Valorum ûnder fuotten helle.

Padmé keart neitiid werom nei Naboo, dêr't se eigenhandich regaad makket. Palpatine (as Sidious) stjoert syn learling Darth Maul efter har oan om har tsjin te kearen en finzen te nimmen, mar dyselde komt om yn in gefjocht mei Qui-Gon en Obi-Wan, wêrby't ek Qui-Gon it libben lit. Hoewol't it Padmé en har bûnsgenoaten slagget om 'e blokkade te brekken en de ynvaazje fan 'e Hannelsfederaasje leech te lizzen, kin Palpatine de hiele krisis dochs brûke om himsels keazen te krijen as de kânselier. Neitiid reizget er nei Naboo ta, dêr't er beart dat er mei Padmé-en-dy de oerwinning op harren fijannen fiert. Hy befreonet dêr ek de njoggenjierrige Anakin Skywalker, tsjin wa't er seit: "We sille dyn karriêre mei grutte belangstelling folgje."

 
It kostúm fan Palpatine as kânselier fan 'e Galaktyske Republyk yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith.

Yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), dat tsien jier letter spilet, makket Palpatine gebrûk fan mesken yn 'e wet om kânselier te bliuwen nei't syn termyn formeel ôfrûn is. Underwilens feroarsaket er efter de skermen as Darth Sidious in nije krisis troch der fia syn nije learling, greve Dooku, foar te soargjen dat de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels oprjochte wurdt. Dat is in ferbûn fan planetestelsels dy't har fan 'e Galaktyske Republyk ôfskiede wolle. Hy lit de separatisten in oanslach op it libben fan Padmé dwaan, dy't nei de ein fan har termyn as keninginne no de senator foar Naboo is. As de oanslach mislearret, beävensearret er dat Anakin oan Padmé as liifwacht tawiisd wurdt, mei it resultaat dat dy beiden fereale reitsje, yn it geheim in romantyske relaasje begjinne en úteinlik temûk trouwe.

Trochdat de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels in legermacht fan oarlochsandroïden produsearret, slagget it Palpatine om himsels yn 'e dêrtroch ûntstiene needtastân almar mear macht ta te eigenjen. Hy beart dat er soks inkeld mei tsjinnichheid docht. Syn earste beslút is neitiid om fan it leger fan kloansoldaten dat troch de foarútsjende Jedi-master Sifo-Dyas tsien jier earder al besteld wie op 'e planeet Kamino, de formele kriichsmacht fan 'e oant dan ta demilitarisearre Galaktyske Republyk te meitsjen. De kloansoldaten, oanfierd troch de Jedi, en de androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels reitsje yn konflikt, wat resultearret yn it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen. Palpatine beart ûntsteltenis, mar as Darth Sidious wriuwt er him yn 'e hannen. Greve Dooku bringt him de blaudrukken foar in nij massaferneatigingswapen, de Deadsstjer.

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), dat noch wer trije jier letter spilet, bewurkmasteret Palpatine syn eigen ûntfiering troch de separatistyske generaal Grievous. Hy wurdt rêden troch de Jedi Obi-Wan Kenobi en syn learling Anakin Skywalker, dy't dêrby yn gefjocht reitsje mei greve Dooku. Obi-Wan rekket bewusteleas, mar Anakin ferslacht Dooku. Palpatine fiteret him dêrnei oan om Dooku te deadzjen, wat Anakin koelbloedich docht. Neitiid keart Palpatine werom nei Coruscant. Hy is no winliken al in diktator wurden, dy't syn foech sa útwreide hat dat de Galaktyske Senaat him net mear tsjinkeare kin as dy dat al wolle soe. De Hege Jedi Ried, dy't noch altyd net foar it ferstân hat dat Palpatine en de Sith-master Darth Sidious ien-en-deselde persoan binne, rekket nettsjinsteande dat erchtinkend oer de sitewaasje, mei't men fermoedet dat de kânselier alle bykommend foech nei it beëinigjen fan 'e needtastân net mear frijwillich ôfstean sil.

 
Ian McDiarmid fertolke de rol fan keizer Palpatine yn alle trije Star Wars-trilogyen.

Palpatine beneamt Anakin ta syn persoanlike fertsjintwurdiger yn 'e Hege Jedi Ried. De oare leden, ûnder wa Yoda, Mace Windu en Obi-Wan, fine Anakin eins noch lang net geskikt foar sa'n hege post, en se ûnthâlde him de rang fan Jedi-master (en dêrmei in stim yn 'e besluten fan 'e Ried), dêr't er rjocht op mient te hawwen. As se him brûke wolle om Palpatine te bespionearjen, ferliest Anakin in grut part fan syn fertrouwen yn 'e oare Jedi. Underwilens hâldt en draacht Palpatine him foar Anakin oer as in heitefiguer. Hy wit dat Anakin pleage wurdt troch nachtmerjes wêryn't de swier rekke Padmé yn it kreambêd stjert, dat hy fertelt him it ferhaal fan 'e Sith-master Darth Plagueis, dy't sa machtich yn 'e tsjustere kant fan 'e Krêft wie, dat er libben skeppe en de dea foarkomme koe, mar oan syn ein kaam doe't er op 't langelêst fermoarde waard troch syn eigen learling. Nei't er Anakin de tiid jûn hat om dêr ris oer nei te prakkesearjen, makket er him oan Anakin bekend as Darth Sidious en fertelt er dat hysels de learling wie dy't Darth Plagueis fermoarde hat, mar net foar't syn master him alles leard hie wat er wist.

Anakin besiket it goede te dwaan, en rapportearret de bekentenis fan Palpatine oan Jedi-master Mace Windu. Dyselde giet op Palpatine ta mei trije oare leden fan 'e Hege Jedi Ried: Agen Kolar, Saesee Tiin en Kit Fisto. Palpatine weeft handich mei de trije oaren ôf, mar Windu oermasteret Palpatine nei in gefjocht wêrby't er Palpatine syn Krêftwjerljocht yn syn gesicht weromblaze lit, mei as gefolch dat Palpatine bliuwend mismakke rekket. Ear't Windu Palpatine deadzje kin, komt Anakin tuskenbeiden, mei't er ta de konklúzje kommen is dat Padmé har oerlibbing it alderwichtichste is en dat Palpatine de iennichste is dy't him dêrmei helpe kin. Trochdat Windu ôflaat is troch Anakin, slagget it Palpatine om 'e Jedi-master te deadzjen. Neitiid swart Anakin trou oan Palpatine en de tsjustere kant fan 'e Krêft en wurdt er in Sith mei de namme Darth Vader.

Palpatine lit Oarder 66 útgean, dy't alle kloansoldaten it befel jout om harren Jedi-ofsieren te deadzjen. Dêrmei begjint de Grutte Suvering fan 'e Jedi. Oan Vader jout Palpatine it kommando oer it 501e Legioen, wêrmei't er neitiid it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant binnenfalt en alle oanwêzigen fermoardet. Dêrnei stjoert Palpatine him nei de planeet Mustafar om 'e lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels ôf te slachtsjen, dy't er no net mear brûke kin. Hy ferklearret de Galaktyske Republyk foar beëinige en ropt yn it stee dêrfan it Galaktysk Keizerryk út mei himsels as keizer. Nei in duël mei Obi-Wan, wêrby't Vader ferslein wurdt, fynt Palpatine Vader op stjerren nei dea werom op Mustafar. Hy lit de troch Obi-Wan ôfhoude dielen fan it lichem fan Vader ferfange troch protezes, sadat Vader in cyborg wurdt, heal man en heal masine. As Vader wer bykomt, liicht Palpatine him foar dat hy (Vader) yn in fleach fan razernij Padmé fermoarde hat. Dêrmei ûntnimt er him it lêste restje minsklikheid.

 
It regear fan 'e Amerikaan-ske presidint Richard Nixon wie fan ynfloed op 'e ôfskildering fan 'e opkomst fan Palpatine yn 'e Star Wars-prequeltrilogy.

Star Wars-ferfolchtrilogy

bewurkje seksje

De Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) spilet tritich jier nei de dea fan Palpatine yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Tsjin dy tiid is út 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk de Earste Oarder gearklofte, dy't besiket de Nije Republyk ûnder fuotten te heljen en it Keizerryk wer op te rjochtsjen. It Ferset, oanfierd troch de helden út it âlde Rebelleferbûn, kantet him dêrtsjin oan. Yn 'e earste beide films fan 'e trilogy, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) en Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) komt Palpatine net foar.

Yn 'e trêde film, Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), docht bliken dat Palpatine de tsjustere kant fan de Krêft brûkt hat om wer op te stean út 'e dea, en dat er yndirekt hieltyd al de Earste Oarder bestjoerd hat fia opperste lieder Snoke, dy't syn eigen kreaasje is. Kylo Ren, de soan fan Han Solo en prinsesse Leia en de pakesizzer fan Anakin Skywalker, is krekt as syn pake ta proai fallen oan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft. As er foar it ferstân kriget dat Palpatine wer libbet, siket er dyselde op 'e planeet Exegol op, dêr't in lichaamlik beheinde Palpatine troch masines ûnderstipe wurdt.

It docht bliken dat Palpatine fan doel is de hearskippij oer it Stjerrestelsel werom te winnen mei de Lêste Oarder, in float fan stjerreslachskippen tarist mei superlaserkanonnen dy't ûntwurpen binne troch de Ivige Sith. Palpatine biedt it kommando oer de Lêste Oarder oan Kylo oan, op it betingst dat er Rey, de lêst oerbleaune Jedi, opspoart en deadet. Neitiid komt oan it ljocht dat Palpatine foarôfgeande oan syn kânselierskip in soan hie, dy't it kwea fan syn heit fersmiet. Hy en syn frou naaiden út en setten har nei wenjen op 'e planeet Jakku, dêr't se besochten op te gean yn 'e massa troch folslein aldendeiske libbens te lieden. Nettsjinsteande dat spoarde Palpatine harren op en liet harren fermoardzje; harren dochter, syn pakesizzer Rey, wist er lykwols nea te finen.

 
Stimakteur Sam Witwer spriek de dialooch fan keizer Palpatine yn it 2e seizoen fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels yn.

As it Ferset lucht kriget fan 'e weropstiene Palpatine en de lokaasje fan Exegol ûntdekt, wurdt der in wraam op 'e planeet dien. Wylst de floaten fan it Ferset en de Lêste Oarder de Slach by Exegol útfjochtsje, bejout Rey har nei de planeet ta om mei Palpatine ôf te weven. Dy befynt him dêr lykwols yn it sintrum fan syn macht en belichemet alle macht fan 'e Sith. Hy oarderet Rey om him yn lulkens te deadzjen, sadat syn geast yn har farre kin, mar dat wegeret se. Tegearre mei Kylo Ren, dy't ûnder syn oarspronklike namme Ben Solo weromkeard is nei de ljochte kant fan 'e Krêft, bynt se de striid mei Palpatine oan. Dyselde absorbearret harren libbensenerzjy om syn eigen lichem te ferjongjen. Hy stelt Ben bûten gefjocht en falt de Fersetsfloat oan mei syn Krêftwjerljocht, mar Rey brûkt de macht fan Jedi út it ferline om op krêften te kommen, sadat se it gefjocht mei Palpatine ferfetsje kin. Hy falt hat oan mei syn wjerljocht, mar Rey warret dy ôf mei de ljochtsabels fan Anakin en Leia, en ferdylget einlings en te'n lêsten Palpatine en mei him de Sith.

Yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008) is Palpatine (ynsprutsen troch Ian Abercrombie) te sjen wylst er as kânselier fan 'e Galaktyske Republyk en Sith-master in dûbel spul spilet en de haadpersoanen, Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en dy syn learling Ahsoka Tano, foar 't lapke hâldt. Yn 'e live-actionfilms Rogue One: A Star Wars Story (2016) en Solo: A Star Wars Story (2018) komt it personaazje fan Palpatine net foar.

Tillefyzjesearjes

bewurkje seksje

Op 'e tillefyzje wie Palpatine te sjen yn 'e Star Wars-tekenfilmsearjes Star Wars: Clone Wars (2003-2005), ynsprutsen troch Nick Jameson; Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020), ynsprutsen troch Ian Abercrombie; Star Wars: Rebels (2014-2018), ynsprutsen troch Sam Witwer (seizoen 2) en Ian McDiarmid (seizoen 4); en Star Wars: The Bad Batch (fan 2021 ôf), ynsprutsen troch Ian McDiarmid.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

bewurkje seksje
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back Marjoree Eaton (fysyk) en Clive Revill (stim)
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi Ian McDiarmid
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars Ian Abercrombie
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2016 Rogue One: A Star Wars Story
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Ian McDiarmid

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono