Exegol is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Exegol makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e krite fan it Stjerrestelsel dy't bekend stiet as de Unbekende Regioanen. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan 13.650 km, mar sûnder moannen. It oerflak bestiet út drûge flakten en rotsige berchtmen, trochsnien troch ûnbidige kleauwen en spjalten dy't djip yn 'e ûndergrûn trochkringe. De atmosfear is sykhelber foar de measte libbensfoarmen. Exegol wurdt omjûn troch de restanten fan yn 'e romte libjende megafauna, besteande út in wolk fan read gas dy't in barriêre foar navigaasje foarmet. De planeet is sadwaande tige dreech te berikken.

Neffens de oerâlde geskriften fan 'e Jedi Oarder wie Exegol ea in fruchtber plak mei in grut bioferskaat, oant de Sith har der fêstigen en de wrâld opsetlik ferrinnewearren, krekt sa't se diene mei oare bolwurken fan harren oarder, lykas Moraband, Ziost en Asog. De Sith leine op Exegol reuseftige ûndergrûnske skipswerven oan, en teffens de Sith-Sitadel, dy't brûkt waard foar rituelen en topmoetings. Omreden fan 'e ôfhandige lokaasje, de drege berikberens en it feit dat de planeet ûnbekend wie by sels de leardste histoarisy en astronomen, fan wa't guon wol bekend wiene mei Moraband en oare Sith-wrâlden, waard Exegol útkeazen as it fêstigingsplak foar de kultus fan 'e Ivige Sith, dy't wijd wie oan 'e ferearing fan 'e Sith-master.

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker is Exegol de planeet dêr't de boasaardige, út 'e dea opstiene keizer Palpatine troch de Ivige Sith in reuseftige nije float fan stjerreslachskippen bouwe litten hat. It docht bliken dat hy de foarfallen yn it widere Stjerrestelsel al jierrenlang manipulearret troch opperste lieder Snoke, de oprjochter fan 'e faksistoïde Earste Oarder, dy't in skepping fan Palpatine is en gjin eigen identiteit hat. Exegol is yn 'e film ek de lokaasje fan 'e klimaktyske slach tusken de de float fan Palpatine, dy't er de Lêste Oarder neamt, en it Ferset. Op 't langelêst einiget dat treffen yn in klinkende oerwinning foar it Ferset, wylst Palpatine sels op 'e nij, en diskear foargoed, deamakke wurdt troch de jonge Jedi-ridder Rey, dy't dêrfoar stipe kriget fan alle Jedi-masters út it ferline.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin