Geastlike besetting
Geastlike besetting is in oantsjutting foar it leauwe dat geasten, demoanen of goaden besit nimme kinne fan it lichem fan in minske (of bist). De besettende geast kin dan bepale wat de oangeande persoan docht en seit, wat ta fersteuring fan it normale hâlden en dragen liede kin. In minder fiergeande foarm fan geastlike besetting is 'bûnens', wêrby't de oangeande persoan net beset wurdt troch de geastlike entiteit, mar der dochs yn beskate mjitte troch beynfloede wurdt. It bestean fan geastlike besetting spilet in rol yn in grut tal godstsjinsten, wêrûnder it kristendom, it boedisme, it hindoeïsme, de islaam, voodoo, wicca en natoerreligyen út Súdeast-Aazje, Afrika en de Amearika's. In wittenskiplik ûndersyk út 1969, dat útfierd waard troch it Amerikaanske National Institute of Mental Health, wiisde út dat geastlike besetting ûnderdiel is fan 74% fan 'e ûndersochte 488 kultueren út alle wynstreken fan 'e wrâld. De moderne wittenskip erkent it bestean fan geastlike besetting net, mar is ynstee fan miening dat it yn gefallen dy't dêrfoar oansjoen wurde oer it algemien giet om lju dy't lije oan geastlike sykten lykas skizofreny of psychopaty, of oan lichaamlike oandwanings as epilepsy of it syndroom fan Down.
Frijwillige of ûnwillige besetting
bewurkje seksjeOfhinklik fan 'e kontekst kin in geastlike besetting plakfine mei goedkarring fan 'e belutsen persoan of tsjin syn of har wil. Dêrmei gearhingjend kin it foardielige of neidielige gefolgen hawwe foar de belutsen persoan. As de besetting plakfynt mei ynstimming of op inisjatyf fan 'e belutsen persoan, giet it faak om in sjamaan, preester(esse) of medium dy't syn of har lichem tydlik 'útlient', faak oan 'e geast fan in ferstoarne persoan. It doel fan sa'n ritueel is ornaris dat in foarâlder of in oare ferstoarne oer it iene of oare befrege wurde kin. By orakels soe de orakelgeast besit fan it lichem fan in preester of preesteresse nimme om in foarsizzing te dwaan. Yn sokke omstannichheden komt geastlike besetting by froulju mear foar as by manlju.
As it om in besetting tsjin 'e wil fan 'e belutsen persoan giet, wurdt almeast sprutsen fan demoanyske besetting. Dat is de foarm dy't yn 'e Westerske wrâld oer it algemien it bekendst is, mei't ferskate gefallen derfan foarkommen yn it Nije Testamint, en it ferskynsel yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw popularisearre is yn Hollywood-films as The Exorcist. In foarbyld fan in passaazje út it Nije Testamint dêr't in gefal fan geastlike besetting behannele wurdt, is Lukas 4:33-35:
"No wie der yn 'e synagoge in man dy't in duvel yn hie en lûd raasde: 'Hui, wat hawwe Jo mei ús te meitsjen, Jezus fan Nazaret? Binne Jo kommen om ús te fergriemen? Ik wit wol wa't Jo binne: Gods Hillige.' Jezus spriek him foars oan, en sei: 'Hâld dy stil en gean út him wei.' Doe slingere de duvel him tusken de minsken en gie út him wei sûnder him yn it minst te besearen.
In oare bekende passaazje oer demoanyske besetting stiet yn Markus 5:1-20, dêr't Jezus Kristus oan 'e eastkant fan 'e Mar fan Galileä in man befrijt dy't beset is troch in legioen demoanen, troch de demoanen yn in keppel bargen te jeien dy't neitiid yn 'e mar ferdrinke.
Utdriuwing
bewurkje seksjeYn neifolging fan Jezus hawwe geastliken oant yn 'e moderne tiid besocht om yn gefallen fan demoanyske besetting de duvels út te driuwen. Benammen de Roomsk-Katolike Tsjerke hat dêrby belutsen west. Soks hjit duvelútbanning of eksorsisme, en it giet faak mank mei beswarrings, gebedens, hânoplizzing, oanrekking mei krusen en/of besprinzging mei wijwetter. Ek yn beskate dielen fan it evangelyske protestantisme bestiet in spesjale foarm fan pastoraat dy't him dwaande hâldt mei it befrijen fan demoanysk besette persoanen: it befrijingspastoraat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |