Star Trek is in tige súksesfolle en ynfloedrike Amerikaanske mediafranchise op it mêd fan science fiction. De franchise sette yn 1966 útein mei de troch Gene Roddenberry betochte tillefyzjesearje Star Trek. Dy krige letter mei weromwurkjende krêft de ûndertitel The Original Series taparte ta ûnderskie fan oare ûnderdielen fan 'e franchise. De searje folge de aventoeren fan it romteskip de USS Enterprise, dy't yn 'e fiere takomst fan 'e Ierde ôf útstjoerd wurdt om it hielal te ferkennen. Neitiid waarden yn it ramt fan Star Trek 12 spin-offsearjes en 13 langspylfilms makke (telling 2021). De franchise omfiemet fierders in grut tal romans, boerdspullen, kaartspullen, rollespullen, fideospultsjes, strips, companionboeken, twa tydskriften, in breed skala oan boartersguod en oare merchandising en (foarhinne) in ferdivedaasjepark yn Las Vegas. Foar de franchise waarde de keunsttaal Klingon ûntwurpen. De (oer it algemien tige trouwe) fans fan Star Trek wurde "Trekkies" neamd. Foar harren wurde geregeldwei grutte konvinsjes organisearre. Star Trek is sûnt de 1960-er jierren in cultfenomeen dat grutte ynfloed hân hat op 'e popkultuer en ek op 'e Westerske mainstreamkultuer.

Star Trek
betinker Gene Roddenberry
eigner Paramount Global
lân Feriene Steaten
begjinjier 1966
films
langspylfilms The Original Series:
The Motion Picture
The Wrath of Khan
The Search for Spock
The Voyage Home
The Final Frontier
The Undiscovered Country
The Next Generation:
Generations
First Contact
Insurrection
Nemesis
reboot-searje:
Star Trek (film)
Into Darkness
Beyond
tillefyzje
tillefyzjefilms Short Treks
searjes The Original Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Discovery
Picard
Strange New Worlds
tekenfilmsearjes The Animated Series
Lower Decks
Prodigy
spultsjes
fideospultsjes ferskaat (sjoch dizze list)
boerdspullen ferskaat (sjoch dizze list)
kaartspullen ferskaat (sjoch dizze list)
literatuer
romans ferskaat (sjoch dizze list)
companionboeken ferskaat (sjoch dizze list
   en dizze list)
strips ferskaat (sjoch dizze list)
muzyk
soundtracks by eltse film
offisjele webside
www.startrek.com
Dizze side giet oer de mediafranchise. Foar oare betsjuttings, sjoch: Star Trek (betsjuttingsside).

Star Trek is it geastesbern fan 'e Amerikaanske âld-plysjeman Gene Roddenberry, dy't him yn 1964 foar syn science fiction-searje ynspirearje liet troch û.m. de klassike roman Gulliver's Travels, fan Jonathan Swift, de Horatio Hornblower-romansearje fan C.S. Forester en de westerns oer karafanen kapweinen dy't troch de prêrje nei it Wylde Westen opteagen. Hy keas foar syn searje de omskriuwing trek, dat yn it Ingelsk in lienwurd út it Afrikaansk is, fan 'e Grutte Trek. Om oan te jaan dat it om romtefeart gie, foege er dêr it wurd star ("stjer") oan ta, sadat de titel Star Trek ûntstie, letterlik: "Stjerretrek" of "Stjerretocht".

 
Gene Roddenberry, de geastlike heit fan Star Trek, yn 1976.

Roddenberry gie mei syn idee nei tillefyzjestudio Desilu Productions, dêr't er it oanpriizge as "a wagon train to the stars" ("in karafaan kapweinen nei de stjerren"). Yn gearwurking mei Desilu wurke er syn idee fierder út, foar't it foarlein waard oan it tillefyzjenetwurk NBC. Yn Roddenberry syn ferzje fan 'e takomst hie de minskheid him feriene en nei de stjerren ta ferspraat. Dêr wie mei beskate freonlike rassen fan bûtenierdske wêzens de Feriene Federaasje fan Planeten oprjochte, in steatkundige ienheid dy't bedoeld wie om mei-inoar in fûst te meitsjen tsjin ynterstellêre riken dy't op ekspânsje út wiene, lykas dy fan 'e Klingons en de Romulanen, twa fijannige rassen fan bûtenierdske wêzens. Roddenberry basearre syn takomstige hielal op 'e Ierde yn 'e Kâlde Oarloch, dy't yn 'e 1960-er jierren noch yn folle gong wie. De Federaasje joech de Feriene Steaten en syn bûnsgenoaten wer, de Klingons stiene symboal foar de Sovjet-Uny en de Romulanen foar de Folksrepublyk Sina.

Yn 1964 joech NBC oan Desilu Productions it griene ljocht om (op kosten fan it tillefyzjenetwurk) in pilotôflevering te meitsjen, mei as titel The Cage. Dêryn spile Jeffrey Hunter de haadrol fan kaptein Christopher Pike fan it romteskip de USS Enterprise. Syn earste ofsier wie in frou, en in oare ofsier wie de Vulcaniër Spock. De bazen by NBC wiene min te sprekken oer The Cage, mar se fûnen dat it idee fan Star Trek dochs potinsjeel hie. Se easken dat de earste ofsier 'gewoan' in man wurde soe en dat Spock út 'e searje skreaun wurde soe. Roddenberry joech ta wat de earste ofsier oanbelange, mar oangeande Spock hold er hoek. Op dy basis waard yn 1965 in nije pilotôflevering makke, Where No Man Has Gone Before, dy't troch NBC akseptearre waard.

Tillefyzjesearjes

bewurkje seksje

Live-actionsearjes

bewurkje seksje

The Original Series

bewurkje seksje
 
It logo fan Star Trek: The Original Series, dat ek brûkt wurdt foar de hiele franchise.
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: The Original Series.

De tillefyzjesearje Star Trek (letter mei weromwurkjende krêft Star Trek: The Original Series neamd) waard fan 1966 ôf troch NBC op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd. Roddenberry hie fan 'e USS Enterprise (NCC-1701) in soarte fan miniatuerferzje fan 'e Feriene Naasjes makke, mei't ûnder de ofsieren fan it romteskip fertsjintwurdige wiene: inkele Amerikanen (James T. Kirk en Leonard McCoy), in Skot (Montgomery Scott), in Afrikaanse (Uhura), in Japanner (Hikaru Sulu) en in Rus (Pavel Chekov). Dêrnjonken kearde ek de Vulcaniër Spock werom, waans oanwêzigens gauris ta botsings mei minsklike bemanningsleden late om't it tinken fan Vulcaniërs inkeld op logika en net op emoasjes basearre is.

Cast


It útgongspunt fan 'e searje wie dat de USS Enterprise, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, yn 'e trijeëntweintichste iuw (om persiis te wêzen yn 2254) op in fiifjierrige ferkenningsmisje it hielal yn stjoerd waard. It doel fan 'e misje wie: "to explore strange new worlds, to seek out new life and new civilizations, to boldly go where no man has gone before" ("om frjemde nije wrâlden te ferkennen, nij libben en nije beskavings op te spoaren, om manmoedich te gean dêr't nimmen earder gien is").

 
Leonard Nimoy as Spock (l.) en William Shatner as James T. Kirk yn Star Trek: The Original Series (1968).

Yn 't earstoan hie Star Trek hege sjochsifers, mar tsjin 'e ein fan it earste seizoen, yn it foarjier fan 1967, sakke dat bot yn. Dat jiers waard Desilu Productions oankocht troch de Paramount Pictures, wêrnei't Desilu omneamd waard ta de Paramount Television Studios. Omreden fan 'e minne sjochsifers drige NBC Star Trek stop te setten ûnder of oan 'e ein fan it twadde seizoen, mar in noch nea earder sjoene kampanje fan it skriuwen fan protestbrieven troch de tawijde fans fan 'e searje wist it tij te kearen. NBC kocht in trêde seizoen fan Star Trek, mar kromp it budget gâns yn en ferskode de útstjoertiid nei freedtejûn, doedestiden de minste tillefyzjejûn yn 'e Feriene Steaten. Roddenberry naam dêrop ûntslach as produsint, en Fred Freiberger naam syn plak yn. Oan 'e ein fan dat seizoen, yn it foarjier fan 1969, loek NBC by de searje definityf de stekker derút, nettsjinsteande in nije briefskriuwerskampanje fan fans. Der waarden fan Star Trek: The Original Series trije seizoenen mei yn totaal 79 ôfleverings makke. De searje wûn twa kear de prestizjeuze Hugo Award (eins in literatuerpriis) yn 'e kategory bêste dramatyske presintaasje.

Nei't de searje stopset wie, bleau Paramount Television mei frijwat ferliezen sitten. Dêrom waard Star Trek frijjûn om yn syndikaasje werhelle te wurden. De werhellings begûnen ein 1969 en tsjin 'e ein fan 'e 1970-er jierren wie de searje op 150 Amerikaanske tillefyzjestjoerders en yn 60 oare lannen te sjen. Iroanysk genôch waarden de werhellings better besjoen as de oarspronklike útstjoerings. In teken oan 'e wand wie hoe't de earste Star Trek-konvinsje ferrûn, dy't yn jannewaris 1972 yn New York holden waard. De organisators hiene rekkene op miskien in pear hûndert fûleindige fans, mar der kamen 3.000 minsken op ôf. De nije populariteit fan Star Trek late ta in oplibbing fan 'e franchise en in útwreiding nei oare media, lykas film en tekenfilm.

The Next Generation

bewurkje seksje
 
It logo fan Star Trek: The Next Generation.
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: The Next Generation.

Star Trek: The Next Generation ("De Folgjende Generaasje"), gauris ôfkoarte ta TNG, spile likernôch in iuw nei de oarspronklike searje, yn 'e twadde helte fan 'e fjouwerentweintichste iuw (2364-2370). Dizze searje folge in nije romteskip, dat ek de USS Enterprise (NCC-1701-D) hiet, mei in nije bemanning. It útgongspunt, fan in oanhâldende reis troch de romte op in langjierrige ferkenningsmisje, bleau lykwols itselde.

Cast


De nije searje kaam yn septimber 1987 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje en rûn sân seizoenen, oant yn 1994. Yn it lêste seizoen hied er fan alle yn syndikaasje útstjoerde tillefyzjesearjes de heechste sjochsifers. Dêrtroch koe Star Trek: The Next Generation tsjinje as springplanke foar oare spin-offsearjes fan 'e Star Trek-franchise. In protte sitewaasjes en bûtenierdske rassen, en ek in tal personaazjes dy't yn Star Trek: The Next Generation yntrodusearre wiene, foarmen letter de grûnslach foar ôfleverings fan Deep Space Nine en Voyager. De searje wûn achttjin Emmy Awards, twa Hugo Awards, in Peabody Award en fiif Saturn Awards.

Deep Space Nine

bewurkje seksje
 
It logo fan Star Trek: Deep Space Nine.
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Deep Space Nine.

Star Trek: Deep Space Nine, faak ôfkoarte ta DS9, spile tagelyk mei de lêste jierren fan Star Trek: The Next Generation en yn 'e jierren dêrnei (2369-2375). It útgongspunt fan 'e searje waard yntrodusearre yn in ôflevering fan The Next Generation. Nei't de bloedige besetting fan 'e planeet Bajor troch de Kardassianen beëinige is, freegje de Bajoranen de Feriene Federaasje fan Planeten om help by it eksploitearjen fan in âld Kardassiaansk romtestasjon by harren planeet, dat Deep Space Nine hjit. Yn 'e pilotôflevering fan 'e searje nimme de Federaasje en de Bajoranen it romtestasjon yn gebrûk en ûntdekke dan in unyk, stabyl wjirmgat deunby, dat direkte tagong jout ta it fiere Gamma Kwadrant. Bajor en it romtestasjon wurde dêrtroch yn ien klap fan grut strategysk belang. De searje folge neitiid de bemanning en besikers fan it romtestasjon en harren aventoeren.

Cast


De earste ôflevering fan Star Trek: Deep Space Nine waard yn jannewaris 1993 útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje. De searje rûn seis seizoenen, oant yn 1999, en ûnderskate him fan oare Star Trek-rigen troch syn langere ferhaallinen, dy't har ûntspûnen troch ferskate ôfleverings hinne. Ek wiene der mear karakterkonflikten en religieuze tematyk. Dy eleminten waarden allegear priizge troch de resinsinten, mar it wiene krekt de dingen dêr't Gene Roddenberry (dy't yn 1991 ferstoarn wie) as produsint fan 'e oarspronklike searje en yn Star Trek: The Next Generation it near op lein hie.

 
It logo fan Star Trek: Voyager.
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Voyager.

Star Trek: Voyager spile yn deselde jierren en fuort nei ôfrin fan Deep Space Nine (2371-2378). De searje griep werom op 'e Maquis, in militante frijheidsbeweging ûnder minsklike kolonisten op planeten dy't troch de Federaasje as ûnderdiel fan in fredesferdrach ôfstien waarden oan Kardassia. By de efterfolging fan in Maquis-skip troch de USS Voyager reitsje beide skippen troch in ûnfoarsjoense gearrin fan omstannichheden strâne yn it Delta Kwadrant, op 70.000 ljochtjier fan 'e Ierde. Dat betsjut dat se in reis fan 75 jier foar de boech hawwe om wer thús te kommen. De bemannings fan 'e USS Voyager en it Maquis-skip smite de lapen gear foar dy lange en gefaarlike ûndernimming.

Cast


De searje waard foar it earst yn jannewaris 1995 op 'e Amerikaanske tillefyzje brocht, en rûn sân seizoenen, oant yn 2001. Foar it earst wie yn in Star Trek-searje de haadpersoan en kaptein in frou. Krekt as yn Deep Space Nine foarmen ûnderlinge konflikten tusken bemanningsleden, benammen yn 'e earste seizoenen fan Voyager, in wichtich ûnderwerp. (Yn dizze searje wurdt dat feroarsake troch wriuwing tusken de Stjerrefloatbemanning fan 'e USS Voyager, dy't alles o sa neffens de regels dwaan wol, en de yn dy bemanning opnommen Maquis-leden, dy't maling hawwe oan 'e regels.) Troch it útgongspunt fan 'e searje wie it foar de makkers mooglik om 'e folslein isolearre USS Voyager bleat te stellen oan gefaren, útdagings en dilemma's dy't yn 'e oare Star Trek-searjes gewoan net mooglik wiene. Yn 'e lettere seizoenen, doe't de Voyager almar tichter by hûs kaam, folge in ynfluks fan personaazjes en beskavings út 'e oare searjes, lykas de Borg, Q, de Ferengi, de Romulanen, de Klingons, de Kardassianen en bemanningsleden fan 'e USS Enterprise út Star Trek: The Next Generation.

 
It logo fan Star Trek: Enterprise.
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Enterprise.

Star Trek: Enterprise, oarspronlik koartwei Enterprise, wie in prequel fan Star Trek: The Original Series, dy't likernôch in iuw earder spile (2151-2155). Yn dy searje waarden de fiktive stappen fan 'e minskheid op it mêd fan 'e ferkenning fan it hielal beskreaun, en teffens de oarsprong fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten. Dêrfoar waard it romteskip de USS Enterprise (NX-01) folge op 'e earste minsklike ferkenningsmisje omfierrens.

Cast


Star Trek: Enterprise waard foar it earst yn septimber 2001 op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd, en rûn fjouwer seizoenen, oant yn 2005. Yn 't earstoan bestie de searje út op harsels steande ôfleverings, krekt as The Original Series, The Next Generation en Voyager. It trêde seizoen foarme lykwols ien lange ferfolchsearje, en it fjirde seizoen bestie út ferskate ferhaallinen fan elts trije of fjouwer ôfleverings lang. Dêryn waarden beskate eleminten út eardere searjes yngeander ûnder de lûp nommen en teffens inkele flaters oangeande kontinuïteit út The Original Series rjochtbreide.

De sjochsifers fan Enterprise wiene yn it begjin tige goed, mar rekken al rillegau yn it neigean. Hoewol't de resinsinten loovjend wiene oer it fjirde seizoen, hiene fans en ek de cast gjin goed wurd oer foar de lêste ôflevering, foar in part om't dêryn mear omtinken wie foar gastrollen fan akteurs út The Next Generation as foar de cast fan Enterprise. Mei it stopsetten fan Enterprise yn 2005 kaam in ein oan in perioade fan achttjin jier dat der altyd teminsten ien Star Trek-searje op 'e tillefyzje wie.

 
It logo fan Star Trek: Discovery.
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Discovery.

Star Trek: Discovery begûn as prequel fan The Original Series (spyljend yn 2256-2258). It wie de earste Star Trek-searje mei in swarte frou yn 'e haadrol, en ek de earste Star Trek-searje wêryn't dúdlik net de kaptein fan in skip de haadpersoan is. It earste seizoen liet yn ien lange ferhaalline in oarloch sjen tusken de Feriene Federaasje fan Planeten en it Klingon-Ryk, dy't feroarsake waard troch Michael Burnham (de haadpersoan). Hja waard dêrop foar de kriichsried brocht, yn rang weromset en tafoege oan it skip de USS Discovery. Lettere seizoenen folgen dat skip en syn bemanning by langere ferhaallinen oer oare aventoeren.

Cast


Star Trek: Discovery wie de earste searje dy't makke waard as ûnderdiel fan 'e saneamde Star Trek-revival yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren. It wie ek de earste Star Trek-searje dy't net daliks op 'e tillefyzje útstjoerd waard, mar ynstee fia streaming media oer it ynternet te sjen wie, yn 'e Feriene Steaten en Kanada fia CBS All Access en yn 'e rest fan 'e wrâld fia Netflix. De earste ôflevering kaam ein septimber 2017 beskikber. Anno 2021 rint de searje noch altyd. Sûnt 14 febrewaris 2021 is er yn Nederlân op 'e tillefyzje te sjen op 'e stjoerder Spike.

  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Short Treks.

Star Trek: Short Treks is in searje fan op harsels steande koarte films fan 8 oant 18 minuten lang, dy't yn 2018 fia CBS All Access beskikber kamen om streamd te wurden. Anno 2021 rint de searje noch hieltyd en binne der acht live-actionôfleverings en twa animearre ôfleverings makke. De ôfleverings fan it earste seizoen leine har ta op it jaan fan in eftergrûn oan 'e haadpersoanen út Star Trek: Discovery. It twadde seizoen gie foar it meastepart oer de USS Enterprise ûnder it befel fan kaptein Christopher Pike. De lêste ôflevering fan it twadde seizoen foarme de yntroduksje fan 'e nije searje Star Trek: Picard.

 
It logo fan Star Trek: Picard.
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Picard.

Star Trek: Picard wie in ferfolchsearje oer kaptein Jean-Luc Picard út Star Trek: The Next Generation. Dyselde is no (yn 2399) bûten tsjinst, mar yn in syktocht nei ferjeffenis (of eins selsferjeffenis) foar wat er sjocht as syn falen út it ferline, set er ôf op in aventoer om 'e dochter fan syn eardere bemanningslid Data te rêden.

Cast


Likemin as by Discovery steane de ôfleverings fan Star Trek: Picard op harsels; ynstee is it ien lange ferhaalline. De earste ôflevering kaam yn jannewaris 2020 beskikber om streamd te wurden op CBS All Access.

Strange New Worlds

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Strange New Worlds.

Star Trek: Strange New Worlds is in prequelsearje dy't yn 'e tsien jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn The Original Series spilet (2244-2254). De searje folget de aventoeren fan 'e USS Enterprise ûnder it befel fan kaptein Christopher Pike. De trije haadpersonaazjes wiene allegear earder te sjen yn Star Trek: Discovery.

Cast


It is de bedoeling dat ek Strange New Worlds streamd wurde sil troch CBS All Access (no Paramount+. De opnamen foar it earste seizoen steane pland foar febrewaris oant july 2021.

Oare nije live-actionsearjes

bewurkje seksje

Der steane noch ferskate nije Star Trek-searjes op steapel (sitewaasje per 1 jannewaris 2021). Michelle Yeoh sil har rol as luitenant Philippa Georgiou fan Seksje 31 fan 'e Stjerrefloat, wêryn't se earder te sjen wie yn Star Trek: Discovery, op 'e nije fertolkje yn in eigen, noch nammeleaze, searje. Dêrnjonken binne der fierfoardere plannen foar in (ek noch titelleaze) searje oer de militêre akademy fan 'e Stjerrefloat, dy't makke wurde sil troch Stephanie Savage en Josh Schwartz. En Ceti Alpha V is in plande minysearje oer it personaazje Khan Noonien Singh en syn The Wrath of Khan-ferhaalline, dy't skreaun is troch Nicholas Meyer.

Tekenfilmsearjes

bewurkje seksje

The Animated Series

bewurkje seksje
 
It logo fan Star Trek: The Animated Series.
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: The Animated Series.

Troch de nije populariteit fan Star Trek: The Original Series oan it begjin fan 'e 1970-er jierren kamen de produsinten op it idee om in dêrop basearre tekenfilmsearje te meitsjen. Dat waard Star Trek: The Animated Series, dy't twa seizoenen lang, fan 1973 oant 1974, op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen wie. It gie om yn totaal 22 ôfleverings fan 24 minuten dy't produsearre waarden troch Filmation. De searje folge deselde USS Enterprise mei deselde bemanning út 'e oarspronklike live-actionsearje, en deselde akteurs sprieken de stimmen fan 'e animearre personaazjes yn.

Hoewol't animaasje de makkers by steat stelde om eksoatysker lânskippen te skeppen foar de planeten dy't de Enterprise oandie en apartere bûtenierdske wêzens te yntrodusearjen, waard de reputaasje fan 'e tekenfilmsearje besmodzge troch geregeldwei foarkommende animaasjeflaters en it oanhâldende recycljen fan âlde shots en muzyk. Star Trek-betinker Gene Roddenberry naam Star Trek: The Animated Series dan ek net botte serieus en spriek der gauris oer as hearde wat dêryn barde net ta de Star Trek-kanon. Lettere produksjes út deselde franchise hawwe The Animated Series lykwols àl as diel fan 'e kanon behannele. The Animated Series wûn yn 1975 de earste Emmy Award foar de Star Trek-franchise.

 
It logo fan Star Trek: Lower Decks.
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Lower Decks.

Star Trek: Lower Decks is in komeedzjetekenfilmsearje foar folwoeksenen yn 'e geast fan The Simpsons en Family Man, dy't kreëarre is troch senarioskriuwer Mike McMahan, betinker fan 'e soartgelikense searje Rick and Morty. De searje spilet nei Picard, begjinnend yn 2380, en folget in groep bemanningsleden mei de leechste rang oan board fan "ien fan 'e minst wichtige skippen fan 'e Stjerrefloat". De earste ôflevering fan 'e rige kaam begjin augustus 2020 beskikber om streamd te wurden fia CBS All Access.

  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Prodigy.

Star Trek: Prodigy is in tekenfilmsearje foar bern dy't makke waard yn opdracht fan 'e bernetillefyzjestjoerder Nickelodeon. De searje folget in groepke teenagers dy't in ferlitten romteskip brûke om op 'e siik te gean nei aventoer. Kate Mulgrew, dy't kaptein Kathryn Janeway spile yn Star Trek: Voyager, sil yn Star Trek: Prodigy as stimaktrise op 'e nij dyselde rol fertolkje. De searje sil fan 2021 ôf troch Nickelodeon op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd wurde.

Op basis fan The Original Series

bewurkje seksje

The Motion Picture

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: The Motion Picture.

De nijfûne populariteit fan 'e Star Trek-franchise brocht Gene Roddenberry en de oare produsinten der yn 1975 ta om te risselwearjen foar in nije live-actionsearje, dat de twadde nei Star Trek: The Original Series wurde moatten hie. De titel wie Star Trek: Phase II. Dy plannen rûnen lykwols op 'e non doe't de oprjochting fan 'e Paramount Television Service, dy't it eigen tillefyzjenetwurk fan filmstudio Paramount Pictures wurde moatten hie, ôfblaasd waard. Doe't yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren science fiction-films as Star Wars (1977) en Close Encounters of the Third Kind (1977) grut kommersjeel súkses hiene, besleat Paramount it senario foar de pilotôflevering fan Star Trek: Phase II om te wurkjen ta in filmskript.

 
It embleem fan 'e Stjerrefloat út Star Trek.

Dat waard Star Trek: The Motion Picture, oer de USS Enterprise mei deselde bemanning as yn Star Trek: The Original Series, en mei deselde akteurs yn 'e âlde rollen. Yn 'e film leit de mysterieuze en ûnbidich machtige bûtenierdske wolk V'Ger op koers nei de Ierde, en ferdylget dêrby alles dat op syn paad komt. De Stjerrefloat stjoert admiraal James T. Kirk mei syn âlde bemanning op in koartby opkallefatere USS Enterprise om út te sykjen wat de wolk is en wat er wol, en om it ding tsjin te kearen ear't it de Ierde ferneatiget. Star Trek: The Motion Picture waard regissearre troch Robert Wise nei in senario fan Harold Livingston. De film gie op 7 desimber 1979 yn premiêre, en brocht $139 miljoen op tsjin in budget fan $44 miljoen. Dat wie in teloarstellend resultaat, mar dochs genôch om in ferfolchfilm te meitsjen, hoewol't Roddenberry dêrfoar troch Paramount twongen waard om 'e kreätive sizzenskip oer de franchise út 'e hannen te jaan.

The Wrath of Khan

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek II: The Wrath of Khan.

De earste ferfolchfilm, Star Trek II: The Wrath of Khan, griep werom op Space Seed, in ôflevering fan Star Trek: The Original Series út 1967. Dêryn doek foar it earst it personaazje fan Khan Noonien Singh op, de lieder fan in kloft tige gefaarlike genetysk 'ferbettere' supersoldaten, dy't troch Kirk en de bemanning fan 'e USS Enterprise op in ûnbewenne planeet efterlitten waarden. Yn The Wrath of Khan docht bliken dat dy planeet troch in fersteuring fan 'e baan om syn stjer ta in klimatologyske hel wurden is, en Khan (Ricardo Montalbán) jout Kirk de skuld fan it lijen fan syn minsken. As Kirk-en-dy nei in ôfwêzichheid fan fyftjin jier sûnder euvelmoed de planeet besykje, grypt Khan de kâns om 'e USS Enterprise te kapen en wraak te nimmen. Kirk-en-dy witte fansels úteinlik Khan te oerwinnen, mar de film einiget mei de dea fan Spock.

Star Trek II: The Wrath of Khan waard regissearre troch Nicholas Meyer nei in senario fan Jack B. Sowards. De filmkritisy wiene oer it algemien tige posityf oer de film, wat de Star Trek-franchise nei it teloarstellende resultaat fan Star Trek: The Motion Picture rêde fan 'e ûndergong. The Wrath of Khan gie op 4 juny 1982 yn premiêre, en brocht $97 miljoen op tsjin in budget fan $12 miljoen. It wie it earste diel fan in ferhaalline fan trije films, dy't fierder gie mei Star Trek III: The Search for Spock en einige mei Star Trek IV: The Voyage Home. The Wrath of Khan wie de earste film yn 'e filmskiednis mei in sêne dy't folslein op 'e kompjûter makke wie mei special effects.

The Search for Spock

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek III: The Search for Spock.

Star Trek III: The Search for Spock begjint fuortendaliks dêr't de foargeande film, Star Trek II: The Wrath of Khan, opholden is. De USS Enterprise keart nei it aventoer mei Khan werom by de Ierde, dêr't Sarek (Mark Lenard), de heit fan Spock, kaptein Kirk beskrobbet om't dy it stoflik omskot fan syn soan net nei syn thúswrâld Vulcanus brocht hat. (Ynstee hat Kirk it oan 'e ein fan The Wrath of Khan yn 'e húl fan in romtetorpedo nei it oerflak sketten fan Genesis, de nije planeet dy't kreëarre is troch de nije terrafoarmingstechnology mei deselde namme.) It docht lykwols bliken dat de ûnstjerlike geast fan Spock, syn katra, fuortlibbet yn 'e holle fan dokter McCoy, wylst de ynfloed fan Genesis syn deade lichem wer ta libben brocht hat. Kirk-en-dy, dy't gjin meiwurking krije fan 'e Stjerrefloat, moatte de Enterprise stelle om nei Genesis werom te kearen, dêr't se de nije Spock hoopje te finen om him en McCoy nei de planeet Vulcanus te bringen. Underwilens hat de Klingon Kruge (Christopher Lloyd) snoade plannen mei it Genesisapparaat.

 
William Shatner spile de rol fan kaptein James T. Kirk yn Star Trek: The Original Series en de earste sân Star Trek-films.

Star Trek III: The Search for Spock waard regissearre troch Leonard Nimoy, de akteur dy't de rol fan Spock spile. Hy waard pas oannommen om 'e rezjy te dwaan nei't er de produsinten derfan oertsjûgje kinnen hie dat er gjin hekel oan 'e Star Trek-franchise krigen hie, sa't se frezen. Hy wurke op basis fan in senario fan Harve Bennett. De film gie op 1 juny 1984 yn premiêre, en krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't dy ûnderdiene foar de reäksjes dy't The Wrath of Khan krigen hie. The Search for Spock brocht $87 miljoen op tsjin in budget fan $16 miljoen.

The Voyage Home

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek IV: The Voyage Home.

Star Trek IV: The Voyage Home gie fierder dêr't de foargeande film, Star Trek III: The Search for Spock, opholden wie. Lichem en geast fan Spock binne weriene, mar hy is noch net alhiel wer de âlde. Dochs keart er mei Kirk en de rest fan 'e bemanning fan 'e USS Enterprise werom fan Vulcanus nei de Ierde. (Dat dogge se oan board fan it Klingon-oarlochsskip fan Kruge, dat se yn The Search for Spock kaapt hiene nei't de Enterprise fergien wie.) Underweis docht lykwols bliken dat de Ierde yn grut gefaar ferkeart fan in bûtenierdske romtesonde, dy't besiket kontakt te lizzen mei de al tiden útstoarne bultrêchwalfisken. Mei it Klingon-skip, dat himsels kamûflearje kin, reizgje se dêrop werom yn 'e tiid nei de ein fan 'e tweintichste iuw, om guon bultrêgen te finen dy't mei de sonde kommunisearje kinne.

Star Trek IV: The Voyage Home waard op 'e nij regissearre troch Leonard Nimoy nei in senario fan Steve Meerson, Peter Krikes, Nicholas Meyer en Harve Bennett. De film gie op 26 novimber 1986 yn premiêre, en brocht $133 miljoen op tsjin in budget fan $21 miljoen. The Voyage Home wie it ôfslutende diel fan in ferhaalline dy't trije films besloech, en dy't begûn wie mei Star Trek II: The Wrath of Khan. The Voyage Home wie sawol by de filmkritisy as by de bioskoopgongers in súkses en waard nominearre foar fjouwer Oscars.

The Final Frontier

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek V: The Final Frontier.

Yn Star Trek V: The Final Frontier wurdt de nije USS Enterprise (NCC-1701-A) derop útstjoerd om in ynterstellêre gizelderskrisis op te lossen as Spock syn healbroer, de Vulcaniër Sybok (Laurence Luckinbill), in groep minsklike, Klingonske en Romulaanske diplomaten finzen nimt. It docht bliken dat it Sybok der om te dwaan wie de Enterprise yn 'e hannen te krijen: hy kaapt it romteskip om dermei nei it sintrum fan 'e Molkewei te reizgjen. Dêr tinkt er op 'e mystike planeet Sha Ka Ree God oan te treffen. Se fine dêr yndie in machtich wêzen, mar dat is net God.

 
Waaksene bylden fan 'e brêgebemanning fan 'e USS Enterprise út Star Trek: The Original Series.

Star Trek V: The Final Frontier waard regissearre troch William Shatner (de fertolker fan 'e rol fan James T. Kirk) nei in senario fan Steve Loughery. It idee foar de film kaam út 'e koker fan Shatner sels. Noch de produsinten, noch de oare castleden wiene botte wiis mei it ferhaal, en op harren oanstean waard it skript ferskate kearen werskreaun oant eltsenien dermei libje koe. The Final Frontier gie op 9 juny 1989 yn premiêre. De resinsinten wiene der oer it algemien min oer te sprekken en yn 'e bioskopen brocht de film folle minder op as ferwachte: $63 miljoen op tsjin in budget fan $33 miljoen. Neffens filmprodusint Harve Bennett foel The Final Frontier sa ôf dat it "de franchise hast deamakke".

The Undiscovered Country

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek VI: The Undiscovered Country.

Yn Star Trek VI: The Undiscovered Country wurdt de sitewaasje yn 'e echte wrâld, mei de fal fan it Izeren Gerdyn en de ein fan 'e Kâlde Oarloch, neibeard yn fiksje: nei desennia fan oarloch moat der frede komme tusken de Feriene Federaasje fan Planeten en it Klingon-Ryk. Admiraal Kirk en syn trouwe bemanning hawwe dêr net safolle mei op, want se hawwe jierrenlang tsjin 'e Klingons fochten en Kirk hat dêrby sels syn soan ferlern. Om't se harren neat op 'e mouwe spjeldzje litte sille, wurde troch de lieding fan 'e Stjerrefloat krekt de âlde izerfretters fan 'e USS Enterprise útstjoerd om 'e earste diplomatike kontakten te lizzen. Dat giet net botte maklik, want de Klingons stjonke, witte net wat tafelmanearen binne en sitearje oant op it ferfeelsume ôf út it wurk fan Shakespeare. As der in oanfal op 'e Klingon-delegaasje útfierd wurdt, kriget Kirk dêr de skuld fan. Hy wurdt, tegearre mei dokter McCoy, feroardiele ta libbenslange finzenisstraf yn in helsk tichthûs op 'e beferzen asteroïde Rura Penthe. Om syn reputaasje te behimmeljen en de frede te rêden, moat Kirk mei help fan syn bemanning útbrekke en de wiere dieders fan 'e moardoanslach opspoare.

Star Trek VI: The Undiscovered Country wie de twadde Star Trek-film dy't regissearre waard troch Nicholas Meyer, nei Star Trek II: The Wrath of Khan. Hy wurke nei in senario fan himsels en Denny Martin Flinn. De film gie op 6 desimber 1991 yn premiêre, en krige loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy. Hy wie ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen, en brocht $96,9 miljoen op tsjin in budget fan $27 miljoen. Dêrmei kaam de Star Trek-franchise nei it relative fiasko fan 'e foargeande film Star Trek V: The Final Frontier wer sterk werom. The Undiscovered Country (de titel komt út it toanielstik Hamlet, fan Shakespeare) waard nominearre foar twa Oscars en wie de iennichste Star Trek-film dy't de Saturn Award foar bêste science fiction-film wûn. Star Trek-betinker Gene Roddenberry ferstoar koart foar de premiêre, inkele dagen nei't er de film yn besletten fermidden sjoen hie.

 
Sir Patrick Stewart (hjir op in foto út 2017) spile de rol fan kaptein Jean-Luc Picard yn Star Trek: The Next Generation en fjouwer Star Trek-films.

Op basis fan The Next Generation

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Generations.

Star Trek: Generations wie de earste Star Trek-film mei de cast fan 'e searje Star Trek: The Next Generation yn 'e haadrol. De film begjint yn 2293, mei de earste reis fan 'e USS Enterprise (NCC-1701-B), ûnder it befel fan 'e griene kaptein John Harriman. Admiraal b.tsj. James T. Kirk en ferskate oare âld-bemanningsleden fan 'e foargeande (no sloopte) USS Enterprise (NCC-1701-A) binne as earegasten by it barren oanwêzich. Unfoarsjoene omstannichheden liede derta dat it nije romteskip rekke wurdt troch in mysterieus enerzjylint, mei as gefolch dat Kirk ferdwynt en deawaand wurdt.

Yn 2371 kriget de bemanning fan 'e USS Enterprise (NCC-1701-D), ûnder befel fan kaptein Jean-Luc Picard, te meitsjen mei it dûbele probleem fan 'e ferriedlike Klingonske susters Duras (Barbara March en Gwynyth Walsh) en de sljochtsinnige wittenskipper Tolian Soran (Malcolm McDowell). Dyselde wol troch it ôfgean litten fan in nij wapen weromkeare nei de Neksus, in ekstra-diminsjonaal plak dat it paradys allyk is. Dat er dêrfoar it hiele, tichtbefolke, planetestelsel Veridian ferdylgje moat, achtet er gjin beswier. De Enterprise-D moat troch tadwaan fan 'e susters Duras in needlâning meitsje op 'e planeet Veridian III, wat de ein foar it âlde romteskip betsjut. Underwilens kin Picard net foarkomme dat Soran syn wapen ôfgean lit. Fan gefolgen komt net inkeld Soran, mar ek Picard yn 'e Neksus telâne, dêr't Picard in ideaal libben bean wurdt, dat er lykwols ôfwiist om't er beseft dat it mar in yllúzje is. Hy treft dêr Kirk, dy't ek yn 'e Neksus bedarre is, en tegearre reizgje de beide mannen werom yn 'e tiid om Soran dochs noch tsjin te hâlden by it ôfgean litten fan syn wapen.

Star Trek: Generations waard regissearre troch David Carson nei in senario fan Ronald D. Moore en Brannon Braga. De film gie op 18 novimber 1994 yn premiêre, en krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskoop die Generations it lykwols goed; dêr brocht er $118 miljoen op tsjin in budget fan $35 miljoen.

First Contact

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: First Contact.

Yn Star Trek: First Contact kin de nije USS Enterprise (NCC-1701-E) ûnder befel fan kaptein Jean-Luc Picard foarkomme dat in oanfal fan 'e sybernetyske bûtenierdske Borg op 'e Ierde de planeet ferwoastget. De keninginne fan 'e Borg (Alice Krige) besit lykwols de technology om te tiidreizgjen, en flechtet it ferline yn, nei de midden fan 'e ienentweintichste iuw, krekt foar't Zefram Cochrane (James Cromwell) mei syn romteskip de Phoenix as earste minske flugger-as-ljochtfaasje berikt. Dêrmei sil er de oandacht lûke fan in passearjend romteskip fan 'e bûtenierdske Vulcaniërs, wat ta it earste kontakt tusken de minskheid en yntelligint bûtenierdsk libben liede sil. De Borg-keninginne is fan doel dat barren te fersteuren en sa de rin fan 'e skiednis te feroarjen, mei as gefolch dat de Feriene Federaasje fan Planeten nea bestean sil.

Der is Picard-en-dy alles oan gelegen om dat tsjin te kearen. De Enterprise folget de Borg nei it ferline, en wylst Picard, Worf en Data de striid mei de Borg-keninginne en har ûnderhearrigen oangeane, bejouwe earste ofsier William Riker, adviseur Deanna Troi en masinist Geordi La Forge har nei it ierdoerflak om Cochrane te helpen syn útfining op 'e juste tiid yn 'e praktyk te bringen. Dat falt noch net ta, want Cochrane, dy't yn 'e skiednisboekjes as in held beskreaun wurdt, blykt yn wurlikheid in synyske, egoïstyske dronkelap te wêzen. Oan board fan 'e Enterprise besiket de Borg-keninginne ûnderwilens de androïde Data te ferlieden nei har oer te rinnen troch him wat te bieden dat er al withoelang siket: gefoel.

 
In bemanningshut oan board fan 'e USS Enterprise-D, it romteskip út Star Trek: The Next Generation.

Nei't twa bekendere regisseurs it oanbod om Star Trek: First Contact te meitsjen, ôfwiisd hiene, waard Jonathan Frakes (de akteur dy't de rol fan William Riker spile) de rezjy taskood. Sa koene der produsinten der yn elts gefal wis fan wêze dat de film makke wurde soe troch immen dy't begriep wêr't Star Trek om draaide. Frakes wurke op basis fan in senario fan Brannon Braga en Ronald D. Moore dat in kompromis wie tusken harren eigen idee om in film oer de Borg te meitsjen en produsint Rick Berman syn eask dat it in film oer tiidreizgjen wurde moast. Star Trek: First Contact gie op 22 novimber 1996 yn premiêre, en brocht $146 miljoen op tsjin in budget fan $45 miljoen. De film waard troch de filmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûntfongen, en guon foaroansteande kritisy ornearren dat it de bêste film fan 'e franchise wie. Star Trek: First Contact waard nominearre foar in Oscar en wûn trije Saturn Awards.

Insurrection

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Insurrection.

Yn Star Trek: Insurrection komme kaptein Jean-Luc Picard en de bemanning fan 'e USS Enterprise in gearspanning op it spoar tusken de Stjerrefloat en de bûtenierdske Son'a. Dy wolle de 'metafazedieltsjes' út 'e ringen om 'e fierhinne ûnbewenne planeet fan 'e bûtenierdske Bak'u 'rispje', om't de strieling fan dy dieltsjes de Bak'u yn 'e praktyk ûnstjerlik makket. Mei't it rispingsproses de planeet ûnbewenber meitsje sil, besykje Stjerrefloatadmiraal Matthew Dougherty (Anthony Zerbe) en de Son'a om 'e Bak'u nei in reuseftich holodek te lokjen, dêr't harren doarp oant yn detail neibeard is. It plan is om harren bûten har eigen wittenskip om fan harren planeet te deportearjen. Om't sok dwaan de Primêre Rjochtline oantaast, komme Picard-en-dy tsjin it plan yn opstân.

Star Trek: Insurrection waard op 'e nij regissearre troch Jonathan Frakes, diskear nei in senario fan Michael Piller. De film gie op 11 desimber 1998 yn premiêre, en brocht $112,6 miljoen op tsjin in budget fan $58 miljoen. Star Trek: Insurrection krige mingde reäksjes fan 'e kritisy, mei as meast oanfierde beswier dat it wol in lange ôflevering fan Star Trek: The Next Generation liek ynstee fan in film.

  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Nemesis.

Star Trek: Nemesis wie de fjirde en lêste Star Trek-film op basis fan en mei de cast fan Star Trek: The Next Generation. Yn dizze film wurdt de USS Enterprise ûnder befel fan Jean-Luc Picard útstjoerd om in nije bedriging foar de Feriene Federaasje fan Planeten ôf te warren, yn 'e foarm fan Shinzon (Tom Hardy), de lieder fan 'e Remanen (in subras fan 'e Romulanen), dy't troch in steatsgreep de hearsker oer it Romulaanske Stjerreryk wurden is. Shinzon blykt in kloan fan Picard te wêzen, dy't makke waard foar in nea yn 'e praktyk brocht Romulaansk plan om Picard ûngemurken te ferfangen en sa in heechpleatste spion binnen de Federaasje te krijen. Hy ferâlderet lykwols oerfluch fanwegen de ymperfekte kloaningsmetoade dy't brûkt is, en inkeld in transfúzje mei it DNA fan 'e echte Picard kin him rêde. Picard stiet dêr net ôfkearich foaroer, mar dan moat Shinzon earst wol syn plannen opjaan om 'e Ierde te ferneatigjen, en dat is foar de kloan ûnbesprekber. Picard giet de striid mei syn wjerbyld oan en risselwearret om syn eigen libben op te offerjen, mar Data rêdt him en stjert yn syn plak.

Star Trek: Nemesis waard regissearre troch Stuart Baird nei in senario fan John Logan. De film gie op 13 desimber 2002 yn premiêre, en brocht $67,3 miljoen op tsjin in budget fan $60 miljoen. Dêrmei rûn de film út op in grutte teloarstelling en kaam er, de bykommende útjeften oangeande marketing yn acht nommen, lang net út 'e kosten. Star Trek: Nemesis waard troch de filmkritisy weiset as de minst súksesfolle Star Trek-film ea. De takomst fan 'e franchise kaam dêrmei faai te stean.

Reboot-searje (Kelvin-tiidline)

bewurkje seksje
 
It logo fan 'e Star Trek-rebootfilmsearje.

Yn 2005 waard it âlde Viacom, de memme-ûndernimming fan Paramount Pictures, opspjalten yn twa nije bedriuwen: De CBS Corporation, dy't eigner waard fan 'e CBS Television Studios, en it nije Viacom, dat eigner waard fan Paramount. Dêrtroch hie CBS it filmmerk fan Star Trek yn it besit, wylst Paramount de rjochten op 'e eardere Star Trek-films behold en ek it produksjerjocht foar eventuele takomstige films. (Yn desimber 2019 soene de beide bedriuwen wer ûnder ien eigner komme troch de oprjochting of weroprjochting fan ViacomCBS, dat yn febrewaris 2022 omneamd waard ta Paramount Global.) Tsjin dy eftergrûn hierde Paramount senarioskriuwers Roberto Orci en Alex Kurtzman en filmprodusint J.J. Abrams yn om Star Trek op 'e nij út te finen. Dat late ta in reboot fan 'e hiele franchise mei in nije oarspronklike USS Enterprise (NCC-1701) en in nije oarspronklike bemanning besteande út jonge akteurs dy't de rollen fan Kirk, Spock, Uhura, McCoy, Scott, Sulu en Chekov fertolken.

Cast


  De Wikipedy hat ek in side Star Trek (film).

Star Trek wie de earste film fan wat ornaris de 'rebootsearje' neamd wurdt, mar dêr't yn neislachwurken nei ferwiisd wurdt as de Kelvin-tiidline. De film begjint as in prequel fan Star Trek: The Original Series op 'e dei dat James T. Kirk berne wurdt. De Romulaan Nero (Eric Bana) feroarsaket in ynsidint mei tiidreizgjen, dêr't de USS Kelvin, it skip fan Kirk syn heit, by belutsen is. Troch it ynsidint ûntstiet der in alternative tiidline. (Dat wie in keunstgryp fan 'e makkers fan 'e film om 'e hannen frij te krijen en net bûn te wêzen oan wat der letter mei deselde personaazjes barre soe yn The Original Series.) Star Trek folget dêrnei Kirk, Spock, Uhura en de rest fan 'e bemanning fan 'e USS Enterprise, as se op 'e earste reis mei it skip te meitsjen krije mei Nero, dy't út wraak op in âldere Spock de planeet Vulcanus ferneatigje wol.

 
Chris Pine spile de rol fan kaptein James T. Kirk yn 'e Star Trek-rebootsearje.

Star Trek waard regissearre troch J.J. Abrams nei in senario fan Roberto Orci en Alex Kurtzman. De film gie op 8 maaie 2009 yn premiêre, en krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid. Mei in budget fan $150 miljoen wie it oant doe ta fierwei de djoerste Star Trek-film ea, mar lykwols wie it in kommersjeel súkses, mei in opbringst fan $385,7 miljoen. De film waard nominearre foar fjouwer Oscars en wûn ien (foar bêste fisazjy). Star Trek wurdt rûnom sjoen as de film dy't de yn 'e nederklits rekke franchise nij libben ynblaasde en yndirekt ferantwurdlik wie foar de Star Trek-revival fan 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren.

Into Darkness

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Into Darkness.

Star Trek: Into Darkness is in ferfolch op 'e film út 2009. Kirk is no de kaptein fan 'e USS Enterprise, mar as er de Primêre Rjochtline geweld oandocht (al hat er dêr goede reden ta), wurdt er weromset yn rang. Nei in terroristyske oanslach op it haadkertier fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco kriget er lykwols de sizzenskip oer de Enterprise werom. Kirk en syn bemanning wurde efter de dieder oanstjoerd, mar it spoar liedt harren nei in gearspanning binnen de Stjerrefloat sels, mei oan it haad admiraal Alexander Marcus (Peter Weller). Dyselde hat in nij avansearre soarte romtetorpedo ûntwikkele mei de help fan Khan Noonien Singh (Benedict Cumberbatch), in genetysk 'ferbettere' supersoldaat út in fier ferline dy't er wekker makke hat út in kryoanyske stasis. Kirk-en-dy moatte it dan opnimmen tsjin sawol Marcus, waans romteskip folle grutter en better bewapene is as de Enterprise, as Khan, dy't frijwol ûnkwetsber is.

Star Trek: Into Darkness waard op 'e nij regissearre troch J.J. Abrams nei in senario fan Roberto Orci, Alex Kurtzman en Damon Lindelof. It wie de lêste film wêryn't Leonard Nimoy de rol fan 'e (âldere) Spock portrettearje soe foar syn ferstjerren yn 2015. De film gie op 16 maaie 2013 yn premiêre, en krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Star Trek: Into Darkness brocht $467,4 miljoen op tsjin in budget fan $185 miljoen; dêrmei wie it de meast opbringende Star Trek-film aller tiden. De film waard nominearre foar in Oscar foar bêste special effects.

  De Wikipedy hat ek in side Star Trek: Beyond.

Yn Star Trek: Beyond is de USS Enterprise trije jier hinne yn syn fiifjierrige ferkenningsreis fan it hielal. As it skip it reuseftige romtestasjon Yorktown oandocht, wurdt it op in rêdingsmisje stjoerd wannear't út in relatyf deunbye romtedize in flechtling (Lydia Wilson) ferskynd dy't seit dat har skip in needlâning meitsje moatten hat op Altamid, in planeet yn 'e dize. De Enterprise giet op ûndersyk út, mar rint yn in mûklaach fan 'e piraat Krall (Idris Elba) en syn folgelingen, dy't it skip ferwoastgje. De oerlibbenen fan 'e bemanning komme fêst te sitten op Altamid, dêr't se inoar weromfine moatte en in manear betinke moatte om fan 'e planeet ôf te kommen foar't Krall syn plan yn 'e praktyk bringe kin om 'e bemanning fan 'e Yorktown út te moardzjen en dêrnei it romtestasjon te brûken as basis foar in oanfal op 'e Feriene Federaasje fan Planeten.

Star Trek: Beyond waard regissearre troch Justin Lin nei in senario fan Simon Pegg en Doug Jung. Dizze film wie de lêste út 'e Star Trek-franchise dêr't Anton Yelchin (as Pavel Chekov) yn spile foar syn ûntidich ferstjerren yn juny 2016. Star Trek: Beyond gie op 22 july 2016 yn premiêre, en brocht $343,5 miljoen op tsjin in budget fan $185 miljoen. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en waard nominearre foar in Oscar foar bêste fisazjy en hierstilearring.

 
Avery Brooks spile de rol fan kaptein Benjamin Sisko yn Star Trek: Deep Space Nine.

Fierdere films

bewurkje seksje

Sawol Chris Pine (James T. Kirk) as Zachary Quinto (Spock) hawwe kontrakten tekene wêryn't se har fêstlein hawwe om yn dyselde rollen werom te kearen as der in fjirde film yn 'e reboot-filmsearje makke wurdt. Yn july 2016 befêstige J.J. Abrams dat der plannen foar sa'n fjirde film wiene, en dat Chris Hemsworth dêryn de rol fan Kirk syn heit George wer op him nimme soe (dy't er ek fertolke hie yn 'e prolooch fan 'e film Star Trek). Dyselde moanne waard ek bekendmakke dat de rol fan Pavel Chekov net wercast wurde soe nei it deadlik ûngelok fan akteur Anton Yelchin.

Yn desimber 2017 kaam yn 'e media dat de ferneamde regisseur Quentin Tarantino in idee foar in nije Star Trek-film oppenearre hie oan Abrams en filmstudio Paramount Pictures, dy't allebeide entûsjast reägearre hiene. Yn april 2018 waard oankundige dat der doe twa nije Star Trek-films yn preproduksje wiene by Paramount: de troch Abrams yn 2016 oankundige fjirde film, dy't regissearre wurde soe troch S.J. Clarkson, en de film op basis fan it idee fan Tarantino, dy't Tarantino sels regissearje soe as er dêr tiid foar fine koe.

Yn augustus 2018 kamen de plannen foar de nije films lykwols op losse skroeven te stean doe't Pine en Hemsworth lulk by ûnderhannelings mei Paramount weirûnen nei't harren frege wie om yn te stimmen mei in leger salaris fanwegen it teloarstellende ferlies dat foar Star Trek: Beyond ôfskreaun wurde moatten hie.

Romans en koarte ferhalen

bewurkje seksje

Sûnt 1967 binne der hûnderten romans en koarte ferhalen yn it ramt fan Star Trek publisearre, wêrfan't in diel orizjineel wurk wie, wylst it by in oar diel gie om 'ferboekings' fan films of ôfleverings út tillefyzjesearjes. De earste útjouwerij dy't sok wurk op 'e merk brocht, wie Bantam Books, dêr't auteur James Blish fan 1967 oant 1977 yn tolve dielen adaptaasjes publisearre fan ôfleverings út Star Trek: The Original Series. De earste orizjinele Star Trek-roman dy't by Bantam útkaam, wie ek fan Blish, te witten: Spock Must Die!, út 1970. De alderearste orizjinele Star Trek-roman wie lykwols Mission to Horatius fan Mack Reynolds, dy't al yn 1968 útkaam by Whitman Books.

Oare tige aktive skriuwers fan Star Trek-literatuer wiene Peter David, Diane Carey, Keith DeCandido, J.M. Dillard (in pseudonym fan Jeanne Kalogridis), Diane Duane, Michael Jan Friedman en Judith en Garfield Reeves-Stevens. Ferskate akteurs út 'e ûnderskate tillefyzjesearjes hawwe ek romans skreaun of mei-skreaun oer harren respektivelike personaazjes: William Shatner (kaptein James T. Kirk yn The Original Series), Armin Shimerman (Quark yn Deep Space Nine) en fertolkers fan mindere personaazjes, lykas John de Lancie, Andrew J. Robinson en J.G. Hertzler. Jeri Taylor, de produsinte fan Voyager, skreau twa romans oer de persoanlike foarskiednis fan 'e personaazjes út har searje. Ek senarioskriuwers David Gerrold, D.C. Fontana en Melinda M. Snodgrass publisearren romans yn it ferlingde fan harren wurk.

 
Kate Mulgrew spile de rol fan kaptein Kathryn Janeway yn Star Trek: Voyager.

Foar in folsleine en byholden opsomming fan Star Trek-literatuer, sjoch dizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

Stripalbums dy't basearre binne op Star Trek binne sûnt 1967 hast oan 'e rinnende bân ferskynd, û.m. by de útjouwerijen Gold Key (1967-1978), Marvel (1979-1981 en 1996-1999), DC Comics (1984-1996), Malibu (1993-1996), Wildstorm (1999-2002) en IDW Publishing (fan 2006 ôf). IDW brocht yn 2006 in stripalbum út mei de titel Star Trek: Countdown, dat in prequel wie fan 'e film út 2009. Deselde útjouwerij gie neitiid troch mei it produsearjen fan nije Star Trek-albums. Yn 2009 publisearre Tokyopop in stripferhalebondel fan koarte stripferhalen basearre op Star Trek: The Next Generation, dy't tekene wiene yn Japanske mangastyl.

Foar mear ynformaasje oer Star Trek-strips, sjoch dit artikel mei in list op 'e Ingelske Wikipedy.

Troch de jierren hinne waard ek in protte non-fiksje oer Star Trek publisearre. Dêrby giet it net inkeld om companionboeken en beskriuwings fan 'e produksje fan Star Trek-searjes en -films. Der binne nammentlik ek neislachwurken ferskynd oangeande listen fan personaazjes, de 'geografy' fan it Star Trek-hielal, de gronology fan Star Trek, in wurdboek fan 'e spesjaal foar Star Trek ûntwikkele keunsttaal Klingon, technyske ûnderbouwings en hânliedings, etnografyske beskriuwings fan fiktive bûtenierdske rassen as de Klingons en de Ferengi, ensfh.

 
Scott Bakula spile de rol fan kaptein Jonathan Archer yn Star Trek: Enterprise.
  • Foar in folsleine en byholden opsomming fan Star Trek-neislachwurken, sjoch dizze list op 'e Ingelske Wikipedy.
  • Foar in folsleine en byholden opsomming fan technyske hânliedings oangeande Star Trek, sjoch dizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

Fierders binne der noch frijwat oare boeken oer Star Trek ferskynd, lykas lústerboeken, spulboeken, parodyen en fotoboeken. Foar in folsleine en byholden opsomming fan dat soarte wurk, sjoch dizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

Ta de Star Trek-franchise hearre ek in grut tal spultsjes dy't op ien fan 'e searjes of films basearre binne, wêrûnder boerdspullen, kaartspullen, rollespullen, flipperkasten en fideospultsjes. It earste dêrfan wie in boerdspul dat yn 1967 útkaam op basis fan 'e Star Trek: The Original Series, wylst it by de meast resinten giet om online- of dvd-fideospultsjes. Guon fan 'e súksesfolste Star Trek-spullen binne de fideospultsjes Star Trek: Legacy út 2006, foar Windows en Xbox 360, en Star Trek: Conquest út 2007, foar Wii en Playstation 2. Yn 2010 waard troch Cryptic Studios it spultsje Star Trek Online ûntwikkele, foar Window, Xbox One en Playstation 4. Dat spul is sitewearre yn it Next Generation-tiidrek, likernôch tritich jier nei de foarfallen fan Star Trek: Nemesis.

 
Sonequa Martin-Green spile de rol fan kaptein-luitenant Michael Burnham yn Star Trek: Discovery.

Foar in folsleine en byholden opsomming fan alle soarten spultsjes yn it ramt fan Star Trek, sjoch dizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

De Star Trek-franchise omfette teminsten twa tydskriften. Star Trek: The Magazine wie in Amerikaansk blêd, dat fan 1999 oant 2003 bestie. Star Trek Magazine, dat oarspronklik úteinsette as Star Trek Monthly, waard yn febrewaris 1995 foar de Britske merk oprjochte troch Titan Magazines, mar hat him sûnt útwreide ta in wrâldwide distribúsje. Dêrnjonken hawwe der ek in grut tal fanzines oangeande Star Trek west, makke troch entûsjaste fans.

Ferdivedaasjepark

bewurkje seksje

Fan 1998 oant 2008 bestie der in ferdivedaasjepark yn it Amerikaanske Las Vegas dat op Star Trek basearre wie, mei as namme Star Trek: The Experience.

 
In frou yn cosplay as in Andoriaanse (de Andorianen binne ien fan 'e rassen fan bûtenierdske wêzens yn it Star Trek-hielal).

Kulturele ynfloed

bewurkje seksje

Sûnt de iere 1970-er jierren hat de net-ôflittende populariteit fan Star Trek soarge foar in groeiende ynfloed op 'e Westerske popkultuer. Yn 'e Feriene Steaten, mar ek yn oare lannen, wurde geregeldwei konvinsjes organisearre dy't folslein oan 'e Star Trek-franchise wijd binne. Dêr komme stiiffêst de trouwe fans yn grutte oantallen op ôf. Dy fans wurde "Trekkies" neamd en foarmje in hiele subkultuer op harrensels, sa't yn 1997 troch Roger Nygard fêstlein waard yn 'e dokumintêre Trekkies. De iennichste franchise dêr't Star Trek him mei ferlykje lit, is de oare grutte Amerikaanske science fiction-mediafranchise Star Wars. Sawol fans as sosjologen dy't de science fiction-subkultuer(en) bestudearre hawwe, beskôgje Star Trek en Star Wars as inoars rivalen.

Fiktive technology dy't yn Star Trek-searjes al yn 'e 1960-er of 1980-er jierren te sjen wie, hat de oanset jûn ta de ûntwikkeling fan wiere technology yn 'e echte wrâld. Sa spile it foarkommen fan tabletkompjûters yn 'e searjes in rol by de ûntjouwing fan echte tabletkompjûters, en hie de telekommunikaasjeapparatuer dy't yn 'e searjes te sjen wie, ynfloed op 'e ûntwikkeling fan 'e mobile tillefoan. De kartografyske fermogens fan 'e saneamd tricorder, in fiktyf yn 'e hân holden apparaatsje, is as in wichtige ynspiraasjeboarne foar de útfining fan Google Earth neamd troch Michael Jones, dy't oan it haad fan it team stie dat dy technology ferwêzentlike. Steve Wozniak, ien fan 'e oprjochters fan kompjûtergigant Apple, hat sein dat it sjen fan Star Trek: The Original Series en it besykjen fan Star Trek-konvinsjes yn syn jonkheid in wichtige ynspiraasjeboarne foarme foar syn lettere wurk.

 
Star Trek-betinker Gene Roddenberry en inkele akteurs út Star Trek: The Original Series by de space shuttle Enterprise.

Ek technology út Star Trek dy't (noch) net yn it echt bestiet, hat ynfloed hân op 'e popkultuer. Sa kaam al yn Star Trek: The Original Series de transporter ("transporteur") foar, in apparaat mei it fermogen ta teleportaasje. Dêrmei waarden kaptein Kirk-en-dy nei it oerflak fan mannich in planeet en wer werom nei de USS Enterprise ta "striele" troch masinist Montgomery Scott. Dêrtroch krong de útspraak "Striel my op, Scotty" ("Beam me up, Scotty") de sprektaal fan 'e jongere generaasjes binnen, útsprutsen as se har yn sitewaasjes befûnen dêr't se wol graach direkt út ferwidere wurde woene. Yn 1976 soarge in briefskriuwerskampanje derfoar dat de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA it prototype fan syn space shuttle de Entrerprise neamde, nei it fiktive romteskip.

Maatskiplik boadskip

bewurkje seksje

Star Trek ûnderskate him al yn 'e tiid fan Star Trek: The Original Series fan oare tillefyzjesearjes troch syn foarútstribjende maatskiplik boadskip. Yn in tiid dat de Amerikaanske boargerrjochtebeweging noch stride moast foar de rjochten fan Afro-Amerikanen, naam Star Trek-betinker Gene Roddenberry (net by tafal) in swarte frou op yn syn searje as lid fan 'e bemanning op 'e brêge fan 'e USS Enterprise. No wie kommunikaasje-ofsier Uhura, spile troch Nichelle Nichols, winliken net folle mear as in feredele tillefoniste, mar likegoed hie har oanwêzigens in grutte ynfloed op miljoenen jonge swarte famkes, dy't op 'e tillefyzje wat seagen dat se noch nea earder sjoen hiene. De tút fan kaptein Kirk en luitenant Uhura, yn 'e ôflevering Plato's Stepchildren, wie ek tige derop ôf foar dy tiid, en wurdt faak foutyf neamd as de earste ynterrasiale tút op 'e Amerikaanske tillefyzje (eins wie soks al inkele kearen earder foarkommen).

 
Nichelle Nichols spile yn Star Trek: The Original Series en de earste seis Star Trek-films de rol fan luitenant Uhura.

Nichols woe op in stuit út The Original Series stappe, mar doe waard har by in galadiner fan 'e minskerjochte-organisaasje NAACP frege oft se it har eefkes oan tiid die om "har grutste fan" te moetsjen. Nichols stimde dêryn ta en waard doe foarsteld oan Martin Luther King, dy't har fertelde dat hy syn bern altyd opbliuwe liet om nei Star Trek te sjen, fanwegen it rolmodel dat Nichols yn har rol as Uhura wie. Dat oertsjûge har derfan om by Star Trek te bliuwen. Nei't de searje stopset wie, brûkte Nichols har bekendheid om lêzings te jaan, wêryn't se útfear tsjin 'e útsluting fan Afro-Amerikanen en froulju fan it romtefeartprogramma fan 'e NASA. Yn reäksje dêrop waard se troch de NASA útnûge om by harren yn 'e tsjinst te kommen as rekruteur. Yn dy hoedanichheid wie Nichols yn 'e 1970-er jierren ferantwurdlik foar it finen fan 'e earste swarte en de earste froulike Amerikaanske astronauten.

Star Trek is withoefolle kearen parodiëarre. Ien fan 'e earste kearen wie The Last Voyage of the Starship Enterprise, in ferneamde sketch yn 'e Amerikaanske komeedzjeshow Saturday Night Live, mei John Belushi yn 'e rol fan Kirk, Chevy Chase as Spock en Dan Aykroyd as McCoy.

De bekendste filmparody op Star Trek is Galaxy Quest, út 1999, mei û.o. Tim Allen, Sigourney Weaver en Alan Rickman. It útgongspunt fan dy film is dat ûnnoazele bûtenierdske wêzens Ierdske tillefyzje-útstjoerings besjogge en net begripe dat it om fiksje giet ynstee fan nijs. As se problemen krije mei in oar bûtenierdsk ras, ûntfiere se dêrom de cast fan 'e science fiction-searje Galaxy Quest om harren út 'e swierrichheden te helpen. Ferskate Star Trek-akteurs hawwe yn fraachpetearen oanjûn Galaxy Quest in briljante parody te finen.

Oare parodyen fan Star Trek wurde foarme troch ôfleverings fan tekenfilmsearjes as The Simpsons en Futurama en de live-actionsearje Black Mirror. Yn 2017 kreëarre tillefyzjeprodusint Seth MacFarlane foar Fox in folsleine tillefyzjesearje dy't in parody op Star Trek wie: de komeedzjedrama-science fiction-searje The Orville.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further Reading, op dizze side.


 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)