Tim Allen
Tim Allen (artystenamme fan Timothy Alan Dick; Denver (Colorado), 13 juny 1953) is in Amerikaansk komyk en akteur, dy't benammentlik bekend wurden is troch syn rollen yn 'e komeedzjesearjes Home Improvement en Last Man Standing en de films The Santa Clause en Galaxy Quest. Hy fersoarge ek de stim fan it personaazje Buzz Lightyear yn 'e tekenfilms fan 'e Toy Story-searje.
Tim Allen | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Timothy Alan Dick | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 13 juny 1953 | |
berteplak | Denver (Colorado) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1975 – 1979 & 1981 – no | |
prizen | Golden Globe 1994 | |
offisjele webside | ||
timallen.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeTim Allen waard yn 1953 berne yn Denver, yn 'e Amerikaanske steat Colorado, as de soan fan makelder Gerald M. Dick (1923-1964) en dy syn frou Martha Katherine Fox, in maatskiplik wurkster. Hy wie de middelste fan fiif bruorren. Doe't er alve jier wie, kaam syn heit om by in auto-ûngemak dat feroarsake waard troch ien dy't dronken efter it stjoer siet. Twa jier dêrnei wertroude Allen syn mem mei in man dêr't se yn har skoaltiid ferkearing mei hân hie, en dy't tsjin dy tiid in súksesfol sakeman wurden wie. Se ferhuze doe mei har fiif soannen nei Michigan, en loek dêr yn Birmingham, in foarstêd fan Detroit, by har nije man en dy syn trije bern út in earder houlik yn.
Allen gie yn Birmingham nei de middelbere skoalle, dêr't er syn earste ûnderfining op it mêd fan aktearjen opdie by de skoaltoanielklub. Neitiid studearre er oan 'e Universiteit fan Sintraal Michigan, yn Mount Pleasant, mar stapte yn 1974 oer nei de Universiteit fan Westlik Michigan, yn Kalamazoo. Dêr wurke er by it universiteitsradiostasjon WIDR en behelle er yn 1976 in bachelorstitel yn kommunikaasjekunde mei in spesjalisaasje yn radio- en tillefyzjeproduksje en as byfakken filosofy en design.
Karriêre
bewurkje seksjeYn 1975 sette Allen útein mei in karriêre as komyk, doe't er nei dêrta útdage te wêzen troch in maat fan him, meidie oan in komeedzjejûn yn in nachtklub yn Royal Oak, in foarstêd fan Detroit. Dêrtroch krige er de smaak te pakken en died er faker mei oan sokke jûnen. Ek wurke er mei oan ferskate reklamespotsjes op 'e regionale tillefyzje. Nei ferrin fan tiid ferfear er nei Los Angeles, dêr't er stand-up comedy begûn te dwaan yn ferskate klubs en ek yn praatprogramma's op 'e tillefyzje. Sa wist er him de hiele 1980-er jierren troch aardich te bedrippen. Hy briek lykwols pas troch doe't er him talei op aktearjen.
Nei eigen sizzen hat Allen in beheind aktearfermogen; yn in fraachpetear seid er: "Ik kin in rol allinnich mar spylje as ik út persoanlike ûnderfining putte kin, en dy boarne kin nuvere hurd opdrûgje." Nettsjinsteande dat rekke er wrâldferneamd mei syn rol as Tim "The Tool-Man" Taylor, yn 'e populêre komeedzjesearje Home Improvement, dy't rûn fan 1991 oant 1999. Mei dy rol wûn Allen in Golden Globe foar bêste akteur, acht People's Choice Awards en ferskate mindere prizen. Syn nije faam late derta dat er ek foar filmrollen frege waard, en sa spile er yn 1994 yn The Santa Clause in man dy't by fersin de krystman om hals bringt en dan sels krystman wurde moat. It wie net in djipdollend ferhaal, mar likegoed waard de film in grut súkses, dat der waarden noch twa ferfolchfilms op makke: The Santa Clause 2, út 2002, en The Santa Clause 3: The Escape Clause, út 2006.
Allen hie ek gastrollen yn tillefyzjesearjes as The Drew Carey Show, The Larry Sanders Show en Spin City. Fierders spile er ek yn û.m. de Star Trek-parody Galaxy Quest, út 1999, de midlifekrisisfilm Wild Hogs, út 2007, en liende er syn stim oan it personaazje Buzz Lightyear yn 'e tige súksesfolle tekenfilms fan 'e Toy Story-franchise. Fan 2011 oant 2021 wied er wer op 'e tillefyzje te sjen mei de haadrol yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing, as tsjinspiler fan Nancy Travis. Allen fertolket yn dy searje de rol fan Mike Baxter, in man dy't fan echte manljusdingen hâldt, lykas sport en houthakjen en dingen deasjitten, mar dy't trije dochters hat en himsels steande sjen moat te hâlden yn hûs fol froulju.
Priveelibben
bewurkje seksjeOp 2 oktober 1978 waard Allen arrestearre op 'e Ynternasjonale Lofthaven Kalamazoo/Battle Creek om't er goed 650 g kokaïne yn syn bagaazje hie. Neitiid trof er in skikking mei de iepenbier oanklager, wêrby't ôfpraat waard dat Allen oare drugsdealers oanjaan soe en teffens skuld bekenne soe op it mêd fan drugssmokkel. Yn ruil dêrfoar soed er dan in selstraf krije fan trije oant sân jier ynstee fan libbenslang, wat ek ta de mooglikheden hearde. Allen siet dêrnei twa jier en fjouwer moannen út, fan febrewaris 1979 oant juny 1981, yn in tichthûs yn Sandstone, yn Minnesota.
Yn 1997 waard Allen yn Birmingham (Michigan) fannijs arrestearre, diskear om't er dronken efter it stjoer siet. Yn dy saak krige er in jier ûnder betingst en in troch de rjochter oplein ferbliuw yn in ôfkickklinyk foar alkoholisten.
Allen is twaris yn it houliksboatsje stapt. Fan 7 april 1984 ôf wied er troud mei Laura Diebel, mei wa't er yn 1989 in dochter krige dy't Katherine hjit. Hy en syn earste frou giene yn 1999 útinoar, en skieden formeel yn 2003. Op 7 oktober 2006 wertroude Allen yn Grand Lake (Colorado) mei aktrise Jane Hajduk, nei't se al fiif jier mei-inoar omgien wiene. Yn 2009 krigen se in dochter, Elizabeth.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1984 | Northwest Afternoon | himsels | gast |
1988 | Comedy's Dirtiest Dozen | himsels | stand-upcomedyregistraasje |
1989 | Rodney Dangerfield: Opening Night at Rodney's Place | himsels | stand-upcomedyregistraasje |
1989–1992 | An Evening at the Improv | himsels | stand-up comedyshow; 2 ôfl. |
1990 | Tim Allen: Men Are Pigs | himsels | stand-upcomedyregistraasje |
1991 | Tim Allen Rewires America | himsels | stand-upcomedyregistraasje |
1991–1999 | Home Improvement | Tim Taylor | fêste rol; 204 ôfl.; yn seizoen 6–8 ek útfierend produsint Golden Globe foar bêste akteur yn in tillefyzjesearje – musical of komeedzje (1995) People's Choice Award foar favorite akteur yn in nije tillefyzjesearje (1992) 7 × People's Choice Award foar favorite tillefyzje-akteur (1993–1999) 4 × Kids' Choice Award foar favorite tillefyzje-akteur (1994–1997) nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in tillefyzjesearje – musical of komeedzje (1993, 1994, 1996, 1997) nom. Emmy Award foar bêste akteur yn in komeedzjesearje (1993) 2 × nom. Kids' Choice Award foar favorite tillefyzje-akteur |
1992 | Hot Country Nights | himsels | 1 ôfl. |
1992–1993 | Maury | himsels | gast yn praatprogramma; 2 ôfl. |
1994–1996 | Charlie Rose | himsels | gast yn in praatprogramma; 2 ôfl. |
1994–1997 | Late Show with David Letterman | himsels | gast yn in praatprogramma; 5 ôfl. |
1995 | Showbiz Today | himsels | gast yn in praatprogramma; 1 ôfl. |
1995 | The Little Picture Show | himsels | 1 ôfl. |
1996 | The Drew Carey Show | himsels | gastrol; ôfl. The Front |
1997 | Soul Man | Tim Taylor | gastrol; crossover; ôfl. Communion Wine and Convicts |
1997 | The Wonderful World of Disney | Buzz Lightyear | as stimakteur; ôfl. Toy Story |
1998 | The Larry Sanders Show | himsels | gastrol; ôfl. Flip |
1998 | Spin City | Rags (hûntsje) | as stimakteur; gastrol; ôfl. The Kidney's All Right |
1999 | Modern Marvels | himsels | gastrol; ôfl. The Tool Bench: Power Tools |
2003 | These Guys | voice-over | tillefyzjefilm |
2003 | Top Speed | voice-over | |
2004 | Jimmy Neutron: Win, Lose and Kaboom | Meldar Prime | as stimakteur; tillefyzjefilm |
2011–2021 | Last Man Standing | Mike Baxter | fêste rol; 194 ôfl.; ek útfierend produsint nom. People's Choice Award foar favorite akteur yn in komeedzjesearje (2017) |
2013 | Toy Story of Terror! | Buzz Lightyear | as stimakteur; tillefyzjespecial |
2014 | Toy Story That Time Forgot | Buzz Lightyear | as stimakteur; tillefyzjespecial |
2015 | Cristela | Mike Baxter | gastrol; crossover; ôfl. Last Goose Standing |
2015 | Toy Story at 20: To Infinity and Beyond | himsels | dokumintêre |
2016 | 88th Academy Awards | Buzz Lightyear | as stimakteur; spesjale meiwurking oan 'e útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars |
2020 | Reno 911! | kommandant fan 'e romtemacht | gastrol; ôfl. Space Force |
2021–no | Assembly Required | himsels | presintator |
films | |||
1988 | Tropical Snow | bagaazjelader | |
1994 | The Santa Clause | Scott Calvin / de krystman | People's Choice Award foar favorite akteur yn in komeedzjefilm nom. MTV Movie Award foar bêste trochbraakrol nom. MTV Movie Award foar bêste komyske rol |
1995 | Toy Story | Buzz Lightyear | as stimakteur |
1997 | Meet Wally Sparks | himsels | cameo |
1997 | Jungle 2 Jungle | Michael Cromwell | |
1997 | For Richer or Poorer | Brad Sexton | |
1999 | Toy Story 2 | Buzz Lightyear | as stimakteur Annie Award foar bêste stimaktearjen yn in lange animaasjefilm |
1999 | Galaxy Quest | Jason Nesmith | |
2000 | Buzz Lightyear of Star Command: The Adventure Begins | Buzz Lightyear | as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht |
2001 | Who Is Cletis Tout? | Critical Jim | |
2001 | Joe Somebody | Joe Scheffer | |
2002 | Big Trouble | Eliot Arnold | |
2002 | The Santa Clause 2 | Scott Calvin / de krystman | |
2004 | Christmas with the Kranks | Luther Krank | |
2006 | The Shaggy Dog | Dave Douglas | |
2006 | Cars | Buzz Lightyear-auto | stimcameo |
2006 | Zoom | Jack Shepard / Captain Zoom | |
2006 | The Santa Clause 3: The Escape Clause | Scott Calvin / de krystman | |
2007 | Fired! | voice-over | dokumintêre |
2007 | Wild Hogs | Doug Madsen | |
2008 | Redbelt | Chet Frank | |
2009 | The Six Wives of Henry Lefay | Henry Lefay | |
2010 | Crazy on the Outside | Tommy Zelda | ek regisseur |
2010 | Toy Story 3 | Buzz Lightyear | as stimakteur nom. Kids' Choice Award foar favorite stim yn in animaasjefilm |
2010 | I Am Comic | himsels | |
2011 | Toy Story Toons: Hawaiian Vacation | Buzz Lightyear | as stimakteur |
2011 | Toy Story Toons: Small Fry | Buzz Lightyear | as stimakteur |
2012 | Toy Story Toons: Partysaurus Rex | Buzz Lightyear | as stimakteur |
2012 | Chimpanzee | n.f.t. | voice-over by in dokumintêre |
2012 | The Penguin King | ferteller | allinne yn 'e Amerikaansk ferzje |
2013 | 3 Geezers! | Tim | |
2013 | Adventures of the Penguin King | ferteller | |
2017 | El Camino Christmas | Larry Michael Roth | |
2018 | Ralph Breaks the Internet | Buzz Lightyear | stimcameo |
2019 | Toy Story 4 | Buzz Lightyear | as stimakteur |
2019 | No Safe Spaces | himsels | |
fideospultsjes | |||
1994 | Home Improvement: Power Tool Pursuit | Tim Taylor | |
1999 | Toy Story 2: Buzz Lightyear to the Rescue | Buzz Lightyear | as stimakteur |
2001 | Toy Story Racer | Buzz Lightyear | as stimakteur |
2010 | Scene It? Disney Magical Moments | Buzz Lightyear | as stimakteur |
2010 | Toy Story 3: The Video Game | Buzz Lightyear | as stimakteur |
2016 | Disney Magic Kingdoms | Buzz Lightyear | as stimakteur |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Tim Allen
- (in) Folsleine filmografy fan Tim Allen yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|