Radiostjoerder

(Trochferwiisd fan Radiostasjon)

In radiostjoerder is in byinoar hearrend tal apparaten en oar reau dêr't lûden mei útstjoerd wurde kinne oer de radiofrekwinsjes fan 'e eter. Soks giet fan 'e eigentlike stjoermêst nei alle ûntfangende apparaten ynsafier't dy har binnen it berik fan 'e útstjoering befine. Dizze ûntfangende apparaten binne radio's.

Ornaris wurdt mei de term 'radiostjoerder' net sasear de eigentlike apparatuer bedoeld dy't nedich is om radiolûden út te stjoeren, mar de organisaasje dy't ferantwurdlik is foar it útstjoeren fan strukturearre programma's nei in publyk: it radiostasjon. Men sprekt ek wol fan in radio-omrop, mar in omrop is strikt nommen in útstjoermachtige organisaasje dy't ien of mear radiostasjons dielt mei oare, soartgelikense radio-omroppen. In radiostasjon kin op ferskillende frekwinsjes tagelyk útstjoere; sokke ferskillende útstjoerings fan ien stasjon wurde radiokanalen neamd. As in groep radiostjoerders ien organisaasje foarmet (wat yn 'e regel bart as se yn it besit kommen binne fan ien mienskiplike eigner), dan sprekt men fan in radionetwurk.

Radiostjoerders hawwe altyd in fêste frekwinsje, sadat de harkers se op harren radiotastellen weromfine kinne. Dy frekwinsjes kinne diel útmeitsje fan ferskate bannen. De bekendste bân is FM, dy't tusken 88 en 108 MHz (megaherz) leit. AM, dat tusken 525 en 1605 kHz (kiloherz) leit, beslacht in grutter geografysk berik dat faak mear as ien lân omfettet, mar de apparatuer en ynfrastruktuer foar in AM-radiostjoerder is folle djoerder. Sûnt it begjin fan 'e ienentweintichste iuw besteane der fierders radiostasjons dy't ek (of allinnich mar) digitaal, d.w.s. oer it ynternet útstjoere. Sokke ynternetradio is it goedkeapst fan allegear, om't der alhiel gjin útstjoerynstallaasje foar nedich is. Oan 'e oare kant moatte de harkers dan wol de beskikking hawwe oer in flugge ynternetferbining om 'e radio goed ûntfange te kinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.