Romtemacht
In romtemacht is dat diel fan 'e kriichsmacht fan in lân, dat him taleit op it fjochtsjen yn 'e romte. Dit is in nije tûke fan 'e kriichsmacht, njonken de lânmacht, marine, loftmacht en, yn guon lannen, it marinierskorps en/of de maresjesee.
Wrâlds earste romtemacht waard foarme troch de Russyske Romtestriidkrêften, dy't yn 1992 oprjochte waarden as in ûnôfhinklike militêre tsjinst. Sûnt hawwe dy lykwols twaris har selsstannigens ferlern, earst doe't se fan 1997 oant 2001 yndield waarden by de Strategyske Raketstriidkrêften, en jitris yn 2015, doe't se mei de Russyske Loftmacht opgiene yn 'e Russyske Loft- en Romtestriidkrêften. Anno 2022 is de Amerikaanske Romtemacht, dy't yn 2019 oprjochte waard, de iennichste selsstannige romtemacht fan 'e wrâld. De Sineeske Strategyske Stipemacht fan it Folkbefrijingsleger wurdt soms ek oantsjut as in romtemacht, hoewol't dy tsjinst behalven oer oarloch yn 'e romte ek (fral) oer cyberoarlochfiering giet.
Lannen mei in lytsere romtemacht, of ien dy't him noch ûntwikkelje moat, foegje de romtemacht gauris gear mei of diele him yn by de loftmacht, lykas it gefal is mei de al neamde Russyske Loft- en Romtestriidkrêften, mar ek mei de Frânske Loft- en Romtemacht en de Iraanske Loft- en Romtemacht fan it Islamityske Revolúsjonêre Gardekorps. Ek komt it foar dat in romtemacht ta in gearwurkingsferbân makke wurdt alle trije grutte dielen fan 'e kriichsmacht (lânmacht, loftmacht en marine), lykas it gefal is mei it Buro foar Romtedefinsje yn Yndia.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |