Last Man Standing (Amerikaanske telefyzjesearje)
Last Man Standing is in súksesfolle Amerikaanske komeedzjesearje dy't yn 2011 foar it earst op 'e telefyzje kaam. De titel betsjut safolle as: "de lêste man dy't noch oer is". De searje giet oer Mike Baxter (spile troch akteur Tim Allen), dy't in liedingjaande funksje hat by in winkelkeatling yn sport- en jachtnedichheden yn Denver, en dy't dêrnjonken de heit fan trije dochters is. De oarspronklike searje waard fan 2011 oant en mei 2017 útstjoerd troch it telefyzjenetwurk ABC. Hoewol't it de op ien nei bêst besjoene komeedzjesearje fan ABC wie, besleat dat bedriuw om 'e searje oan 'e ein fan it telefyzjeseizoen 2016-2017 stop te setten. Yn 2018 kaam der dochs in sânde seizoen fan Last Man Standing, doe't it telefyzjenetwork Fox de searje oppikte. De searje rûn dêrnei trije seizoenen op Fox foar't der definityf in ein oan kaam.
Last Man Standing | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | Jack Burditt | |
produsint | John Amodeo | |
útfierend produsint |
Tim Allen Becky Clements Marty Adelstein Shawn Levy Richard Baker Rick Messina John Pasquin Kevin Abbott Michael Shipley Matt Berry Tim Doyle Kevin Hench Jack Burditt (seiz. 1) | |
tillefyzjestudio | 21 Laps-Adelstein Productions NestEgg Productions Double Wide Productions (s. 1) Mr. Big Shot Fancy-Pants Productions (seizoen 2-4) Lyonsberry Productions (s. 5-6) 20th Century Fox Television (fanôf seizoen 7) | |
spilers | ||
haadrollen | Tim Allen Nancy Travis Alexandra Krosney (seiz. 1) Amanda Fuller (fanôf seiz. 2) Molly Ephraim Kaitlyn Dever Héctor Elizondo Christoph Sanders Jordan Masterson (fanôf seiz. 2) | |
skaaimerken | ||
sjenre | komeedzjesearje | |
seizoenen | 9 | |
jierren | 2011 – 2017, 2018 – no | |
tal ôfl. | 194 (maaie 2021) | |
spyltiid (ôfl.) | 21 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
webside | www.fox.com/last-man-standing |
Untstean
bewurkje seksjeLast Man Standing waard betocht troch senarioskriuwer en telefyzjeprodusint Jack Burditt, dy't foar de komeedzjesearje oarspronklik de namme Man Up yn gedachten hie. Ein 2010 joech telefyzjenetwurk ABC oan belangstelling foar it projekt te hawwen, en yn jannewaris 2011 krige Burditt it griene ljocht om in pilotôflevering te meitsjen mei de titel Last Days of Man. Op 18 febrewaris tekene akteur Tim Allen, dy't fan it begjin ôf oan by it projekt belutsen west hie, in formeel kontrakt foar it spyljen fan 'e rol fan Mike Baxter. Ein maart berikte Burditt oerienstimming mei Nancy Travis foar it spyljen fan 'e froulike haadrol en koart dêrnei joech ek aktearfeteraan Héctor Elizondo him by it projekt.
Produksje
bewurkje seksjeOp 13 maaie 2011 besleat ABC op basis fan 'e pilotôflevering om 'e nije komeedzjesearje ûnder de oanpaste titel Last Man Standing út te stjoeren yn it telefyzjeseizoen 2011-2012. De earste beide ôfleverings waarden yn 'e Feriene Steaten op 11 oktober 2011 útstjoerd yn in telefyzjepremiêre dy't in oere duorre. Last Man Standing die it op it mêd fan 'e sjochsifers poerbêst, dat op 11 maaie 2012 besleat ABC in twadde seizoen fan 'e searje meitsje te litten. In moanne letter, op 11 juny, waard bekendmakke dat Alexandra Krosney, dy't yn it earste seizoen de fêste rol fan Kristin, de âldste dochter fan Mike en Vanessa Baxter spile hie, ûntslein wie om "kreätive redens". Yn it twadde seizoen waard har rol oernommen troch Amanda Fuller.
Neitiid ferlingde ABC Last Man Standing hieltyd mei ien nij seizoen. Yn oktober 2014 hiene Tim Allen en Héctor Elizondo as de personaazjes Mike Baxter en Ed Alzate út Last Man Standing in gastrol yn in oare komeedzjesearje fan ABC, Cristela. Op 10 maaie 2017 besleat ABC Last Man Standing nei seis seizoenen stop te setten, nettsjinsteande it feit dat de searje yn it telefyzjeseizoen 2016-2017 de op ien nei bêst besjoene komeedzjesearje fan it netwurk wie, mei sjochsifers dy't dat hiele seizoen troch stabyl bleaun wiene. Yn in ferklearring sei in wurdfierder fan ABC dat Last Man Standing net mear yn 'e programma-yndieling fan it netwurk paste. Dêrnjonken wie it sa dat ABC en syn produksjepartner foar de searje, 20th Century Fox Television, in ôfspraak hiene dat 20th Century Fox de produksjekosten foar syn rekken naam. Dy ôfspraak rûn nei seis seizoenen ôf en ABC woe sels de produksjekosten net betelje.
It stopsetten fan Last Man Standing late ta poerrazene reäksjes fan fans fan 'e searje, dy't harren miening oer de gong fan saken op 'e sosjale media net ûnder stuollen of banken stieken. Fierders waard der in hantekeninge-aksje holden om Last Man Standing wer op 'e telefyzje te krijen, dêr't op 23 maaie 2017 al 380.000 hantekenings foar ynsammele wiene. Ek haadrolspiler Tim Allen makke him lulk en twittere op 16 maaie 2017 dat er "ferbjustere en oerfallen" wie troch "it netwurk dat ik de lêste seis jier as myn thús beskôge haw."
Begjin maaie 2018 waard bekend dat de Fox Broadcasting Company belangstelling hie om in nije (sânde) seizoen fan Last Man Standing te meitsjen. Op 11 maaie kundige Fox offisjeel oan dat der in nij seizoen fan 'e searje komme soe. Behalven Tim Allen kearden ek Nancy Travis, Amanda Fuller, Héctor Elizondo, Christoph Sanders, Jordan Masterson en Jonathan Adams werom yn harren fêste rollen. Molly Ephraim (Mandy Baxter) en Flynn Morrison (Boyd Baxter) seagen dêr lykwols fan ôf, sadat harren rollen oernommen wurde moasten troch nije akteurs (Molly McCook, resp. Jet Jurgensmeyer). In oare eardere haadrolspylster, Kaitlyn Dever, hie koartby in kontrakt tekene foar in rol yn 'e minysearje Unbelievable, fan Netflix, en koe dêrom inkeld yn in weromkearende rol meispylje yn it nije seizoen fan Last Man Standing. De earste ôflevering fan it sânde seizoen kaam yn 'e Feriene Steaten op 28 septimber 2018 op 'e telefyzje. Yn maaie 2021 foel foar de searje oan 'e ein fan it njoggende seizoen foargoed it doek.
Behalven yn 'e Feriene Steaten waard Last Man Standing ek útstjoerd yn Austraalje, Kanada, Nij-Seelân, it Feriene Keninkryk, Ierlân, Israel en oare lannen. Yn Nederlân is de searje te sjen op sawol RTL 7 as Comedy Central. De seizoenen 1 oant en mei 8 fan Last Man Standing binne yn 'e Feriene Steaten útbrocht op dvd.
Utgongspunt fan 'e plot
bewurkje seksjeLast Man Standing folget it libben fan Mike Baxter (Tim Allen), dy't mei-eigner is fan in winkelkeatling yn sport- en jachtnedichheden yn Denver. Thús is er de "lêste man dy't noch oer is" (dêrfandinne de titel), want hy en syn frou Vanessa (Nancy Travis), in geologe dy't letter oan it wurk giet as leararesse yn it fuortset ûnderwiis, hawwe trije dochters. Mike is sa alderferskuorrendste aartskonservatyf dat er wol in karikatuer fan 'e Amerikaanske Republikein liket. Syn frou is progressiver en moat him gauris ôfremje of oanfiterje, ôfhinklik fan 'e sitewaasje.
Aldste dochter Kristin (Alexandra Krosney/Amanda Fuller) is in jonge frou mei progressive wearden, dy't har ôfset tsjin har heit. Hja is jong swier rekke en is de mem fan Boyd (Flynn Morrison/Jet Jurgensmeyer). Yn seizoen 1 wurket se as servearster yn in kafetaria, mar letter beslút se wer nei skoalle te gean en úteinlik wurdt se bedriuwsliedster yn in restaurant. Se hat in skoftke in relaasje mei Kyle Anderson (Christoph Sanders), in naïve mar goedhertige wurknimmer fan har heit, mar fermoedsoenet har letter mei Ryan Vogelson (Jordan Masterson), de heit fan Boyd, dy't har sitte litten hie doe't se yn ferwachting rekke. Uteinlik trouwe se mei-inoar.
Middelste dochter Mandy (Molly Ephraim/Molly McCook) hâldt en draacht har as in ûnnoazel sjutsje. Se kin net meikomme op skoalle, is loai, eigenwiis, drinkt ûnder de minimumleeftyd, negearret alle ferkearsregels as se autoriidt, stelt út har heite winkel, bliuwt hiele nachten fuort, en smookt mooglik ek marihuana. Se is populêr op skoalle en blinkt út yn sosjale sitewaasjes. Soms lit se ynienen mominten fan ealmoedigens en soarchsumens sjen, dy't nammenste mear opfalle om't se sa ûnferwachts binne. Yn seizoen 2 kriget se in relaasje mei Kyle (Christoph Sanders), de eks-freon fan har âldere suster Kristin, dy't like ûnnoazel is as sysels. Yn seizoen 6 trouwe se. Tsjin dy tiid hat Mandy in súksesfol eigen bedriuwke opbout dat hânmakke klean ferkeapet.
Jongste dochter Eve (Kaitlyn Dever) is de eachapel fan har heit, dy't der deselde oerdreaun konservative noarmen en wearden op nei hâldt as hy. Se hâldt fan sport, fjoerwapens en kampearjen, en is lid fan it fuotbalteam fan har skoalle, en letter ek fan it Amerikaansk fuotbalteam (as iennichste famke). Eve is yntelligint en kin goed meikomme op skoalle, mar kin har dreech rêde yn sosjale sitewaasjes. Thús jout se sarkastysk kommentaar op alles dat dêr bart. Al jong jout se oan dat se yn it Amerikaanske Leger wol, en fan dat stuit ôf wurket se ta op in ferfolchoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. Letter beslút se ynstee talitting te sykjen ta de Amerikaanske Loftmachtakademy yn Colorado Springs, dêr't se yn seizoen 7 oan har oplieding begjint.
Mike syn sakepartner is Ed Alzate (Héctor Elizondo), in etnyske Bask dy't yn in fier ferline yn Denver in spesjaalsaak op it mêd fan angelfiskjen begûn. Dy iene winkel is troch it marketingtalint fan Mike útgroeid dat de hjoeddeistige winkelkeatling. Ed is in jier as tweintich âlder as Mike, dy't gauris grappen makket oer syn leeftyd en kealens. In oar ûnderwerp fan weromkearende grappen is it feit dat Ed fjouwer kear troud (en skieden) is, wêrfan twaris mei deselde frou. Ed is ek in feteraan út 'e Fjetnamoarloch, mar brocht syn hiele tsjinstplicht troch as administratyf meiwurker yn it Amerikaanske haadkertier yn Saigon. Syn iennichste oarlochswûnen rûn er op troch papiersneden en doe't er him ris de skyn stompte oan it iepensteande laad fan in argyfkast.
Oare ynteressante personaazjes út 'e Last Man Standing binne Bud Baxter (Robert Forster), Mike syn âlde heit, dy't ta ôfgriis fan Mike in winkel begjint dêr't er marihuana ferkeapet, sadree't dat yn Kolorado legaal wurden is. Mike syn buorman is de swarte âld-marinier Chuck Larabee (Jonathan Adams), mei wa't Mike altyd botst oer politike en maatskiplike kwestjes. Chuck syn (ek swarte) frou Carol (Erika Alexander) is in bekende fan Mike syn frou Vanessa, dy't yn har oanwêzigens stiiffêst de oanstriid fielt om te bewizen dat se net rasistysk is, mei as gefolch dat it troch har ferkrampte hâlden en dragen liket as is se dat krekt wol.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Mike Baxter | Tim Allen |
Vanessa Baxter (frou fan Mike) | Nancy Travis |
Kristin Baxter (âldste dochter) | Alexandra Krosney (seizoen 1) Amanda Fuller (fanôf seizoen 2) |
Mandy Baxter (middelste dochter) | Molly Ephraim (seizoen 1-6) Molly McCook (seizoen 7-9) |
Eve Baxter (jongste dochter) | Kaitlyn Dever (haadrol yn seizoen 1-6; weromkearende rol fanôf seizoen 7) |
Ed Alzate (sakepartner fan Mike) | Héctor Elizondo |
Kyle Anderson (wurknimmer fan Mike, frijer fan Mandy) | Christoph Sanders |
Ryan Vogelson (frijer fan Kristin) | Nick Jonas (gastrol yn seizoen 1) Jordan Masterson (weromkearende rol yn seizoen 2-3; haadrol fanôf seizoen 4) |
Boyd Baxter (pakesizzer fan Mike) | Evan en Luke Kruntchev (weromkearende rol yn seizoen 1) Flynn Morrison (haadrol yn seizoen 2-6) Jet Jurgensmeyer (haadrol fanôf seizoen 7) |
Chuck Larabee (buorman fan Mike) | Jonathan Adams (weromkearende rol yn seizoen 2-3; haadrol fanôf seizoen 4) |
- weromkearende byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Bud Baxter (heit fan Mike) | Robert Forster (seizoen 1, 3-4, 7) |
April (suster fan Vanessa) | Christina Moore (seizoen 1 en 3) |
Michelle (freondinne en buorfrou fan Vanessa) | Danielle Bisutti (seizoen 1) |
Carol Larabee (frou fan Chuck) | Erika Alexander (seizoen 2-6) |
Blanca Álvarez (húshâldster fan Mike & Vanessa) | Carla Jimenez (seizoen 2-4) |
Cammy Harris (bêste freondinne fan Eve) | Sarah Gilman (seizoen 2-6) |
John Baker (baas fan Kristin) | Jonathan Taylor Thomas (seizoen 2-3) |
Justin (frijer fan Eve) | Tye Sheridan (seizoen 3-4) |
Andrew (klasgenoat fan Eve, fereale op har) | Zachary Gordon (seizoen 3) |
Wendi Gracin (freondinne fan Ed) | Joely Fisher (seizoen 3-5) |
Joe Leonard (automonteur fan Mike) | Jay Leno (seizoen 5-7) |
Rob (frijer fan Eve) | Travis Tope (seizoen 6) |
Bekende akteurs dy't gastrollen yn Last Man Standing fertolke hawwe, binne û.m.: Jere Burns, Bill Engvall, Michael Gross, Kim Kardashian (as harsels), Richard Karn, Reba McEntire, Cassandra Peterson, Patricia Richardson, Mike Rowe, Jamie-Lynn Sigler en Susan Sullivan.
Seizoenen
bewurkje seksjeseizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk |
---|---|---|---|---|
1 | 24 | 11 oktober 2011 | 8 maaie 2012 | ABC |
2 | 18 | 2 novimber 2012 | 22 maart 2013 | |
3 | 22 | 20 septimber 2013 | 25 april 2014 | |
4 | 22 | 3 oktober 2014 | 17 april 2015 | |
5 | 22 | 25 septimber 2015 | 22 april 2016 | |
6 | 22 | 23 septimber 2016 | 22 april 2017 | |
7 | 22 | 28 septimber 2018 | 10 maaie 2019 | Fox |
8 | 21 | 2 jannewaris 2020 | 30 april 2020 | |
9 | 21 | 3 jannewaris 2021 | 20 maaie 2021 |
Untfangst
bewurkje seksjeAmerikaanske kritisy stiene yn 't earstoan oer it algemien frij negatyf foar Last Man Standing oer. Op 'e website Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat seizoen 1 fan 'e searje in goedkarringspersintaazje fan net mear as 15%, basearre op 33 resinsjes. De dêrby fersoarge konsensuskrityk seit: "Last Man Standing is in troch- en trochmidsmjittige komeedzjesearje, dy't fertrout op grappen dy't òf datearre, òf fijannich oandogge." Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, joech it earste seizoen in goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 24 resinsjes. The Hollywood Reporter sette Last Man Standing yn syn earste seizoen wei as "in foarsisbere komeedzjesearje, mei in stom útgongspunt dêr't min yn aktearre wurdt." Neffens de Los Angeles Times wiene "grappen en plot effisjint opboud, mar de measte grappen beklibje net; se glydzje sa fan jin ôf, en de personaazjes sels lykje gjin ûnderlinge bannen te hawwen."
Seizoen 2 fan Last Man Standing hat op Rotten Tomatoes in goedkarringspersintaazje fan 40%, en seizoen 7 hat in goedkarringspersintaazje fan 58%. Neffens de konsensuskrityk by dat lêste persintaazje is "Last Man Standing net de meast reälistyske komeedzjesearje op 'e telefyzje, mar de ideälistyske foarstelling fan tsjinstelden dy't mei-inoar yn harmony libje, biedt heechnedige hope yn ferdielde tiden." Op Metacritic skoart it sânde seizoen fan 'e searje ek in goedkarringspersintaazje fan 58%. Oer seizoen 3 skreau Philly.com: "It ûnwierskynlike comeback-fehikel fan Tim Allen, Last Man Standing op ABC, is in trochtradisjonele, absolút ynnimlike komeedzjesearje. [...] Last Man is sawol sunich as effisjint, en hellet treflike resultaten út 'e marginaalste gastroltsjes." Oer seizoen 7 skreau it tydskrift Entertainment Weekly lykwols: "Ik tink dat it tiid wurdt dat de makkers fan Last Man Standing ris wat better sjogge nei All in the Family, wêryn't foaroardielen om echte grappen hinne boud wiene."
Resultaten
bewurkje seksjeLast Man Standing is benammen populêr mank konservative Amerikanen, wat iroanysk is, sjoen hoe't en hoe faak oft konservative ideeën yn 'e searje bespot wurde. Ut opinypeilings docht bliken dat in protte konservativen Last Man Standing beskôgje as it konservative tsjinwicht fan Modern Family, in komeedzjesearje dy't mear progressive ideeën en sitewaasjes foar it fuotljocht bringt. Dat is lykwols in folslein oare searje mei in totaal oare opset, sadat de ferliking op in soad terreinen net opgiet.
Komponist Carl Thiel wûn mei syn wurk foar Last Man Standing yn 2011, 2013, 2014 en 2015 de ASCAP Award yn 'e kategory bêste muzyk yn in telefyzjesearje. Yn 2012 wie de searje nominearre foar in People's Choice Award foar favorite nije komeedzjesearje, mar dy priis gie nei 2 Broke Girls. Tim Allen wie foar Last Man Standing yn itselde jier nominearre foar in Kids' Choice Award yn 'e kategory favorite comeback, wylst Kaitlyn Dever, ek yn 2012 nominearre wie foar in Young Artist Award yn 'e kategory bêste byrol fan in jonge aktrise yn in telefyzjesearje. Yn 2014 waard kameraregisseur Donald A. Morgan nominearre foar in Emmy Award foar treflike kamerarezjy yn 'e ôflevering Eve's Boyfriend.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Last Man Standing
- (in) Ynformaasje oer Last Man Standing yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |