Sarah Gilman
Sarah Gilman (Los Angeles, 18 jannewaris 1996) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise, dy't benammen bekend wurden is mei har rol as Delia yn 'e tillefyzjesearje I Didn't Do It, fan it Disney Channel.
Sarah Gilman | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sarah B. Gilman | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 18 jannewaris 1996 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
jierren aktyf | 2011 – no | |
offisjele webside | ||
Sarah Gilman op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeGilman waard yn 1996 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Se gie nei de middelbere skoalle op 'e Flintridge Preparatory School, dêr't se yn ferskate sporten aktyf wie, wêrûnder follybal, wetterpolo, basketbal, softbal en fuotbal. Ek makke se as iennichste famke op har skoalle it swiere treningsprogramma ôf dat nedich wie om kâns te meitsjen op in plak yn it Amerikaansk fuotbalteam. Op 1 juny 2014 slagge se foar har eineksamens, wêrnei't se yn septimber fan dat jier úteinsette mei in stúdzje filmproduksje, senarioskriuwen en toaniel oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeGilman begûn har aktearkarriêre as bern op it toaniel, en spile haadrollen yn musicals as Narnia, Alice en You're a Good Man, Charlie Brown. Yn 2011 makke se mei fyftjin jier har debút op it wite doek yn 'e koarte film Hold for Laughs, dêr't se de haadrol yn fertolke fan Margaret, in trettjinjierrich famke dat narre wurdt op in roomske skoalle foar fuortset ûnderwiis.
Op 'e tillefyzje wie Gilman foar it earst te sjen yn 2012, yn in gastrol yn 'e ôflevering Baby Fever fan 'e searje Up All Night. Oare gastrollen hie se yn searjes as Marvin Marvin (2013), Kroll Show (2014) en Jessie (2015). Fan 2012 ôf wie Gilman ek te sjen yn in weromkearende rol yn njoggen ôfleverings fan 'e komeedzjesearje Last Man Standing, as Cammy, de bêste freondinne fan jongste dochter Eve (spile troch Kaitlyn Dever), dy't op in stuit lesbysk blykt te wêzen en fereale is op Eve.
Gilman waard lykwols it bekendst mei har fêste rol as Delia Delfano yn 'e komeedzjesearje I Didn't Do It, dy't útstjoerd waard op it Disney Channel. Dy rige rûn twa seizoenen, fan 2014 oant 2015. Fierders spile Gilman yn 2018 de rol fan Velma Dinkley (it fanke mei de bril yn Scooby Doo) yn 'e film Daphne & Velma, dy't lykwols net yn 'e bioskopen te sjen wie, mar streekrjocht op fideo útbrocht waard. Yn 2018 krige Gilman ek de fêste rol fan Wynn taparte yn seizoen 4 fan 'e tillefyzjesearje Foursome.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
2011 | Hold for Laughs | Margaret | koarte film |
2018 | Daphne & Velma | Velma Dinkley | direkt-op-fideo útbrocht |
tillefyzje | |||
2012 | Up All Night | Jamie | gastrol; ôfl. Baby Fever |
2012–2017 | Last Man Standing | Cammy Harris | weromkearende rol; 9 ôfl. |
2013 | Marvin Marvin | Hailey | gastrol; ôfl. Double Date |
2014 | Kroll Show | dochter fan Cardoni | gastrol; ôfl. Sponsored by Stamps |
2014–2015 | I Didn't Do It | Delia Delfano | fêste rol |
2015 | Jessie | Delia Delfano | gastrol; ôfl. The Ghostest with the Mostest |
2018 | Foursome | Wynn | fêste rol yn seizoen 4 |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Sarah Gilman op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Sarah Gilman yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |