Haadmenu iepenje

Nickelodeon Kids' Choice Award

(Trochwiisd fan Kids' Choice Award)

De Nickelodeon Kids' Choice Awards (soms ôfkoarte ta KCA's) binne in groep Amerikaanske berneprizen dy't sûnt 1988 elts jier troch de bernestjoerder Nickelodeon útrikt wurde foar de bêste prestaasjes op it mêd fan muzyk, tillefyzje, film, literatuer en sport. De útrikkingsseremoanje fynt om ein maart of begjin april hinne plak yn Los Angeles of in foarstêd dêrfan. De winners wurde útornearre troch de sjoggers fan it bernetillefyzjekanaal Nickelodeon. Will Smith hat it rekôr fan 'e measte wûne Nickelodeon Kids' Choice Awards, nammentlik tsien, al hat de tekenfilmrige Spongebob Squarepants der likefolle. Oare grutte winners binne Selena Gomez (8), Miley Cyrus (6), Amanda Bynes (6), Britney Spears (5) en Hilary Duff (4).

Nickelodeon Kids' Choice Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar muzyk, tillefyzje, film,
literatuer en sport
útrikt troch Nickelodeon
frekwinsje 1x jiers
datum maart/april
plak Los Angeles (Kalifornje)
1e útrikking 1988
offisjele webside
www.nick.com/kids-choice-awards

Sûnt 2010 kinne bern út Kanada ek har stim útbringe foar de Nickelodeon Kids' Choice Awards. Argentynje, Austraalje, Brazylje, Grut-Brittanje, Yndoneezje, Kolombia en Meksiko hawwe allegear har eigen nasjonale Nickelodeon Kids' Choice Awards. Yn 2014 waarden foar it earst ek de aparte Nickelodeon Kids' Choice Sports Awards útrikt, foar de bêste prestaasjes op it mêd fan sport.

KategoryenBewurkje

  • favorite film
  • favorite filmakteur
  • favorite filmaktrise
  • favorite tillefyzjesearje
  • favorite tillefyzje-akteur
  • favorite tillefyzje-aktrise
  • favorite band
  • meast entûsjaste sporter
  • favorite fideospultsje
  • favorite boek
  • favorite realityprogramma
  • favorite animearre biste-sidekick
  • favorite tekenfilmsearje
  • favorite tekenfilm fan spylfilmlingte
  • favorite stim yn in tekenfilm fan spylfilmlingte
  • favorite manlike regaadmakker
  • favorite froulike regaadmakker
  • favorite sjonger
  • favorite sjongster
  • favoryt liet
  • favorite app
  • favorite grapmakker
ôfskafte kategoryen
  • favorite manlike sporter
  • favorite froulike sporter
  • favoryt sporttiim
  • Hall of Fame Award
  • Wannabe Award
  • Big Help Award
  • favorite bistestjer
  • skattichste pearke
  • favorite tillefyzje-sidekick
  • favorite regaadmakker

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.