Erika Alexander
Erika Alexander (folút: Erika Rose Alexander; Winslow (Arizona), 19 novimber 1969) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hja is it bekendst wurden mei rollen yn 'e komeedzjesearjes The Cosby Show, Living Single en Last Man Standing.
Erika Alexander | ||
akteur | ||
Erika Alexander yn 2012. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Erika Rose Alexander | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 19 novimber 1969 | |
berteplak | Winslow (Arizona) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1986 – no | |
prizen | 2× NAACP Image Award | |
offisjele webside | ||
www.erikaalexander.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeAlexander waard yn 1969 berne yn Winslow, yn 'e Amerikaanske steat Arizona, as de dochter fan Shaun Alexander, in ûnderwizer, en dy syn frou Sammie, in berneboekeskriuwster. Se wie ien fan seis bern yn 'e húshâlding fan har âlden. Alexander brocht har iere jonkheid troch yn Flagstaff, yn Arizona, oant it gesin yn 1980, doe't se alve jier wie, ferhuze nei Philadelphia, yn Pennsylvania, dêr't se de middelbere skoalle trochrûn.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeYn 1986, doe't se santjin jier wie, sette Alexander útein mei in karriêre as aktrise. Op 'e tillefyzje makke se dat jiers har debút mei in lyts roltsje yn 'e tillefyzjefilm George Washington II: The Forging of a Nation, wylst se op it wite doek te sjen wie mei lytse byrol yn 'e spylfilm My Little Girl. Yn 1989 hie se in rol yn 'e minysearje The Mahabharata, oer it epysk gedicht út it hindoeïsme mei deselde namme, en yn 1990 wie se te sjen yn 'e film oer de Amerikaanske boargerrjochtebeweging The Long Walk Home, mei û.o. Whoopi Goldberg. Ek hie se datselde jiers in gastrol yn 'e plysjesearje Law & Order.
Alexander briek yn 1990 troch as Pam Tucker yn 'e tige populêre komeedzjesearje The Cosby Show. Dat wie in weromkearende rol dy't se oant 1992 yn 21 ôfleverings fertolke. Neitiid hie se yn 1992 en 1993 yn 'e tillefyzjesearje Going to Extremes yn 17 ôfleverings in weromkearende rol as Cheryl Carter. Yn dyselde snuorje wie se ek te sjen yn 'e films He Said, She Said (1991) en Fathers & Sons (1992).
Yn 'e Feriene Steaten waard Alexander it bekendste mei de fêste rol dy't se fan 1993 oant 1998 hie as de skerptongige abbekate Maxine "Max" Shaw yn 'e komeedzjesearje Living Single. Foar dy rol wûn se ferskate prizen, wêrûnder twaris (yn 1996 en 1998) de NAACP Image Award yn 'e kategory treflike aktrise yn in komeedzjesearje. Fan 2002 oant 2003 hie Alexander twa seizoenen lang de fêste rol fan reklassearringsamtner Dee Mulhern yn 'e searje Street Time. Fierders wie se op it wite doek te sjen yn û.m. 30 Years to Life (2001), Full Frontal (2002), en Brave New Jersey (2016). Yn 2009 hie se yn 'e film La Mission akteur Benjamin Bratt as tsjinspiler. Fierders spile se yn 2006 yn 'e science fiction-film Déjà Vu, mei Denzel Washington, en yn 2017 fertolke se de rol fan resjersjeur Latoya yn 'e goed ûntfongen horrorfilm Get Out.
Alexander spile ek yn 'e minysearje Mama Flora's Family (1998), en se wurke mei oan 'e fideoklip fan it nûmer You're Makin' Me High, fan sjongster Toni Braxton. As stimaktrise wie se belutsen by twa ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje The Zeta Project. Se hie gastrollen yn plysjesearjes as Law & Order: SVU (2004), CSI: Crime Scene Investigation (2007), CSI: Miami (2007), Criminal Minds (2009) en NCIS: New Orleans (2014), yn 'e sikehûssearjes ER (2006), House (2011) en Grey's Anamtomy (2015) en yn 'e dramasearje Suits (2012). Weromkearende rollen fertolke Alexander yn û.m. searjes as Judging Amy (2001), Low Winter Sun (2013) en Beyond (2017).
Fan 2012 oant 2015 hie Alexander ien fan har bekendste rollen yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing, as Carol Larabee, de Afro-Amerikaanske buorfrou fan Vanessa Baxter (spile troch Nancy Travis), dy't it oanhâldend nedich fynt om te bewizen dat se net rasistysk is, mei stiiffêst as gefolch dat se wol deeglik sa oerkomt. Fan 2016 oant 2017 spile Alexander de rol fan Constance Irving yn seizoen 2 fan 'e dramarige Bosch. Ek hie se weromkearende rollen yn 'e dramasearje Queen Sugar (2016), de fantasytillefyzjesearje Beyond (2017-2018) en de superheldesearje Black Lightning (2019). Letter yn 2019 spile se yn 'e dramasearje Wu-Tang: An American Saga.
Skriuwkarriêre
bewurkje seksjeAlexander skreau yn 2012 mei har doetiidske man Tony Puryear de grafyske roman fan it science fiction-sjenre Concrete Park. Yn 2018 skreau se tegearre mei tillefyzjeprodusint Joss Whedon it alfde seizoen fan 'e Buffy the Vampire Slayer-strip Giles.
Priveelibben
bewurkje seksjeFan 1997 oant 2017 wie Alexander troud mei senarioskriuwer en keunstner Tony Puryear. Under de foarferkiezings fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008 fierde Alexander aktyf kampanje foar Hillary Clinton en reizge se mei Chelsea Clinton de kampussen fan Amerikaanske universiteiten ôf. Alexander is ek ien fan 'e oprjochters (mei Ben Arnon) fan Color Farm Media, in entertainmentbedriuw dat maatskiplik belutsen wêze wol. Yn 2020 brocht dat de tige goed ûntfongen dokumintêre John Lewis: Good Trouble út, oer de Afro-Amerikaanske minskerjochte-aktivist John Lewis.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1986 | ABC Afterschool Special | ? | ôfl. Teen Father |
1986 | George Washington II: The Forging of a Nation | Oney | tillefyzjefilm |
1989 | The Mahabharata | Madri / Hidimbaa | minysearje |
1990 | Common Ground | Cassandra Twymon | minysearje |
1990 | Law & Order | Doris Carver | gastrol; ôfl. Poison Ivy |
1990 | The Last Best Year | Amy | tillefyzjefilm |
1990–1992 | The Cosby Show | Pam Tucker | fêste rol yn seizoen 7–8 |
1992–1993 | Going to Extremes | Cheryl Carter | fêste rol |
1993–1998 | Living Single | Maxine "Max" Shaw | fêste rol |
1994 | Override | ? | tillefyzjefilm |
1998 | Mama Flora's Family | de jonge Flora | minysearje |
1999 | KnitWits Revisited | Amina | tillefyzjefilm |
2001 | The Zeta Project | aginte Rush | as stimaktrise; gastrol; 2 ôfl. |
2001 | Judging Amy | Fran Winston | weromkearende rol yn seizoen 2–3 |
2002–2003 | Street Time | Dee Mulhern | fêste rol |
2004 | Law & Order: Special Victims Unit | Kema Mabuda | gastrol; ôfl. Ritual |
2004 | LAX | Allison | gastrol; ôfl. Thanksgiving |
2005 | Half & Half | Maxine "Max" Shaw | gastrol; ôfl. The Big Performance Anxiety Episode |
2005 | 7th Heaven | Lynn Miles | gastrol; ôfl. Leaps of Faith |
2006 | In Justice | Alyssa Hill | gastrol; ôfl. The Ten Percenter |
2006 | Heist | Saundra Johnson | weromkearende rol |
2006 | ER | Vatima Abika | gastrol; ôfl. No Place to Hide |
2006 | Sixty Minute Man | Jane | tillefyzjefilm |
2007 | Side Order of Life | Colette | gastrol; ôfl. Pilot |
2007 | CSI: Crime Scene Investigation | assistint-ofsier fan justysje Kirkson | gastrol; ôfl. The Case of the Cross-Dressing Carp |
2007 | Numb3rs | U.S. marshal Tricia Yaegger | gastrol; ôfl. In Security |
2007 | CSI: Miami | Tanya Thorpe | gastrol; ôfl. Guerillas in the Mist |
2009 | Criminal Minds | resjersjeur Lynne Henderson | gastrol; ôfl. The Big Wheel |
2010 | In Plain Sight | Theresa Simmons | weromkearende rol yn seizoen 3 |
2011 | House | frou Fields | gastrol; ôfl. Two Stories |
2012 | Suburgatory | Gloria | gastrol; ôfl. The Motherload |
2012 | Suits | Sarah Leighton | gastrol; ôfl. Discovery |
2012–2015 | Last Man Standing | Carol Larabee | weromkearende rol yn seizoen 2–5 |
2013 | Low Winter Sun | Louise "L.C." Cullen | weromkearende rol |
2014 | Let's Stay Together | Blanche | weromkearende rol yn seizoen 4 |
2014 | NCIS: New Orleans | kaptein-luitenant-op-see Louanne Bates | gastrol; ôfl. Carrier |
2015 | Grey's Anatomy | Johanna McKay | gastrol; ôfl. Crazy Love |
2015 | Faux Show | Linda | tillefyzjefilm |
2016 | Recovery Road | mem fan Trish | gastrol; ôfl. My Loose Thread |
2016 | Queen Sugar | LeAnne | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2016–2017 | Bosch | Connie Irving | weromkearende rol yn seizoen 2–3 |
2017–2018 | Beyond | Tess Shoemaker | weromkearende rol |
2018 | Insecure | Yolanda | weromkearende rol yn seizoen 3 |
2018–2019 | Black Lightning | Perenna | weromkearende rol yn seizoen 2 |
2019–2020 | Wu-Tang: An American Saga | Linda Diggs | fêste rol |
2021 | Run the World | Barb | weromkearende rol |
films | |||
1986 | My Little Girl | Joan | |
1990 | The Long Walk Home | Selma Cotter | |
1991 | He Said, She Said | Rita | |
1992 | Fathers & Sons | Venell | |
1998 | 54 | Ciel | |
2001 | 30 Years to Life | Joy | |
2002 | Love Liza | Brenda | |
2002 | Full Frontal | Lucy | |
2004 | Tricks | Laurel | |
2006 | Déjà Vu | Shanti | |
2009 | La Mission | Lena | |
2014 | Elsa & Fred | Laverne | |
2014 | Secrets of the Magic City | frou Fletcher | |
2016 | Undone | Andrea Rose | koarte film |
2016 | Brave New Jersey | Helen Holbrook | |
2017 | Get Out | resjersjeur Latoya | |
2019 | I See You | luitenant Moriah Davis | |
202? | American Refugee |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Erika Alexander
- (in) Folsleine filmografy fan Erika Alexander yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|