Haadmenu iepenje

In weryntree, yn it Frânsk rentrée (útspr.: [ʀɔ̃'tʀe:]; likernôch "rôntree") of yn it Ingelsk comeback (útspr. ['kʰɒmbæk], likernôch "kambek"), is de weromkear fan in persoan yn 'e útoefening fan in beskaat berop of it weromkommen as sadanich op in beskaat, earder helle peil. Men sprekt benammen fan in weryntree as it giet om in artyst, bygelyks in akteur út 'e filmyndustry of de toanielwrâld, in teätermakker lykas in kabaretier, in tillefyzjepersoanlikheid of in sjonger of oare persoan dy't wurksum is yn 'e muzykyndustry.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sterkenburg, prof. dr. Piet van, (red.), Van Dale Groot Woordenboek Hedendaags Nederlands, Utert/Antwerpen, 3e printinge, 2002 (Van Dale Lexicografie), ISBN 9 06 64 81 447, s. 259 en 1185.