Jordan Masterson (Dunedin (Floarida), 9 april 1986) is in Amerikaansk akteur. Hy is benammen bekend wurden as skoansoan Ryan Vogelson yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing.

Jordan Masterson
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jordan Masterson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 april 1986
berteplak Dunedin (Floarida)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 1993 en 2000 – no
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Masterson waard yn 1986 berne yn Dunedin, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, as de soan fan Joe Reaiche, in earder spiler yn 'e National Rugby League (NRL), en Carol Masterson. Hy hat twa âldere healbruorren út in eardere relaasje fan syn mem. Dat binne Danny Masterson (bekend fan That '70s Show) en Christopher Masterson, dy't allebeide ek akteur binne. Fierders hat Masterson in jongere suster, de aktrise Alanna Masterson. Yn syn jonkheid wie Masterson tige sportyf, en died er oan honkbal, tennis en snowboarden.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Masterson gie foar it earst as akteur oan it wurk yn 1993, doe't er it fiifjierrich jonkje Zeb spile yn 'e tillefyzjeadaptaasje fan Danielle Steel har roman Star. Datselde jiers wied er ek te sjen as Joseph yn 'e tillefyzjefilm Marilyn & Bobby: Her Final Affair. Neitiid sette Masterson yn 2000, doe't er fjirtjin jier wie, útein mei in serieuze karriêre as akteur. Dêrfoar krige er in triuwke yn 'e rêch fan syn healbroer Danny, dy't him in gastroltsje as krantejonge besoarge yn 'e ôflevering Too Old to Trick or Treat, Too Young to Die fan That '70s Show.

Neitiid fertolke Masterson oare gastrollen yn komeedzjesearjes as Grounded for Life (2001 en 2002), Malcolm in the Middle (2002), George Lopez (2002 en 2003) en How I Met Your Mother (2009). Ek wied er te sjen yn gastrollen yn plysjesearjes as CSI: Miami (2006) en Without a Trace (2007), en yn 'e dramasearje Las Vegas (2002).

Dêrnjonken spile Masterson ek yn trije koarte films: Pancho's Pizza (2005), Poolside (2009) en Midnight Ride (2009). Ien fan syn bekendere rollen hied er as Mark yn 'e spylfilm The 40-Year-Old Virgin. Syn trochbraak kaam lykwols mei syn rol as de pasifistyske skoansoan Ryan Vogelson yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing, dy't yn 2012 úteinsette en anno 2018 noch rint. Hy hie dêryn fanôf seizoen 2 in weromkearende rol en fanôf seizoen 4 in fêste rol.

Priveelibben bewurkje seksje

Masterson syn ympressario is syn mem Carol. Hy is lid fan 'e Scientology-'tsjerke', krekt as syn suster Alanna. Harren mem is ek tige aktyf yn dy sekte. Masterson hie earder ferskate jierren in relaasje mei aktrise Dakota Johnson.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.