Star Trek IV: The Voyage Home

Star Trek IV: The Voyage Home is in Amerikaanske science fiction-film mei aventoerekomeedzjetrekjes út 1986 ûnder rezjy fan Leonard Nimoy, mei yn 'e haadrollen William Shatner, Nimoy sels en DeForest Kelley. De ûndertitel betsjut "De Reis nei Hûs". It ferhaal folget de bemanning fan it trijeëntweintichste-iuwske romteskip de USS Enterprise as se nei eardere aventueren op hûs oan geane, mar ûntdekke dat de Ierde op it punt stiet ferwoastge te wurden troch in romtesonde fan in ûnbekende bûtenierdske beskaving, dy't kontakt siket mei de útstoarne bultrêchwalfisken. Admiraal James T. Kirk-en-dy moatte, om 'e wrâld te rêden, weromreizgje yn 'e tiid nei de 1980-er jierren om dêrwei in pear bultrêgen nei de takomst te heljen.

Star Trek IV: The Voyage Home
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Leonard Nimoy
produsint Harve Bennett
senario Steve Meerson
Peter Krikes
Nicholas Meyer
Harve Bennett
basearre op Star Trek: The Original Series
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy Donald Peterman
muzyk Leonard Rosenman
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen William Shatner
Leonard Nimoy
DeForest Kelley
byrollen Catherine Hicks
James Doohan
Nichelle Nichols
George Takei
Walter Koenig
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 novimber 1986
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 122 minuten
budget en resultaten
budget $21 miljoen
opbringst $133 miljoen
filmsearje
filmsearje Star Trek
● foarich diel Star Trek III: The Search
   for Spock
● folgjend diel Star Trek V: The Final Frontier

Star Trek IV: The Voyage Home wie de fjirde film yn 'e Star Trek-filmrige dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren. It wie ek it trêde en lêste diel fan in ferhaalline dy't trije films besloech en begûn mei Star Trek II: The Wrath of Khan en fierder gie mei Star Trek III: The Search for Spock. It ûnkonvinsjonele ferhaal fan Star Trek IV: The Voyage Home en de humor dêr't de film mei ôfmakke is, waarden goed ûntfongen troch sawol de filmkritisy, de fans fan Star Trek as it bioskooppublyk yn it algemien. It waard dêrtroch net inkeld in krityk, mar ek in kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar fjouwer Oscars, foar it meastepart yn 'e technyske kategoryen.

Yn it jier 2286 folget in ûnbidich grutte sylindryske romtesonde fan in ûnbekende bûtenierdske beskaving in koers troch de romte nei de Ierde en stjoert dêrby oanhâldend in ûnûntsiferber sinjaal út dat sa sterk is dat it de enerzjyfoarsjenning lamleit fan elts romteskip en elts romtestasjon dat it passearret. As de sonde himsels yn in baan om 'e Ierde pleatst, rekket de enerzjyfoarsjenning op it ierdoerflak útskeakele en feroarsaket de sonde troch ionisearring fan 'e atmosfear in rampsillich, de sinne folslein bûtenslutend wolkedek en ûnbidich grutte stoarmen. De lieding fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten stjoert út it haadkertier fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco wei in needoprop út dy't alle romteskippen warskôget om by de Ierde wei te bliuwen.

Underwilens is op 'e planeet Vulcanus de Stjerrefloat-ofsier Spock hast wer de âlde nei't syn geast en lichem weriene binne (sjoch: Star Trek III: The Search for Spock). Syn âlde skipsmaten fan 'e ferwoastge USS Enterprise (NCC-1701), dy't him rêden hawwe, binne nei in fearnsjier op Vulcanus sa stadichoan wol ree om wer op hûs oan, ek al witte se dat se dêre foar de kriichsried komme moatte sille foar harren yn 'e wyn slaan fan befellen fan oerhearrigen en harren stellen fan 'e Enterprise (sjoch: Star Trek III: The Search for Spock). Dat, ûnder lieding fan admiraal James T. Kirk risselwearje se om fuort, en Spock jout him by harren. Inkeld luitenant Saavik bliuwt efter op Vulcanus. Mei it bútmakke Klingon-oarlochsskip, dat se by wize fan grap de namme Bounty jûn hawwe (nei de histoaryske HMS Bounty) sette se ôf nei de Ierde.

As se yn it Sinnestelsel arrivearje, ûntfange Kirk-en-dy de needoprop fan 'e Ierde. Om't it sinjaal fan 'e romtesonde op 'e oseänen fan 'e Ierde rjochte liket te wêzen, stelt Spock troch logysk riddenearjen fêst dat it bedoeld wêze moat foar eat dat of immen dy't yn 'e see libbet. As luitenant Uhura it sinjaal oanpast foar wetterdruk en sâltgehalte klinkt it hiel oars en ken Spock it wer as it sjongen fan walfisken, spesifyk de bultrêch, dy't lykwols yn 'e ienentweintichste iuw útstoarn is troch oerbejaging troch de minske. Om't de romtesonde it libben op lân op 'e Ierde ûnbedoeld ferneatigje sil yn syn syktocht nei de bultrêgen, beslút Kirk om it Klingon-skip te brûken om mei in slingermaneuver om 'e sinne hinne werom yn 'e tiid te reizgjen nei de ein fan 'e tweintichste iuw. It is syn bedoeling om dêr in pear bultrêgen op te heljen en mei werom te nimmen nei de trijeëntweintichste iuw, sadat de bisten it sinjaal fan 'e sonde beäntwurdzje kinne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Kirk-en-dy arrivearje yn 1986 en brûke de kamûflaazjetechnyk fan 'e Klingons om 'e Bounty ûnsichtber te meitsjen. Se sette it skip del yn it Golden Gate Park yn San Francisco, in stêd dêr't se allegear bekend mei binne om't se dêr (yn 'e takomst) oan 'e militêre akademy fan 'e Stjerrefloat studearre hawwe. Masinist Scott ynformearret Kirk lykwols dat it tiidreizgjen de twadderangs dilitiumkristallen fan it skip útput hat, en dat se nearne mear hinne geane as dy net weropladen wurde. Dat kin dien wurde mei de reststrieling dy't in nukleêre reäktor útstjit. Lokkigernôch leit it jier 1986 middenyn it tiidrek dat kearnenerzjy noch brûkt waard. Kirk jout luitenant Uhura en Pavel Chekov opdracht om in nukleêre reäktor te finen en genôch reststrieling op te fangen om 'e kristallen wer op te laden. Underwilens moatte Scott, dokter Leonard McCoy en Hikaru Sulu yn it rom fan 'e Bounty in tank sjen te bouwen dêr't de walfisken yn ferfierd wurde kinne, en geane hysels en Spock op 'e siik nei de eigentlike walfisken.

De misje fan Kirk en Spock giet dat it slydjaget as se al rillegau in pear bultrêgen ûntdekke, in mantsje en in wyfke, dy't ûnder de soarch fan marine biologe dr. Gillian Taylor yn it (fiktive) Cetacean Institute ("Ynstitút foar Walfiskeftigen") libje, in iepenbier akwarium yn Sausalito, in foarstêd fan San Francisco. It probleem is dat de beide walfisken mei koarten nei Alaska flein wurde sille om yn it wyld útset te wurden. Gillian pakt dêr o sa mei om, want hoewol't se beseft dat de bisten te grut binne om yn finzenskip te oerlibjen, wit se ek dat se yn it wyld oerlevere wêze sille oan 'e predaasjes fan walfiskfarders. Kirk en Spock lûke har oandacht as Spock by de bultrêgen yn it bassin springt om in Vulcaanske ferstânsferraning mei ien fan 'e bisten oan te gean, mei't er it ûnfatsoenlik achtet om 'e bisten tsjin harren wil nei de takomst te heljen. Gillian is earst skandalisearre troch Spock syn hâlden en dragen, mar se rekket yntrigearre troch de sjarmante Kirk. Dyselde besiket har safier te krijen dat se him de radiofrekwinsjes jout fan 'e stjoerders dêr't de beide bultrêgen fan foarsjoen wurde, mar dat wegeret se.

Scott en McCoy hawwe ûnderwilens de Gouden Gids ûntdutsen, dy't harren by steat steld om in bedriuw te finen dat materiaal leveret foar de walfisktank dêr't se ferlet fan hawwe. It probleem is dat se neat hawwe om foar dat guod te beteljen, oant Scott de eigner fan it bedriuw de natuerkundige formule fan transparant aluminium oanbiedt, in materiaal dat yn 1986 net bestiet. Yn ruil dêrfoar wurde de wanden fan 'e tank út foarrie levere en troch piloat Sulu, dy't himsels ûnderwilens bekendmakke hat mei it fleanen fan helikopters, nei de Bounty ta brocht. Uhura en Chekov hawwe yn 'e tuskentiid einlings in nukleêre reäktor opspoard, oan board fan in fleandekskip fan 'e Amerikaanske Marine. Se beskôgje it as in goed foarteken dat it skip ek USS Enterprise hjit. As se har dy nachts troch Scott oan board fan it fleandekskip strielje litte, kinne se de reststrieling sammelje dy't se nedich hawwe, dêr't Uhura mei weromkeart nei de Bounty. Chekov wurdt lykwols ûntdutsen en finzennommen troch de Amerikaanske Marine, dy't him foar in Sovjet-spion hâldt. As er besiket te ûntkommen, knoffelet er by in hichte del en wurdt mei slim holleletsel yn it sikehûs opnommen.

De oare moarns ûntdekt Gillian, as se op har wurk arrivearret, dat de beide bultrêgen bûten har wittenskip om de jûns tefoaren al ôffierd binne nei Alaska. Se siket Kirk yn it Golden Gate Park, dêr't se it ûnsichtbere romteskip gewaarwurdt. Se beseft dat alle nuvere ferhalen dy't Kirk har ferteld hat, wier binne, en helpt him en McCoy om Chekov út it sikehûs te rêden. Under de trijeëntweintichste-iuwske medyske soarch fan McCoy is Chekov samar wer de âlde. Gillian jout Kirk de radiofrekwinsjes fan 'e bultrêgen, wêrnei't Kirk har efterlitte wol yn San Francisco om mei de weropladen Bounty efter de bisten oan. Mar Gillian, dy't neat hat om har yn 'e tweintichste iuw te hâlden en dy't wisberet is om mei 'har' walfisken nei de takomst ta, lit har net sa maklik ôfkonfoaie en twingt Kirk om har mei te nimmen. Yn Alaska arrivearret de Bounty krekt op 'e tiid om 'e beide bultrêgen fan in walfiskfarder te rêden. Kirk jaget de bemanning fan it skip de stupen op it liif troch de kamûflaazje fan it Klingon-romteskip op te heffen wylst er rjocht foar harren skip sweeft. De beide walfisken (en it wetter om harren hinne) wurde troch Scott nei de tank yn it rom fan 'e Bounty striele.

Mei muoite witte Kirk-en-dy mei it rynkranke romteskip nei harren eigen tiid werom te kearen. Troch de ynfloed fan 'e bûtenierdske romtesonde, dy't ek de Bounty alle enerzjy ûntnimt, moatte se in needlâning yn it wetter fan 'e Baai fan San Francisco útfiere. Wylst de bemanning it sinkende skip ferlit, wit Kirk hânmjittich de doarren fan it rom te iepenjen en de walfisken frij te litten. Ienris yn see beäntwurdzje de bisten it sinjaal fan 'e romtesonde, dy't dêrtroch tefredensteld wurdt, rjochtsomkeart makket en wer yn 'e djipten fan it hielal ferdwynt. Op 'e Ierde geane de stoarmen lizzen en klearret de loft op. Sadree't de romtesonde fuort is, komt de enerzjyfoarsjenning yn it romtedok fan 'e Stjerrefloat, yn syn baan om 'e Ierde, wer werom.

Neitiid wurde Kirk, McCoy, Uhura, Scott, Sulu en Chekov foar de kriichsried dage foar harren dieden yn it ôfrûne healjier. Spock jout him by harren, hoewol't hy nearne foar oanklage wurdt. Omreden fan it feit dat se de Ierde fan 'e ûndergong rêden hawwe, wurde se lykwols fan alle oanklachten frijsprutsen. Inkeld de oanklacht fan it oerhearrich wêzen oan in superieur ofsier, dêr't allinne Kirk foar oanklage wie, bliuwt stean. Der wurdt besletten om Kirk by wize fan bestraffing syn rang fan admiraal ôf te nimmen en him werom te setten ta kaptein. Dat betsjut dat er syn burofunksje yn it haadkertier fan 'e Stjerrefloat kwytrekket en (ta syn ferrassing en blydskip) wer gewoan gesachfierder fan in romteskip wurdt. Nei't er dat fûnis oanheard hat, nimt Kirk ôfskie fan Gillian, dy't him fertelt dat sy tafoege is oan in wittenskipsmisje fan 'e Stjerrefloat. Dêrop set Kirk mei Spock en de rest fan 'e bemanning ôf nei harren nije skip, dat de USS Enterprise (NCC-1701-A) blykt te wêzen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
William Shatner.
 
Leonard Nimoy.
 
Catherine Hicks yn 2005.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
admiraal James T. Kirk William Shatner
kaptein Spock Leonard Nimoy
dokter Leonard McCoy DeForest Kelley


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dr. Gillian Taylor Catherine Hicks
Montgomery Scott James Doohan
luitenant Uhura Nichelle Nichols
Hikaru Sulu George Takei
Pavel Chekov Walter Koenig
dokter Christine Chapel Majel Barrett
ambassadeur Sarek (heit fan Spock) Mark Lenard
Amanda Grayson (mem fan Spock) Jane Wyatt
luitenant Saavik Robin Curtis
dr. Nichols Alex Henteloff
kaptein fan 'e USS Saratoga Madge Sinclair
presidint fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten Robert Ellenstein
admiraal Cartwright Brock Peters
Klingon-ambassadeur John Schuck
kaptein fan 'e USS Yorktown Vijay Amritaj (cameo)
Janice Rand Grace Lee Whitney
Stjerrefloat-ofsier Jane Wiedlin (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Preproduksje

bewurkje seksje

Leonard Nimoy, de akteur dy't de rol fan Spock spile, hie yn 1984 filmstudio Paramount Pictures safier krigen dat him de rezjy oer de foargeande Star Trek-film, Star Trek III: The Search for Spock, taparte waard. Noch ear't dy film yn premiêre gie, waard er troch de studio frege om ek de folgjende film, Star Trek IV: The Voyage Home, te regissearjen. No't er himsels bewiisd hie as regisseur, krige er dêrfoar in stik gruttere frijheid om te dwaan wat er woe. Yn kontrast mei de mear dramatyske earste trije dielen fan 'e filmsearje woene Nimoy en produsint Harve Bennett no in lichtfuottiger film meitsje, mei mear humor, in boadskip op it mêd fan miljeubeskerming en gjin dúdlike antagonist.

Om't William Shatner, dy't de rol fan James T. Kirk spile, wegere en krûp nochris yn 'e hûd fan dat personaazje, namen Nimoy en Bennett acht moannen lang in idee foar in prequelfilm fan Ralph Winter yn omtinken, dat gean soe oer kadetten oan 'e militêre akademy fan 'e Stjerrefloat. Uteinlik betocht Shatner him lykwols doe't Paramount him in salaris fan $2 miljoen bea en it ûnthjit dat hy de folgjende Star Trek-film regissearje mocht.

Oarspronklik wie it de bedoeling dat de opkommende filmstjer Eddie Murphy, dy't ferneamd wurden wie mei syn rol as de eksintrike plysjeman Axel Foley yn Beverly Hills Cop, in rol yn Star Trek IV: The Voyage Home krije soe. Dêrmei soe de fanbasis fan Star Trek útwreide wurde kinne, mar oan 'e oare kant soe de franchise himsels der ek mei bleatstelle oan krityk. De earste ferzje fan it senario foar Star Trek IV: The Voyage Home waard skreaun troch Steve Meerson en Peter Krikes. Dêryn kaam in heechlearaar foar dy't leaut yn it bestean fan bûtenierdske wêzens en dy't graach nei walfisksangen harket. It wie in rol dy't spesifyk foar Murphy skreaun wie, mar Murphy fûn it mar neat, en keas der ynstee foar om The Golden Child te meitsjen. De heechlearaar waard neitiid gearfoege mei it personaazje fan 'e marine biologe Gillian Taylor, spile troch Catherine Hicks.

Paramount wie net gelokkich mei it omwurke skript, dat it haad produksje Dawn Steel frege Nicholas Meyer, de senarioskriuwer en regisseur fan Star Trek II: The Wrath of Khan, om te helpen it op 'e nij te besjen. Meyer wegere om it eardere skript te lêzen, riddenearjend dat dat gjin sin hie om't Paramount it al ôfwiisd hie. Hy en Bennett dielden de taak op om in nije plot te betinken: Bennett skreau it earste en lêste diel fan it ferhaal, dat yn 'e trijeëntweintichste iuw spilet, wylst Meyer it middelste stik foar syn rekken naam, dat yn 'e tweintichste iuw spilet. Nei tolve dagen wurkjen foegen se harren dielen byinoar.

Yn dy ferzje fan it skript bliuwt Gillian Taylor efter yn 1986 om it oerlibjen fan 'e bultrêgen te bewissigjen, ek al soe dat in paradoks kreëarje. Dat plotpunt waard letter tsjin Meyer syn wil feroare. Underwilens hiene Meyer en Bennett it idee fan Krikes en Meerson om it Klingon-romteskip oer de Super Bowl hinne te fleanen, nei de foddekoer ferwiisd. Yn it skript fan Krikes en Meerson bleau Saavik efter op Vulcanus om't se nei seksuele omgong mei de jonge Spock yn Star Trek III: The Search for Spock swier rekke wie; yn 'e ferzje fan Meyer en Bennett bleau se noch hieltyd efter op Vulcanus, mar waard de reden dêrfoar net útlein. Nei't Nimoy, Bennett en Meyer tefreden wiene oer it senario, lieten se it oan Shatner sjen, dy't it op guon punten werskriuwe liet. Paramount wie tige ynnommen mei it úteinlike resultaat.

Opnamen en postproduksje

bewurkje seksje

Foar de produksje fan Star Trek IV: The Voyage Home wie in budget beskikber fan $21 miljoen, wat mear wie as foar de beide foargeande films, mar noch altyd minder as de helte fan it budget fan Star Trek: The Motion Picture. De kamerarezjy waard fierd troch Donald Peterman, wylst de filmmuzyk tafoege waard troch Leonard Rosenman. De opnamen setten op 24 febrewaris 1986 útein. Oars as eardere Star Trek-films waard The Voyage Home foar it grutste part op lokaasje (yn San Francisco) filme ynstee fan yn 'e studio. It meastepart fan 'e sênes yn it saneamde Cetacean Institute waard bgl. opnommen yn it echte Monterey Bay Aquarium, in iepenbier akwarium oan 'e kust fan Kalifornje. Yn 'e film bringe Uhura en Chekov in besyk oan it fleandekskip de USS Enterprise (CVN-65), mar de echte Enterprise wie op it stuit fan 'e opnamen net beskikber om't it op see wie. Dêrom giet yn 'e film de USS Ranger (CV-61) dêrfoar troch.

 
De efterkant fan it iepenbier akwarium Monterey Bay Aquarium, dat yn Star Trek IV: The Voyage Home trochgiet foar it 'Cetacean Institute'. Yn 'e film waard it ûndjippe bassin efter de rotsen troch special effects omfoarme ta de tank foar de bultrêgen. Fierders waard op 'e eftergrûn de skyline fan San Francisco tafoege.

De sêne op in strjitte yn San Francisco wêryn't Uhura en Chekov oan tafallige foarbygongers freegje wêr't de Amerikaanske Marine syn nukleêre oarlochsskippen bewarret, waard filme mei in ferburgen kamera. De lju dy't troch akteurs Nichelle Nichols en Walter Koenig oansprutsen waarden, wiene lykwols (oars as de leginden wolle) betelle figuranten dy't wol deeglik wisten dat se filme waarden. De frou dy't antwurdet: "Ik wit net oft ik dêr wol it antwurd op wit… Ik leau dat it oare kant de baai is, yn Alameda," wie Layla Sarakalo. Hja fertelde letter yn in fraachpetear dat har auto fuortsleept wie om't har de warskôgings oer it opnimmen fan 'e filmsêne ûntkommen wiene. Dêrop stapte se nei de assistint-regisseur ta om as figurante mei te dwaan oan 'e sêne yn hoop dat se dêrmei genôch fertsjinje soe om 'e boete te beteljen en har auto werom te krijen. Har reäksje wie sa natuerlik, dat Nimoy-en-dy besleaten har yn 'e film te hâlden, hoewol't se dêrfoar wol spesjaal lid makke wurde moast fan it Screen Actors Guild, it Amerikaanske fakbûn fan akteurs.

As Kirk en Spock mei de bus geane, treffe se dêr in punker as mei-passazjier, dy't de rit foar alle ynsittenden ûnoangenaam makket troch withoe lûd punkmuzyk ôf te spyljen op syn boombox. As Kirk him fatsoenlik freget de muzyk út te setten, draait er ynstee it folume heger. Dêrop brûkt Spock in Vulcaanske senuwknyp om him bûten bewustwêzen te bringen en in ein oan it lawaai te meitsjen, wat ta applaus fan 'e rest fan 'e buspassazjiers liedt. It idee foar dy sêne kaam út 'e koker fan Nimoy, dy't soks ris persoanlik meimakke hie yn New York. Hy hie doe tocht: "[…] as ik Spock wie, soe him de harsens útknipe!" Doe't er fan 'e sêne hearde, beprate assistint-produsint Kirk Thatcher Nimoy om him de rol fan 'e punker te jaan.

Industrial Light & Magic (ILM) fan George Lucas levere yn 'e postproduksje de special effects foar Star Trek IV: The Voyage Home oan. Behalven de bûtenierdske romtesonde befette de film gjin nije romteskippen. In protte miniatueren út eardere films koene sadwaande recycle wurde, wêrûnder it romtedok fan 'e Stjerrefloat, ek al hie Paramount nei Star Trek III: The Search for Spock opdracht jûn om dat mar fuort te smiten. De technisy by ILM hiene der lykwols sa'n tiid en wurk yn stutsen, dat it harren oangriisde om it ding fuort te dwaan, dat ynstee hiene se it útinoar helle en opslein. De modellen fan it romteskip de USS Enterprise wiene yn The Search for Spock fierhinne fernield doe't it romteskip opblaasd waard, en doe't de nije USS Enterprise-A in duplikaat fan it âlde skip bliek te wêzen, moasten se reparearre en oerskildere wurde. De bultrêgen yn 'e film binne foar it oergrutte part gjin echte bisten. ILM boude bewegende modellen op wiere grutte en motorisearre miniatueren op skaal nei foar de sênes mei de walfisken.

Star Trek IV: The Voyage Home waard opdroegen oan 'e bemanning fan 'e space shuttle Challenger, dy't op 28 jannewaris 1986 omkaam doe't it romtefear nei de lansearring ûntplofte.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Trek IV: The Voyage Home waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie yn 'e Feriene Steaten yn it Thanksgiving-wykein, op 26 novimber 1986, yn premiêre. Star Trek IV: The Voyage Home wie de earste Star Trek-film dy't yn 'e Sovjet-Uny te sjen wie, dêr't er troch it Wrâldnatoerfûns op 26 juny 1987 yn oanwêzichheid fan regisseur Leonard Nimoy en produsint Harve Bennett yn Moskou fertoand waard om it nij ynfierde Sovjet-ferbod op 'e walfiskfeart te fieren.

Tagelyk mei de film kaam ek de 'ferboeking' fan it ferhaal út, yn 'e foarm fan in roman sktreaun troch Vonda N. McIntyre, dy't acht wiken lang op 'e bestsellerlist fan The New York Times stie en opklom nei it trêde plak. Ek de soundtrack fan 'e film waard op 26 novimber útbrocht, yn 'e foarm fan in album fan platemaatskippij MCA Records. De film waard op 30 septimber 1987 as in VHS-keapfideo op 'e merk brocht. Hy kaam op 9 novimber 1999 foar it earst beskikber op dvd en yn maaie 2009 foar it earst op blu-ray.

Star Trek IV: The Voyage Home krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't de humor yn 'e film en it ûnkonvinsjonele ferhaal wurdearje koene. Paul Attanasio fan The Washington Post omskreau Star Trek IV: The Voyage Home as "los, joviaal, ûnbidich oangenaam krystfermaak". Rushworth Kidder fan 'e Christian Science Monitor priizge de film om't er it bioskooppublyk in kyk op it moderne libben joech út in oar perspektyf wei en tagelyk bewiisde dat in film gjin moard, geweld, seks of sels mar in antagonist nedich hie om te slagjen.

Yn Newsweek skreau David Ansen dat Star Trek IV: The Voyage Home net inkeld de lichthertichste Star Trek-film wie, mar ek it diel dat de oarspronklike tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series it tichtst benei kaam yn geast. Yn 2001 skreau Danny Graydon yn in retrospektyf foar de BBC dat Star Trek IV: The Voyage Home "ien fan 'e sterkste dielen fan 'e [film]searje wie en it bewiis dat de franchise oer de ôfwêzigens fan aksje yn 'e romte en fan 'e ikoanyske USS Enterprise koe en dochs noch tige genietber wêze koe."

In negativere miening wie Liam Lacey fan 'e Kanadeeske krante The Globe and Mail tagedien. Hy kwalifisearre de rezjy fan Leonard Nimoy as "wikselfallich" en fûn dat de film te lijen hie ûnder in gebrek oan komyske timing dy't mank gie mei "wiffe humor". Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Star Trek IV: The Voyage Home in relatyf heech goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 43 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is miskien wol it lichtfuottichste en poer genietberste diel fan 'e langrinnende searje, wêryn't de klam lein wurdt op 'e eksintrisiteiten fan 'e bemanning fan 'e Enterprise."

Star Trek IV: The Voyage Home hie yn 'e bioskopen wrâldwiid in opbringst fan $133 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $21 miljoen betsjut dat in winst fan $112 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. De film wie dêrmei in grut kommersjeel súkses foar Paramount Pictures.

Star Trek IV: The Voyage Home waard yn 1987 nominearre foar fjouwer Oscars, foar bêste filmmuzyk en yn 'e technyske kategoryen bêste kamerarezjy, bêste lûdsmixing en bêste lûdsmontaazje. De film waard ek nominearre foar alve prizen by de Saturn Awards, wêrûnder twa kear yn 'e kategory bêste akteur (William Shatner en Leonard Nimoy).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)