Star Trek: Picard

Star Trek: Picard is in Amerikaanske tillefyzjesearje dêr't begjin 2020 it earste seizoen fan útkaam. It is de sânde live actionsearje út 'e Star Trek-franchise, dy't ta it science fiction-sjenre heart. Star Trek: Picard grypt werom op 'e tige súksesfolle searje Star Trek: The Next Generation, út 'e 1980-er en iere 1990-er jierren, mei in ferhaalline dy't oer admiraal b.tsj. Jean-Luc Picard giet. De titelrol wurd lykas fan âlds spile troch sir Patrick Stewart. De searje folget de troch skuldgefoelens oer de dea fan syn ûnderhearrige en freon Data kwelde Picard, as er ôfset op in syktocht nei ferjeffenis (of eins selsferjeffenis) om Data syn dochter te rêden. It earste seizoen fan Star Trek: Picard wie te sjen op 'e streamingtsjinst CBS All Access. De produksje fan it twadde seizoen rûn fertraging op troch de koroanafiruspandemy en sil yn 2022 útkomme. In trêde seizoen is yn produksje nommen. It earste seizoen fan Star Trek: Picard waard troch de tillefyzjekritisy oer it algemien goed ûntfongen en wûn in Emmy Award.

Star Trek: Picard
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Alex Kurtzman
ûntwikkele troch Akiva Goldsman
Michael Chabon
Kirsten Beyer
Alex Kurtzman
útfierend
   produsint
Eugene Roddenberry
Trevor Roth
James Duff
Patrick Stewart
Heather Kadin
Akiva Goldsman
Michael Chabon
Alex Kurtzman
Terry Matalas
Doug Aarniokoski
Dylan Massin
tillefyzjestudio Secret Hideout
Weed Road Pictures
Escapist Fare
Roddenberry Entertainment
CBS Studios
spilers
haadrollen Patrick Stewart
Alison Pill
Isa Briones
Evan Evagora
Michelle Hurd
Santiago Cabrera
Harry Treadaway
Jeri Ryan (seiz. 2)
Orla Brady (seiz. 2)
Brent Spiner (seiz. 2)
skaaimerken
sjenre science fiction
seizoenen 3
jierren 2020 – no
tal ôfl. 30
spyltiid (ôfl.) 45-60 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen 1 × Emmy Award
webside www.paramountplus.com/shows/star-trek-picard
besibbe searjes The Original Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Discovery
Strange New Worlds

Yn juny 2018, nei't er de showrunner (tillefyzjeprodusint mei de deistige lieding) wurden wie fan 'e Star Trek-searje Star Trek: Discovery, tekene Alex Kurtzman in fiifjierrich kontrakt mei de CBS Television Studios om 'e mediafranchise fan Star Trek út te wreidzjen mei ferskate nije tillefyzjesearjes, minysearjes en tekenfilmsearjes. Ien fan 'e projekten dy't dy't Kurtzman it leafst meitsje woe, wie in nije searje om it personaazje fan kaptein Jean-Luc Picard hinne, út 'e tige populêre searje Star Trek: The Next Generation, út 'e 1980-er en iere 1990-er jierren.

Wylst Kurtzman en syn team ideeën ûntwikkelen foar de rige koarte films Star Trek: Short Treks, betochten se in ferhaalline wêryn't Nichelle Nichols har rol fan luitenant Nyota Uhura op 'e nij fertolkje soe, dy't in jonge Jean-Luc Picard in misje opdrage soe dy't te krijen hie mei de Borg, in grizelich sybernetysk ras fan bûtenierdske wêzens dêr't Picard letter yn syn libben noch folle mear mei te meitsjen krije soe. Dat idee waard nea útwurke ta in ferfilmber senario, mar it brocht Kurtzman-en-dy wol op it idee foar in koarte film oer in Picard op jierren. (Dat soe úteinlik útwurke wurde ta Children of Mars, de lêste ôflevering fan seizoen 2 fan Star Trek: Short Treks, dy't fungearre as brechje nei de nije searje Star Trek: Picard.)

Nei't se it idee foar Children of Mars útwurke hiene, kamen Kurtzman-en-dy ta de konklúzje dat se genôch ferhaalmateriaal hiene om in hiele searje om Picard hinne te meitsjen. Kurtzman en senarioskriuwer en tillefyzjeprodusint Akiva Goldsman namen yn jannewaris 2018 kontakt op mei sir Patrick Stewart, de akteur dy't yn Star Trek: The Next Generation de rol fan Picard fertolke hie. Der waard in gearkomste tusken de trije mannen belein yn Beverly Hills, dêr't ek Kirsten Beyer, in senarioskriuwster fan Star Trek: Discovery by oanwêzich wie. Picard kaam nei de moeting ta mei de bedoeling om it idee op freonlike mar rislute manear ôf te wizen, mar Beyer wist him te bepraten om in gearfetting fan fjouwer siden te lêzen wêryn't it konsept fan 'e searje út 'e doeken dien waard, foar't er definityf ôfsei.

Goldsman frege nei ôfrin fan 'e moeting in freon fan him, romanskriuwer Michael Chabon, om mei te wurkjen oan it projekt. Tegearre produsearren se in wiidweidiger konsept fan 35 siden, dat se Stewart tastjoerden. Dyselde rekke nettsjinsteande himsels yntrigearre, en by in nije moeting yn maart 2018, nei't Kurtzman-en-dy beskate soargen fan him delbêde hiene, seid er syn meiwurking oan 'e nije searje ta. Op 4 augustus 2018 brocht Stewart in ferrassingsbesyk oan 'e jierlikse Star Trek-konvinsje yn Las Vegas, dêr't er formeel de nije searje Star Trek: Picard oankundige.

De produksje fan Star Trek: Picard stie ûnder tafersjoch fan 'e útfierende produsinten Eugene Roddenberry, Trevor Roth, James Duff, Patrick Stewart, Heather Kadin, Akiva Goldsman, Michael Chabon, Alex Kurtzman, Terry Matalas, Doug Aarniokoski en Dylan Massin. De searje waard produsearre troch de tillefyzjestudio's Secret Hideout, Weed Road Pictures, Escapist Fare, Roddenberry Entertainment en de CBS Television Studios.

De opnamen fûnen foar it meastepart plak yn 'e Santa Clarita Studios yn Santa Clarita (Kalifornje), oars as de oare resinte Star Trek-searjes, dy't allegear filme waarden yn it Kanadeeske Toronto. Oanlieding foar de feroaring fan lokaasje wiene de subsydzjes dy't de Steat Kalifornje de produksje yn it foarútsjoch stelde as de searje dêr makke wurde soe. Der waard ek op lokaasje filme yn in wyngerd yn 'e Kalifornyske Santa Ynez-delling (Picard syn wente yn Frankryk), by Vasquez Rocks yn it Sierra Pelona-berchtme fan Los Angeles County (Raffi Musiker har wente) en yn 'e omkriten fan Malibu (Kalifornje) (de planeet Coppelius).

It earste seizoen fan Star Trek: Picard, besteande út tsien ôfleverings, kaam fan 23 jannewaris 2020 ôf beskikber fia de streamingtsjinst CBS All Access (no Paramount+). Yn Nederlân waard it earste seizoen fan 25 july 2021 ôf op 'e tillefyzje útstjoerd troch Veronica. De produksje fan it twadde seizoen, dat yn jannewaris 2020 al oankundige waard, rûn fertraging op fanwegen de koroanafiruspandemy. De opnamen koene dêrtroch pas yn febrewaris 2021 (ynstee fan juny 2020) úteinsette. It is de bedoeling dat it twadde seizoen fan Star Trek: Picard yn 2022 útbrocht wurde sil fia de streamingtsjinst Paramount+. In trêde seizoen, dat oan ien wei troch filme wurde sil mei seizoen 2, krige ek al yn jannewaris 2020 it griene ljocht.

Utgongspunt fan 'e plot

bewurkje seksje

Star Trek: Picard begjint 20 jier nei de foarfallen yn 'e film Star Trek: Nemesis, út 2002 (de lêste kear dat kaptein Picard te sjen wie). It is no it jier 2399, en Jean-Luc Picard (Patrick Stewart) is admiraal b.tsj. fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten. Ynstee dat er fan in rêstige âlde dei genietsje kin op 'e wyngerd fan syn famylje yn Frankryk, wurdt er lykwols kweld troch skuldgefoelens oer wat er sjocht as syn falen út it ferline. Dat hat sawol te krijen mei de dea fan syn ûnderhearrige en freon, de androïde Data (sjoch: Star Trek: Nemesis), as it fierhinne mislearjen fan syn rêdingsaksje fan 'e Romulanen by de ferneatiging fan 'e planeet Romulus troch in supernova (dêr't nei ferwiisd waard yn 'e film Star Trek út 2009).

Op 'e siik nei ferjeffenis (of eins selsferjeffenis) set Picard ôf op in aventoer om 'e 'dochter' fan Data te rêden. Dat is Soji Asha (Isa Briones), in androïde mei in organysk lichem. Picard sammelet in groep lju om him hinne om him te helpen. Agnes Jurati (Alison Pill) is in eardere Stjerrefloat-dokter en in ekspêr op it mêd fan syntetysk libben. Raffi Musiker (Michelle Hurd), dy't foarhinne ûnder Picard tsjinne hat, is in eardere Stjerrefloat-ofsier dy't mei in ferslaving wrakselet. Cris Rios (Santiago Cabrera), ek in Stjerrefloat-feteraan, is de eigner en piloat fan it romteskip La Sirena. En Elnor (Evan Evagora) is in Romulaanske flechtling dy't as jonge troch Picard rêden is by de evakuaasje fan Romulus, en dy't grutbrocht is troch in oarder fan kriichster-nonnen. Hja wurde bespionearre troch Narek (Harry Treadaway), in agint fan 'e Romulaanske geheime plysje Zhat Vash, dy't him undercover by Soji Asha jout en har minner wurdt.

Yn seizoen 2 jouwe noch inkele oare akteurs har by de fêste cast. Seven of Nine (Jeri Ryan) is in eardere Borg-wurker dy't fan it Borg-kollektyf befrijd is troch kaptein Kathryn Janeway fan 'e USS Voyager (sjoch: Star Trek: Voyager). No, 25 jier letter, makket hja diel út fan in groep dy't himsels de Fenris Rangers neamt, en dy't lju yn need helpt. Laris (Orla Brady) is in Romulaanse dy't as majordomo de húshâlding en wyngerd fan Picard berêdt. Altan Iñigo Soong (Brent Spiner) is in wittenskipper en de soan fan 'e skepper fan Data.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Sir Patrick Stewart op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn yn 2017.
 
Alison Pill.
 
Isa Briones.
personaazje akteur/aktrise
Jean-Luc Picard sir Patrick Stewart
Agnes Jurati Alison Pill
Soji Asha Isa Briones
Elnor Evan Evagora
Raffi Musiker Michelle Hurd
Cris Rios Santiago Cabrera
Narek Harry Treadaway
Seven of Nine Jeri Ryan (seiz. 2)
Laris Orla Brady (seiz. 2)
Altan Iñigo Soong Brent Spiner (seiz. 2)

Weromkearende rollen

bewurkje seksje
personaazje akteur/aktrise
Seven of Nine Jeri Ryan (seiz. 1)
Laris Orla Brady (seiz. 1)
Altan Iñigo Soong en Data Brent Spiner (seiz. 1)
Hugh Jonathan Del Arco
Oh Tamlyn Tomita
Narissa Peyton List
Ramdha Rebecca Wisocky
Zhaban Jamie McShane
personaazje akteur/aktrise
Data Brent Spiner (seiz. 1)
Dahj Asha Isa Briones (seiz. 1)
Sutra Isa Briones (seiz. 1)
William T. Riker Jonathan Frakes (seiz. 1)
Deanna Troi Marina Sirtis (seiz. 1)
Q John de Lancie (seiz. 1 en 2)
Guinan Whoopi Goldberg (seiz. 2)
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant streamingtsjinst
1 10 23 jannewaris 2020 26 maart 2020 CBS All Access
2 10 3 maart 2022 5 maaie 2022 Paramount+
3 10 16 febrewaris 2023 20 april 2023

Untfangst en resultaat

bewurkje seksje

In wike nei't de earste ôflevering fan seizoen 1 fan Star Trek: Picard yn jannewaris 2020 fia CBS All Access beskikber kaam om sjoen te wurden, hie de searje in nij rekôr fêstige foar it totale tal downloads by dy streamingtsjinst. Dat bedroech nammentlik 115% fan it âlde rekôr, dat op namme stie fan Star Trek: Discovery.

Fan 'e tillefyzjekritisy krige Star Trek: Picard oer it algmien positive resinsjes. Sa waard de aktearprestaasje fan Patrick Stewart yn 'e titelrol fan alle kanten lof taswaaid, en itselde gou foar de focus op karakterûntwikkeling ynstee fan aksje. Wol kaam der wat krityk op it trage tempo fan 'e searje.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat it earste seizoen fan 'e searje in goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 67 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Ferankere troch de ûnbelykbere Patrick Stewart lit Picard it standertprotokol fan 'e Stjerrefloat farre mei in stadiger ferfolchsearje, mar krekt as alle grutte Star Trek-searjes behannelet de searje op elegante wize aktuele tema's en set op in spannende manear fierder yn 'e lêste foargrins op." (In ferwizing nei de takomst.) Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle it earste seizoen fan Star Trek: Picard in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 27 resinsjes.

It earste seizoen fan Star Trek: Picard waard nominearre foar fiif Emmy Awards, de wichtichste Amerikaanske priis foar tillefyzjeprogramma's. Sa waard de searje nominearre foar bêste lûdsmixing (foar de ôflevering Et in Arcadia Ego, Part 2), bêste lûdsmontaazje (Et in Arcadia Ego, Part 2), bêste fisazjy (Stardust City Rag) en bêste hierstilearring (Stardust City Rag). De searje wûn de Emmy foar bêste protezefisazjy foar de ôflevering Absolute Candor. Star Trek: Picard wûn ek in Critics' Choice Super Award foar bêste akteur yn in science fiction- of fantasytillefyzjesearje (Patrick Stewart) en in NAACP Image Award foar treflike rezjy yn in dramasearje (Hanelle Culpepper foar de ôflevering Remembrance).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)