In wyngerd is fan oarsprong in spesifyk soarte hôf, nammentlik in mei druveplanten (ek wol wynranken neamd) troch in wynboer yn kultuer brocht stik lânbougrûn. It doel dêrfan is meastal om 'e troch de druveplanten produsearre druven te brûken foar de wynbou, oftewol de produksje fan wyn. Dêrnjonken kinne se as tafeldruven foar konsumpsje oanbean wurde, ferwurke wurde ta rezinen of útparse wurde ta alkoholfrij druvesop. De measte wynstreken lizze yn gebieten mei in myld oant waarm klimaat. Fral Frankryk stiet hjirom bekend, mar ek Spanje, Itaalje, Dútslân, Grikelân, de Feriene Steaten (Kalifornje), Austraalje, Súd-Afrika en Sily binne bekende wynprodusearjende lannen. Yn Fryslân komme (frijwol) gjin wyngerds yn dizze inge betsjutting foar. Mooglik is it mei dêrom dat it Fryske wurd "wyngerd" ek faak brûkt wurdt foar túnbougrûn dêr't oare fruchten as druven produsearre wurde, lykas apels, parren of prommen. Soks wurdt dan faak wol yn 'e namme oanjûn: men sprekt dan fan in "apelwyngerd". Dêrmei is it wurd "wyngerd" yn it Frysk min ofte mear synonym wurden mei "hôf", yn 'e betsjutting fan in omsletten stik lân mei fruchtbeammen.

Wyngerds yn Markgräflerland, Baden, Dútslân

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.