Santa Clarita (Kalifornje)

Santa Clarita is stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje. It is in foarstêd fan Los Angeles. Santa Clarita waard yn 1987 foarme troch de ferraning fan fjouwer lytsere plakken yn 'e Santa Claritadelling. Sawol de delling as de stêd is ferneamd nei de rivier de Santa Clara. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2020 hie de stêd dat jiers krapoan 229.000 ynwenners. Dêrmei is Santa Clarita de op twa nei grutste stêd yn Los Angeles County, nei Los Angeles sels en Long Beach.

Santa Clarita
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Los Angeles County
Sifers
Ynwennertal 228.673 (2020)
Oerflak 183,4 km² (ynkl. wetter)
183,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.246,9 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Hichte 368 m
Oar
Stifting 1987
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 34°42′00″N 118°52′00″W
Offisjele webside
santa-clarita.com
Kaart
De lizzing fan Santa Clarita (read) yn Los Angeles County en de steat Kalifornje (bêzje ynset).

Santa Clarita is Spaansk foar "Lytse Sinte-Klaar" of "Sinte-Klaarke". De stêd is ferneamd nei de rivier de Santa Clara, dy't sels troch Spaanske ûntdekkingsreizgers oarspronklik wer ferneamd waard nei de hillige Klara fan Assisi. Oan 'e namme fan Santa Clarita waard de ferlytsingsfoarm "-it-" tafoege om 'e stêd te ûnderskieden fan it al besteande plak Santa Clara, yn Noardlik Kalifornje. Krektsa ûnderskiedt ek de Santa Claritadelling, dêr't de stêd yn leit, him fan 'e Santa Claradelling yn Noardlik Kalifornje.

Santa Clarita leit yn Súdlik Kalifornje, op in ôfstân fan likernôch 48 km noardwestlik fan it sintrum fan Los Angeles, dêr't it in foarstêd fan is. De stêd beslacht in oerflak fan 183,4 km², wêrfan't mar 1 hektare út oerflaktewetter bestiet. Dat is foar it meastepart de rivier de Santa Clara, dy't fan it easten nei it westen troch de midden fan 'e stêd streamt. Santa Clarita leit yn (en beslacht in grut part fan) 'e Santa Claritadelling, dy't yn it easten begrinzge wurdt troch it San Gabrielberchtme, yn it noarden troch it Sierra Pelonaberchtme, en yn it westen en suden troch it Santa Susanaberchtme. Dy trije berchrêgen meitsje allegearre diel út fan it Oerdwerse Berchtme (Transverse Ranges). Fuort besuden Santa Clarita leit de Newhallpas dy't tagong jout ta de San Fernandodelling oan 'e súdkant fan it Santa Susanaberchtme. Dêr lizze de noardlikste wiken fan Los Angeles, te witten: Granada Hills en Sylmar. Oan 'e noard- en eastkant grinzget Santa Clarita oan it Nasjonaal Wâld Angeles, in beskerme natoergebiet mei de status fan in nasjonaal wâld.

 
In plattegrûn fan Santa Clarita mei de beboude kom yn griis, de autosnelwei Interstate 5 yn dûnkerblau, de rivier de Santa Clara yn ljochtblau, en it Nasjonaal Wâld Angeles yn grien.

Prehistoarje

bewurkje seksje

Ear't de earste Jeropeänen de krite berikten, waard de Santa Claritadelling al milennia lang bewenne troch Yndiaanske folken. De âldste bewizen fan bewenning fan it gebiet dy't by argeologyske opgravings opdold binne, datearje fan likernôch 3000 f.Kr. De lêste lânseigen bewenners fan 'e delling wiene de Tataviam, dy't har der omtrint it jier 450 nei wenjen setten nei't se de Sjûmasj, dy't der earder wenne hiene, yn 'e rjochting fan 'e kust fan 'e Stille Oseaan ferdreaun hiene. Tsjin 'e tiid dat de ierste Spaanske ûntdekkingsreizgers de delling yn 'e santjinde iuw berikten, leine der likernôch tweintich Tataviam-delsettings.

Iere kolonisaasje

bewurkje seksje

Yn 'e achttjinde iuw arrivearren de earste Spaanske kolonisten út wat doe de koloanje Nij-Spanje wie (it hjoeddeistige Meksiko). Under harren wiene ek roomske misjonarissen, dy't yn 'e Santa Claritadelling ferskate misjeposten stiften. Yn 1822 kaam de krite mei de rest fan Opperkalifornje by it doe ûnôfhinklik wurden Meksiko te hearren. Tweintich jier letter, yn 1842 wie de Santa Claritadelling it plak dêr't de earste dokumintearre fynst fan goud yn Kalifornje foarfoel. It plak dêr't dat barde, wurdt oanjûn troch in ikebeam, de Oak of the Golden Dream, dy't noch altyd in trekpleister foar toeristen is. (Ferskate topografyske eleminten, ynstellings en bedriuwen yn Santa Clarita ûntliene harren namme oan dy "Golden Oak" ("Gouden Iik").)

 
Dage oan 'e loft boppe Santa Clarita.

Yn 1848 kaam de Santa Claritadelling mei de rest fan Opperkalifornje nei de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch yn 'e hannen fan 'e Feriene Steaten. Fan 1858 oant 1861 lei de delling op 'e postkoetsrûte fan 'e Butterfield Overland Mail, dy't twa haltes yn 'e krite fêstige. Om dyselde snuorje hinne kaam hast alle lân yn 'e Santa Claritadelling yn 'e hannen fan 'e rike ûndernimmer Henry Mayo Newhall, dy't der in ranch stifte en in delsetting dy't nei syn berteplak yn Massachusetts Saugus kaam te hjitten. Nei syn ferstjerren yn 1883 holden syn erven fia de Newhall Land and Farming Company tafersjoch oer de ûntginning fan 'e Santa Claritadelling en de fêstiging fan trije oare doarpen: Newhall, Canyon Country en, úteinlik, Valencia.

Yn 1876 waard it San Joaquindellingspoar fan 'e Southern Pacific Railroad troch de Santa Claritadelling oanlein. Charles Crocker, de algemien direkteur fan dy spoarweimaatskippij, hammere op 5 septimber fan dat jier de seremoniële lêste spiker te plak, wêrmei't Los Angeles foar it earst op it Amerikaanske nasjonale spoarnet oansletten waard. Datselde jiers waard yn 'e Santa Claritadelling ierdoalje fûn troch de Frânske ymmigrant Chales Alexandre Mentry by it nei him ferneamde Mentryville (no in spûkstêd). Te Newhall waard doe de Pioneer Oaljeraffinaderij boud, de earste libbensfetbere ierdoaljeraffinaderij yn Kalifornje (no in monumint dat opnommen is yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken).

 
It William S. Hart Museum (in museum wijd oan filmakteur William S. Hart).

Tweintichste iuw

bewurkje seksje

Yn 'e iere tweintichste iuw waard de Santa Claritadelling ûntdutsen troch de grutte filmstudio's fan Hollywood, dy't der ferskate filmranches fêstigen foar it ferrjochtsjen fan opnamen yn 'e iepen loft.

Op 'e iere moarn fan 12 maart 1928 wie de Santa Claritadelling it toaniel fan 'e op ien nei deadlikste ramp út 'e skiednis fan Kalifornje, wêrby't de St. Franciskeardaam beswiek, sadat in tsûnamy fan 43 m heech en 3,2 km breed alles yn syn paad ferwoastge. Tsjin 'e tiid dat de floedweach fiif oeren letter by Ventura de Stille Oseaan berikte, wiene der 411 deaden fallen. Yn 'e neisleep waarden guon publike gebouwen yn Newhall yn gebrûk nommen as provisoaryske mortuaria. Op 27 desimber 1936 waard de delling troffen troch in twadde ramp, doe't United Airlines-trip 34 yn Rice Canyon by Newhall tsjin in heuveltop oan fleach mei ferlies fan it libben fan alle 12 ynsittenden.

Op 5 april 1970 waarden by in benzinestasjon yn Valencia fjouwer plysjes fan 'e Kalifornyske Snelweipatrûlje (CHP) deasketten troch twa swierbewapene kriminelen. Mei't Valencia doe noch mar kwealk ûntwikkele wie, kaam it foarfal bekend te stean as it Newhallynsidint. Ien fan 'e dieders begie selsmoard foar't er arrestearre wurde koe; de oare waard feroardiele ta libbenslange finzenisstraf. Neitiid waarden de plysjetsjinsten yn Kalifornje standert tarist mei kûgelfrije festen. Op 'e iere moarn fan 23 july 1982 stoarte in helikopter del yn Indian Dunes, in ferdivedaasjepark yn Valencia, by de opnamen fan 'e film Twilight Zone: The Movie. Dêrby kamen trije minsken om.

 
It Bridgeport Marketplace Lake, in keunstmjittich marke.

Oprjochting fan Santa Clarita en lêste desennia

bewurkje seksje

Yn 1987 waarden Saugus, Newhall, Canyon Country en Valencia gearfoege ta ien nije stêd, dy't Santa Clarita kaam te hjitten. Dy namme fersloech by in referindum ûnder de befolking de oare gadingmakkers City of the Canyons en La Mancha. Yn 1990 joech de Amerikaanske federale oerheid in fergunning ôf oan it bedriuw Cemex om foar tonnen oan sân en grint ôf te graven yn Soledad Canyon, fuort beëasten Santa Clarita, by it Nasjonaal Wâld Angeles, in beskerme natoergebiet. De gemeente Santa Clarita focht hast tritich jier lang om dat tsjin te kearen en waard úteinlik yn 2019 troch de rjochter definityf yn it gelyk steld.

Yn 1994 waard Santa Clarita slim troffen troch de ierdbeving fan Northridge. In fiadukt by de Newhallpas stoarte yn, mei as gefolch dat de Sierra Highway de iennichste rûte yn en út 'e Santa Claritadelling waard. Doe't dy koarte tiid letter ek ôfsletten waard, wiene de bewenners fan 'e delling folslein op harsels oanwiisd. De rivier de Santa Clara wie troch de gefolgen fan 'e ierdbeving fersmoarge rekke mei oalje en de elektrisiteit foel út. De Nasjonale Garde fan Kalifornje waard nei de delling stjoerd om 'e oarder te hanthavenjen. De úteinlike skea fan 'e ierdbeving bedroech yn Santa Clarita nei skatting $76,8 miljoen.

 
De Saugus High School yn Santa Clarita wie yn novimber 2019 it toaniel fan in sjitpartij wêrby't trije persoanen omkamen.

Op 14 novimber 2019 fûn der op 'e Saugus High School yn Santa Clarita in sjitpartij plak, wêrby't in learling, de sechstjinjierrige Nathaniel Berhow, mei in semy-automatysk pistoal om him hinne skeat. Hy deade dêrby twa oare learlingen en ferwûne nochris trije, foar't er mei syn wapen selsmoard begie.

De grutste wurkjouwer yn Santa Clarita is it ferdivedaasjepark Six Flags Magic Mountain, dat krekt bûten de beboude kom leit en in oerflak beslacht fan 105 ha. It park gie iepen yn 1971 en is sûnt 1979 eigendom fan Six Flags. It draacht 3.200 banen by oan 'e pleatslike ekonomy. De op ien nei grutste wurkjouwer fan 'e stêd is mei 2.100 banen Princess Cruises, ien fan wichtichste cruisemaatskippijen fan 'e Feriene Steaten, wêrfan't it haadkertier yn Santa Clarita fêstige is.

Ek ekonomysk wichtich binne de ferskate filmranches om 'e stêd hinne, lykas de Golden Oak Ranch fan Disney en de Melody Ranch Studio, dy't privaat eigendom is. Dêr waarden histoarysk en wurde noch altyd in protte produksjes opnommen, lykas de films Fire Down Below (1997), Pirates of the Caribbean: At World's End (2007), Django Unchained (2012) en Pete's Dragon (2016), en de tillefyzjesearjes NCIS en 24.

 
De yngong fan it ferdivedaasjepark Six Flags Magic Mountain.
 
It haadkertier fan Princess Cruises.

Yn Santa Clarita wurdt sûnt 1994 elts jier it Cowboyfestival fan Santa Clarita (SCCF) holden.

Susterstêden

bewurkje seksje

Santa Clarita hat twa susterstêden:

Neffens gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan 'e folkstelling fan 2020 hie Santa Clarita doe in befolking fan 228.673 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.246,9 minsken de km². Sa't yn 'e ûndersteande tabel sjoen wurde kin, is de histoaryske befolkingsûntwikkeling fan 'e stêd (en de fjouwer plakken dêr't de stêd út fuortkomt) yn 'e tweintichste iuw razenfluch ferrûn.

jier 1950 1960 1970 1980 1990 2000 2010 2020
ynwenners 2.895 15.212 50.086 66.730 110.642 151.088 176.320 228.673

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Santa Clarita 9,6% âlder as 65 jier en 26,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 19,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 9,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Dat lêste sifer wie yn 2020 omleech gien nei 9,2%.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2020 sa: 44,5% blanken; 34,4% Latino's; 11,7% Aziaten; 4,0% swarten; 0,2% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 5,1% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e Aziaten wiene de grutste groepen Filipino's, Koreänen, Ynjers, Sinezen, Japanners en Fjetnamezen (yn dy folchoarder).

 
It lânskip fan 'e Santa Claritadelling lient him tige foar it opnimmen fan westernfilms.

Op it mêd fan religy bestie yn 2021 50,5% fan 'e befolking fan Santa Clarita út oanhingers fan it kristendom. Oare godstsjinsten wiene it joadendom (1,1%), de islaam (0,7%) en de Eastaziatyske religyen (1,1%), lykas boedisme, taoïsme en konfusianisme. Fan 'e kristenen bestie 37% fan 'e totale befolking fan Santa Clarita út leden fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, 2% út baptisten, 1,8% út pinksterkristenen, 1,6% út mormoanen, 1,2% út metodisten en 5,2% út oaren.

Santa Clarita hat in Mediterraan klimaat, mei hjitte, tige drûge simmers en tige mylde winters mei tuskenbeiden delslach. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 34,9 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 17,6 °C. It waarmterekôr yn Santa Clarita waard fêstige op 6 septimber 2020, doe't de termometer de 46 °C oantikke. De stêd kriget jiers trochinoar 366 mm delslach, dy't oer it algemien fan desimber oant en mei maart falt. Snie is seldsum, mar kin winterdeis by hiele lytse bytsjes falle, wêrnei't it daliks wer fuortteit. Troch de drûchte stiet de Santa Claritadelling it grutste part fan it jier faai foar natoerbrannen. Yn 2007, 2016, 2017 en 2019 baarnden grutte, ûnbewenne dielen fan 'e delling ôf.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.