Spoarweimaatskippij

In spoarweimaatskippij, spoarmaatskippij of spoarwei-ûndernimming is in bedriuw dat reizgers en/of fracht ferfiert oer it spoar. Sa'n ûndernimming besit en brûkt treinen en spoarwegen. Yn 'e measte Jeropeeske lannen waarden de earste spoarwegen yn 'e njoggentjinde iuw oanlein, beheard en eksploitearre troch private spoarweimaatskippijen. Letter waarden dy bedriuwen nasjonalisearre ta in oerheidstsjinst. Sadwaande hiene de measte Jeropeeske lannen fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw oant fier yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw in nasjonale spoarweimaatskippij.

Yn 'e 1990-er jierren besleat de Jeropeeske Uny om it Jeropeeske spoarnetwurk iepen te stellen foar eltse spoarweimaatskippij dy't oan 'e wetlike easken foldie. Per 29 july 1991 waard dêrta de Rjochtline 91/440 fan krêft. Om in lykweardige behanneling fan alle spoarweimaatskippijen te garandearjen waard dêrmei in skieding oplein tusken spoarweiferfier en spoarweibehear. De grutte nasjonale spoarweimaatskippijen (lykas yn Nederlân de NS) waarden dêrta opspjalten (yn Nederlân yn 'e NS as ferfierder en it nije ProRail as behearder). Fierders wiene de lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny as gefolch fan deselde rjochtline ek twongen om 'e nasjonale spoarweimaatskippijen te privatisearjen, sadat se net mear ûnderdiel fan 'e oerheid foarmje soene.

It idee wie dat frije-merkwurking liede soe ta konkurrinsje, wat wer foar legere prizen soargje soe en it reizgjen mei de trein dus goedkeaper meitsje soe. Troch de beheinde winstjaandheid fan iepenbier ferfier en de beheinde beskikberens fan it spoar (der kin no ienris mar ien trein tagelyk ride), is dat yn lang net alle gefallen slagge. Krektoarsom, guon ûnrindabele spoarlinen dy't mei oerheidssubsydzjes geande holden waarden, moasten as gefolch fan it privatisearringsbeslút opdoekt wurde, wat tige negative gefolgen foar de reizgers hie. Op it mêd fan frachtferfier hat de privatisearring oer it algemien wol goed útpakt.

Yn oare dielen fan 'e wrâld is ferfier oer it spoar oars regele. Yn 'e Feriene Steaten en Kanada hat nea in nasjonale spoarweimaatskippij bestien en eksploitearret in grut ferskaat oan spoarwei-ûndernimmings noch altyd eigen spoarlinen. Dêrby moat oantekene wurde dat troch fúzjes en oernames wol beskate reuzen ûntstien binne dy't de merk dominearje, lykas yn 'e Feriene Steaten Amtrak. Yn Ruslân is it treinferfier altyd in oerheidsoangelegenheid west en hawwe nea selsstannige spoarweimaatskippijen bestien. De Rossijskije Zjeleznyje Dorogi (Russyske Spoarwegen) foarmje ien fan 'e grutste spoarweimaatskippijen fan 'e wrâld en beheare it grutste spoarweinetwurk fan 'e wrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.