Partnerstêd

(Trochferwiisd fan Susterstêd)

In partnerstêd of susterstêd is in plak dêr't in oar plak freonskiplike kontakten mei ûnderhâldt. De bân tusken sokke plakken hjit in stêdebân. It doel fan sokke kontakten is om kulturele en kommersjele bannen tusken de beide plakken oan te moedigjen. De beide belutsen plakken binne almeast stêden of gemeenten, mar ek wolris doarpen of sels gruttere geografyske kriten, lykas provinsjes. Sokke plakken lizze yn 'e regel yn ferskillende lannen. It ferskynsel fan partnerstêden waard nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1947 betocht om freonskip en wjersidich begryp te kweken tusken plakken (en dêrmei de ynwenners fan dy plakken) yn ferskillende kultueren. Sa moast der frede en fermoedsoening komme tusken eardere fijannen, en moast hannel en toerisme oanfitere wurde.

In boerd yn it Sweedske Oskarshamn, mei paadwizers yn 'e rjochtings fan 'e partnerstêden.

Foarhinne waarden partnerstêden faak útsocht om't der al kontakten bestiene tusken ynwenners fan 'e beide plakken (bygelyks yn it ramt fan ûntwikkelingswurk), of om't de nammen itselde wiene of opinoar lieken. Sa hat Soest yn Utert in stêdebân mei Soest yn Noardrynlân-Westfalen, ûnderhâldt Tollebeek yn 'e Noardeastpolder yn dit ramt kontakten mei Tollembeek yn Belgje, en is Doardt (Dordrecht) yn Súd-Hollân de partnerstêd fan Dordrecht yn Súd-Afrika. Tsjin it begjin fan 'e ienentweintichste iuw wie it lykwols, fral mei gruttere stêden, wenst wurden om partnerstêden út te kiezen op grûn fan strategyske ynternasjonale hannelskonneksjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.